INGE NICOLAIJ –
Ik bin opgroeid yn it noarden fan Fryslân. Op it momint dat ik âlder waard, begûn ik myn omjouwing ferfeelsum te finen. Wat is hjir te dwaan? Der is neat.
In pear jier lyn bin ik nei de stêd Grins ferhuze, dêr’t ik no trouwens noch altyd mei in protte wille wenje. Wol merk ik dat ik, no’t ik al in skoftke net mear yn Fryslân wenje, de skjintme sjoch fan wat ik earder ‘neat’ neamde.
Simmer yn Fryslân is foar my moai sûnder glâns. Dyn eigen plakje fine op ‘e romte. Of dat no ‘hutjemutje’ yn in stakaravan is of yn in stikje keale grûn op dyn eigen túnstoelen. It plattelân past him hjir en dêr oan, mar lit him op oare flakken nea feroarje.