Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693

Poëzieweek: Syds Wiersma skriuwt gedicht oer natoer

$
0
0

Hjoed, op tongersdei 27 jannewaris, start de tsiende edysje fan de Poëzieweek in Vlaanderen en Nederland. It tema fan dizze lustrumedysje is natoer.

De grotten fan Keash binne in rige kalkstiengrotten oan de westkant fan de Bricklieve Mountains, yn de buert fan it doarpke dorp Keash, County Sligo, Ierlân. Wiersma bedarre dêr ôfrûne simmer op syn dichtersreis troch de noardlike helte fan Ierlân.

Poëzieweek

Oant mei woansdei 2 jannewaris binne der yn Nederlân en Vlaanderen ekstra folle live en online poëzy-aktiviteiten. Keapest yn dizze wike foar 12,50 euro oan poëzy, dan ûntfangst fergees it Poëziegeschenk: Ramsey Nasr skreau tsien gedichten dy’t bondele binne ûnder de titel Wij waren de betovering.

 

Mear ynfo: poezieweek.com  

 

 

Syds Wiersma skreau binnen it tema it ûndersteande gedicht.

 

De grotten fan Keash

 


de eagen fan de wrâld
se knypeagje net iens by
trije graden mear of seis meter heger

it lân mei der ûnderstrûpe, wolkens
noch swierder as folsûgde tiken
út de oseaan oprize

de eagen stoarje
jouwe beskûl oan fiergesichten
sjogge amper slyt
op it minsklik patchwork
wend as se binne oan it ivige
ferstriken fan foar- en eintiid

de eagen fan de wrâld
binne hol, in mage
dy’t de iuwen sûnder se te fertarren
yn net te sêdzjen gongen
bergje wol

Lês mear oer en fan Syds Wiersma op de side fan dichterskollektyf Rixt.

Het bericht Poëzieweek: Syds Wiersma skriuwt gedicht oer natoer verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693