Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all 1712 articles
Browse latest View live

Jeugdsentiment dat een generatie overslaat

$
0
0

ARJAN HUT – 

Op zijn ligfiets ‘Grutte Grize’ koerste fotograaf Sipco Feenstra de afgelopen jaren door de provincie op zoek naar ‘it oare Fryslân’. Hij richtte zijn speciale aandacht daarbij op de naoorlogse architectuur, de huizen van de wederopbouw, en hun bewoners. Het resultaat is nog tot 20 november te bekijken in de grote zaal van Tresoar.

“Na de oorlog moest er veel gebouwd worden,” vertelt de in 1992 aan Minerva afgestudeerde Feenstra. Hij staat met zijn fiets naast de weg in Kollum, maar heeft wel even tijd om de Moanne te woord te staan. “Ik heb mij voor deze foto’s vooral gericht op de huizen die gebouwd zijn tussen 1946 tot 1959. Daarna veranderde er veel, door de ‘gasbel’ was de periode van de wederopbouw eigenlijk voorbij en werd het allemaal luxer en diverser.”

 

“Misschien was het goedkoper om met straatstenen te bouwen, zoals dat huis in Berltsum. Toen ik daarvan een foto nam, werd het net wit geschilderd. Als je goed kijkt lijken het wel kloostermoppen.”

 

De opdracht kwam oorspronkelijk van de gemeente Tytsjerksteradiel. “Maar die hadden er verder geen budget voor. Dus toen heb ik gezegd: ‘Goed, jullie mogen de foto’s wel hebben dan, maar niet gebruiken'”, lacht hij. Dat ging niet door, maar de teerling was geworpen. In Burgum aan de Prins Bernhardstraat werd net met een grote grijper een woning uit de wederopbouwperiode gesloopt. “Daar liep ik toevallig tegenaan. Heb een foto geknipt, even later was de woning helemaal weg.”

Uiteindelijk kwam Feenstra bij Tresoar terecht en hij is vol lof over de medewerkers, die hij professioneel en betrokken noemt. Ook het feit dat zijn werk straks in de archieven van Tresoar op de Boterhoek terechtkomen, is hij blij mee. “Tot groot genoegen van mij èn mijn vrouw”, zegt hij met een knipoog. “De afgelopen twee jaar heb ik veel materiaal verzameld. Niet alles wordt geëxposeerd, ik heb streng moeten selecteren en heel wat darlings moeten killen

Veel mensen vinden de wederopbouw-architectuur weinig bijzonder, of zelfs lelijk, maar de fietsende fotograaf denkt daar anders over. Met liefde vertelt hij over rooie daken, praktische ruimtes, de meubels die daar vroeger bij hoorden, de namen van hun architecten en ontwerpers. “Raar eigenlijk, het is een soort sentiment, een melancholisch verlangen, niet naar je eigen jeugd, maar naar de tijd van een generatie eerder. Een jeugdsentiment dat een halve generatie overslaat.”

“Ik ben de Fries die in de toekomst springt!” klinkt het enthousiast als ik hem vraag in wat voor een huis hij zelf opgroeide. Even begrijp ik hem niet, tot hij de naam van Huub Mous laat vallen. Het is niemand minder dan een piepjonge Sipco die zijn teen in een pierenbadje steekt op de omslagfoto van Mous zijn standaardwerk over het postmodernisme in Friesland tijdens de jaren 60. Het waren duidelijk de jaren van na de gasbel. “Een zwembad in de tuin, haha!”

“Sommige huizen werden niet van persbakstenen maar van straatstenen gemaakt,” verduidelijkt Feenstra, die soms aan de hoek van het dak kan zien of een huis al dan niet voor of na de oorlog ontworpen is. “Misschien was het goedkoper om met straatstenen te bouwen, zoals dat huis in Berltsum. Toen ik daarvan een foto nam, werd het net wit geschilderd. Als je goed kijkt lijken het wel kloostermoppen.”

Over het algemeen vonden bewoners het leuk of zelfs een eer gefotografeerd te worden. Zo zie je een jongen met een aardappelhandeltje in Blija, die trots poseert, met zijn zwangere vriendin achter hem in de deuropening. Maar niet iedereen vertrouwde de vreemdeling met de ligfiets zomaar. “Sommigen waren in het begin heel argwanend. Dat zie je ook op sommige foto’s terug. Er was iemand die vanachter een gesloten deur vroeg om mijn paspoort. Nou dan push ik wel even, dan gaat dat paspoort heen en weer door de brievenbus!”

Misschien komt er nog een boek van, Feenstra heeft in ieder geval een flink archief opgebouwd. “Dan moet ik me misschien meer op één plek concentreren, een wijk in Leeuwarden, zoiets. Een uitgever moet het aan een publiek koppelen.” Hij klinkt weinig hoopvol, al staat dat zijn interesse in het onderwerp bepaald niet in de weg. Sterker nog, ondanks dat de expositie er al is, gaat de zoektocht gewoon door. “Vanmorgen nog, hier in Kollum, dan staat iemand in de tuin voor zijn huis … een perfecte compositie. Dat laat ik dan niet liggen …”

 

De eksposysje ‘Op syk nei it oare Fryslân‘ is dizze wike noch te sjen yn Tresoar.

Het bericht Jeugdsentiment dat een generatie overslaat verscheen eerst op de Moanne.


Nûmer 6

$
0
0

De Lêzende Mins, Souche Hof
Redaksjoneel
Ynhâldsopjefte
Karen Bies, Ponsjo,
Geart Tigchelaar, De Obe
It bêste fan deMoanne.nl
Portfolio Janne Martens
Peter de Ruyter, De lânskipspine foarby
Aggie van der Meer, Swarte Ruters
R.R. van der Leest, Moarnskuier
Explore the North 2016
Programma Explore the North
Karen Bies, Stichting Hobbyrock, Voor allround denkers
Jacob Haagsma, Terry Riley in C, Muzyk foar de mienskip
Marieke Vinckers, Ziedaar! Op dat podium
Niels Lahuis, It ûnderbewustwêzen fan The Black Atlantic
Kesanova Romantica & The art of love
Rob Leemhuis, Islam Chipsy, Muziek als een dolle taxirit
Janine Meijer, Chantal Acda: Ik heb mijn angsten achter me gelaten
Nynke van der Zee, Willem Schoorstra: Ik bin in optimistyske misantroop
Eelco Venema, HOMSK: So happy together
Jannewietske de Vries, Disruptyf

 

 

Dizze spesjale Explore the North-útjefte sil in wike foar’t it festival fan start giet by de abonnees op ’e matte lizze. Sjoch op www.explore-the-north.nl foar kaarten foar it festival dat holden wurde sil op 25 en 26 novimber rûnom yn de stêd Ljouwert.

In abonnemint op de Moanne kostet €40,00 jiers (bûtenlân €50,00). Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato. In proefabonnemint foar twa nûmers kostet €10,00. In los eksimplaar fan de Moanne kostet €6,50.

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,00 stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Binne jo stiper fan de Afûk, Tresoar of de Fryske Akademy? Nim dan in abonnemint tjsin in redusearre taryf. Om fan dizze regeling gebrûk te meitsjen, nimme jo kontakt op mei ien fan krektneamde ynstellings. Hawwe jo oars noch fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Het bericht Nûmer 6 verscheen eerst op de Moanne.

