Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all 1722 articles
Browse latest View live

BoekWinterBoek: der is muzyk, der binne ferhalen …

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Maltsje de Ridder-Jansma har ferslach fan BoekSimmerBoek – in jûn, 21 juny 2019, mei rom omtinken foar proaza – slút ôf mei de wurden ‘Op nei BoekWinterBoek?’ Fiif skriuwers skreaune in koart ferhaal en liezen it foar, der wie in goed stikje muzyk, der wie in flaubyt, Boeken fan Fryslân wie der mei in boeketafel en oan it barren wie in skriuwwedstriid ferbûn: in súksesformule dy’t om werhelling frege. En sa kaam it dat Martsje de Jong en Hilda Talsma mei stipe fan Boeken fan Fryslân it oandoarden en set in winteredysje op priemmen. Fûn BoekSimmerBoek plak yn it kafee Marktzicht yn Drachten, foar BoekWinterBoek, freed 31 jannewaris, waard in al like ‘echte’ kroech regele, diskear yn Snits: De Bakkersdochter. It is hast ûnmooglik, mar mei nóch mear besikers en mei nóch mear skriuwers dy’t oan de ferhalewedstriid meidiene, wie it súkses noch krékt wat grutter as de earste kear. In gouden formule.

 

En de reaksjes fan it publyk? Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake!

 

Martsje en Hilda stean by de doar: ‘Hee, leuk datst der bist.’ Myn brilleglêzen beslaan, want mei sa’n fyftich man is it smoardrok. It programma is noch net útein set, mar no al sit de sfear der al goed yn meidat Weima & vd Werf Frysktalige nûmers en covers bringe en elk mei elk stiet te praten. Elk mei elk, dat binne: skriuwers, in tal minsken dy’t oan de skriuwwedstriid meidiene, in útjouwer, partners en foaral ek: in soad ûnbekende gesichten, in nij publyk. Martsje praat de boel oan elkoar en dat docht se sûnder it papier derby te hawwen. Flot, libben, mei humor en adrem is sy likegoed in baas ferteller.

It tema is ‘Koek en Sophie’ en it binne Klaas Jansma, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart, Henk van der Veer en Willem Schoorstra dy’t foarlêze. Alle bydragen binne op syn minst twa, trije kear sa lang as it frege tal wurden en dêrmei it bewiis dat proaza it hiel goed docht op it poadium: der wurdt fol oandacht nei harke.

Klaas Jansma set útein mei in ferhaal dêr’t anekdoaten oer skûtsjesilen en oer reedriden oan elkoar keppele en meielkoar ferbûn wurde. Yn it foar freget hy de harkers hokker anekdoaten anekdoaten binne – wierbard – en wat er sels optocht hat. Mear as ien kear sjit it publyk yn ’e laits.

Sa net by Baukje Zijlstra har ferhaal dat wat toan en ynhâld oanbelanget folle serieuzer is. Ut har roman De koma-korrektor docht bliken dat sy belangstelling hat foar skiednis, de skiednis fan har heit dy’t as soldaat yn Yndië west hat, by BoekWinterBoek giet it om in ferhaal dat úteinset yn de oarlochsjierren. In jonge mei in Joadske mem dy’t ûnderdûkt, in heit dy’t ferhuzet sadat de omjouwing der gjin weet fan ha sil dat syn soan joadsk is en de soan dy’t yn de oarloch nei Berlyn ta rekket. As Baukje Zijlstra lêst is it mûskestil yn it kafee.

Fan in hiel oar kaliber is Sipke de Schiffart syn ferhaal. Seks, en dan net it eroatyske, mar earder it pornografyske elemint derfan is, neist de dea, in weromkommend tema yn syn wurk. Suver skruten lêst er foar oer hoe’t er – yn werklikheid of yn syn fantasy – as jongkeardel in tocht op redens makket en by in tintsje bedarret, dêr’t er yn plak fan in beker sûkelarjemolke te heljen, syn earste seksuele ûnderfining opdocht. It is in drûchkomysk ferhaal en sa drûchkomysk lêzen dat de bier- en wynglêzen geregeld op en del dûnsje troch it bolderjende laitsjen fan de oanwêzigen. Wat in ferteller!

Dêrnei begroetet ‘snekolooch’ Henk van der Veer syn publyk mei in lûd ‘harré’. Hy lêst in sjoernalistyk artikel foar dat hy skreau op grûn fan in petear mei ‘Beppe Beest’, de útbaatster fan kafee ’t Kannet op It Hearrenfean, dy’t him har libbensferhaal fertelde, in ferhaal dêr’t har fassinaasje foar klompen en deadshollen in wichtige rol yn spylje. ‘Dêr moatst echt in kear hinne’, seit er letter.

As lêste wie Willem Schoorstra oan bar. Syn bydrage sette útein mei in moai poëtysk foardroegen stikje songtekst dat referearre oan in ferhaal – al as net wierbard – oer himsels en syn maat dy’t net allinne twa linkerhannen, mar ek twa linkerfuotten en sels twa linkereagen hat. Schoorstra is krêftich yn syn presintaasje en yn syn foarlêzen, boppedat der sit der in soad humor yn syn ferhaal. “‘Sille wy sneon ôfprate?’ ‘Saterdei’, ferbetteret Sipke. ‘Dan kin ik ek wol.’” Lykas Sipke de Schiffart nimt Willem Schoorstra gjin blêd foar de mûle as it om ’e seks giet. By him is in fagina gjin kut mar in stikelbarchje mei in iepen rechje!

It is te hoopjen dat de literêre tydskriften de fiif de skriuwers freegje de ferhalen te publisearjen. It ferhaal fan de winner fan de ferhalewedstriid komt op ensafh, ek de oare bydragen soe ik graach ergens lêze kinne. It wie Johannes Boorsma fan Drachten dy’t it boekepakket fertsjinne foar syn orizjinele en grappige winterferhaal. Hy lies it foar, mar net neidat Hilda Talsma omtinken joech oan alle sechstjin ynstjoeringen. Diskear wie der in twadde winner, nammentlik Inne Bilker fan Dokkum.

En de reaksjes fan it publyk? Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake! En mear fan soks en dat alles mei tank oan Boeken fan Fryslân, mar benammen oan Martsje en Hilda. Op nei BoekSimmerBoek.

Het bericht BoekWinterBoek: der is muzyk, der binne ferhalen … verscheen eerst op de Moanne.


Ernst Bruinsma yn Op en út

$
0
0

Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 1 febrewaris yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân:

  • Ntrij55 – Elske Kampen, Utjouwerij Afûk, €17,50
  • Uneinige Beweging – Jaap Bruintjes, Noordboek, €17,50
  • Waagstukken – Charlotte van den Broeck, De Arbeiderspers, €22,50

 

 

 

 

Het bericht Ernst Bruinsma yn Op en út verscheen eerst op de Moanne.

Meiskriuwe oan ‘de Moanne’?

$
0
0

Wolsto in bydrage leverje oan de Moanne online of op papier? Dat kin! de Moanne is altyd op syk nei minsken dy’t goed skriuwe kinne en skerp tinke. Skriuwsto graach oer byldzjende keunst? Wolsto wat kwyt oer in boek datst krekt lêzen hast? Wolst in resinsje skriuwe oer in optreden datst koartlyn sjoen hast? Of wolst in bydrage leverje yn de foarm fan in fideo of in gedicht? Fertel it ús en stjoer dyn bydrage nei: reaksje@demoanne.nl.

Soesto foar ús skriuwe wolle, mar hast ferlet fan in konkrete opdracht? Dat kin ek. Lit ús witte hokker fan de tema’s dy’t ûnder de Moanne falle, binnen dyn ynteressegebiet falle en wy komme der grif út.

de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne wol sjen litte wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. Op it web, op papier en fia ‘live’-moetingen.

Wy hoopje fan dy te hearren!

de redaksje

 

 

Het bericht Meiskriuwe oan ‘de Moanne’? verscheen eerst op de Moanne.

Appels en Parren

$
0
0

GERBEN DE VRIES – 

Eins woe ik dizze resinsje begjinne mei it tryste foarbyld fan âlde rockstjêrren. Hja hawwe yn har jonge jierren in pear tiidleaze nûmers makke dy’t populêr bleaun binne. Dêrnei is it har nea wer slagge om dy suksessen te werheljen. Op harren âlde dei moatte se, om de AOW wat oan te foljen, wer op it poadium stean om dy fjirtich, fyfttich jier lyn makke hits op’e nij te spyljen. In wat sneue saak, lykas wiene se allinne yn de jeugd echt kreatyf. Dat wie alteast it earste wat by my opkaam doe’t ik frij koart nei mekoar twa biografieën fan tiidgenoaten fan mekoar lies. Jacob van Lennep (1802-1868) en Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) koene mekoar ek noch en Halbertsma hat Van Lennep bygelyks in part fan Fryslân sjen litten.

 

De fergeliking mei âlde rockstjerren giet lykwols dochs wat mank. Beide mannen, Van Lennep en Halbertsma, wiene mear as skriuwers allinnich.

 

Van Lennep publisearre yn 1836 en 1840 syn foarnaamste boeken, De roos van Dekema en Ferdinand Huyck. Syn biograaf Marita Matthijsen wol ús al jierren wiis meitsje dat De lotgevallen van Klaasje Zevenster út 1865, dus in wurk fan Van Lennep as in ‘ryp’ man, ek in masterwurk is. Halbertsma is benammen ferneamd om syn Rimen en Telstjes, mar dy hat er ek noch yn ‘e mande mei broer Eeltsje skreaun. Mar dat is wat problematysk, want De Lapekoer fan Gabe Skroar ferskynde yn 1822 foar it earst. Der waarden troch de bruorren hieltyd stikken byskreaun en it gehiel wat wy no as Rimen en Teltsjes kenne, ferskynde pas yn 1871, dus nei de dea fan Joast Halbertsma.

De fergeliking mei âlde rockstjerren giet lykwols dochs wat mank. Beide mannen, Van Lennep en Halbertsma, wiene mear as skriuwers allinnich. Hjoeddedei is it hast ûntinkber, omdat skriuwers benammen skriuwers binne. Der binne fansels wolris dûbeltalinten, bygelyks A. Alberts wie ek histoarikus, Hugo Claus en Armando skilderen ek en Auke Hulst is ek popmuzikant. Mar njoggentjinde-iuwske skriuwers wiene frij faak multitalinten. It is sels mar de fraach oft Halbertsma wol yn it foarste part skriuwer wie. Hy seach himsels sûnder mis earder as gelearde, mei in enoarm brede belangstelling. Foar taal en taalkunde, folklore, âlde foarwerpen en gebrûken, religy, geografy, polityk; wêr hat er eins net oer skreaun? Van Lennep wie wat minder multitaskerich, mar mei troch syn ynset hat Amsterdam in drinkwetterfoarsjenning krigen en fierders hat er ek in in stikmannich jierren – sûnder sukses trouwens – yn de polityk dwaande west. Sawol Van Lennep as Halbertsma ambiearren in wittenskiplike karrière oan de universiteit, mar it slagge har beiden net.

