Op sneon 3 oktober is der in feestlike ôfsluting fan de eksposysje HAUSER fan Annemarie Estor en Lies van Gasse. ‘de Moanne’ en Tresoar hawwe fiif dichters frege om mei harren eigen ynterpretaasje te kommen fan it Kaspar Hauser ferhaal. Elske Kampen, Anne Feddema, Arjan Hut, Eeltsje Hettinga en Tsead Bruinja bringe jo in oere lang de moaiste Fryske poëzy!
Lokaasje: Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert
Tiid: 14.00 – 16.00 oere
Tagong fergees
Het bericht De Fryske Kaspar Hauser verscheen eerst op de Moanne.