Spesjale Explore the North-edysje fan ‘de Moanne’

$
0
0

It poadium foar keunst en kultuer yn Fryslân, de Moanne, en Explore the North wurkje gear yn oanrin nei it festival dat dit jier wêze sil op 25 en 26 novimber yn de binnenstêd fan Ljouwert. Foarôfgeand oan it festival ferskynt der in spesjale edysje fan de Moanne dy’t folslein yn it teken stiet fan Explore the North. Dizze spesjale útjefte sil in wike foar’t it festival fan start giet by de abonnees op ’e matte lizze.

Yn dizze spesjale edysje fan de Moanne bydragen oer Terry Riley in C troch it NNO, de Stichting Hobbyrock, de skriuwers Joost Oomen en Marleen Nagtegaal, The Black Atlantic fan Geert van der Velde, Rob Leemhuis oer Islam Chipsy, Chantal Acda, in ynterview mei skriuwer Willem Schoorstra, de teaterfoarstelling fan HOMSK: ‘So happy together’ en noch folle mear.

de Moanne ferskynt 7 kear yn it jier en wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en beskôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten, en lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ek live-moetings.

Explore the North fynt plak yn Ljouwert op 25 en 26 novimber. De histoaryske binnenstêd wurdt brûkt as poadium foar muzyk, literatuer, byldzjende keunst en mear. Passepartouts kostje €35,00, in deikaart foar freeds kostet €12,50, in deikaart foar de sneons kostet €27,50. Bestelle kin fia: www.explore-the-north.nl.

 

Oer Explore the North

Explore the North is in breed, leechdrompelich winterfestival dat de prachtige histoaryske binnenstêd fan Ljouwert as poadium brûkt foar de presintaasje fan muzyk, literatuer, byldzjende keunst, teater en oare keunstfoarmen. It programma is foar in part ynternasjonaal, lokaal en yn it bêste gefal in kombinaasje fan beide.

It festival presintearret spannende artysten, fasilitearret de ûntwikkelingsmooglikheden fan nije projekten en artysten en inisjearret sels multydissiplinêre gearwurkingsprojekten. Dêrby siket Explore the North nei it moaiste dat it kulturele libben yn it moderne Fryslân te bieden hat en noeget it festival dêrby in grut tal ynternasjonale gasten út.

Het bericht Spesjale Explore the North-edysje fan ‘de Moanne’ verscheen eerst op de Moanne.

Hearlik keukentafelpetear oer ‘De wierheid fan Wylgeragea’

$
0
0

HENK VAN DER VEER – 

Op 23 en 24 novimber spilet Tryater yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De wierheid fan Wylgeargea‘. Ofrûne moandeitejûn wie der yn Lewinski, it kulinêr poadium fan Snits, in keuktafelpetear oer it stik. Stella van Gent, wethâlder SWF, interviewde op treflike wize skriuwer Kees Roorda.

Dat Tryater fragen nijsgjirriger fynt as antwurden mei bekind wêze en dat de Moanne in breed en kreatyf poadium biede wol foar aktuele en skôgjende bijdragen oer kultuur en de kunsten kaam moandeitejûn hielendal nei foaren.

 

De suggestje om dan Tryater mar nei de Noarderhoekers ta te bringen waard troch wethâlder Van Gent meiien omearme: ‘Een prima idee, ik ga mij daar in ieder geval sterk voor maken!’

 

Kees Roorda fertelde dat hij al yn 1999 koart nei de reboelje om de moard op Marianne Vaatstra en it AZC yn Kollum mei it idee kaam om in stik as ‘De wierheid fan Wylgeragea’ te skriuwen. Yn feite giet it stik oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissens. Oer aktualiteit sprutsen, sjoen de ferkiezings yn de States en de Swarte Pyt-diskusjes.

Roorda makke dúdelik dat syn stik net spesifyk oer Kollum giet, wat dêr doe barde miskyn wol de oanlieding foar him wie om sa’n stik as ‘De wierheid fan Wylgeragea’ te skriuwen mar dat de tematyk folle universeler is. Neffens Roorda komt der blykber in soarte fan mechanisme op gong dat oeral en rûnom yn wurking treedt at de feiligens fan de mienskip yn’e knipe komt. It stik is dan ek perfoarst gjin oanklacht tsjin it lyts boargelike fan buurtbewenners dy’t har fersette tsjin de komt fan in asylsikerssintrum. Somtiden is de eigen rûnte, de eigen mienskip, de eigen wenwyk of it eigen doarp wichtiger as de wierheid.

Roorda en Tryater hoopje mei it stik te berikken dat minsken nuânsearder tsjin bygelyks de problematyk fan asylsikers en alles wat der mei te krijen hat oansjogge. Omdat it stik dus in unverseel karakter hat, wie it sa nijsgjirrich dat moandeitejûn it plak Kollum feroare waard ta Snits. Want ek yn dizze stêd spilet de komst fan it AZC.

 

Tryater moat nei de minsken
Op in fraach út it publyk of Tryater de doelgroep wol berikt dy’t se berikke wolle, neitocht hie. Yn konkreto, ‘komme de Noarderhoekbewenners wol nei Tryater ta at se it stik spylje?’ De oanwêzige (âld-) Noarderhoekers joegen sels it antwurd al: ‘Nee!’.

De suggestje om dan Tryater mar nei de Noarderhoekers ta te bringen waard troch wethâlder Van Gent meiien omearme: ‘Een prima idee, ik ga mij daar in ieder geval sterk voor maken!’

En skriuwer Roorda sei ta dat hij dan grif oanwêzich wêze sil om mei de bewenners fan de folksbuurt út Snits yn diskusje te gean oer it stik. Dat direkte, dat fuortendalik feedback jaan op wat der ûnder de tafelpetearders yn Snits libbe wie it sterkte punt fan dizze jûn. Hiel pragmatys allegear.

Nijsgjirrich wie fierder dat de auteur fertelde dat hij it stik foar in part yn in eigen optochte taal skreaun hat. Nei ôfrin krige ik it tekstboekje (‘De Wouden’, Tekst # 303 fan De Nieuwe Toneelbibliotheek’) yn hânnen. Dy ‘eigen optochte taal’ fan Roorda is neffens mij neat oars as in Frysk stedsdialekt! It toanielstik fan Tryater is yn it Frysk oersetten troch Romke Toering en wurdt spile troch Lourens van den Akker, Aly Bruinsma, Eva Meijering, Lysbeth Welling en Joop Wittermans. Lêstneamde wie moandeitejûn ek ien fan de oanwêzigen.

Spesjaal foar ‘de Moanne Live’ skreau Arjan Hut it ûndersteande fers op it tema fan de foarstelling.

 

KOARSANG

Eartiids wiene wy ien wurd
út ien adem
en yn dyselde adem spatten wy
al útmekoar.

Eartiids wiene wy wurden.
Belangrike wurden, alle wurden.
Wy seine mekoar it leksum op
koene mekoar skriuwe en lêze
priuwe en sjonge
en somtiden hiene wy lûd genoch
om oer it kriten en it rûzjen
fan swarte dagen út te kommen.
Wy wiene taal en teken.

