Goed oardel jier corona yn Nederlân. De winners fan de Rely Jorritsmapriis fan dit jier jouwe yn harren taal fan poëzij en proaza refleksje op it firus en de gefolgen dêrfan, te lêzen yn de lêste ‘de Moanne fan 2021: ús corona-special. Bregtje Sijtstma skreau dit prachtige gedicht.
Omtinken
Mei sân hasj-ten roppe
jachterige herten teglûp
nei húskepapier, droege daai en
anty-firale-mentale alkohol
It hoske ûntkommen oan de rôtrace
brekt de rêgen fan fersetbesoargers
Ympulsive ferdivedaasjehûntsjes fersêftsje
de a-sosjale serenens dy’t net te kropjen is
Mistreastich mistrouen skûlet êfter moadrige mûlkapkes
Bankrot fret oan de ûndernimmer en fiedt de skrokkige krokotta
Fûleindich ferlangje nei ‘t normaal
4,4 miljard fertierfluchten nei in iepen hor-ozon
It ferdampen fan de barmhertige Samaritaan
dy’t steryle leafde ôflevere
De fersliten kantoarstoel en
de glânzjende yogamatte
Faksinaasje fiksaasje kontra komplotkranksinnichens
2G fersus 5G
Plicht tsjinoer it grouwélich skeinde Artikel 11
Mar dochs in lykwicht
fan eangst, erchtinken en tsjinstridigens
Skroukse polar-isaasje snijt út minskelike ynfloeden
Hokker macht hechtet noch
de teskuorde psyches en mienskip
mei wiisheid
en wierheid?
Het bericht Coronapoëzy: Omtinken verscheen eerst op de Moanne.