Mei de breawinning fan Halbertsma is oars wol wat oan de hân. Hy wie doopsgesind dûmnje, earst yn Boalsert mar foar fierwei it grutste part fan syn libben yn Deventer. In net al te grutte gemeente, wylst yn dy tiid noch hast neat oan ‘sielesoarch’ dien waard. Halbertsma hoechde dus eins allinnich mar alle sneinen in preek ta te rieden. Dat liket dreech en oarspronklik wurk, mar yn ien fan de hûnderten anekdotes dy’t Alpita de Jong yn Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869. Een biografie optsjinnet, docht wat oars fermoedzjen. Der waard nammentlik doe ek al plagiaat plege: in gemeentelid dêr’t de predikant op besite wie, liet hiel ostentatyf in boek sjen fan in skriuwer fan foarbyldpreken, mei de bledside iepenslein dêr’t Halbertsma in snein earder syn ynspiraasje út opdien hie. De dûmnje betrape!

Beide manlju hiene tiid oer. Van Lennep, fan hege komôf, brûkte dy tiid ek om allegear seksuele relaasjes oan te gean, fan huorren oant en mei troude froulju. Syn biografy hjit dan ek Een bezielde schavuit. In mantsje mei libido: in aardige ûntdekking fan Marita Mathijsen is in tekst fan Van Lennep dêr’t er it oer masturbearjen hat. En dat yn it earste part fan de njoggentiende iuw, sis mar as foarrinner fan Gerard van het Reve. Soks soe Halbertsma noait dwaan, alteast nét opskriuwe. Hy like hiel wiis te wêzen mei syn frou, al wied er tsjinoer froulju in galante man.

Fierders hawwe Halbertsma en Van Lennep wol wat fan mekoar. Beide wiene sarkastyske skriuwers, al brûkt De Jong dat adjektyf foar Halbertsma leau’k net. Mar it spotske drippet somtiden fan de siden en it wie dan ek gjin wûnder dat er frij faak spul hie. Syn relaasje mei Wopke Eekhoff seit yn dat opsicht hiel wat. De Deventenaar brûkte de Ljouwerter wol foar allegear doelen, mar hie like faak spul mei of oer him. Van Lennep hie wol wat goede freonen, dêr’t Halbertsma syn freonskip benammen nei syn bruorren en oare femyljleden útgie.

Wat rjochtfeardiget in biografy? Yn beide gefallen is it maklik oan te toanen dat dizze deade, wite, noggentjende-iuwske manlju wol in papieren stânbyld fertsjinje. Van Lennep wurdt noch altyd lêzen, al sil dat mei it moderne literatuerûnderwiis (mei de klam op de perioade nei 1880) wol minder wurde. Yn de Nieuwe Encyclopedie van Fryslân kriget Halbertsma ien hiele side, wylst der ek noch in heale pagina oan de Dr. Joost Halbertsma-priis bestege is. Ter fergeliking, ek Gysbert Japicx hat ien hiele side en dat is foar dizze ensyklopedy it maksimale. Wa’t it lemma lêst, fernuverte er der him/har faaks wol wat oer. ’Zijn meeste werk is fragmentarisch van aard of onvoltooid gebleven’. Dan freegje jo jo ôf werom’t Halbertsma dan dochs sa’n grut lemma krigen hat.

Alpita de jong toant dat yn har mânske biografy lykwols dúdlik oan. Joast Hiddes Halbertsma wie in uomo universalis, dy’t Fryslân en it Frysk yn it midden fan de njoggentjende iuw echt op de kaart setten hat. Dat is syn wichtige fertsjinste nei bûten ta, nei bûten Fryslân, bedoel ik. Foar Fryslân sels is hy de man dy’t yn it foarste plak de Fryske literatuer of litaratuer yn it Frysk troch De Lapekoer fan Gabe Skroar gestalte jûn hat, tegearre mei broer Eeltsje fansels. Want Gysbert Japicx wie in ienling út de santjinde iuw en dêrnei kaam der in hiele tiid neat. Dêrneist is Halbertsma troch syn grutte rige skinkingen de grûnlizzer west fan sawol it Fries Museum as de Provinsjale Bibletheek (letter opgien yn Tresoar). Hy wie tink ek ien fan de earsten yn Nederlân dy’t him dwaande hold mei it sammeljen fan gebrûksfoarwerpen. Ek foar syn krewearjen foar in Frysk Wurdboek fertsjinnet hy alle lof. Dat er dêryn net slagge is, mei him net al te swier oanrekkene wurde. Wa’t Grimms Wörter fan Günther Grass lezen hat, wit dat soks gjin sinkekure is. Ek mei de bruorren Grimm ûnderhold Halbertsma trouwens in briefwikseling.

Is it ferhaal fan Halbertsma in slagge biografy? No bestiet der gjin definysje fan in goede biografy. Eltse biograaf hat te krijen mei spesifike swirrichheden oangeande syn/har protagonist en altyd is de biograaf (m/f) ôfhinklik fan it beskikbere boarne- en argyfmateriaal. Ek de styl fan de biografy is by hast alle skriuwers oars. Mar beide biografieën gean oer minsken dy’t wy no noch kinne as skriuwers en dat is in goed oanknopingspunt.

Marita Mathijsen lit mei har biografy goed sjen dat se ek in literator is. Yn de ferskate haadstikken wurde hieltyd aparte aspekten fan libben en wurk fan Van Lennep behannele. Se sjocht troch de ôfstân yn tiid bepaalde reade linen en kiest dy de moaiste út. Ek in biograaf moat net alle saken neame en beneame wolle; moat wolris it offer fan ‘kill your darlings’ bringe. Sa ûntstiet der wol in tige lêsbere biografy fan Van Lennep, dy’t ek nochris in klear en boeiend byld fan de njoggentjinde iuw opsmyt.

Alpita de Jong is lykas Marita Matthijsen fan origine neerlandica. Dochs hat it boek fan Matthijsen mear in histoaryske oanpak, wylst dat fan De Jong fakentiids wat te ticht by libben en wurksumens fan Halbertsma bliuwt. De wytrigels tusken de alinea’s jouwe ek oan dat de biograaf net altyd ferbiningswegen wit te betinken. Ek yn de annotaasje docht it ferskil bliken, wêrby’t De Jong in wol hiel aparte metoade brûkt. In kritikus neamde har biografy yn it tiidskrift Fryslân in ‘detective zonder moord’. Dat seit lykwols mear oer de resinsint as oer De Jong.

De kracht en de swakte fan de oanpak fan De Jong lizze beide yn de hiel detaillearre beskriuwing fan it libben fan Joast Hiddes Halbertsma. Jo fernimme op dizze wize wat in wurksum minsk yn syn of har libben allegear wol net dwaan kin. Halbertsma koe in hiel protte ballen tagelyk heechhâlde. De swakte fan dizze opset (‘the devil is in the details’) is dat foar De Jong alle aspekten fan Halbertsma like wichtich binne. De hiele lange beskriuwingen fan bûtenlanske besites oan lang net altyd nijsgjirrige minsken bygelyks hiene foar in grut part weilitten wurde kind. Dat hellet de faasje wolris wat út it boek. Boppedat is it sa’n tsjok boek wurden dat it net maklik yn ‘e hân leit, mar dat is ek de skuld fan de útjouwer. En it omslach, foarmjower! In grimmitige man dy’t sa út in mearke fan Grimm weirûn wêze koe. Halbertsma wie dochs net allinnich in noartsk minsk?

Dat nimt net wei dat ik mei niget dizze beide biografieën lêzen en der ek in protte fan opstutsen haw. Hoewol’t Marita it by Jacob wol en Alpita bij Joast net mei klam seit, hat in biografy fan in minsk dy’t benammen skriuwer is ek altyd ta doel dat de lêzers de ferhalen en boeken fan dy skriuwers wer lêze wolle. Marita hat my lykas yn in earder boek nijsgjirrich makke nei bygelyks Klaasje Zevenster fan Jacob. Fan Joast en Eeltsje haw ik ûndertusken in ek al sa tsjokke en dêrtroch wat ûunhandelbere útfiering fan Rimen en Teltsjes yn ‘e hûs. Om koart te kriemen: it falt oant no ta net echt ta. Wie dy âlde rockstjêr doedestiids eins wol sa goed?

 

Marita Mathijsen – Jacob van Lennep, Een bezielde schavuit. Uitgeverij Balans, €39,99

Alpita de Jong – Alpita de Jong – Triomfen en tragedies van een uitmiddelpuntig man. Joost Halbertsma 1789-1869. Een biografie. Uitgeverij Louise, €55,00

Het bericht Appels en Parren verscheen eerst op de Moanne.

‘Ik bin gewoan sljocht op bijen!’

$
0
0

HOUKJE RYPSTRA – 

Ambassadeur fan De Kruidhof yn Bûtenpost, koördinator behear by Natuurmonumenten op Skiermuontseach (‘sis mar boskwachter’), projektdirekteur B-Rapsody, trouamtner en brânwacht… dat allegear soe Jan Willem Zwart op syn kaartsje sette kinne. In drok beset man mei in passy foar bioferskaat yn al syn fasetten. Mar wat driuwt him dêryn?

Hortus De Kruidhof, of better sein De Tún fan Fryslân, is in moai stikje âlder as Jan Willem Zwart. Yn de jierren tritich is De Kruidhof ûntstien as in soarte fan proeftún om de earme Wâldsjers yn krisistiid te learen hoe’t se harren eigen iten ferbouwe koene. It ûntjoech him stadichoan rjochting in krûdetún, dy’t sa’n kwaliteit levere, dat de universiteit fan Grins in goeie ôfnimmer waard. Mar altyd bleau it in stee dêr’t minsken dy’t wat help nedich hawwe om oan it wurk te kommen, in plakje fine.

 

Ik koe ek wol janke doe’t ik begjin dit jier op it strân fan Skier stie en seach wat de ramp mei de MSC Zoe dien hie …

 

Wurkleazensprojekten
Yn de jierren santich naam de gemeente Achtkarspelen it gehiel oer, benammen ek om hjir reyntegraasjetrajekten plakfine te litten. ‘Je kinne oan de tún moai sjen dat it net op ’e tekentafel ûntstien is, mar fanút wurkleazensprojekten en dat makket it bytiden ek hiel ferrassend’, jout Jan Willem Zwart oan. ‘Sa binne oeral hagen oanlein en is der op in stuit in kas kommen om minsken ek yn it winterskoft oan wurk te helpen. Of de ferhege bakken, sadat ek minsken mei in beheining dermei omgean kinne. En we binne noch altyd wiis mei de minsken dy’t by ús komme yn it ramt fan in taakstraf: dêr sitte faak tige handige lju by en dat past ús wol.’

