No moandei 14 novimber wer in hiele bysûndere Aan tafel! Diskear ‘de Moanne Live’ mei Tryater yn Lewinski yn Snits.
Tryater spilet op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De Wierheid fan Wylgeragea‘. It stik giet oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissigens.
Tidens Aan tafel! snije wy dit tema, dat ek yn Snits en omjouwing spilet, alfêst oan mei in programme yn gearwurking mei ‘de Moanne’ en teaterselskip Tryater.
- 18:00 – 19:00 oere Aan Tafel!
- 19:00 – 19:45 wethâlder Súdwest Fryslân yn petear mei Kees Roorda, skriuwer fan ‘De Wierheid fan Wylgeragea’
- 19:45 foardracht Arjan Hut
Mei-ite kin tusken 18:00 en 19:00 oere foar €10,00. Reservearje kin fia dizze link. Graach oant sjen!
Tryater jout romte om oars te tinken. It teaterselsskip fynt freegjen nijsgjirriger as antwurdzje. Tryater is altyd nijsgrjirrich en praat graach mei dy. Ek by De Wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje sy keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten. Mear ynformaasje op harren webside.
‘de Moanne’ wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. ‘de Moanne’ lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.
Het bericht Aan Tafel! ‘de Moanne Live’ mei Tryater verscheen eerst op de Moanne.