Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693

Programma yn Stadskas lit toanbyld fan wrakseling sjen

$
0
0

Op 22 novimber is de offisjele iepening fan Festival Explore the North. Mar de Stadskas op it Oldehofster Kerkhof is al goed waarm draaid mei ûnder oaren it programma ‘It toanbyld fan wrakseling’ op tiisdei 12 novimber. Skriuwers en yllustratoaren fertelden it publyk oer harren wrakseling by it meitsjen fan it ferhaal of de yllustraasje foar de Spannende proazasimmer dy’t wy tegearre mei de Ljouwerter Krante organisearren.

Under lieding fan de entûsjaste moderator Sarah van der Meer fertelden se de oanwêzigen oer harren wurkwize en wêr en wannear it muoilik en lestich wurdt om ta in moai en goed einprodukt te kommen. Tjitske van Dijk liet harren map mei kranteknipsels sjen. Lara Kool fertelde oer de wûnderbaarlike fraach op ynternet dy’t de basis foarme hat foar har ferhaal, Hannes Schievink liet sjen hoe hy yn lagen wurket, Piter Banga lies foar in krige begelieding op saks fan ien fan de mannen út syn band. En Sanne Visser makke live in meterslange yllustraasje.

De jûn oer ‘it toanbyld fan wrakseling’ wie it resultaat fan in spannende proazasimmer, wêryn’t 15 nije talinten de kâns krigen om byld of tekst te publisearjen yn de Ljouwerter Krante en de Moanne.

De foto’s binne makke troch Natalia Balanina.

Het bericht Programma yn Stadskas lit toanbyld fan wrakseling sjen verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693