Takom wike is de foarstelling ‘Dwaallicht’ fan produksjehûs Nootstroom te sjen. It is in muzikale foarstelling yn in grutte fabryk yn Terband, ticht by it Hearrenfean. Masjinefabriek K.I.G. iepenet spejaal foar de produksje de doarren foar it publyk op 27, 28 en 29 desimber.
Dwaallicht giet oer it ferhaal fan in nachtwaker dy’t it publyk meinimt yn de skiednis fan de fabryk, en yn syn eigen ferhaal. It is in fiktyf ferhaal dat basearre is op de novelle ‘Dwaallicht’ fan Willem Elsschot. Under oaren muzyk fan Moussorgski, Schubert en Dvořák is te hearren yn de foarstelling. Produksjehûs Nootstroom produsearre earder de Wadopera (2021) en Suor Angelica (2023). Kaarten foar Dwaallicht binne te krijgen op nootstroom.com/dwaallicht.
Het bericht Kultuer en technyk yn foarstelling ‘Dwaallicht’ fan produksjehûs Nootstroom verscheen eerst op de Moanne.