De webstek en web-app tiidwurden.frl fiere in kreas rekôr, mei tank oan alle ynstjoeringen fan webstekbesikers. Der binne no 15.000 Fryske tiidwurden mei oersetting opnommen.
Fan bliereagje oant bepopkje en fan skûltsjeblinkboartsje oant briefkefrije. In ymposant byld fan ús moaie taal!
Foar dizze gelegenheid is op tiidwurden.frl in spesjale side makke mei statistyk. Dêr kinne tiidwurden grafysk besjoen wurde; ûnder oare by letter, lingte, lûd en aksintteken. Bygelyks: wat is it langste tiidwurd en hoe faak komt in lûd mei kapke foar?
Op nei de folgjende mylpeal: nije tiidwurden binne fansels wolkom!
Het bericht Mylpeal fan 15.000 tiidwurden is berikt! verscheen eerst op de Moanne.