Eartiids wiene wy ien ferhaal
en dreaune ús skippen mei swalkersljocht
en koarsang de oseaan oer
op rôverstocht lâns fiere kusten.
Wy joegen de ierde en de bisten en de stjerren
harren nammen –
sa fielde it in bytsje
as hiene wy alles sels makke
en wie it allegear spesjaal foar ús.

En dan komsto, in kreakjen, in solo
as ien wurd, út ien adem
en yn dyselde adem losse wy op.
Neat om te begripen.
Net ien om dy oan fêst te klampen.

 

 

Het bericht Hearlik keukentafelpetear oer ‘De wierheid fan Wylgeragea’ verscheen eerst op de Moanne.

Ien persoan oansprekke mei ‘jim’

$
0
0

HENK WOLF – 

De kar tusken ‘do’ en ‘jo’ is soms dreech. ‘Do’ kin ûnfetsoenlik oerkomme en ‘jo’ ôfstannelik. Foar in protte minsken is de oanspraak yn de tredde persoan dan in oplossing. Sa freegje myn studinten faak: “Henk, hat Henk de toets al neisjoen?”

 

“Wom ek in pûdsje?”

 

Ik haw op it stuit mar leafst trije studintes dy’t noch in oare oansprekfoarm brûke, nammentlik ‘jim’. Dêrmei sprekke se net allinne in groepke oan, mar ek ien persoan. It giet dan altyd om ien dy’t se net kinne en dy’t se te âld fine foar ‘do’ en te jong foar ‘jo’. Se wenje allegear yn ‘e noardlike Wâlden en ha bybaantsjes yn winkels en yn in snackbar. Tsjin klanten brûke se dat ‘jim’ alle trije. Faak wurdt it dan ynkoarte, sizze se: “Wom [= wolle jim] ek in pûdsje?” Tsjin in ûnbekende dy’t se it paad freegje, soenen se ek ‘jim’ brûke.

Hast alle foarnamwurden wurde wolris brûkt as fetsoenlikheidsfoarm foar de twadde persoan iental. De tredde persoan meartal wurdt wol brûkt, bygelyks yn it Noard-Frysk fan Dútslân: “koon hi me flicht heelpe?” betsjut letterlik ‘kin hy my miskien helpe?’, mar wurdt wol brûkt foar ‘kinne jo my miskien helpe?’. De earste persoan meartal (‘wy’) kinne wy út it Nederlânske soarchjargon: “Hebben wij ons boterhammetje al op, mevrouw Jansen?” De twadde persoan meartal komt heel faak as fetsoenlikheidsfoarm foar. It Frysk ‘jo’, it Nederlânske ‘gij’ en ‘jij’ en it Ingelske ‘you’ binne allegear ûntstien ús sa’n eardere meartalsfoarm. Yn âlder Dútsk waard ‘Ihr’ (jim) ek wol brûkt as fetsoenlike oanspraak fan ien persoan. Yn modern Dútsk wurdt dêr de tredde persoan meartal (sy) foar brûkt: “Können Sie mir vielleicht helfen?” Allinne fan de earste persoan iental (ik) as fetsoenlikheidsfoarm kin ik gjin foarbylden betinke.

Het bericht Ien persoan oansprekke mei ‘jim’ verscheen eerst op de Moanne.

‘Hobbyrockers’? Yn ’t Honk yn Drylts: dêr wurdt hobbyrock makke

$
0
0

TSJOMME DIJKSTRA – 

Op in stuit komt der in âldere man mei in santich jier âlde gitaar de soos ’t Honk yn Drylts yn. De muzikanten dy’t oant it oefenjen binne, fange de man op. Lieder Jeroen Booy is gau út de ried: hy wol de man graach by syn ploech ha. “Hij speelde drie akkoorden. Dat is prima, dat is ook waar Elvis mee begon.”

In moanne as twa lyn is it trajekt hjir úteinset. In kleurrike en mingde groep muzikanten brûkt de soos as útfalsbasis om te repetearjen yn it kader fan de Rockskoalle. It idee fan de Rockskoalle – trije jier lyn begûn yn Noard-Hollân – is om hobbymuzikanten by-inoar te bringen en as groep muzyk meitsje te litten, foar publyk. Yn Drylts is it in trochslaand sukses. Yn de koartste kearen wie der yn de soos in groep fan fyftjin minsken by mekoar.

 

“Slaapkamervirtuozen zijn het eigenlijk.”

 

Wa’t entûsjast is, kin him oanslute. Teminsten, der wurdt wol earne in limyt steld oan de grutte fan de groep, warskôget Booy. Oft se no in pear gitaarakkoarden spylje kinne of sjongerfaring hawwe fan it tsjerkekoar; wichtich is dat de minsken motivearre binne om yn in koarte tiid wat moais mei in groep del te setten. ‘Hobbyrockers’, sa waarden de muzikanten inkelde wiken lyn neamd yn de Leeuwarder Courant. Dy namme soarge noch foar betizing; jo skriuwer tocht sels dat dizze groep muzikanten ein novimber as Hobbyrockers op festival Explore the North spylje soe. Oan de ein fan de moanne begjinne se nammentlik mei har koarte toer fan sa’n seis optredens, yn kafees, popsealen en fersoargingshuzen.

Nei in skoftke die lykwols bliken dat dat optreden yn de Friesche Club troch de Hobbyrockers út Grins ynfolle wurdt. It soe miskien ek in wat al te ambisjeus doel west hawwe foar de muzikanten? De groep stiet likegoed aanst wol yn it Bolwerk yn Snits. Miskien kinne se Explore the North oar jier oan. “We hebben een grote bezetting, ik hoop dat we lang doorgaan. Het brengt heel veel lol”, reagearret gitaardosint Lammert Postma út Drylts dy’t ek behelle is by it lokale inisjatyf.

De muzikanten leare yn koarte tiid mei-elkoar in tweintich tal rock- en popnûmers te spyljen. Gitarist en drummer Jeroen Booy komt elke wike út Noard-Hollân nei Drylts om de groep yn de rol fan muzikaal lieder te ynstruearjen en ta te rieden op en klearmeitsjen foar harren publyksoptredens. As it om erfaring giet, is der yn Nederlân hast gjin bettere muzykdosint te finen. As drummer siet Booy earst tolve jier by Roberto Jacketti & the Scooters en dêrnei sânentweintich jier yn The Scene, de groep dy’t yn 2014 mei frontman Thé Lau, dy’t slim siik wie, in searje ôfskiedsoptredens joech.

Booy begûn mei muzykworkshops op skoallen. “Ik kreeg op een gegeven moment de vraag of ik dat wou doen. Het stokje doorgeven. Ik begong met een heel gestructureerde les, maar op die basis ben ik niet lang doorgegaan. Een band speelt ook niet van een blaadje.”

Wat er doe foar jongerein die, docht er sûnt in skoftke ek foar de âldere muzikanten, fan yn de fjirtich, fyftich en sechstich. De muzikant hâldt der net fan om yn dit ferbân de term senioren te brûken. “Slaapkamervirtuozen zijn het eigenlijk.”