Jan Willem Zwart waard yn 2006 frege om nije doelgroepen foar De Kruidhof te finen en tegearre mei Karin Hoogterp slagge dat foar wûnder: ‘We rekken echt yn in flow en seagen hjir hieltyd mear húshâldingen mei bern del kommen. Minsken dy’t bewust libje en dat ek oan de bern oerdrage wolle: hiel moai om te sjen!’ Der ûntstie in bysûnder plak, net allinnich troch de unike tún en kolleksje, mar ek troch de sterke Frysktalige ynslach. ‘Sa steane de nammen fan de planten der ek yn it Frysk by. En we krigen romte om wat mei typysk Wâldske saken lykas duvelbanners en wûnderdokters te dwaan: in eksposysje en workshops oer natuerlike genêsmiddels bygelyks’, fertelt Zwart. It Iistidemuseum kaam derby ûnder itselde dak en beide musea sykje no nei mear ferbining mei elkoar, om in folslein deiprogramma en mooglik sels jierprogramma te bieden.

 

Bioferskaat en bijen
Yn it proses rjochting Kulturele Haadstêd 2018 kaam de klam mear te lizzen op bioferskaat en bijen. Dat begûn mei in fyzje op de takomst fan De Kruidhof, dy’t yn opdracht fan Achtkarspelen makke waard yn 2013: rjochtsje op in breder publyk, sûn iten, en der moast nijbou komme. Ek kaam it advys ta it ferselsstannigjen op it aljemint, mar dat trajekt stiet op it stuit op in leech pitsje. Doel is no om De Kruidhof by de gemeente te hâlden, mar wol yn gearwurking mei de Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen (MOA), dêr’t minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk begelaat wurde.

‘It meast bysûndere advys wie doedestiids wol dat we ynsette moasten op it behâld fan de bij en mei in projektplan oangeande “Silence of the Bees” yn it bidbook foar Kulturele Haadstêd komme moasten’, seit Zwart. ‘Mar der wie gjin plan en al hielendal gjin jild.’ Hoewol’t Zwart al langer in natuerminske is, waard hy – mei in hiele protte oaren – pas echt ûngerêst oer de soarchlike tastân fan de bijen troch in Dútsk ûndersyk dat oantoande dat yn Noard-Dútslân en Nederlân 70 prosint minder ynsekten wiene as earder. ‘En dat wylst bijen wichtich binne foar alle libben: heech tiid dus foar bewustwurding oangeande it belang fan bioferskaat en bijen!’

Der kaam in plan ‘Silence of the Bees’, dat mei Kening fan ’e Greide en fiskmigraasje it biodiversiteitsdiel fan Kulturele Haadstêd foarmje soe. Ta grutte frustraasje fan Jan Willem Zwart waard der lykwols yn 2016 troch doetiidsk direkteur Lieven Bertels fanút Kulturele Haadstêd in hurde streek troch it plan set. Obsternaat: ‘De man sei: “Bijen krijgen al genoeg aandacht.” Ik wie dûm!’

 

Trochstart
Aldergelokst waard der trochsetten en kaam Jan Willem van Kruyssen yn byld. In ûnôfhinklik adviseur dy’t der mei foar soarge dat it projekt wer oppakt wurde koe. Mei jild fan de Eems Dollard Regio, wêrtroch’t yn alle gefallen oant 2021 fierder wurke wurde kin yn it ynterregionale projekt B-RAP(sody). Dat bart no yn ’e mande mei Hegeskoalle Van Hall Larenstein, de botanyske tún yn Oldenburg, Ökowerk Emden en Bourtanger Moor. Zwart is wiis mei de romte dy’t der no kommen is om de bewustwurding oangeande it belang fan bijen troch te setten: ‘Mar eins binne we dat al wat foarby, it giet der no om de ferwûndering oer te bringen oer it hâlden en dragen fan in koloanje bijen en wat minsken sels dwaan kinne om bijen de romte te jaan.’

Benammen it ôfsluten fan saneamde ‘Bijenpacts’ wurket goed: yntusken ha tsientallen bedriuwen en organisaasjes har dêroan ferbûn. Se meitsje ôfspraken oer de wize wêrop’t yn it belied en de bedriuwsfiering rekken hâlden wurde sil mei bioferskaat en bijen. Jan Willem Zwart is entûsjast oer wat er ûntstean sjocht: ‘Bygelyks Omrin is hiel goed dwaande, ik soe harren in foarbyld foar in protte oaren neame wolle. Sa is op harren bedriuwsterreinen romte foar flinter- en bijetunen, binne der ynsektehotels, flinterhopovers en faunapassaazjes.’

 

Feroaring
‘We wolle feroaring en der is ek echt in feroaring geande. Hjir yn Bûtenpost bygelyks binne ferskate buerten yn aksje kaam om it bioferskaat te fergrutsjen troch fleurige blommemingsels te siedzjen. Gemeenten soargje foar kleurige bermen mei in protte ferskillende blommen, al is it betiden noch wol wat sykjen nei streekeigen planten.’ De kennis dêroer moat noch grutter en dêrfoar is immen lykas Arjen Strijkstra, dy’t as kennismakeler fanút Van Hall Larenstein dêrmei dwaande is, tige belangryk.

En de ‘Bijenpacts’ binne wat Zwart oanbelanget in gouden set: ‘Want dêrmei wurdt it fêstlein yn belied. Wat ik ek fantastysk fyn, is dat de provinsje in 1%-regeling by alle projekten ha wol foar ynvestearringen yn biodiversiteit. En de inisjativen fanút de boerekollektiven lykas Waadrâne, ja, ik sjoch echt in protte moaie dingen ûntstean.’

 

Bubbel?
Fansels: net elkenien is derfan oertsjûge dat it oars moat en Zwart sjocht dat mar al te goed: ‘Ik realisearje my foaral dat ik wat yn in bubbel sit as ik by de brânwacht bin. By in protte minsken is noch net folle besef fan duorsumens en wat je sels dwaan kinne. Ik fyn it lykwols in útdaging om dy groep ek mei te krijen.’

Wat driuwt Jan Willem Zwart om mei safolle passy op te kommen foar natuer en miljeu? Hy moat efkes neitinke: ‘Tsja, ik bin gewoan sljocht op bijen, bin al hiel lang bijehâlder. Op in simmerjûn kin ik skoften njonken de bijekasten sitte en sjen hoe’t it spul omfljocht. Dat jout my safolle foldwaning.’ De echte wake-up call kaam lykwols yn 2017, doe’t de ferneamde Britske heechlearaar Dave Goulson in lêzing joech yn De Kruidhof. ‘It belang fan it behâld fan wylde bijen en de faasje wêrmei’t it de ferkearde kant útgiet, dat kaam doe wol hurd binnen’, jout Zwart oan. ‘Mar ik koe ek wol janke doe’t ik begjin dit jier op it strân fan Skier stie en seach wat de ramp mei de MSC Zoe dien hie… Dêrnei besocht ik ek myn persoanlike libben oan te passen: der is sûnt dy tiid bygelyks gjin sjippefleske mear ynkommen.’

‘Fansels doch ik it ek foar de folgjende generaasje, al tink ik wolris: mar wa bin ik dan? Wat ik dwaan kin, is myn ynfloed brûke om minsken de wûndere wrâld fan de bijen sjen te litten.’

 

Green Capital 2025
Hoewol’t der alle reden is foar soarch, wol Jan Willem Zwart net negatyf wêze oer de takomst. ‘Der is yn in relatyf koart skoftke tiid in protte bard en saken binne fûneminteel feroare yn it tinken fan minsken. Ik sjoch de boargerinisjativen, de boerekollektiven en de oerheden dy’t har ynsette. It giet faak oer bioferskaat en it belang fan de bijen, sawol de folken as de solitêre bijen.’

Koartlyn krige ‘Beespoke’, it ferfolch op ‘Silence of the Bees’, 4,1 miljoen oan Europeeske subsydzje. Oerheden, ûnderwiis, lânbou en de griensektor yn Nederlân, België, Dútslân, Denemarken, Sweden en Ingelân wurkje dêryn gear om it belang fan wylde ynsekten foar it bestowen fan it gewaaks dúdlik te meitsjen. Yn Nederlân sil sjoen wurde nei pompoen, koalsied en spinaazje. Benammen foar edukaasje is dat fiifjierrige projekt fan grut belang.

Yn de krekt ferskynde ferfolchplannen op Kulturele Haadstêd rjochting 2028 is in foarnaam plak ynromme foar it stribjen om fan Ljouwert-Fryslân yn 2025 ‘Green Capital’ fan Europa te meitsjen. Jan Willem Zwart: ‘Sokke projekten bin ik fansels tige bliid mei, want dat past krekt yn wêr’t wy mei dwaande binne. Der lizze safolle kânsen en de feroaring yn tinken is wier ynsetten.’

Het bericht ‘Ik bin gewoan sljocht op bijen!’ verscheen eerst op de Moanne.

’t Graan skiet in de aren

$
0
0

ARJAN HUT – 

De jûn foar Falentynsdei liezen tsien Friezen yn it OBE-paviljoen in favoryt gedicht of fragmint foar oer it Fryske Lânskip. Alteast, sa wie de bedoeling. It ien en oar stie yn it ramt fan de útstalling ûneinige beweging, oer it skilderwurk fan JanMurk de Vries (1919-2015). Bûten reinde en waaide it, yn it paviljoen wie it waarm en droech.

 

Wurk fan Eppie Dam, Syds Wiersma of Abe de Vries? Dien de Boer har anty-wynmûne poëzij? Dizze jûn wie smûk, mar ek wat te hapsnap. De opset lykwols, smakket nei mear.

 

Op de muorre achter it kateder in gedicht, dat begjint mei de wurden ‘te reageren op zijn tijd / gestalte daaraan gevend / ondanks onzekerheid / in hemzelf’. De Vries syn wurk ferskynde ek wolris yn it eardere blêd Hjir en hy skildere by gedichten fan Sybe Krol (1946-1990). Krol syn libbenspartner, muzikant en sjonger Roel Slofstra siet yn it publyk. Spitich dat nimmen de konneksje mei dichter Krol makke yn syn of har presintaasje.

Der wiene goed fyftich besikers, nijsgjirrich nei de útsochte fragminten. Fan de tsien lêzers, wiene it de beide Willems (Winters en Verf) dy’t in fragmint út eigen wurk keazen. Beide op har unike wize fermaaklik, mar wie dit de bedoeling? Verf kaam sels werom foar in tajefte en lies nochris út eigen wurk. Winters hâlde it fral koart: “It lân is leech / Ik rin nei Heech”. Ek hy die trouwens in tajefte, en lies in gedicht skreaun troch de doe 13-jierrige Gina Loodsma: “De dijk / is gedicht.” Muzikant Tsead Nauta spile tusken de bedriuwen troch ymprovisaasjes nei oanlieding fan de foarlêzen fragminten. Nei Winters hâlde er it by it oanslaan fan ien akkoard. By Verf fariearre er subtyl op it Frysk folksliet.

