Op sneintemiddei 15 desimber presintearret Syds Wiersma syn nije boek: Fiere Wake, Ierske gedichten en reisferhalen. De presintaasje fynt plak by Slieker Film, it filmhûs yn Ljouwert. It boek ferskynt by Utjouwerij Hispel.
Fiere Wake is de delslach fan trije lange reizen troch Ierlân. Kuierjend, liftsjend en mei bus en trein bereizge Syds Wiersma it eilân. Hy skriuwt oer moetings mei minsken, plakken, lânskippen en tiden. Ek de roerige skiednis fan Ierlân is in wichtich tema yn it boek. De bylden yn de bondel binne fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra, dy’t in soad yn Ierlân omslacht en dêr wenne, wurke en tentoanstellings hie.
De presintaasje yn de Blauwe Seal fan Slieker Film is yntusken útferkocht. Der binne gjin plakken mear frij. Mar elk dy’t by de buorrel nei ôfrin wêze wol, is tige wolkom. Dêr leit it boek ek te keap. Yn ferbân mei de catering fan tefoaren graach efkes oanmelde: syds.wiersma@gmail.com.
Datum: snein 15 desimber
Plak: Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert
Tiid: 15.45 (ynrin 15.15)
Buorrel/neisit: fan 16.45 ôf op de Mezzanine bûten de filmseal
RIDEL OP ’E DYK
Dublin, Baggot StreetIk bin in rinner, yn it spoar fan iuwen as
eartiids dy romrofte flanearder út dizze stêd.
Guon rûnen in blokje om as se him oankommen
seagen, syn fenyn koe dy foar in frachtwein triuwe
sa’t de âlde dichters mei ien flokwurd deadzje koene.Ik bin in anonime ommasjearder, notearje
yn it ferburgene en as it sa útkomt, bear
fan de muze mei alles oan ’e hang.Is soks in bea om sjoen te wurden?
Ik rin my de ridel út ’e lea, skriuw my de tize
út ’e holle, en snoei want dat moat, oars kin it
gjin swarren wurde.Fiere Wake, s.17
Het bericht Bondelpresintaasje Syds Wiersma yn Slieker verscheen eerst op de Moanne.