Dêr’t Booy sels eins ek fan jongs ôf oan foar publyk spile, hat er no dus te krijen mei minsken dy’t aanst wat dwaan moatte dat se nea earder dien ha. Booy: “Ik heb in de bands een tournee door de Oostbloklanden gedaan en we hebben overal in Italië gespeeld. We hebben op podia voor duizenden man gespeeld. Maar met het publiek vlak voor je, dat is toch het spannendst.” Foar sjongeres Astrid Postma is it hielendal nij. Oft se it aanst oandoart, se kin it har noch net goed ynfiele. “Ik heb een les gehad, dus het is nog te vroeg om er iets over te zeggen. Wel heb ik vroeger met dans voor publiek opgetreden. We zien wel hoe het gaat.”

Der leit in hiele útdaging om de groep hobbymuzikanten yn in pear wiken ta te rieden op in toer. Fyftjin hiel ferskillende minsken dy’t yn deselde romte brocht wurde. Hoe bringe je dy op itselde spoar? Dat begjint mei goeie ôfspraken, seit Booy. “Het moest meteen helder zijn we met elkaar zouden willen gaan doen. We bakken het in vijftien repetities. Dat was meteen duidelijk, dat we vijftien repetities en zes concerten zouden gaan doen.”

Allegear hawwe de muzikanten grif ek har eigen muzyksmaak. Booy makket dêrom de spyllist, dan komt dêr ek gjin gedoch oer. “Sommigen zouden nooit hebben gedacht dat ze ooit iets van Red Hot Chilli Peppers zouden spelen of dat ze muziek van Elvis spelen.” Booy stiet der net allinnich foar. Mei de administatieve kanten wurdt Booy bystien troch Eveline de Wit en sjongeres Karin Stam assistearret foar it sjongen. Booy: “Het is de bedoeling dat iedereen straks een nummer heeft om te shinen.”

Het bericht ‘Hobbyrockers’? Yn ’t Honk yn Drylts: dêr wurdt hobbyrock makke verscheen eerst op de Moanne.

Stijl

$
0
0

BAUKE TUINSTRA – 

In een artikel in de NRC van 21 oktober 2016 gaat architectuurcriticus Bernard Hulsman in op de populariteit van de jaren-dertighuizen en daarmee de jaren-dertigarchitectuur. Al 25 jaar is deze architectuurstijl populair. Hiervoor heeft Hulsman een plausibele verklaring: ‘De populariteit van de jaren-dertigstijl is niet moeilijk te verklaren: het is de laatste huiselijke, rijke architectuurstijl die de twintigste eeuw heeft opgeleverd.’ Dat brengt evenwel de vraag naar voren: wat zal later eigenlijk gezien worden als de architectuurstijl van de jaren tien?

 

Wat zal later eigenlijk gezien worden als de architectuurstijl van de jaren tien?

 

Verschillende decennia hebben een eigen en herkenbare architectuur. Bij jaren-zeventigarchitectuur komen bloemkoolwijken met veelvormige woningen met geelbruin metselwerk, bruine houten kozijnen en kappen en kapjes met donkergrijze betonpannen in beeld. In de jaren zestig waren er wijken met stempelplannen met flats en lange blokken gelijkvormige woningen.

De jaren vijftig, de periode van de wederopbouw, was de tijd van de Delftse School, met traditionele woningen in rood metselwerk, witte houten kozijnen keramische rode pannen. Ook de stedenbouw was traditioneel; gesloten bouwblokken vormden samen op een hiërarchische wijze straten en pleinen.

Die kenmerkende stijl is dan wel de stijl die het beeld van een tijdperk bepaald, maar wel altijd naast andere architectuurstijlen. Het idee dat elke periode een algemeen gedragen architectuurstijl had doet geen recht aan de harde strijd die vaak tussen architecten werd gevoerd.

In de heroïsche tijd van de modernistische architectuur, in de jaren twintig, werd nadrukkelijk afstand genomen van de traditionele architectuur. Ook na de oorlog ging deze tweespalt tussen architecten door. Eerst hadden de traditionalisten de overhand, met bijvoorbeeld de bouw van de dorpen in de Noordoostpolder in een traditionele opzet, maar later kregen de modernisten de overhand. Nagele, ook in de Noordoostpolder, is hiervan een prachtig voorbeeld.

De keuze voor een architectuurstijl was niet vrijblijvend. De keus was onlosmakelijk verbonden met de persoon van de ontwerper. Je was modernist of je was traditionalist. Modernistische architecten die later in hun carrière minder strikt in de leer waren, zoals Oud en Van Ravensteyn, werden door collega’s verguisd. Deze stammenstrijd is ook nu nog voelbaar, maar wordt gelukkig wel minder hard.

En wat is dan de architectuurstijl van de jaren tien? Die is er niet. Nu bestaan stijlen naast elkaar en, misschien wel opvallender, zijn er veel architecten die nu eens een heel abstract modern ontwerp kunnen maken en dan weer eens een traditionele trapgevel. En dat nog wel zonder in een identiteitscrisis te raken. Waar een stijl dus eerder onlosmakelijk aan de ontwerper was verbonden, is stijl nu meer en meer een middel dat door een ontwerper afhankelijk van de opgave kan worden ingezet. Stijl is daarmee een van de vele middelen uit de gereedschapskist van de architect geworden. Misschien wel het belangrijkste middel.

Het bericht Stijl verscheen eerst op de Moanne.

De Pennel edysje fan novimber

$
0
0

No freed komt de nije Pennel edysje út! Stjoer dyn ferhaal of gedicht yn. En wat wit wurde dyn wurden publisearre! Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets.

 

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten.

 

Lêzers fertsjinje skriuwers
Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle? De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.

Skriuwers fertsjinje lêzers
Hasto wolris wat yn it Frysk oan it papier of it byldskerm tabetroud? Tinksto der wolris oan om it op te stjoeren nei in útjouwer of sels te publisearjen? Dan soe it ynstjoeren fan dyn tekst nei de Pennel app in moaie earste stap wêze kinne. De app biedt (aspirant) skriuwers en dichters in poadium en bringt harren wurk ûnder de oandacht fan lêzers en útjouwers.

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten. De app is in ynisjatyf fan Buro KLEI, yn gearwurking mei kultureel opinyblêd de Moanne en is ta stân kommen mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.

Mear witte? Sjoch op Pennel.frl.

Het bericht De Pennel edysje fan novimber verscheen eerst op de Moanne.


It plak fan Geart Tigchelaar

$
0
0

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

De razende reporters fan ‘It plak fan…’ gean oer de grins. Nei Grins. We ha in ôfspraak mei Geart Tigchelaar, skriuwer fan ûnder oaren ‘Lúshâlding’ en ‘Bêste jonge’ en winner fan de Obe Postmapriis 2016 foar syn oersetting ‘Erik of it lyts ynsektenboek’. Nei in spannend ritsje troch de binnenstêd mei in doalhôf fan ienrjochtingsdiken berikke we it plak fan bestimming. Us ûnderwerp sit al te wachtsjen. Paul hellet kofje.

 

“Hoewo’t ik oeral ynspiraasje fyn, bin ik hjir begûn mei de oersetting fan ‘Erik of het kleine insectenboek’.”

 

Geart, wêr binne we hjir?
“We sitte hjir yn de hal fan it Grinzer treinstasjon.”

