RENÉ DE HAAN –
Ride sûnder it te witten
Under de loft fan juster
De bestjoerder wit
Net oft er wol
Meigiet yn dit nuver waaien
Dêr’t elkenien sjocht
Nei syn hannen
Is hy al dêr’t er wêze wol
Mei ingels yn ’e holle
Freget er oft wy se ek hearre
En stapt út.
(Earder públisearre yn DeMoanne #4, 2021)
Het bericht In bus fol verscheen eerst op de Moanne.