BERT DE JONG –
Fryslân hat in grutte skiednis en dy is no foar de jongerein beskreaun yn in hiel tagonklik skiednisboek: Vet Oud! Fryslân. Oars as oars is it boek mei tweintich ferhalen yn it Frysk skreaun. Sa is it sawol goed foar it yn it omtinken bringen fan de histoarje fan Fryslân as foar de befoardering fan de Fryske taal. De skiednisdosinten Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld hawwe harren dream realisearre.
It resept is eins simpel neffens Zuiderveld: bring it ferhaal werom yn de klasse. Ferhalen fertelle betsjut de fantasij prikkelje. It soarget foar magy, sa wit hy út ûnderfining. Yn de Vet oud!-rige ûntdekke de pubers it ferline troch de eagen fan leeftydsgenoaten. Sa leare se oer de Fikingen, mar ek oer de helden fan de Alvestêdetocht. It boek leart oer de Midsiuwen dat Fryslân in machtich ryk wie en oer in provinsje mei in eigen kultuer en in eigen taal. It boek hat foar de Afûk ek de ynspiraasje west foar it meitsjen fan de lesmetoade Fet Ald foar it ûnderwiis.
Twa jonge, bluisterige en krityske skiednisdosinten hawwe yn 2012 goud yn hannen, sa docht letter bliken. Harren oertsjûging is dat skiednis yn de foarm fan oansprekkende ferhalen oan de jongerein presintearre wurde moat. Se geane oan de slach en ta harren grutte fernuvering wurdt de útjefte in grut sukses. Meiïnoar binne der fan it earste diel fan de rige Vet Oud oer de Nederlânske skiednis likernôch fyftjintûzen boeken ferkocht.
In fantastysk risseltaat, seit Martien Elema fan Xander Uitgevers. Mei stipe fan de provinsje Fryslân hat dizze útjower it alhiel Frysktalige seisde diel útbrocht, yn in beskieden oplage fan twatûzen eksimplaren. Eins wie it doel om tagelyk ek de Nederlânsktalige ferzje te presintearjen. Dat foarnimmen is ynlutsen omdat de útjower tinkt dat it lân te lyts is foar in jeugdboek oer de Fryske skiednis. It soe te min boekeferkeap opsmite.
Eins is it raar, want it Nederlânsktalige manuskript leit klear om printe te wurden, mei ynbegryp fan de prachtige yllustraasjes fan Richard van de Pol. Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld fine it geweldich dat harren boek no yn it Frysk yn de boekhannels leit en tagelyk moai ark is foar skiednisdosinten yn de klassen fan it basis- en fuortset ûnderwiis. Mar harren ferhalen oer de Fryske skiednis binne fansels ek nijsgjirrich foar alle oare skoalbern as dy’t it Frysk machtich binne. De skriuwers dogge no alle war om dochs noch ta in Nederlânske útjefte te kommen: ‘Wy binne der klear foar.’
Ypie Boersma soe it der ek graach fan kommen sjen dat it boek mei ferhalen oer Fryske helden en oer gewoane Fryske minsken ek yn it Nederlânsk beskikber komt. Hja hat by de provinsje Fryslân sa’n fiif jier ferlyn de earste prikken yn it wurk setten om mear te dwaan foar goed skiednisûnderwiis yn it Frysk en oer de Fryske regio. It wie in krityske rapportaazje fan de Ried fan Europa oer de beskerming fan nasjonale minderheden dy’t in stimulâns wie om yn aksje te kommen.
De oanrekommandaasjes om foar it skiednisûnderwiis yn Fryslân mear en nijer materiaal foar de skoallen te meitsjen klonken as muzyk yn de earen fan de twa skiednisdosinten. Alhiel by Aant Jelle Soepboer, oars leafhawwer fan net te missen metalrock mar ek linich politikus foar de FNP en o sa warber foar taal en it Frysk yn it bysûnder.
‘Wy moatte oppasse dat soks net bart mei it Frysk. Wês der wach op!’
By de boekpresintaasje fan Vet Oud! Fryslân yn de histoaryske Steateseal fan it Provinsjehûs wie er net allinnich skriuwer, mar gie er ek fol op it oargel oer it belang fan de eigen memmetaal. It begjint neffens Soepboer al op de skoallen mei in pear oerkes Frysk en de eangst dat bern in soartemint halffabrikaat wurde mei Frysk en Nederlânsk trochinoar. Harstikke dom en ûnnoazel, is syn oardiel yn wurden.
It is gjin tafal dat Kneppelfreed in plak hat yn it skiednisboek foar de jongerein om dêrmei de klam te lizzen op de betsjutting fan it brûken fan de eigen taal. De krêft fan ferhalen is grutter as de krêft fan in swurd, seit de Fryske taalstrider. Mei kabaretier Herman Finkers hat hy oan it harsensskrabjen west oer it Twintske dialekt. It is der op stjerren nei dea, no’t it op strjitte amper sprutsen wurdt. ‘Wy moatte oppasse dat soks net bart mei it Frysk. Wês der wach op!’
Bert de Jong is sjoernalist
Fotobyskrift: Yn de Steateseal sinjearje de skriuwers Richard Zuiderveld en Aant Jelle Soepboer harren Frysktalige skiednisboek Vet Oud! Fryslân.
Het bericht Jongerein krijt magy fan Fryske skiednis verscheen eerst op de Moanne.