Teake Oppewal pakte it tema goed op mei syn kar foar Elmar Kuiper syn Myn lân. In modern Frysk fers fan in aktive Fryske dichter, dy’t yn petear giet mei it lân, dat ta in ‘griene woastyn’ ferwurden is. De lânskipspine spat derfan ôf, it is likegoed sykjend en hifkjend – de dichter is gjin skôger, mar ien mei it lân. Dêr’t oare poëten yn Nederlân en Flaanderen mei yoga-hokus-pokus en wat al net mear besykje it bewuste los te litten en mei in werskepen taalgefoel de ynteraksje mei de community oan te gean, ûnderskiede in soad Fryske dichters fan no har mei it bewarjen fan in ferdwinend lânskip yn in stjerrende taal.

Hielendal ien mei de útstalling, wie de presintaasje fan Alex de Jager. De Afûk-direkteur wie de iennichste dy’t in dichteres foar it fuotljocht helle, te witten Baukje Wytsma. “Doopje dyn pinsiel yn wetter en begjin mei it blau,” sa set har fers Lânskip útein. Wurden fol farve en kleuren, dat útrint op “en bewarje it wyt foar it ûnbekende.”

“Ik soe it lânskip wolris freegje wolle, ‘Hoe giet it’,” sei Pieter Stellingwerf, man fan BUOG en SULT. Slute moai oan by de kar fan Oppewal. Oan it begjin fan de jûn waard al ferwachte dat Obe Postma grif útsocht wurde soe, en dat wie ek sa, Stellingwerf lies Yn maart. Earder hie Frysk diktee-winner Wopkje Bergmans de âlde Postma syn Dykhúskes lêzen, en as tajefte stoef rymjend wurk fan Wybren Altena en Age Tanja. Pytsje de Graaf, wethâlder yn Noardeast Fryslân, socht in gedicht fan Willem Tjerkstra út, Eachweid. Hoewol, socht, it gedicht hie har fûn, sy wie der tsjinoan rûn.

Douwe Kootstra keas foar Feanwâlden, fan Theun de Vries, mei wurden swier fan in libbenslang langstme nei de âlde lânsdouwe, it ivich wollen fan ‘it oare’. Sels as yn Feanwâlden, soe Theun de Vries Feanwâlden misse. Ek oare talen fan it Fryske lân klonken, Femmy van Venen lies in ‘old fertellechien’ yn it Stellingwerfsk, in mearke oer it ûntstean fan de sândunen. Froukje de Jong-Krap, planetariumdame en foarsitter fan it EBLT, lies twa gedichten fan Jelle Dirksz Krottje (1984-1959), ûnder oaren Seumer op ’t Bildt: “’t Is seumer In ’t Bildtse Iând / Met rykdom weer an alle kant / At ’t bolle wyntsy waait / Gaat ’t flas in baren / De orten binn’ met bloei besaaid / ‘ t Graan skiet in ‘e aren”.

Tresoar oan it begjin fan de jûn. Net in raar punt, der wurdt ommers in soad skreaun en dizze opset wie nijsgjirrich, ek om te sjen wat der lêzen wurdt en wat lêzers wurdearje. Mar mei al dy skitterjende, skrinende, konfrontearjende gedichten dy’t skreaun binne en skreaun wurde troch Fryske taalkeunstners, foel de rispinge by einsluten ôf. Wêr wie bygelyks Requiem fan Simon Oosting, de Funeral blues fan it Fryske lân? Wurk fan Eppie Dam, Syds Wiersma of Abe de Vries? Dien de Boer har anty-wynmûne poëzij? Dizze jûn wie smûk, mar ek wat te hapsnap. De opset lykwols, smakket nei mear. In oere literatuer, brocht troch ferskillende gasten – wat is by einsluten oanstekliker as entûsjasme?

Het bericht ’t Graan skiet in de aren verscheen eerst op de Moanne.

Fakatuere: haadredakteur (m/f)

$
0
0

Mei’t ús haadredakteur Ernst Bruinsma per 1 jannewaris 2020 saaklik lieder fan City of Literature Ljouwert wurden is, is er per dy datum stoppe mei syn wurk foar ‘de Moanne’. Dêrom sykje wy op koarte termyn in nije

 

HAADREDAKTEUR (m/f)
foar 8 oeren wyks

 

 

Wa binne wy?
‘de Moanne’ wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten en lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op papier, online en organisearret ‘live’-moetingen. ‘de Moanne’ wurdt útjûn troch de Afûk yn Ljouwert. Op ús website kinst dêr yn byld fan krije: www.demoanne.nl. ‘de Moanne’ ferskynt 5 kear yn it jier. Wolst in papieren ferzje ynsjen? Mail ús, dan stjoere wy dy in eksimplaar ta!

 

Wat sykje wy?
Do hast in sterke affiniteit mei kultuer yn Fryslân en witst dy te fertalen nei in eigentiidske en brede fyzje op de rol dy ’t ‘de Moanne’ spylje kin yn it kulturele fjild. Do hast ûnderfining yn it liedingjaan oan in redaksje en kennis fan organisatoryske en finansjele prosessen dy’t hearre by it meitsjen fan it blêd, de website en (dêr)bykommende aktiviteiten. Do kinst ynhâldlik stal jaan oan de missy fan ‘de Moanne’ en do kinst dat fertale nei bydragen op ferskate mediakanalen. Dêrneist hast gefoel foar sawol de bestjoerlike kant fan saken en it kulturele netwurk as it lêzersfjild en sikest om kreative manieren om dy mei ‘de Moanne’ te ferbinen.

 

Wat ferwachtsje wy?
As haadredakteur joust, yn gearwurking mei bestjoer en redaksje, foarm oan de redaksjonele formule fan ‘de Moanne’ en skriuwst dêr ek foar. Do bepaalst tegearre mei de redaksje de ynhâld fan it blêd, de website en live-aktiviteiten. Do bist op ‘e hichte fan trends en maatskiplike ûntjouwingen dy ’t fan belang binne foar in kultureel-literêr medium en fertaalst dy nei ynteressante ynfalshoeken, mediakanalen en gearwurkingen. Do ûnderhâldst kontakten mei skriuwers, sjoernalisten en oare keunstners en kulturele organisaasjes dy ’t in bydrage leverje (kinne) oan ‘de Moanne’. Ek de relaasje mei (potinsjele) lêzers is in wichtich oandachtspunt foar ‘de Moanne’. Do bist dêrneist ferantwurdlik foar it meitsjen fan (jier)planningen, begruttingen en (jier)ferslaggen en de oanstjoering fan alle prosessen dy’t noadich binnen om ‘de Moanne’ op kwalitatyf heech nivo ferskine te litten binnen de finansjele kaders. Do sikest dêrneist om oanfoljende aktiviteiten en middels dy’t bydrage oan de missy fan ‘de Moanne’.

 

Wat biede wy?
Neist in belutsen redaksje fan sjoernalisten, skriuwers, fotografen en oare keunstners biede wy dy de kâns om in nije takomstfyzje út te wurkjen. ‘de Moanne’ stiet nammentlik, krekt as oare kulturele organisaasjes, foar in nije beleidsperioade. Wy wolle dy gelegenheid oangripe om de posysje en profilearring fan it blêd te besjen en nije takomstsenario’s te ferkennen. De haadredakteur jout lieding oan dat proses en komt, yn gearwurking mei redaksje en bestjoer, ta in nij beliedsplan en finansjele ûnderbouwing dêrfan. Do wurdst stipe troch in einredakteur (0,3 fte). Tsjinstferbân fia detasearring of as selsstannige, beleaning yn oerlis.

 

Sollisitearje?
Hast ynteresse en foldochst oan it profyl? Mail dan foar freed 13 maart in CV en motivaasjebrief nei reaksje@demoanne.nl. Hast fragen? Nim kontakt op mei Sito Wijngaarden fia sito.wijngaarden@afuk.frl of 06 50909495. De werving foar dizze funksje ferrint fia ús eigen kanalen. Fiel dy dêrom frij om dizze fakatuere te dielen binnen dyn eigen netwurk. Akwysysje nei oanleiding fan dizze oprop, wurdt net op priis steld.

Het bericht Fakatuere: haadredakteur (m/f) verscheen eerst op de Moanne.

Teatertsjerke moat levensader biede yn Noardeast

$
0
0

TSJOMME DIJKSTRA – 

“Trofst my wol yn it hytst fan de striid”, seit Anke Bijlsma. We ha wat hinne-en-wer belle om oer de Teatertsjerke Nes te praten: it poadium dat ein 2017 ûnder Bijlsma har lieding iepene is yn de âlde grifformearde tsjerke yn Nes. By it behearen fan sa’n útsûnderlike lokaasje komt in soad sjen fansels en dêr heare ek net-deistige saken en beslommerings by. Dizze dei blike de oargelrestaurateurs del west te hawwen om de steat fan it tsjerke-oargel fêst te stellen. De kondysje fan it oargel, in kegellade, foel ôf, fertelt Bijlsma. “Se ha ek fuort ferslach útbrocht: it kin noch tsien jier mei mar eins net mear stimd wurde.”

 

Fan augustus oant en mei oktober komt it grutte doek Nachtwacht 360° trije moannen nei de Teatertsjerke yn Nes. Want as der earne noch in nachtwacht noadich is, dan is it hjir.

 

Restaurearje is te djoer mar der is al in plan B, seit Bijlsma. “Der soe dan in elektrysk oargel yn komme. It front, dat is hiel ymposant, dat kin dan stean bliuwe en dan komt it lûd al fia de piip.” De minste opsje liket yn it earstoan om it oargel net mear op te knappen. “We sille de opsjes goed tsjin it ljocht hâlde.”

De 12e en 13e iuwske Johannestsjerke fan Nes stie om-ende-by in jier leech, nei’t dêr yn 2017 foar it alderlêst in tsjerketsjinst hâlden waard. “Yn 2018, om de krysttiid hinne seinen de nije eigners tsjin my: wy ha de tsjerke kocht, do meist him eksploitearje’’, seit Bijlsma, dy’t de keapers fan de tsjerke koe en dy’t sels fan it Garnalefabryk fan Peazens-Moddergat yn koarte tiid in goed rinnend kultureel sintrum makke hie. It bestjoer fan it museum besleat lykwols dochs om net mei Bijlsma as programmeur fierder te gean, dy rjochte har fizier doe dus op de tsjerke dêr’t se in nije doelsbestimming foar útstippele. “De Teatertsjerke moat hjir in levensader biede kinne, dat haw ik foar eagen”, seit se. Sy groeide sels net fier fan it waaddoarp op, yn Brantgum. “Ik haw echt hert foar de regio.”

Sa baarnt in jier lang yntusken alwer it ljocht yn de tsjerke, dy’t, nêst foar it kulturele gebrûk, ek beskikber is foar grutte selskippen en gearkomsten en tsjinsten. Der binne trije romten foarhannen, de tsjerke, de konsistoarje en in ferboude romte dy’t as hoarekalokaal tsjinnet. Dy seal hat in grutte plafonskildering krigen hat fan Anke har man, Gerrit Breteler. ,,Dêr wolle minsken fan alles oer witte, dat is in leuk gespreksûnderwerp.’’

It oantal aktiviteiten wiksele troch it earste jier hinne in bytsje. Bijlsma: “Yn it wykein besykje we in grut evenemint te programmearjen. En trochdewyks ek ien. Yn july en augustus ha we it wat rêstiger hân.”

