Tsjerk Bottema is de nije einredakteur foar ‘de Moanne’ wurden! Hy yntrodusearret himsels mei in koart ferhaal:
Krúspunt
Ofswaaiend einredakteur Tialda skreau it al yn har ôfskiedswurdsje: de Moanne is in prachtich blêd, en it is echt pree dat Fryslân oer sa’n meartalich tydskrift beskikke kin, in algemien-kultureel opinyblêd, dat tagelyk in poadium is foar kultuer en keunst yn Fryslân is, yn de breedste sin fan it wurd. Dêrmei stiet De Moanne yn in tradysje, fan blêden lykas Frysk en Frij, De Strikel en net te ferjitten Trotwaer.
Ik wol Tialda graach foar har ynset betankje de ôfrûne jierren. Sy hat it blêd mei makke ta wat it no is. Ik nim it stokje graach fan har oer as einredakteur; dêrmei komt dochs in bytsje in dream út. As jonkje siet ik al yn ‘e redaksje fan ‘e skoalkrante, en dêrnei fan de Cantecleer (ja, ferneamd nei dy markys fan Toonder), it doetiidske blêd fan de stúdzje Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins.
De Moanne is net nij foar my. Mei in soad wille haw ik de ôfrûne jierren in bydrage levere oan it blêd. Ik bin in abonnee fan it earste oere. Doe’t ik it blêd yn 2002 foar it earst yn hannen krige, die it my suver tinken oan in soarte fan Fryske Vrij Nederland, mei it Trotwaerkatern as de Republiek der Letteren. Soks wie der noch net yn it Frysk, en no wol!
Alhoewol’t ik in blau moandei sjoernalistyk studearre, en dêr al gau op ôfknapte, ûntduts ik troch de Moanne dat ik graach fraachpetearen ôfnim, bygelyks mei trekfûgelekolooch Theunis Piersma, of de Saûdysk-Dútske skriuwster Rasha Khayat.
Ik hâld dan ek fan tydskriften. It leafst lis ik der thús steapels fan oan, al is myn frou Joana dêr minder bliid mei. Earst blêderje ik nei dy fêste rubryk, om dan in stik tsjin te kommen dêr’t ik net nei op ‘e syk wie, mar wol yn hingjen bliuw. Op fakânsje nim ik der leafst ek in stikmannich mei foar ûnderweis, lykas no, no’t wy kryst en âld en nij yn Portugal trochbringe. Al betsjut dat ekstra kilo’s koffer en swiere hânbagaazje.
Dat wurdt net troch elkenien begrepen. Tydskriften yn fysike foarm hawwe it dreech. Rûnom nimme de oantallen abonnees ôf, wylst produksjekosten net leger wurde. Dat jildt einlik foar alle skreaune media, oft it no om literêre tydskriften, opinyblêden of kranten giet. Wêrom noch betelje foar papier, wylst jo digitaal faak fergees ek oan de ynformaasje komme kinne dy’t jo sykje?
Mei de Moanne steane wy ek op in krúspunt. Foar ‘herijken’ is net in moaie Fryske oersetting te finen, mar wy moatte it al dwaan, de ferhâlding tusken de Moanne online, yn print en live op ‘e nij besjen. En dat dogge wy. Dêrom sette wy tenei mear yn op ferskining online en digitaal, en komt de Moanne fysyk yn alle gefallen elk fearnsjier út. Foar tydskriftfetisjisten lykas ûnderskreaune is dat faaks spitich, mar it jout ek kânsen, lykas ús haadredakteur Amarins al skreau yn har foaropwurd fan dizze nijsbrief. Kânsen foar webside en nijsbrief, foar sichtberens op ‘e social media, de mooglikheid om wat tichter op de aktualiteit te sitten, op wat der bart yn it fjild, om ek nije doelgroepen oan te boarjen, en om ek in kweekfiver te wêzen foar jong talint.
Dêrom fyn ik it moai om krekt op dit krúspunt yn te stappen, en yn ‘e mande mei jim, lêzers, skriuwers, redaksje en meiwurkers, de folgjende stappen te setten, om der mei elkoar foar te soargjen dat de Moanne dat moaie poadium bliuwt, fysyk, digitaal en real live, op festival of evenemint.
Mar earst winskje ik jim allegearre moaie dagen en in hiel goed útein ta mei elkoar,
Graach oant sjen yn 2025,
Tsjerk Bottema.
Het bericht Tsjerk Bottema nije einredakteur ‘de Moanne’ verscheen eerst op de Moanne.