Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693

Bootsma

$
0
0

KAREN BIES – 

M. hie op tafel Suske en Wiske-albums lein mei in auto foarop, lykas ‘De Sprietatoom’ en ‘De Zingende Zwammen’. Dêrneist in plysje-auto fan Playmobil. Dochter waard santjin jier en ús kado wie rydlessen. Har measte freonen wiene oan ‘e gong of hiene it rydbewiis al. Mar sy hie in pear moanne nei har jierdei noch net belle mei in rydskoalle. It autoke stie yn de finsterbank, de plysje mei syn plestik glimke wie har geheugensteuntsje en har kwelgeast.

 

Nei in wike stjoerde de rydskoalle in berjochtsje werom: de ynstrukteur lei yn it sikehûs mei in hertoanfal.

 

Se fûn it spannend. Dat riden, mar dat beljen ek. As ekskús brûkte se ‘dat ynstrukteurs warskynlik de telefoan net opnimme as se oan it wurk binne’. Mar ik sei dat dy ommers altyd neist de bestjoerder sitte.

Op ynternet socht se in pear rydskoallen yn ‘e buert op. Wat is dat dochs foar trend om dyn bedriuw allinnich in foarnamme te jaan? ‘Rijschool Niek’ of ‘Jaantsje’. Ik wit net, mar by ‘Westra’ of ‘De Bruin’ leau ik earder dat de ynstrukteur teminsten séls in rydbewiis hat.

It siet har net mei. De earste rydskoallehâlder wist net wêr’t Aldegea lei. Sa’nien falt fansels fuort ôf. Nûmer twa sei koartôf dat er gjin tiid hie om te beljen, omdat er yn ‘e auto siet! Se moast mar maile. Nei in wike stjoerde de rydskoalle in berjochtsje werom: de ynstrukteur lei yn it sikehûs mei in hertoanfal.

De folgjende rydskoallehâlder helle har yn, wylst er achter it stjoer oan it appen wie. De lêste kear dat se it der op weage, hearde ik har sizzen, hiel fatsoenlik: ‘…en ik wil graag rijlessen van u.’ Mar se hie in ferkeard nûmer draaid en se krige in hiel ferfelend antwurd.

Se hat no al in pear wike net belle. Ik snap dat wol.

Myn rydynstrukteur hjitte Bootsma. Hy joech my les yn in diselauto en tegearre sukkelen wy de dykjes ôf, fan Ketlik nei Rottum oant Vegelinsoard. As wy oer it Fok op It Hearrenfean kamen, moast ik fileparkearje by de sigareboer. Dêr helle Bootsma in doaske sigaren en dan rieden wy wer fierder. Mei it rút iepen smookte hy in sigaar, wylst hy my lûde ynstruksjes joech en goeiedach sei tsjin heal Hearrenfean. Ik ha myn rydbewiis yn ien kear helle. It is no twaentritich jier letter en ik bin der noch. Soe Bootsma der noch wêze? Sa ja: kin myn dochter jo belje?

Het bericht Bootsma verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1693