Bijlsma sels is lokkich mei hoe’t it oant no ta slagge is om aktiviteiten binnen te heljen. “Ik haw in grut netwurk en der is in protte oanbod. We ha der ek in protte jeugd by, en in gearwurking mei muzykskoalle Opus 3 yn Dokkum. De learlingen kinne hjir yn in profesjonele setting spyle mei teaterljocht en lûd.” Ferskate eveneminten krigen de tsjerke hielendal fol, bygelyks de konserten fan fanfare Soli Deo Gloria út Nes mei de kryst, dêr’t de kaarten rap foar de doar útgienen.

Bijlsma mikt op trije groepen publyk. “Alderearst besykje ik hjir foar de regiobewenner aktiviteiten te finen. Dan is der ek in breder oanbod foar de leafhawwers, dêrfoar makket de ôfstân net sa folle út. En der is ek noch in tredde doelgroep, fan toeristen. Fytsers. Minsken dy’t oeral wei komme.” Dy kinne in jûn genietsje fan teäter of muzyk of op in lêzing ôfkomme. Mar der bart mear.

Yn in sfear fan kontakt en ideeën útwikseljen mei regiobewenners ûntstie it ôfrûne jier de wurkgroep Twirre. “De boeren fan agrarysk kollektyf Waadrâne, dy’t hjir natuerynklusyf buorkje fregen my oft ik helpe koe om de bining mei de boarger te fersterkjen”, seit Bijlsma. “We ha yntusken in stik as fjouwer of fiif ynspiraasjejûnen hân, oer hoe’t je hjir ‘bewust’ libje kinne. Sa hat Anja Haga (ChristenUnie-politikus, wennet yn Dokkum, red.) ferteld oer hoe’t se yn it gesin mei sa min mooglik plestik libje. En der komme minsken mei produkten. En it giet ek oer fiskerij. Op 21 maart ha we in streekmerk.”

In oare spesjale aktiviteit fan de kalinder is de Ids de Beer-lêzing. Dy lêzing, neamd nei in regionale fersetsheld, hat op 15 april foar it twadde jier plak. De sprekkers binne Geert Mak en Roos Derks – Bazuijnen en Freerk de Beer, soan fan Ids, fersoarget dan in ynlieding.

“It soe moai wêze as je úteinlik in programma foar in jier fêstlizze kinne”, seit Bijlsma. “Je sykje nei wêr’t fraach nei is en je wolle in breed oanbod jaan. Dat is noch wol trial and error.” De programmeur is bot wiis mei har team, dat hieltyd selsstanniger draait. Mar winsken bliuwe der genôch. Bijlsma wol yn de takomst besykje om mear ‘grutte nammen’ nei Nes ta te heljen. Immen as Geert Mak, hellet se oan as foarbyld. “Dêr binne minsken ree foar om der fan fier foar te kommen.”

In pear wiken lyn wie se noch op in evenemintebeurs yn Rotterdam om kontakten te lizzen en de regio Noardeast-Fryslân te fertsjintwurdigjen en promoten. “Ik wol dat yn de Teatertsjerke ek in feestje of fergadering hâlden wurde kin. Dat je dat goed oanklaaie kinne, arranzjeminten biede kinne.”

Yn dat ljocht liket it slot fan de kommende simmer in nijsgjirrige perioade te wurden foar de noardeasthoeke. Fan augustus oant en mei oktober komt it grutte doek Nachtwacht 360° trije moannen nei de Teatertsjerke yn Nes, de fotografyske replika fan Julius Rooymans en Hans Ubbink fan it Rembrandt-skilderij. It hat inkeld yn Amsterdam yn it atelier fan Ubbing te sjen west en giet takommend jier nei Tokio. “Hast hjir it donkerste stikje fan Nederlân. As der earne noch in nachtwacht noadich is, dan is it hjir.” Bijlsma sjocht potinsje om in (kulturele) ferbining te meitsjen mei de opera Peter Grimes, dy’t oan de ein fan de simmer op it waad by Peazens-Moddergat opfierd wurdt, bygelyks troch in pelgrimsrûte fan de Dokkumer Bonifatiustsjerke lâns Nes nei it waad ta stân te bringen.

 

Sjoch op de webside fan de Teatertsjerke foar it programma foar de kommende tiid.

Het bericht Teatertsjerke moat levensader biede yn Noardeast verscheen eerst op de Moanne.


Slapstick mei in reade tried

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

It dekôr fan ‘The Great Wonder’ fan Pepijn Gunneweg, 20 february yn it Posthûs op It Hearrenfean, is dat fan it fariëteeteater út de jierren tritich mei inkelde meubelstikken út oerbeppe har tiid. Op it poadium riede de frou mei trije boarsten, in reus fan in fint dy’t derút sjocht as in Fiking, in direkteursfiguer mei in grou liif en in broek mei galgen en in lange slongel yn rútsjepak har ta troch mei alderhande atributen en muzykinstruminten om te tôgjen. Oant de foarstelling begjint spilet ‘Smile’ troch de lûdsprekkers: Smile though your heart is aching, smile even though it’s breaking (…) fan Nat King Cole dy’t it yn 1954 útbrocht. De meldij is lykwols âlder, dy komt út de Charlie Chaplinfilm ‘Modern Times’ (1936).

 

Musisy dy’t no en dan ek aktearje: Smile!

 

Mei syn bolhuodsje op referearret Pepijn Gunneweg dan ek oan de King of Slapstick Charlie Chaplin, tagelyk sitte der alderhande gûcheltrúks yn The Great Wonder. It is gjin moaie frou dy’t yn in kiste middentroch seage wurde sil, mar in knyn, in pluzen bist dat dêr gjin nocht oan hat en om dy reden ûnder hypnoaze brocht wurdt. De trúk mislearret, it wite knyn ferliest syn kopke. Mei in pypke wurde sjippebûltsjes blaasd, as dy út elkoar spatte komt der reek út oant der in bûltsje is dat er fêsthâlde kin, yn twa helten útelkoar hellet. Ien bûle is grutter as in skippybal, syn holle ferskynt yn de bal, feroaret yn in foetus en Pepino – in lapkepop – wurdt berne. In prachtige, hilaryske en tagelyk betsjoenende sêne dy’t in bytsje flau wurdt as Pepipo út trije boarsten syn tate hellet. Der is in sêne à la Romeo en Julia mei in prachtich sjongende Nienke Caljouw yn it finster en in Romeo dy’t, mei syn muzykynstrumint by him, besiket har te berikken troch yn in peal omheech te klimmen: romantyk én klownerie. Sa falt der hiel wat te laitsjen en te applaudissearjen, bygelyks as in goudfisk in deadesprong meitsje moat en om de requimachtige sêne dy’t folget as it net slagget om de fisk te reanimearjen.

The Great Wonder, as titel slacht miskien wol minder op ’e magyske dan wol absurde acts as op it ferhaal fan berte, stjerre en wer opstean út ’e dea. Pepino, berne út in sjippebûl en oan de ein deasketten, komt op ’e nij ta libben as de man dy’t, foardat de foarstelling begûn út it publyk helle waard, syn masker ôfdocht. It is de reade tried, mar der binne mear reade triedsjes. Dêrby soe it grutte wûnder sa grut net wêze as de muzyk net sa’n wichtige rol spile. In trúk is gjin trúk sûnder it roffeljen op ’e tromme. Hoempa-hoempa of piano, oargelspul of hardrock, Meksikaans of lieten meitsje spannende en romantyske of poëtyske, wrede en boartlike sênes – al slaan dy ek wolris om yn oanstellerij of flauwichheden – ta in geniet. Mei tank oan it orkest dat bestiet út sjongeres en fioliste Nienke Caljouw, Arno Bakker ûnder mear op tromboane, Rombout Stoffers op ’e akkordeon en slachwurk en pianist Daniel van der Duim, musisy dy’t no en dan ek aktearje: Smile!

Het bericht Slapstick mei in reade tried verscheen eerst op de Moanne.

Foto-oprop ‘De lêzende mins’

$
0
0

Ek in moaie ‘lêzende mins’-foto? De redaksje fan de Moanne siket foto’s foar de fotorubryk ‘De lêzende mins – De lezende mens′. De foto-opdracht is in frije opdracht mei as tema ‘De lêzende mins’. Alle bydragen ferskine online en de moaiste ynstjoerings nimme wy op yn ús blêd.

Meidwaan? Stjoer dyn bydrage oan de rubryk ‘De lêzende mins’ nei reaksje@demoanne.nl en wy nimme sa gau as mooglik kontakt mei dy op.

 

 

 

Het bericht Foto-oprop ‘De lêzende mins’ verscheen eerst op de Moanne.

Waterrijke ontboezemingen

$
0
0

DIRK VAN GINKEL – 

‘Waterwereld’ in het Jopie Huisman Museum is een tentoonstelling die schilderkunst paart aan poëzie. Naast de werken van de achttien deelnemende kunstenaars – Jopie niet meegerekend – hangen bordjes met gevoelvolle teksten van de kunstenaars over hun ervaringen met het Friese waterlandschap. Hoewel ze niet in dichtvorm gesteld zijn, is hun inhoud poëtisch te noemen. Ze verdiepen de beleving van de werken op een onverwachte manier.

 

Jopie Huisman: ’s Nachts, aan het water, als iedereen sliep, dan voelde je dat het kwaad uit de wereld was. Het gevoel dat de lucht zuiver was: alle spanning weg’.

 

Het spel van wind en licht
Van de onlangs overleden Sjoerd de Vries is een bruikleen te zien van Museum Belvédère: ‘De Deelen’. Hij zegt erover: ‘Dat riet was een ware openbaring. Het waait en het zingt, het bedekt de naakte oevers en het is een half jaar lang van goud’. De Vries plaatst de horizon precies in het midden van het beeld, want hij vindt: ‘hemel en aarde hebben evenveel ruimte nodig’.

Marije Bouman toont drie werken met de titel ‘Waterschap’, gemaakt met inkt en houtskool op moerbeipapier. Wat direct opvalt, is dat het papier rimpelig is als het wateroppervlak zelf. Het is een en al levendigheid en beweging. Bouman zegt erover: ‘Vanuit mijn vroegere atelier keek ik uit over de Engelenvaart. Voortdurend was daar het spel van wind en lichtreflecties in het water. Zó mooi. Elk moment zag het water er anders uit. Dat idee, dat zo’n beeld continu verandert en ongrijpbaar is, inspireert me. Ik wil het dan vastleggen en me eigen maken.’ Het moerbeipapier helpt haar daar heel mooi bij.

Haar werk hangt naast dat van Evert de Graaf, die net als De Vries een groot liefhebber was van De Deelen. Hij woonde er op een woonboot en hield zich in leven met turfsteken en palingvissen. Hij ontdekte dat een gelooide palinghuid een prachtige drager was voor olieverf. Het heeft van zichzelf al een prachtige tekening en een diepe gloed. De charme van waterwereld wordt bij hem zo wel heel erg tastbaar. Van De Graaf is er geen watercitaat beschikbaar. Begrijpelijk, want hij heeft ooit – in een aan hem gewijde publicatie uit 2001 – gezegd: ‘Woorden schieten tekort bij het uitleggen wat mooi is aan de natuur’.

