BERT DE JONG –
Literêre en kulturele Selskippen hawwe wat in âldfrinzich karakter en sa de tiid net mei. Foar it Obe Postma Selskip wie al twa kear de útfeart regele, mar mei oar bloed is der allegear nij libben. It wurk fan de dichter en wittenskipper Obe Postma past krekt hiel goed yn de moderne tiid, sa wol it Selskip bewize.
Om it wurk fan Obe Postma ek hjoeddedei yn it omtinken te bringen, is der sûnt 2006 it Obe Postma Selskip. It is te tankjen oan in oprisping fan Siebren van der Zwaag, doe’t Philippus Breuker yn it tsjerkje van Skraard in lêzing hâlden hie oer it lânskip fan Obe Postma. Krekt dy ferbreedzing makke de langstme nei mear los. Njonken it rike oeuvre oan dichtwurk binne ek syn wittenskiplike stúdzjes yntrigearjend, yn it bysûnder dy nei it lânskip. Breuker, sawol as Vander Zwaag wurde dit jier troch it Selskip foar harren krewearjen yn it sintsje set.
It bestjoer fan it Obe Postma Selskip docht alle war om de dichter en wittenskipper Obe Postma (1868 – 1963) in plak te jaan yn de tiid fan no. Der falt in soad te learen fan it ynsjoch, sa’t er dat yn syn tiid al oer it fuotljocht brocht. Syn tinken oer it Fryske plattelân en it plak fan de lânbou is bygelyks de ynspiraasje foar lêzingen. It is emearitus heechlearaar Goffe Jensma dy’t op 17 oktober yn Tresoar mei wurden by in middeisbrochje de ferbiningen fan doe en no leit. Hy freget him ôf hoe’t Obe Postma yn ús tiid libbe hawwe soe. Hoe soe hy him ferhâlde ta de groeiende meartaligens fan dizze iuw? Of hoe soe hy wraksele hawwe mei de digitalisearring en sosjale media? Soe der hoe dan ek kâns wêze foar syn oeuvre?
It Obe Postma Selskip – dat de stipe hat fan likernôch 75 leden – is nij libben ynblaasd, nei’t sawol yn 2018 as yn 2021 in stokje stutsen waard foar it foarnimmen fan it bestjoer om definityf in punt te setten. It seach gjin ljocht yn de takomst. Of oars steld: yn de foargeande jierren fan it selskip wie eins alles wol sein en skreaun. Hiel konkreet binne de risseltaten in grut tal lêzingen, mar ek nije útjeften, lykas de trijetalige Selected Poems mei poezij fan de dichter yn it Frysk, Ingelsk en Dútsk.
En fansels de mânske útjefte oer Obe Postma In libben dat bloeide nei syn aard fan Tineke Steenmeijer en Geart van der Meer yn 2017 en as kroan op alle arbeidzjen de ultime Obe-biografy Dreaun fan ierde dream, fan de hân fan Philippus Breuker. Soks wie passend by it betinken fan it 150ste bertejier fan Obe Postma yn 2018 en foel ek moai tegearre mei de festiviteiten fan Kulturele Haadstêd yn dat jier. It is in moai postúm earbewiis dat doe it paviljoen fan it lân fan taal by de Oldehove yn Ljouwert de namme Obe meikrige.
‘Der binne net safolle minsken dy’t by de namme Obe daliks tinke oan de dichter Obe Postma’, relativearret Rimmer Mulder. Hy is skriuwer fan it nije bestjoer dat sûnt 2021 by it Obe Postma Selskip prikken yn it wurk set om in relevante betsjutting te jaan. It is net allinnich weromsjen op it wurk fan harren nammejower, mar ek foaral foarútsjen. ‘Foar ús giet it om hoe’t it tinken fan Obe Postma yn dizze tiid fan betsjutting wêze kin. Der binne safolle fasetten dy’t fan wearde binne.’
Yn it bestjoer is Lútsen Kooistra foarsitter. Obe Postma silliger hat de âld-haadredakteuren fan Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant op harren âlde dei byïnoar brocht om mei it selskip in nije takomst oan te gean troch ek in poadium foar debat te wêzen, krekt yn in tiid dat oare ferneamde selskippen as it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse om in luchje gean. Lêzingen as fan Goffe Jensma of earder oer Fryske kultuer mei âld-deputearre Johanneke Liemburg en âld-museum-direkteur Geart de Vries binne tsjûgen fan de nije koers.
Bert de Jong is sjoernalist
Het bericht Obe Postma Selskip bringt dichter yn de tiid fan no verscheen eerst op de Moanne.