Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693

De rails boem boem boem

$
0
0

EELTSJE HETTINGA – 

 

DE RAILS BOEM BOEM BOEM

Skal-da, skal-drom,
alles dronken, alles trom.

Te kiekeboe, ta optika
sjongt Herr Hugo Ballala
syn trallala
op ’e trein nei Barcelona –

Ien grut fûnkjen
de rails boem-boem-boem
yn in hielal
sparkjend rûnom.
 

Skal-da, skal-drom,
alles hinkjend, alles prom. 

Licht soeikjendewei it lichem hjir
metronoom
largo, largo
yn de griene skommelwagon
Trij-Njoggen-Ien.

 

Der is in stien, in stien dy’t praat,
in stien dy’t
kantike mearkes iepenteart,
in happe dy’t troch de kosmos draaft,
presto, presto
op ’e rêch
it animearfamke Gala Gala,
twa Gerswhin spyljende dodo’s
op ’e heupen heuvelich,
dûnsjendewei
ûndertiden.
 

O nee? O Nee?

Wa net sjongt himsels net de lange sangen fan
miskien, miskien
foarby it kwibusseizoen fan
Jesoess Kristoess?

 

It ain’t necessarily so
te kiekeboe,
ta optika,
sjongt Herr Hugo Ballala
op ’e reade operatrein
nei Barcelona

 

 

 

 

ON THISSE KWYKKWYK JOEN

On thisse kwykkwyk joen
In koperen trechter, omkeard op ‘e kop
en de noas fan Michelangelo foar
sjongt Herr Hugo Ball út folle boarst
yn âld-Khartoem: Olles sil, olles sol,
Ta sopstra, kee tsjinda tha boem boem boem,
hot age wi to dwane on thisse
kwykkwyk joen bi the sunna sa helga?

 

 

 

 

Het bericht De rails boem boem boem verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693