In stasjon is in plak dêr’t minsken op reis gean. Do hast koartlyn ek in reis makke.
“Ja, ik soe op de fyts in wrâldreis meitsje mar dat hat úteinlik mar fjouwer moanne duorre. Ik ha fytst troch Denemarken, Sweden nei de Noardkaap. En doe fia Finlân, de Baltyske steaten, Poalen en Dútslân werom. Hoewol’t it wat koarter wie as ik fan doel wie, hie wie it in unike ûnderfining. Ik ha in soad belibbe ûnderweis. Ik hoopje dy ûnderfiningen te brûken foar in nije roman.”

Wat makket dizze stasjonshal sa spesjaal foar dy?
“Dit stasjon, in stik moaier trouwens as dy fan Ljouwert, wie einliks it knooppunt fan myn libben yn Damwâld en Grins. Ik studearre Frysk oan de Ryksuniversiteit hjir yn Grins, mar ik wenne thús. Ik reizge alle dagen hinne en wer. Mei it fytske nei Feanwâlden en dan mei de trein. Yn dizze hal ha ik in soad wachte. En it moaie wie dat je faaks wol oan de praat kamen mei lotgenoaten. Je moetsje altyd minsken ûnderweis. Mar ik ha hjir ek in soad lêzen en skreaun.”

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ja. Ik makke fan it wachtsjen yn dizze hal in deugd. Hoewo’t ik oeral ynspiraasje fyn, bin ik hjir begûn mei de oersetting fan ‘Erik of het kleine insectenboek’.”

Hearst hjir ek muzyk?
“Ik lústere hjir nei metal en hardrock. Foaral nei bands as Machine Head. De lêste tiid ha ik mear doom metal op myn mp3-spiler. Dan ha we it oer bands as Woods of Ypres en Swallow the Sun. Somtiden lústerje ik nei oldschool punk fan NOFX, Offspring en Pennywise. Minsken sizze dat ik wat in iensidige muzyksmaak ha mar ik fyn it just hiel breed.”

Do wiest drummer by Kramtried, lústerest gjin Kramtried mear?
“Nee, eins net. Troch myn reizgerij, bin ik út de band stapt en ha sels myn drumstel ferkocht. Wa wit wol ik der letter wer wat mei dwaan.”

We nimme ôfskie fan Geart en stappe út de sintrale hal wei mei har renaissance en gotyske styl oer it wetter nei it Groninger Museum. Fan de skilderingen op it stasjon nei de doeken fan de Nieuwe Wilden. Dizze tentoanstelling fan benammen Dútske ekspressionisten út de foarige iuw lit in oare kant fan de keunst sjen: artistike frijheid sûnder kompromis. Sis mar fan it ynsekteboek nei Kramtried. Wy begripe de kar fan Geart foar it plak Grins.

Het bericht It plak fan Geart Tigchelaar verscheen eerst op de Moanne.

Untbleating portret Koos Tiemersma

$
0
0

ARJAN HUT – 

Befeiliging wie net nedich, en net ien hie wat te melden oer deadsbedrigings. Dochs waard der tongersdeitemiddei yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar in tradysje ferbrutsen. De tradysje dat fan de Gysbertwinner in portret skildere wurdt. Koos Tiemersma, bekroane foar syn roman Einum, socht net in skilder út, mar in fotograaf: Tryntsje Nauta. Der stie al in pear wiken in foto fan Tiemersma by de doar fan de seal, fan de skriuwer mei in brede glimk en in kleurige achtergrûn as sit er yn in ballebak. Dat wie dus net it offisjele portret!

 

“Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

 

“Hjoeddedei liket it wol oft binne tradysjes yn beton getten en statysk. Der mei neat oan feroarje!”, sei Tiemersma foar de offisjele ûntbleating. Sa’n fjirtich gasten en in hânfol reporters harken mei belangstelling nei de drûchkomyske yntroduksje. Oan de muorren skitteren de portretten fan eardere winners, hoewol’t der in soad replika’s hongen, want de wurken fan Sjoerd de Vries binne útliend oan Belvédère op it Hearrenfean.

Under oaren R.R.R. van der Leest, G. Willem Abma en Rink van der Velde binne ‘útfanhûs’. Han Steenbruggen, direkteur fan Museum Belvédère, kaam dêrtsjinoer spesjaal nei Ljouwert en hâlde in ynlieding mei as titel ‘Wanneer fotografie kunst wordt’. Want hoewol’t de fotografy fan elkenien in potinsjele keunstner makket, der is dochs ferskil tusken de keunst fan it tafal en it wurk dat profesjonele keunstners produsearje. Steenbruggen ferdútste dat er nei it besjen fan in Noarderlicht-eksposysje pas werklik de mooglikheden fan de fotografie yn de gaten krige. “Dat was zo anders dan de bewerkte foto’s waar ik naar keek. Heel indrukwekkend. Dit was het echte werk.”

De fotografe sels fertelde oer hoe ferrast as sy wie troch it telefoantsje fan Tresoar. “In hiele eare”, sei se, “om as earste fotograaf hjirfoar frege te wurden. En net allinne in fotograaf, mar ek noch in frou. As ik sa ris om my hinne sjoch, binne it dochs foaral manlju dy’t portrettearje en portrettearre wurde.” Wy seagen om ús hinne. Simke Kloosterman en Tiny Mulder hongen dêr tusken in legerke hearen.

“Wy hienen daliks in bân en dat is net ferwûnderlik”, knypeage Tiemersma, wylst er in kadootsje út syn stoffen Record Store Day-tas pakte, “Ik bin nammentlik troud mei in Tryntsje. En Nauta, dat is de famylje út De Ljedder.” De foto wie makke yn in metaalbewurkingsloads yn Drachten, dêr’t ek dichter en byldzjend keunster Jan Ketelaar aktyf is. Soe Tiemersma mei syn bleate bast yn in overal portrettearre wêze?

Wat Nauta oanluts ta de lokaasje wie it ljocht. Bert Looper hie it yn syn oankundiging oer seis moanne wurk, Nauta brocht dat werom nei trije dagen. De foto is makke mei in analoge kamera. Tiemersma hat trije dagen nei in itselde blokje hout sjoen om syn blik te konsintrearjen. Hy hie it by him, it siet ek yn de Record Store Day-tas. It kadootsje, dat wie in portretfoto dy’t er sels makke hie, ‘mei myn Nokia’, fan Tryntsje dy’t har ferstoppet achter de analoge kamera op in statyf. “Sjochris nei de moaie linen en hoe’t sy har skonken delset parallel oan it statyf.”

Bilker boogie-bard Hein Jaap Hilarides boude de spanning op en spile noch twa ferskes op it piano. Dêrnei wie it tiid en helje it doek foar it portret wei. Stadich kaam er dêr tefoarskyn, de tradysjebrekker, yn hjerstich metaalbewurkljocht, Froon Akker, de blik op in houtblokje bûten it sicht fan de sjogger. “Prachtich”, lústeren guon en slûpten tichterby om it yn alle detail te besjen. “Prachtich! It liket suver wol in skilderij.”

Het bericht Untbleating portret Koos Tiemersma verscheen eerst op de Moanne.

Ernst Bruinsma yn Op en út

In nije generaasje teatermakkers stiet klear

$
0
0

WENDY KENNEDY – 

Fiif nije noardlike teaterkollektiven steane klear om in plakje yn de Fryske teaterwrâld te bemachtigjen. Se hawwe harren krêften bondele yn it kollektyf STORMRAM. Op tongersdei 1 desimber presinteare se harren wurk yn De Lawei yn Drachten.