Jopie Huisman had daar geen last van. Die had woorden in overvloed. De meeste werken op de expositie zijn van zijn hand, de meeste citaten dus ook. Bij ‘Zelfportret als fuikvisser’, een heel mooi klein olieverfje uit 1989, staat te lezen: ’s Nachts, aan het water, als iedereen sliep, dan voelde je dat het kwaad uit de wereld was. Het gevoel dat de lucht zuiver was: alle spanning weg’.

 

Verrassingen
Van de meeste kunstenaars is slechts één werk te zien. Daarbij is soms een heel verrassende keuze gemaakt. De Harlinger Jan Roos bijvoorbeeld is, hoe woest hij soms ook schildert, meestal heel duidelijk in zijn voorstellingen: het is goed te zien wat hij wil verbeelden. Waterwereld toont echter het werk ‘Nacht’, gemaakt tijdens een vakantie aan het Sneekermeer. Grof geschilderd, veelkleurig, op het abstracte af, maar toch zeer krachtig.

Anderen zijn ruimer bedeeld. Zoals Jan van der Kooi bijvoorbeeld, die met vier werken is vertegenwoordigd. Hij is ook geïnspireerd geraakt door De Deelen en het Sneekermeer. Van der Kooi heeft echter nauwelijks kleur nodig, aan veenzwart ‘gewassen inkt’ heeft hij genoeg. ‘Voor mijn gevoel past dat zo goed bij dit landschap’, zegt hij. ‘Dat zompige, dat weidse, dat stille.’

Goed vertegenwoordigd is ook Christiaan Kuitwaard. Hij laat vele kanten van zichzelf zien. Een landschap uit 2008 is zo nevelig en mistig als de beste werken van Willem van Althuis, van wie er trouwens ook een schilderij hangt. Er zijn ook een paar aquarellen van Kuitwaard behorend tot een project met schrijver Jan Kleefstra, waarbij ze samen aandacht vragen voor de bedreigingen van de natuur. En er is zijn bekende olieverf ‘Meer’.

Het Friese landschap inspireert talloze kunstenaars al jarenlang. Daar getuigt ook deze expositie weer van. Het is goed om te zien dat het Jopie Huisman Museum heeft gegrasduind in particuliere collecties en kennelijk op bezoek is geweest bij enkele kunstenaars thuis. Dan kom je als bezoeker nog eens voor verrassingen te staan, zoals nu met Jan Roos, Tjibbe Hooghiemstra, Jan van der Kooi, Jelle Schotanus, Marije Bouman en Reinder Homan. Want er zijn – zo blijkt maar weer –  echt nog heel veel nooit eerder geëxposeerde rietkragen, gezichten op het Sneekermeer en andere waterlandschappen te vinden die de moeite van het bekijken waard zijn. Dat is behalve voor de bezoekers ook voor de kunstenaars wel zo leuk. Hier had men echter nog wel een stapje extra kunnen zetten. Want nu zijn er toch nog best veel ‘usual suspects’ te zien uit de collectie van Museum Belvédère: oude bekenden als Benner, De Vries, Van Althuis… Het had allemaal nog net iets spannender gekund.

 

De tentoonstelling Waterwereld in het Jopie Huisman Museum is te zien tot 3 januari 2021

Het bericht Waterrijke ontboezemingen verscheen eerst op de Moanne.

Multatuli yn it Frysk

$
0
0

ERIC HOEKSTRA & REINIER SALVERDA – 

Hjoed, 2 maart 2020, is it Multatuli syn twahûnderdste bertedei, en dêrom ferskynt op de webside fan de Moanne de Fryske oersetting fan syn ‘Gebed van den onwetende’ (1861).

Dy oersetting is fan Multatuli syn tydgenoat, de Fryske skriuwer en frijtinker Hjearre Gerrits van der Veen, en ferskynde foar it earst yn 1876, yn it tydskrift Forjit my net! (sjuch Anne Wadman syn dissertaasje oer Van der Veen út 1955).

 

Yn de stavering fan no en diskear net om syn stjerdei, mar as syn werberte yn it Frysk.

 

Dat wie doe hiel betiid: Multatuli hat dizze tekst sels noch lêze kind. De ‘Max Havelaar’ waard yn 1868 foar it earst oerset, yn it Ingelsk. Yn 1876 wie de Franske de twadde, tagelyk mei Van der Veen syn ‘Gebet fan de unwitende’. Dernei wie it lang stil: de earste Dútske oersetting fan Multatuli datearret pas fan 1900.

Yn 1892 – fiif jier nei it ferstjerren fan Multatuli – waard Van der Veen syn oersetting nochris publisearre, diskear yn de betinkingsbondel ‘Ter Gedachtenis aan Multatuli, 1887 – 19 Februari – 1892’ (Amsterdam 1892, pp. 118-120), útjûn fan de frijtinkersbeweging ‘De Dageraad’. Yn de ynlieding ta dizze bondel skreau de Gorredykster multatuliaan dr. Vitus Bruinsma: “Onder de apostels van het goede komt een eereplaats toe aan Multatuli. Nu de kerken verlaten worden, behoeft men andere mannen dan dominé’s en pastoors om het goede te prediken en ook een andere wijze van prediking. Wie geen kerken bezoeken – en hoe velen zijn dit! – kunnen toch een opwekking tot goed-zijn noodig hebben. Die opwekking geeft Multatuli.”

It is hjir no dus de tredde kear dat Van der Veens iere Fryske Multatuli-oersetting ferskynt, wol yn de stavering fan no en diskear net om syn stjerdei, mar as syn werberte yn it Frysk – as in literêr earbetoan oan dizze grutte skriuwer by de iepening fan it Multatuli-jier 2020.

 

 

IT GEBED FAN ‘E UNWITTENDE
nei Multatuli

 

Ik wit net oft wy wêzen waarden mei in doel …
of mar by tafal kamen. Ek net oft in God
of goaden har fermeitsje mei ús leed, en skimpe
op ‘e ûnfolkommenheid fan ús bestean. As dat sa wie
soe it freeslik wêze! Oan wa de skuld
dat swakken swak binne, gammelen gammel, dommen dom!

Mar as wy makke binne mei opset, mei in doel,
en troch ús ûnfolkommenheid dat net berikke …
dan falt de blaam fan it ferkearde net op ús,
op it maksel net … mar op ‘e Meitser! Neam him Zeus
ef Jupiter, Jehova, Baäl, Djau … om it effen:
Hy is der net of hy moat goed wêze en ús net ferwite
dat wy him net begripe. ‘t Stie oan him
him te iepenbierjen en dat die er net! Hie hy dat dien,
dan hie er it sa dien dat nimmen twivelje koe,
mar elts koe sizze: ik kin him, fiel him en ferstean him.

Wat oaren no beweare fan God te witten,
baat my gjin byt … ‘k Ferstean him net, ik freegje dus:
Wêrom oan oaren al him iepenbierre en net oan my?
Soe it iene bern dy heit moolk neier wêze as it oare … ?
Sa lang it ien minske jout dy’t God net ken,
sa lang is it laster om te leauwen oan dy God!
‘t Bern dat fergees syn heit oanropt, docht dochs gjin kwea.
De heit, dy al fergees syn bern roppe lit, hannelt wreed!
En reiner is it geloof: der is gjin Fader,
as dat er dôf soe wêze foar syn bern!

Misskien binne wy ienris wizer! Iens, misskien
sjogge wy yn dat Hy der is, dat Hy wol op ús acht sloech,
en dat syn swijen oarsaak hie mei grûn … Wol no,
sa ring wy it witte, is ek de tiid fan loovjen dêr …
mar earder net … no net! – It soe God fertrietsje,
fernaam er dat wy him oanbeanen sûnder grûn …
en gekheid is it, de tsjustere ûnwittenheid beljochtsje
te wollen mei in ljocht, dat net bestiet, nea jit hat skynd.

Him tsjinje? … Gekheid! Hie hy soks dochs wold,
Hy hie it ús iepenbierre op wat manear.
Ûneigen is it dat Hy ferwachte fan in minske
oanbidding, tsjinst of lof … tewyl Hy sels
oangeande it hoe alhiel ús yn it ûnsikere liet.
Dus: as wy God net tsjinje nei syn sin …
dan is it Syn skuld … Syn skuld allinne en uzes net!

Yntusken – oant wy wizer binne – is goed en kwea dan ien?
Ik sjoch it net yn, wêrta in God soe tsjinje it skiftsjen
fan it boaze en it goede … Oarsom just! Hy dy’t goed docht
opdat in God him leanje soe, dy makket krekt
dêrtroch it goed ta kwea, ta hannel … Dy’t it kweade ûntrint
út frees foar de ûngenede foar dy God, is … laf!

Ik ken Jo net, o God! Ik rop Jo oan, ik socht,
smachte al nei antwurd en Jo sweien! – Graach woe ik
Jo wil dwaan … net út frees foar straf, út hope op lean,
mar lyk as it bern syn heite wil docht, om’t it him leaf hat!
Yo sweien, altyd sweien Jo … En ik, fol langste dwylje ik rûn
nei de oere dat ik witte sil dat Jo bestean …
Dan, dan sil ik freegje: “Fader! Wêrom no foar it earst
Jo bern toand dat it wier in Fader hie … ?
En dat it allinne net stie hjir yn ‘e striid,
de swiere striid foar minsklikheid en rjocht?
Of wiene Jo der wis fan, Fader, dat ik Jo wil soe dwaan
en sûnder dy te kennen? – Dat ik sûnder weet
fan Jo bestean, Jo tsjinje soe, Jo tsjinje nei Jo sin?
Soe it wier wêze? Anderje, Fader, as Jo der binne! Lit,
lit net Jo bern fertwivelje … Fader! Bliuw net stean
op it bloedich ôftwongen “Lama sabachthani!”
Sa tsjirmet de ûnwittende oan syn sels frij keazen krús,
fan pine krimpende, it útjammerjend fan toarst.

De wize – hy dy’t wol wit … wol God ken – bespot sa’n gek,
rikt galle him ta en jubelet: “Hark, hy ropt syn Fader”
en preuvelet: “Tank, o Hear, dat ik net bin as hy!” …
En sjongt, ja psalmsjongt sels: Wollokkich hy dy’t yn ‘e boaze rie
net sit, net op it smoarge paad mei sûnders giet.” –
Dy wize slûpt neurs-op en sjacheret yntegralen …
De Fader swijt … O God! Der is gjin God! Gjin God!

 

Hjearre Gerrits van der Veen

Het bericht Multatuli yn it Frysk verscheen eerst op de Moanne.

Lofsang oon Schiermonnikeich

$
0
0

ERIC AUGUSTEIJN – 

 

Eilaun, wat is ’t dat ús sò nooi is?

It jepste wazze fan dyn siel?

