De foarstelling Rozige Maanvissen komt deroan. De ôfûne wiken hawwe dichter Sytse Jansma mei Johannes Terpstra (marimba, slachwurk) en Sietske Trinks (saks) tiid bestege om te ûndersykjen en te eksperimentearjen om te sjen hoe’t poëzy út de lyknammige bondel op it poadium wurkje kin. Se hawwe besteande muzykstikken útsocht, nije stikken skreaun en ymprovisearre om te sjen hoe dy twa dissiplines elkoar fersterkje kinne. Underwilens is der ek in poadiumbyld makke en is it regisearre ta in gehiel. Se wolle no graach de útkomsten fan it makproses mei it publyk diele.
Rozige maanvissen is in ynterdisiplinêre foarstelling oer rou. In oangripende syktocht nei treast, akseptaasje en it libben. Frije ymprofisaasjes wurde ôfwiksele mei libbendige tango’s en serene koraalmelodieën. In foarstelling wêrby klanken fan marimba, slachwurk en saksofoan gearsmelte mei poëzy op in manier dat se nije perspektiven biede op in swier beladen ûnderwerp as de dea.
Dizze produksje is in gearwurking tusken Noorderwind Muziekproducties en dichter Sytse Jansma. De gedichten yn de foarstelling komme út de gelyknammige dichtbondel Rozige maanvissen fan dichter Sytse Jansma. Dizze bondel is bekroand mei de C. Buddingh’-prijs foar it bêste Nederlânsktalige debút fan 2024.
De makkers hawwe der foar keazen om dizze foarstelling yn fasen te ûntwikkeljen. Dêrom spylje se de foarstelling no earst trije kear, nammentlik:
Fabuch, Galhoeke 8, Koartehimmen (try-out) 10 novimber, 20.00 oere
Theater Sneek, Snits 12 novimber, 13.30 oere
Explore the North, Ljouwert 24 novimber, 17.00 oere
Mear ynfo
Sjoch: sytsejansma.nl en noorderwindmuziekproducties.nl
Het bericht Foarstelling ‘Rozige Maanvissen’ komt deroan! verscheen eerst op de Moanne.