Wiebe Kaspers út Jorwert, hyltyd mear bekend as artyst ‘Kaspar’, jout op tongersdei 9 jannewaris in konsert yn de Grutte Seal fan Paradiso Amsterdam. It is in jongesdream dy’t útkomt, seit er sels.
Earder wie de boppeseal fan it poppoadium al boekt, mar omdat it sa hurd gie mei de kaartferkeap en de romte der wie, is it konsert ferpleatst nei de Grutte Seal. “As 14-jierrige jonge kaam ik foar it earst yn Paradiso. Ik stie foaroan by in konsert fan Joe Jackson. Hy is foar my in geweldige ynspiraasje. Dat ik no tweintich jier letter op deselde planken stean, is in dream dy’t útkomt.”
Tickets foar de show fan Kaspar yn de grutte seal fan Paradiso Amsterdam op tongersdei 9 jannewaris binne te krijen op paradiso.nl en kaspar.nu.
Het bericht Jongesdream foar Wiebe Kaspers: konsert yn Grutte Seal Paradiso Amsterdam verscheen eerst op de Moanne.