De rup van wylpe yn ’e jaune?

De stiere yn de tjost’re nacht?

It raze fan see, wiin en wolken?

It straun mooi altyd steeuwend saun?

Geur en gelút fan’t wad by êve?

De kleur en geur fan flejekrieuwd?

Af aik de mienskip fan ’e minsken?

Behilpsum sorge feur ineeuwr?

It mooi ‘neeuwr reeuwe om in storve?

It mooi ‘neeuwr laakje om in grap?

Dyn heer en feer lat har net fange

Ik haud myn múlle en sweje stil.

 

 

 

 

 

Het bericht Lofsang oon Schiermonnikeich verscheen eerst op de Moanne.

Meiskriuwe oan ‘de Moanne’?

$
0
0

Wolsto in bydrage leverje oan de Moanne online of op papier? Dat kin! de Moanne is altyd op syk nei minsken dy’t goed skriuwe kinne en skerp tinke. Skriuwsto graach oer byldzjende keunst? Wolsto wat kwyt oer in boek datst krekt lêzen hast? Wolst in resinsje skriuwe oer in optreden datst koartlyn sjoen hast? Of wolst in bydrage leverje yn de foarm fan in fideo of in gedicht? Fertel it ús en stjoer dyn bydrage nei: reaksje@demoanne.nl.

Soesto foar ús skriuwe wolle, mar hast ferlet fan in konkrete opdracht? Dat kin ek. Lit ús witte hokker fan de tema’s dy’t ûnder de Moanne falle, binnen dyn ynteressegebiet falle en wy komme der grif út.

de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne wol sjen litte wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. Op it web, op papier en fia ‘live’-moetingen.

Wy hoopje fan dy te hearren!

de redaksje

 

 

Het bericht Meiskriuwe oan ‘de Moanne’? verscheen eerst op de Moanne.

Foute Friezen en oare skriuwers

$
0
0

GERBEN DE VRIES – 

‘Tussen 1988 en 2008 bezocht Pieter Jan Verstraete samen met zijn echtgenote jaarlijks een regio in Friesland of een van de Waddeneilanden’, stiet der op de achterflap te lêzen. ‘Steevast werd ook een bezoek gebracht aan het Fries Letterkundig Museum (thans Tresoar) in Leeuwarden. Daar werd het nodige materiaal verzameld over menige Friese taalstrijder’. De Belch skreau der artikelen oer foar Flaamske jierboeken. Dy stikken binne sammele ûnder de misliedsjende titel Friese portretten. Hoe een Vlaming Friesland ontdekt. As er op dizze wize Fryslân echt ûntdutsen hat, wit ik net, mar wol dat de measte Fryske skriuwers dy’t er behannelet net yn it foarste plak taalstriders wiene. Dat is wat te malkik preekjen foar eigen Flaamske parochy. Oer dy parochy hawwe wy it noch.

 

By eintjsebeslút de fraach foar wa’t dizze bondel met Fryske skriuwerportretten eins bedoeld is.

 

Yn it foarwurd leit Verstraete der de klam op dat er fuortdaliks nei syn ‘ûntdekking’ fan Fryslân troffen waard troch de paralellen tusken de Fryske en de Flaamske Bewegingen. Dat sil’t wol, mar de ferskillen binne minstens like grut. Yn it foarste plak omdat der miljoenen Flaamsk-Nederlâansktaligen yn België binne, tsjin mar in pear hûnderttûsen Frysksprekkenden. In taal mei en in taal sûnder divyzjes dus, om marris mei Stalin te sprekken. Verstraete en syn frou ferstiene yn it earstoan ‘geen snars’ fan it Frysk dat se hearden, wylst it Frysk lêzen ‘beduidend makkelijker’ wie. Dat hearre wy faker. Hawar, earst ris sjen wat Verstraete oer de Fryske skriuwers sels te sizzen hat. Syn mini-biografieën binne gronologysk opset en dus begjint er mei Gysbert Japicx en komt er fia Everdinus Wassenbergh al gau út by de bruorren Halbertsma. Ik haw yn in foarrich libben de njoggentjinde-iuwske Fryske literatuer wolris spotsk in bakkersliteratuer neamd. En dat falt my no ek wer op; fan (de âlden fan) de Halbertsma’s oant Waling Dykstra, der is in bakkers-konneksje te sinjalearjen.

Verstraete hat in foarkar foar skriuwers fan de jierren tweintich, tritich en fjirtich fan de foarrige iuw. It tiidrek fan de saneamde ‘foute Friezen’. Eeltsje Boates Folkertsma, Rintsje Piter Sybesma, Douwe Kalma, Douwe Hermans Kiestra en Jan Melles van der Goot. Om mar net te sprekken fan de my ûnbekinde, mar nei alle gedachten mei rjocht en reden fergetten skriuwer Steffen Bartstra, dy’t mei Sybesma en Kalma wol de measte bledsiden kriget. Verstraete hat sels Sytze Jan van der Molen fergetten. Hy kin dan wol in soad omsneupt hawwe yn it Letterkundich Museum, mar fierwei de measte ynformaasje komt gewoan út de dissertaasje fan Gjalt Zondergeld, De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, út 1978 alwer. De Flaming hat hjir feitlik neat oan ta te heakjen. Oan de oare kant hawwe wy ek net safolle nije literatuer oer dizze swarte matearje. Johan Frieswijk – yn syn fierdere oeuvre mear belusten bij soasjalisten as nasjonaal-soasjalisten – soe jierren lyn al komme mei in monografy oer dizze ‘foute Friezen’, mar dat lit noch altiten op him wachtsje. Mar dat Verstrate mei dizze bondel him no fuortdaliks it gers foar de fuotten weimeant, no nee.

Foar in histoarikus en biograaf makket Verstraete oars wol in soad lytse en grutte flaters. Ik neam der in pear. Dat er Fryslân begjin njoggentjinde iuw yn it spoar fan Hollân yn in grutte ekonomyske krisis ferkeare lit, hoecht men him net sa swier oan te rekkenjen. De nije Skiednis fan Fryslân ferskynde ommers yn 1998, al hie Verstreate syn kennis yn de artikelen wol update kind. Slimmer binne gratuite opmerkings as dat troch de Halbertsma’s it Frysk daliks wer in taal waard dy’t troch ‘alle klassen van de bevolking aanvaard en gebruikt werd’ (p. 39).

Der binne ek aardich wat echte flaters. Dy fergetten Bartstra soe ‘theologische studies’ folge ha yn Frjentsjer, sa om 1880 hinne. It Atheneum fan dy stêd wie doe al hast fjirtich jier ticht. Of Verstraete draait it om. J.K. Feijlbrief is net it pesudonym fan de amtner Jan Koos van Oudshoorn, mar de skriuwer is bekind wurden as J. van Oudshoorn en hjitte yn it deistige libben Jan Koos Feylbrief (p. 101). Neffens Verstrate siet Eeltsje Boates Folkertsma tusken 1907 en 1912 op de kristlike kweekskoalle fan Dokkum en gong dêrnei nochris nei de normaalskoalle yn Reitsum (p. 145). De klok en de bongel, want de kweekskoalle fan Dokkum waard pas yn 1911 iepene en krekt dêrtroch ferdwûn de normaalskoalle fan Reitsum. Jan Melles van der Goot kaam neffens de skriuwer út in ‘vrijzinnig-calvinistische boerenfamilie’ (p. 214) . Wat dat is, mei dat my noch ris útlizze. Nei eigen sizzen kin Verstrate aardich goed Frysk lêze, mar dan set er op p. 216 ‘greatsk’ oer as ‘boos’. En waard nei de befrijing de Leeuwarder Koerier echt omdope yn Leeuwarder Courant (p. 233)? En Drachten wie eartiids faaks wat achterlik, mar wie it echt sa dat om 1940 hinne ‘heel wat parochianen … enkel het Fries machtig waren’ (p. 245)?  Verstraete wol as taalstrider ek graach hawwe dat de polysje by Kneppelfred yn 1951 ’bijzonder gewelddadig’ wie (p. 263).  It heucht my net dat der doe deaden of swierferwûnen by fallen binne.

By eintjsebeslút de fraach foar wa’t dizze bondel met Fryske skriuwerportretten eins bedoeld is. De artikels ferskynden yn it jierboek Zannekin, letter De Nederlanden. Zannekin is in Flaamske ‘Heel-Nederlandsgezinde vereniging’, dat wat earder ‘Grootnederlands’ hjitte dus. It sit wat yn de skimmige hoeke fan de Flaamske nasjonalisten. Verstreate cum suis sjogge yn de Fryske ‘striid’ (gewelddiedich à la Kneppelfreed fansels) in spegel fan de Flaamske striid tsjin de Fransk-Waalske kultuer en skiednis. Oant safier gjin probleem. Mar werom soene Flamingen dit ek nochris yn boekfoarm lêze wolle? De útjefte sil dus wol mikke op Fryske lêzers. Mar dan krije wol in soad twifeleftige ynformaajse. Want om no mei in pokerface te sizzen dat it wurk fan Douwe Kalma ‘van blijvende waarde’ (p. 194) is?

 

 

Friese portretten. Hoe een Vlaming Friesland ontdekt – Pieter Jan Verstraete. Uitgeverij Aspekt, €19,95

Het bericht Foute Friezen en oare skriuwers verscheen eerst op de Moanne.


Bisto al abonnee?

$
0
0

de Moanne biedt in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

In proefabonnemint foar twa nûmers hawwe jo al foar €10,-. In los eksimplaar fan de Moanne kostet €6,50. In jierabonnemint op de Moanne hawwe jo al foar €40,- (bûtenlân €50,-).

Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato.


Jou de Moanne kado!

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,- stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Hawwe jo fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Het bericht Bisto al abonnee? verscheen eerst op de Moanne.

De grafische pracht van de natuur

$
0
0

DIRK VAN GINKEL – 

Friesland kent veel kunstenaars die in alle stilte en afzondering hun werk doen. Dat bleek wel uit de overzichtstentoonstelling Frysk in Museum Belvédère (2018-2019). Zulk goed werk van zoveel onbekende namen. In de serie ‘Talenten in de luwte’ leren we deze kunstenaars beter kennen. Dit is deel 9: Hannie Kamstra.

Een drie hectare grote landschapstuin bij Offingawier. Met kronkelpaadjes, waterpartijen en bruggetjes. Een groot deel van het jaar is Hannie Kamstra (1943) hier te vinden. In 1987, toen ze hier kwam wonen, stonden op dit stuk land nog maar een handvol wilgen en een verdwaalde fruitboom. Kamstra maakte er in de jaren daarna een prachtig ecologisch paradijs van. Met bomen, struiken en bloemen in een voor Friesland zeldzame hoeveelheid en variëteit. Vogels te over ook. Nachtegalen zijn er bij bosjes en de deel van de kleine boerderij op dit landgoed is al jarenlang een vertrouwde pleisterplaats voor een zwaluwenfamilie. Geen wonder dat dit zelfontworpen stukje aarde een bron van inspiratie is voor haar kunst.