Der komme op dizze jûn allegearre foarmen foarby. Fan foarpriuwkes fan foarstellings, oant film, tekeningen en musyk. De haadfoarstelling is ‘Lone wolves blaffen niet’ fan Illustere figuren. Dat is in multimediale teaterfoarstelling oer lone wolf terrorisme. De fjouwer oare kollektiven binne: Heksenhamer, Skoft&Skiep, HOMSK en Akkers&Velden.

 

“Der is yn Fryslân in grut gat tusken de teater- en musykopliedings en it profesjonele sirkwy.”

 

“It keunstklimaat is hiel lestich’”, fertelt Raymond Muller fan Illustere Figuren, ien fan de fiif teaterkollektiven. “Foaral at je in jonge ûnbekende teatermakker binne. It is dan net maklik om der tusken te kommen by de teaterprogrammeurs. Der is yn Fryslân in grut gat tusken de teater- en musykopliedings en it profesjonele sirkwy.”

Tryater is yn dit gat sprongen. “Troch ús kânsen te jaan. Bygelyks it beskikber stellen fan repetysjeromte of in technikus, help by de pr of artistyk adfysk. Mar ek De Lawei jout ús kânsen, op 1 desimber hawwe we de frije hân. It únteinlike doel is dat we it allegearre dwaan kinne sûnder stipe.”

In nije generaasje Fryske teatermakkers komt der oan. Hoe’t se harren ûnderskiede fan de fêste teaterwrâld? Dat is in lestige fraach, fynt Raymond. “We wolle wat nijs dwaan en wat teweibringe.” As foarbyld hellet hy de foarstelling ‘Lone wolves blaffen niet’ oan. “It giet der oer oft we sels ek radikalisearje kinne. En wat is it punt dat we sels geweld brûke wolle? Dizze syktocht besykje we sjen te litten en we probeare ús publyk hjir oer nei tinke te litten.”

Adriaan Groffen fan Heksenhamer fult oan: “De gevestigde orde is gebonden aan regels, terwijl wij nog alle vrijheid hebben. Daarnaast werken bijna alle collectieven multidisciplinair en is er veel kruisbestuiving. Zo doet Thomas van Ek van Illustere Figuren de regie bij HOMSK. En Douwe Dijkstra van Heksenhamer maakt de muziek bij de voorstelling van HOMSK.”

Adriaan fertelt dat alle kollektiven elkoar probeare te helpen en dat se allegearre itselde doel hawwe: bekindheid krije. “We doen niet aan broodroof. Nu werken wij van Heksenhamer voor Illustere Figuren, want zij zijn de hoofdact. Volgende keer is dat andersom.”

 

STROMRAM, tongersdei 1 desimber 20.30 oere en De Lawei yn Drachten, priis: €16

Het bericht In nije generaasje teatermakkers stiet klear verscheen eerst op de Moanne.

Hidde Dirks Kat

$
0
0

ERNST BRUINSMA – 

Guon fan ús miene dat 2018 wichtich is omdat Ljouwert dan Kulturele Haadstêd is. Mar mogelik komt der noch in feestje oan want 2018 soe ek wolris it jier fan Hidde Dirks Kat wurde kinne. Wa seinen jo? Yn 1818 ferskynde in fassinearjend deiboek oer de skipsreis fan de Amelanner Hidde Dirks Kat nei Groenland. De titel wie: Dagboek eener reize ter walvisch- en robbenvangst gedaan in de jaren 1777 en 1778.

 

As it oan Egberta Veenhuizen en fotograaf Dolph Kessler leit, is dit noch mar it begjin.

 

Yn 2008 waard dit deiboek alris werprinte ûnder de titel De Amelander Walvisvaart en no freegje in alvetal dichters én keunstneres Egberta Veenhuizen op ’e nij oandacht foar dit sa ta de ferbylding sprekkende en oangripende deiboek. Dat docht elk troch op in fragmint út it deiboek te reagearen. Peter van Lier tekene foar de koarte ynlieding op it boekje.

Ut Fryslân dogge trije dichters mei oan it projekt: Tsead Bruinja, Anne Feddema en Bartle Laverman. De oare dichters binne: Pim te Bokkel, Hans Dekkers, Hanneke van Eijken, Annemieke Gerrist, Lucas Hüsgen, Saskia Stehouwer en Han van der Vegt.

As it oan Egberta Veenhuizen en fotograaf Dolph Kessler leit, is dit noch mar it begjin. Sy hawwe op it Amelân dit jier yn museum Sorgdrager in romte ynrjochte as ‘buro HDK 2018’ en wolle fan dêrút folle mear plannen meitsje rûnom dizze yntrigearjende man en syn net minder yntrigearjende deiboek.

 

‘Op de breuklijn van het ijs’. Foarmjouwing Kaneli & Smit. ISBN 978-90-821873-7-3. Sjoch foar de útjefte www.mauritsheech.blogspot.nl en sjoch foar it projekt www.hdk2018.nl

Het bericht Hidde Dirks Kat verscheen eerst op de Moanne.

Ivige rom

$
0
0

SJOERD BOTTEMA – 

Fan ’t simmer ferstoar de dichter Hans Vlek, tweintich jier nei it ferskinen fan syn lêste bondel. In grut part fan syn libben reizge er hinne en wer tusken ferskillende psychiatryske ynrjochtingen. Yn 2001 waard in dokumintêre oer him makke, dêr’t er him geregeld yn oerjoech oan ûnfersteanber mompeljen en tsjustere assosjaasjes. It stereotype fan de dizige dichter yn hegere sfearen. Dochs is it dyselde dichter dy’t yn ‘e sechtiger jierren heldere tagonklike fersen skreau sûnder poëtysk blabla en dichterlik abakadabra. Ferneamd is syn lofsang op de geranium:

 

Geranium, prachtige bloem

die niet mooi is, wijn

van de kruidenier, kip

tussen de vogels, sieraad

van alles wat arm en goedkoop is.

(Geranium, yn: Een warm hemd voor de winter, 1968)

 

In tema dat geregeld weromkeart yn syn iere gedichten is ‘Dichtung und Wahrheit’. Dêrby kiest Vlek altyd foar de werklikheid en hat er graach de gek mei dichterlike pretinsjes:

 

Het is tijd voor een groot

gedicht. Over liefde, oorlog,

eenzaamheid, of een prachtige

zonsopgang gezien vanuit een bootje

op het meer. Een magnifiek

alleszeggend allerlaatst

gedicht, een transplantatie

van de lezer in de dichter.

(Hoog tijd, yn: Iets eetbaars, 1966)

 

It ultime gedicht of proazawurk, dat is wêr’t elke skriuwer fan dreamt. Meastentiids stikem, want sok dreamen is in tikje begrutlik, teminsten as it earnst is. Lûdop dreame fan ivige rom kin allinne mar as de skriuwer dy ambysje presintearret as gekheid. It boadskip fan sa’n útspatting is dat we dy net serieus nimme moatte. Sa fantasearret Walter van den Broeck yn Verdwaalde post oer de ultime dichtbondel dy’t er oait noch ris skriuwe wol. Fol op it oargel, alle registers iepen. Dat levert in kostlike hyperboal op, dy’t sterk tinken docht oan in ferneamde passaazje út Nader tot U fan Gerard Reve. Ek dy stekt himsels sa ûneindich omheech dat it gjin mienens wêze kin, dat it gekheid wêze moat, de skriuwer makket himsels en syn aspiraasjes bespotlik. Ik set se hjir neist elkoar. Earst Reve, want Verdwaalde post ferskynde pas yn 1998 en Nader tot U al yn 1969.

