Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693

De ûntplofte ierde

$
0
0

EELTSJE HETTINGA – 

 

I

Der langhalzje wurden, net te ferstean,
yn it geweld fan wyn oer mûnings
fan rivieren by see, mei skippen op drift

en pûsters, skuorrend oan alles wat noch
in hâld fine wol: in swaaiende foet tsjin
de warring, in stikmannich hannen oan

de rourânen fan in flot en yn it wantij
de sakjende skouders fan in ruter op
in bensinefet, mar gjin azem, gjin skrep,

gjin kracht, sa’t der likemin ek in god is
dy’t it útspansel skraget, wylst lûkt de dei
stadichwei it swart habyt oan, en bliedt.

 

II

Djipper it lân yn, stoot sân ta de mûle yn,
de moanne hinget as in hângranaat oer
in nachtblyn grinskantoar, it skreauwen

fan in frou slacht stjerren yn traljefinsters,
de ûntplofte ierde, in rok yn it stikeltried,
in broekspiip, heal yn de doar fan in trein

op wei, kriezjend as it bern dat de holle
meand wurdt, doe’t it rôp om syn lytse
suster, jongste bernebreid oan ‘e finger

fan in sjaría-rjochter op jierren. Bosken
brâne tsjin de moarntiidsloft, yn de toppen
rûzet, net te ferstean, in see oan wurden.

 

III

It is baas drok oan de kusten fan Europa,
badgasten hise har yn see, swimme
foarby skylpodden, deade bern en it wrak-

hout fan skurve boaten, ûngemak dat
jûns, as de sinne yn de oliven hinget,
fia Skype en mail nei it thúsfront fljocht,

de klachten oer ferlern genot, de skea.
Hotelkeamers sjogge út op behyplike,
heal út har fel springende kampeminten,

ryk fan tsjustere hannel yn fleis. Eagen
oer it stek sinke wei as boaten yn de nacht.
It is baas drok oan de kusten fan Europa.

 

 

 

Het bericht De ûntplofte ierde verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693