 

‘De schoonheid van de natuur neem ik mee als ik in de wintermaanden ga werken in mijn atelier.’

 

Als we naar haar atelier lopen, ergens achter in de tuin, zegt Kamstra: ‘Je moet in het najaar terugkomen, dan is alles op z’n mooist. De uitbundige bloei is dan voorbij. Maar juist met het verval komt ook een wonderlijke variatie aan kleur. Die schoonheid neem ik mee als ik in de wintermaanden ga werken in mijn atelier. Schilderen en tuinieren, die twee dingen hebben voor mij heel veel met elkaar te maken. Het zijn twee kanten van dezelfde medaille: mijn grote liefde voor de natuur. Het tuinieren heeft al mijn aandacht in de lente en de zomer, het schilderen in de herfst en de winter.’

 

Experiment
Wat bij binnenkomst in het atelier direct opvalt, zijn twee bijna manshoge tuinlandschappen met zwarten en grijzen als dominerende tinten. De net door Kamstra bezongen herfstkleuren hebben in deze ‘plantaardige’ werken opmerkelijk genoeg geen plek gekregen. Met de neus op het doek kun je weliswaar zien dat er ook rood en paars in verwerkt zijn, maar die kleuren nemen de allereerste indruk toch niet weg. Ze geven de grijzen en zwarten juist meer reliëf. Of de dominerende donkere blauwen in enkele andere schilderijen. Kleuren voegen voor Kamstra blijkbaar niets iets toe aan het beeld dat haar als schilder voor ogen staat.

‘Mensen zeggen wel eens tegen mij dat ik meer kleur zou moeten gebruiken. Een enkele keer probeer ik dat ook wel, waarom niet? Je moet niet weglopen voor een experiment af en toe. Maar het blijft altijd bij een poging. Een verandering moet voor mij echt uit mijn tenen komen en dat voel ik hierbij niet. Als kunstenaar doe je er altijd goed aan om gewoon naar jezelf te luisteren. En dat betekent dus dat ik aan een beperkt aantal kleuren genoeg heb om in mijn werk de natuur te verbeelden.’

 

‘Ik doop disteltakken in de verf en druk ze vervolgens tegen het doek. Zo schilderen ze als het ware zichzelf.’

 

Vergankelijkheid
In 2015 exposeerde Kamstra in Museum Martena in Franeker. Ze bracht toen een boekje uit. Naast tuindagboekfragmenten en schilderijen heeft ze daarin ook foto’s opgenomen van haar tuin in alle seizoenen. De mooiste zijn die uit herfst en winter, vol van de poëzie die hoort bij vergankelijkheid. De titel van deze uitgave is ‘Niets is blijvend’ en dat is voor Kamstra allesbehalve een verzuchting.

‘Ik vind het fantastisch dat een tuin elk jaar opnieuw begint te bloeien. Maar ik hou er ook heel erg van dat alles aan het eind van het jaar weer een beetje afsterft. Wat er dan bovengronds van een plant overblijft, is een soort kleurloos skelet. Ik vind dat mooi. Net als bomen hebben ze in die winterse hoedanigheid een prachtige grafische kracht. Daarin ben ik anders dan schilders als Floris Verster en Kees Verwey, die schilderden planten en bloemen in verval op een moment dat er nog wel veel kleur aan zat. Kennelijk wacht ik net even langer dan zij. Wat mij betreft gaan dood en kleur niet goed samen, misschien is het wel daarom dat er in mijn schilderwerk betrekkelijk weinig kleur zit.’

Een paar van die plantenskeletten rusten in het atelier tegen de muur. Het zijn verdroogde wegdistels die Kamstra in haar werk gebruikt. En niet alleen door ze te schilderen. Ze gebruikt ze ook als gereedschap.

‘Dit is toevallig een experiment dat wel goed is uitgepakt. Ik wilde iets anders doen dan ze gewoon naschilderen. Ik heb de takken van de distels in de verf gedoopt en ze vervolgens tegen het doek gedrukt. Zo schilderen ze als het ware zichzelf. En ik heb ook met die distels op het doek geslagen, wat weer een heel ander effect geeft. Laag over laag breng ik zo aan, net zolang tot het goed is. En het is goed als ik de emoties die de natuur bij mij oproept weet te vangen: de ontroering van opkomst en ondergang.’

Het bericht De grafische pracht van de natuur verscheen eerst op de Moanne.

Nimmen ûntsnapt oan de realiteit

$
0
0

SJOUKJE WERKMAN –  

‘De Nix’ fertelt in fiktyf ferhaal oer de wize wêrop‘t elkenien fan ús foarme wurdt troch ús eigen skiednis. Mar ek oer de wize werop’t langstme de mins ta wûnderlike beslissingen driuwt. De romte dy’t we sels as mins hawwe om dy skiednis yn it deistiche libben krekt in lyts triuwke de oare kant op te jaan. It ferline stiet fêst, mar nim sels de rezjy oer de takomst.

 

Each foar elts detail, wûnderlike sydspoaren en geweldige dialogen.

 

Dit psychologyske drama draait foar in grut part om Samuel Anderson, in jonge leraar en skriuwer mei in writers block. Syn mem – benammen har aksjes ut it ferline – bepaalt foar in grut part syn fyzje op ‘e wrâld. Mar wat wit hy eins fan har? Wat makket dat sy út lulkens en frustraasje in politkus besmyt mei stiennen?

Tweintich jier nei’t Faye har soan ferlitten hat, is hy fan doel om eksakt te achterheljen wat der bart is. Hy besiket har te begripen, mar hat muoite om syn fertekende byld fan har los te litten. Mei de druk fan syn útjouwer dy’t him op ‘e hûd sit, beslút Samuel om in biografy oer syn mem te skriuwen. ‘Hoe meedogenlozer, hoe beter’, sa klinkt it boadskip. Om it ferhaal te achterheljen, dûkt hy yn de skiednis fan de jonge Faye. In reis troch de tiid nimt de lêzer mei nei it radikale mar ek conservatieve Amerika (1988), lâns rellen en protesten yn Chicago (1968), fia it meast noardlike puntsje fan Noorwegen (1968) nei de oarloch yn Irak (2004) en werom nei it heden fan dit boek (2011).

Famyljetrauma’s driuwe as in donkere wolk boppe it geheel. “Dat was het moment dat haar leven voorgoed in tweeën zou delen, dat haar op het pad zou brengen waarna alles wat er op volgde […] zou voelen als iets onontkoombaars. Elk leven heeft een dergelijk moment, een trauma, waardoor je in gloednieuwe stukken breekt. Dit was dat van haar.”

Mei in treffende symboalyk knopet de skriuwer dit momint oan it ferskinen fan in kweade geast, in nix. Misledigje him net, want hy kwelt krekt sa lang as nedich is. Flechtsje hat gjin sin, hy kriget pas rêst as de skea werstelt is. Dat is tagelyk ek de konkluzje fan it ferhaal: flechtsje hat gjin sin. Foaral net wannear’tst fuortdraafst foar dyn eigen wêzen. In minsk hat net ien autentike ferzy fan himsels, júst al dy ferskate foarmen foarmje wa’tst bist. Rin der net foar wei, gryp al dy stikken by de kladden en meitsje der wat fan. Bliuw dysels klinkt dan yniens in stik makliker.

‘De Nix’ lêst as in trein, mei each foar elts detail, wûnderlike sydspoaren en geweldige dialogen. It ferhaal is fol treflike byldspraak, wêrby’t de wrakseling fan de haadpersonaazjes hast fielber is en it triengas fan de protesten by it lêzen yn de eagen prikt.

 

De Nix (oktober 2016), Nathan Hill. Utjouwerij: De Bezige Bij

Het bericht Nimmen ûntsnapt oan de realiteit verscheen eerst op de Moanne.

Nûmer 1

$
0
0

De Lêzende Mins, Karen Bies
Redaksjoneel
Kollum, Karen Bies
Kollum, Janneke de Haan
It bêste fan deMoanne.nl
Ynterview Karen Bies, Janke Brands
Poëzij, Arjan Hut
Portfolio Rob Severein
Byldzjende keunst, Ate de Jong, Hans Jouta
Ynterview, Baukje Zijlstra, Nina Hiddema
Perron 1, Albertina Soepboer, Stasjon Harns
Ynterview, Wendy Kennedy, Koen Haringa
Oersetting, Simon Oosting, Elizabeth Bishop
Ynterview, Marita de Jong, Hans en Wim Anker
Proaza, Willem Winters
Byldzende keunst, Willem Haanstra, JanMurk de Vries
Ynterview, Willem Verf, Sybrand van Haersma Buma
Skiednis, Bertus Mulder, Troelstra en Krop
Taal, Wim Aalbers
Kollum, Sjoukje de Boer

 

In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00.

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Het bericht Nûmer 1 verscheen eerst op de Moanne.

LF2028 begjint digitale hûskeamer foar Fryslân

$
0
0

De sosjale mediakanalen fan LF2028, it ferfolch op Kulturele Haadstêd, binne sûnt ôfrûne sneon 21 maart in kultuerpoadium dêr’t elkenien oan meidwaan kin. De organisaasje nûget kreativelingen út om (fideo)materiaal yn te stjoeren. Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, soe it ûndernimmen iepenje mei twa nije gedichten, mar de band WIEBE wie him foar, mei in spesjaal korona-benefyt konsert fia in livestream freedtejûn. In de nacht fan sneon op snein koene minsken ôfstimme op in DJ -set troch Emiel de Hûnekop. Sa’n 3000 minsken folgen de set ‘live’.

 

“We hopen dat de culturele instellingen in Fryslân mee willen doen.”

 

“Ja, Wiebe diende zich aan, dat was mooi. We moeten nog een beetje uitzoeken hoe het allemaal werkt,” seit Sjoerd Bootsma. It konsert op freedtejân waard tige goed besjoen. De band hie der ek in benefytaksje oan ferbûn. It firtuoaze trio helle ûnder it spyljen rom 1200 euro op foar it Longfonds. “Er zijn al veel nieuwe bijdragen binnengekomen en een redactie is nu alles aan het bekijken. Verder zijn ook best wel wat mensen bezig met nieuwe dingen, speciaal hiervoor, maar daar kan ik op dit moment nog niets over zeggen. We kijken deze week eerst hoe het gaat. We hopen dat de culturele instellingen in Fryslân mee willen doen.”

Bootsma neamd ûnder oaren Omrop Fryslân, it Frysk Filmargyf en it Histoarysk Sintrum. Fierder hopet de organisaasje dat selskippen en festivals meidogge. Nije bylden, of nijsgjirrich argyfmateriaal, alle bydragen binne wolkom. “We willen er een grote huiskamer voor Fryslân van maken.”

Lju kinne harren fideo’s via Wetransfer stjoere nei content@lf2028.eu. De redaksje besjocht it materiaal en oft it geskikt is om op it poadium te programmearjen.

Het bericht LF2028 begjint digitale hûskeamer foar Fryslân verscheen eerst op de Moanne.

Viewing all 1722 articles
Browse latest View live