Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all articles
Browse latest Browse all 1690

Tialda Hoogeveen nimt ôfskied fan ‘de Moanne’

$
0
0

Tialda Hoogeveen nimt nei fjouwer jier ôfskied as einredakteur fan ‘de Moanne’.  Dat docht se mei in ‘wêrom’ en in weromblik:

Ofswaaie

Ik swaai ôf by ‘de Moanne’. Net omdat ik it net mear leuk fyn, beslist net. It is in prachtich blêd, en it is enoarme lúkse dat wy as provinsje in tydskrift hawwe dat folslein oer keunst en kultuer giet en dêr’t ús minderheidstaal Frysk sa’n goed plak yn krijt. Ynhâldlik haw ik it altyd hiel nijsgjirrich fûn om as einredakteur foar ‘de Moanne’ te wurkjen; ik bin in grutte keunst- en kultuerfretter en fûn it hiel moai om mei de noas oeral boppe op te sitten.

Keunsters in poadium biede, it kontakt mei de skriuwers, fotografen en oare makkers, lykas yllustratoaren, de gearwurking mei de redaksje, dy’t ús altyd fan ried en died foarseagen. En dan sjen hoe’t alles by elkoar komt by de foarmjouwers fan BW H Ontwerpers, dêr’t de magy plak fynt. Ik fûn it allegearre like moai.

De aldermoaiste? In pear edysjes sprongen der foar my út. De Dada-special, nei oanlieding fan 100 jier Kurt Schwitters yn Dr8888. De lykweardigensedysje, mei einlings mear oandacht foar minsken fan kleur. De taalspecial, mei it wite omslach. In knypeach nei ‘the White album’ fan the Beatles, yn braille stie ‘de moanne’ op it omslach skreaun. O, en de bernemoannes fansels! In stream fan kreativiteit wie dat.

Nee, neat mis mei ‘de Moanne’!

Wêrom’t ik dan wol fuortgean? Gewoan, omdat ik nijsgjirrich bin nei alles efter de hoarizon. En ‘de Moanne’? Dy giet gewoan fierder, mei myn opfolger Tsjerk Bottema, marketeer Thea van der Schaaf en ús haadredakteur Amarins Geveke.

Keunst ferbynt ús mei elkoar en mei it ferline. Ik bliuw dêrom ‘de Moanne’ stypjen, want noch ris: wat in lúkse dat wy sa’n blêd hawwe foar ien fan de moaiste aspekten fan it libben: de keunst.

Graach oant sjen!

Tialda Hoogeveen

Foto: Natalia Balanina

Het bericht Tialda Hoogeveen nimt ôfskied fan ‘de Moanne’ verscheen eerst op de Moanne.


Viewing all articles
Browse latest Browse all 1690