Neen, o neen, ik mocht nimmer de hoop opgeven dat ik eenmaal datgene zou schrijven wat geschreven moest worden, maar dat nog niemand, ooit, op schrift had gesteld: het boek, alweer, dat alle boeken overbodig zou maken, en na welks voltooiing geen enkele schrijver zich meer zou hoeven af te tobben, omdat gans het mensdom, ja zelfs de gehele, thans nog in haat en angst gekluisterde natuur, verlost zou zijn.

En dan moat it moaiste en wûnderbaarlikste noch komme: God dy’t it stal fan in ezel oannimt en by de skriuwer oankloppet. “Gerard, dat boek van je – weet je dat Ik bij sommige stukken gehuild heb?” Wat dêrnei bart, wit elkenien noch wol dy’t it boek oait lêzen hat. Skande as it net sa is. Helje dan dy skea gau yn en lês dat boek.

Nader tot U wie net it ‘boek der boeken’, mar dizze passaazje rikt wol nei ûnberikbere hichten. It ideaal fan it net benei te kommen masterwurk, dat is hjir sa prachtich ûnder wurden brocht, dêr koe gjin skriuwer noch langer lûdop fan dreame. Pas yn 1998 doarst Van den Broeck it wer oan. In nij hichtepunt? Of dochs sulver ynstee fan goud? Oardielje sels:

Na mijn dood zou hij [de Bundel der Bundels] gevonden, gelezen en geniaal worden bevonden, en bijgevolg in alle talen over de hele wereld worden verspreid. Waarna een soort internationale rouwdag zou worden uitgeroepen, waarop critici, in lompen gehuld, met uitgestoken ogen en afgehakte handen verplicht zouden worden blootsvoets spitsroeden te lopen tussen de inmiddels door mijn gedichten bevrijde mensenmassa’s. Met loodzware folianten zouden zij zo hard en zo lang op het hoofd worden geslagen, dat zij aan het einde van hun lange tocht aan de voet van het ondertussen te mijner ere opgerichte standbeeld, dood zouden neervallen. Heel even zou dat standbeeld dan tot leven komen, zijn gulp losknopen en een krachtige urinestraal richten op de domme tronies van die levenloze hoop nitwits en parasieten.

Jaja, sa kin it wol wer. Of sa’t Hans Vlek it sa moai relativearret yn de lêste rigels fan Hoog tijd:

 

Maar nu

is het tijd om te eten:

de aardappelen zijn al koud,

de sju is aan de bordrand vastgekoekt.

 

Het bericht Ivige rom verscheen eerst op de Moanne.

Burd

$
0
0

KAREN BIES – 

In man mei in keyboard en in lûdsynstallaasje spilet ‘Ach kassian het is voorbij’ en ‘Moai sûnder wjergea’. Mei myn beppe en alle oare min-ofte-mear mobile âlderein sit ik yn de grutte seal fan Leppehiem. Wy binne yn ôfwachting fan Sinteklaas. Aktiviteitebegelieder Jildert, ek mei burd mar yn breidene trui, hâldt ús swiet mei waarme poeiermolke en bûterletter. Mar dêr sjogge wy troch it rút Sinteklaas al oankommen, en de swart-sminkte fanfare fan Akkrum. De keyboard-man set it meast tapaslike liet yn: ‘Sinterklaasje kom maar binnen met je knecht!’ Sinteklaas en syn gefolch sitte noch fiif minuten fêst yn de luchtslûs fan Leppehiem, mar dan hellet Jildert in kaai en binne se los. Jildert giet huppeljend fan entûsjasme troch de seal. Ik fyn it spannend.

 

In man út Akkrum, ferklaaid yn tabbert, miter en burd. In man dêr’tst dyn skoech sa foar sette wolst.

 

It bedroch komt út op in simmerdei, ik bin acht jier. Wy sitte neist elkoar op de bank, ús mem en ik. Sy fertelt my dat Sinteklaas net bestiet. Dat de kadootsjes net troch Sinteklaas by de foardoar set wurde – dat fan dy dakken en dat hynder en dy skoarstien haw ik noait leaud, sa ûnnoazel bin ik no ek wer net, ik wit hoe los de pannen op ús dak lizze want ik sliep der flak ûnder, dus dan hie ik dat écht wol heard – mar dat sy en ús heit dat altyd dogge.

Har foarsichtige stim. It brune lear fan de bank. Myn sandalen en dy fan ús mem neist elkoar, op de grûn dêr’t ik noch hyltyd nei sjoch. Ik sjoch har net oan.

Wat ik fral noch wit, is hoe belazere ik my fielde. Ik, dy’t de langspylplaat mei Sinteklaasferskes út ‘e holle koe, presys wist wêr’t hy heakke, nei de pick-up rûn om geduldich de nulle wer in eintsje fierder te setten. Ik, dy’t lange brieven skreau oan Sinteklaas, dêr’t ik yn frege om in boek of in fulpinne. Of desneeds in Barbie, want ik woe ek net al te moeilik dwaan. Hoopfol die ik de brief yn myn skoech foar de kachel. Ik frege mem om de foardoar los te litten en leaude hertstochtlik fierder.

Dat it dus allegear net wier is. De skamte dat se my jierrenlang foar it lapke hâlde koene, duorret noch dagen. Foar myn jongere suske hoech ik it geheim net te bewarjen; dy hat it al lang troch, want se hat Sinteklaas ris fan tichtby besjoen en it burd siet fêstplakt mei plakbân. Dus.

Dy swarte piten kinne my neat skele. Aaklike mannen mei in brede reade gniis yn in pikswart gesicht, dy’t dan ek noch Frysk prate, ik ha se noait fertroud. Mar Sinteklaas, dy’t leaf en wiis is, mei dat grutte boek op ‘e skurte. Hy dy’t alles fan my wit, dêr’t ik yn dy brieven myn hert en siel oan jou, is dus de ferklaaide fytsemakker fan de Jouwer.

De muzyk spilet, de piten diele pipernuten út, Sinteklaas giet by alle bewenners del om dach te sizzen. En dan is er by de tafel fan myn beppe. ‘Goemiddei frou Bies!’ Sy komt stadich oerein mar sa rap as se kin. Se jout him in hân en laket. Ik meitsje in foto. Achterôf sjoch ik it noch better: ik haw it net fan frjemd. Myn beppe is 97 jier en ûnder de yndruk fan Sinteklaas. In man út Akkrum, ferklaaid yn tabbert, miter en burd. In man dêr’tst dyn skoech sa foar sette wolst, mei dyn hert en siel deryn en in winterwoartel foar de wissichheid.

Het bericht Burd verscheen eerst op de Moanne.


