R.R. VAN DER LEEST –
gjinien hoecht in portret
fan my te meitsjen
dat doch ik sels
as ik my foar de spegel skear
heal it gesicht ynsjipje
en wat mear
mei de finger in streek oer de lippen
en gatten wêr’t de noasters sitte
dan doch ik fan de gekke
brike bekken trekke
de tonge útstekke
de earen útrekke
se kinne allegear ferrekke
dan fei ik it wei
ik hoech gjin portret
dat oaren meitsje
fan nimmen net
Nei oanlieding fan it artikel oer Christiaan Kuitwaard en syn wurk yn nûmer 2 fan ‘de Moanne’.