It libben as rinnen op brekber reid

$
0
0

RYNK BOSMA – 

De foarstelling ‘Foar dy nei dy’ yn de boppeseal fan paviljoen De Leyen yn De Rottefalle hie oan it buordsje ‘uitverkocht’ gjin brek. Mei it each op it wetter de Leijen wurdt in foarstelling opfierd troch Froukje Reitsema fan Lippenhuzen en Popke van der Zee fan Mantgum. Op snein 4 desimber wie de lêste útfiering fan in stik wêryn it ferlies fan in bern in sintrale rol spilet. Reitsema ferlear achtjin jier lyn har jonge Elric, Van der Zee oerkaam it selde santjin jier lyn mei it ferlies fan Piter. En beide kearen wie der in haadrol foar it wetter.

 

In foarstelling dy’t grutter is as de minsklike resinsjewetten fan goed of net goed.

 

It giet oer de krêft fan it elkoar gunnen. De mins moat de frijheid ha syn eigen roukeamer yn te rjochtsen en om dat te kinnen moatte je ien ek de frijheid gunne dat te dwaan. Yn in relaasje betsjut dat elkoar de frijheid jaan om it ferlies yn dyn eigen libben te ferweven. Neat gjin praat fan ‘in plakje jaan’, sa seit Van der Zee. “Myn frou Wieke sei fuortendaliks fan ‘Wy moatte der dwers troch hinne’, wy moatte it aksepteare dat it nea klear is yn de rest fan ús libben. Dat plakje jaan jout de yndruk dat it klear is, mar dat sil nea sa wêze.”

Tusken it spyljen troch is der romte foar wat yn Fryslân miskien wol de moaiste dichtbundel is op dit mêd. It ‘In Memoriam’ fan dichter Douwe Annes Tamminga (1909-2002) dat hy makke nei’t hy syn iennige bern, soan Anne, nei dy iensume toer fan Tsjalhuzum droegen hat. ‘Ik rop syn namme tsjin de simmersee’, sa begjint it earste fers. It twadde einigt mei ‘it is foarby elk omsjen is fergees’.

Dat lêste mei dan wier wêze, foar Van der Zee en Reitsema wie dat op in oar mêd wis net it gefal. “Je moatte je as mins opnij de fraach stelle fan ‘wa bin ik?’ en ‘wat wol ik?’ Op it toaniel sitte wy beiden efter ús eigen tafeltsje, twa eilantsjes op de planken.” Op dy taffeltsjes allegearre dingen dy’t mei de natoer en wetter te krijen ha, einekoeren, fiskark en planten. “It giet eins om de fraach hoe’t je as minske wer yn ferbining komme mei de oar.”

Sneintemiddei wie de lêste foarstelling mei in blakstil wetter De Leijen op de eftergrûn, de sinne ferve alles yn in reade mankelike gloed fan wer in dei dy’t foarby gie. En dat mei in foarstelling dy’t de earste tiid net foarby gean sil yn de tinzen fan de minsken. Eins in foarstelling dy’t grutter is as de minsklike resinsjewetten fan goed of net goed. In teatrale hânrikking oan al dy minsken dy’t sels ea in mins of bern ferlern ha. In teaterfoarstelling dy’t útstiigt boppe de wetten dy’t ornaris jilde.

Twa minsken dy’t yn ‘Foar dy nei dy’ wrakselje mei de bylden dy’t ophelle wurde, de swarte gatten yn it geheugen, it libben sa’t dat der útseach doe’t alles noch op ierde wie. It libben fan nei dy dei, it opstannige libbenspaad fan de ien, de frijheid fan de oar om de roukeamer nei eigen ynsjoch stâl te jaan. Eins soenen je sprekke kinne fan in twakoppich monumint foar twa bern, as je de titel troch de helte dogge en ‘foar dy’ oerhâlde.

Antwurden binne der net te jaan, hoeden stapke foar stapke oer it brekbere reid fan it libben op wei nei begelyks in einekoer dy’t yn twa helten brutsen is. Fjochtsje om dy iepen, brutsen dielen fan in einekoer wer by elkoar te krijen en der ien gehiel fan te meitsjen. Hoe’t de mins mei sa’n ferlies dêr yn slagget, is foar elk mins oars, it iene paad is rjochter as it oare, de ien is der wat earder as de oar. En as nei ôfrin in skrutele mem út it publyk wat ferlegen seit dat de foarstelling hiel wjerkenber wie, en tank seit foar de foarstelling dan past in swijen. Dan is allinnich noch in ferwizing nei Tamminga op syn plak: ‘dan sil it libben, no’t wy fierder moatte, / mear wêze as idel wachtsje op ’e dea’.

Het bericht It libben as rinnen op brekber reid verscheen eerst op de Moanne.

Jou ‘de Moanne’ kado en krij in kado werom!

$
0
0

In krystkado dêr’tst ien 7 kear yn it jier bliid mei meitsje kinst? Jou in abonnemint op kultureel tydskrift ‘de Moanne’ kado! In abonnemint op ‘de Moanne’ hast al fan €10,00 ôf oan! Boppedat, ast in proefabonnemint kado dochst, krigesto wer in kadootsje fan ús! Bygelyks: de dichtbondel ’Man en mem’ fan Elske Kampen, ’De triennen fan Cheetah’ fan Anne Feddema, de ferhalebondel ‘Komt in man by syn frou’ of de roman ‘Frou mei mandoline op sofa’ fan Josse de Haan.

Nim of jou in jierabonnemint op ‘de Moanne’ kado foar €40,00 en ûntfang 7 nûmers per jier! In kado-proefabonnemint foar 2 nûmers hast al foar €10,00. Wolst in oanpast abonnemint? Of ien eksimplaar kado dwaan? Stjoer in mailtsje nei: abonnemint@demoanne.nl en wy meitsje it foar dy yn oarder.

‘de Moanne’ wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. ‘de Moanne’ lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

 

Het bericht Jou ‘de Moanne’ kado en krij in kado werom! verscheen eerst op de Moanne.

Fjoer

$
0
0

ZANDER LAMME – 

Over twee weken vindt in de fabriekshal van Mannen van Staal in Leeuwarden het concert Fjoer plaats. Het moet een groot spektakel worden met koor, blaasorkest en dans. Aan het maken van het stuk ging meer dan een jaar van tekstschrijven en componeren vooraf. Daarbij was veel overleg tussen de liedschrijfster en componist. “Hoe onlogischer het metrum van de tekst is, hoe moeilijker het is voor de componist”, aldus Gerben van der Veen (1956).

Samen met dichteres Baukje Wytsma (1946) maakte hij het concert. “Het was echt monnikenwerk.” Iedere minuut op het podium, kost Van der Veen minstens een dag werk. “En dan moet ik het daarna weer opnieuw bekijken.” Het concert duurt een uur. “Ik had nog nooit zo’n lang stuk geschreven. Het is echt een knoeperd van een stuk.”

 

“Over Kerst zijn hele boekenkasten vol geschreven. Het unieke van dit werk is dat het ook andere thema’s behandelt.”

 

Bezoekers bekijken het stuk in een ‘picknickopstelling’. Ze mogen een eigen stoel en picknickmand meenemen of ter plaatse huren. Temidden van het koude staal van de metaalbewerkers, branden vuurkorven. “Het moet toch dat knusse bij elkaar zijn, met elkaar zijn. Mensen zoeken elkaar in deze tijd vaak thuis op en sluiten zich af. Dit maakt het meer open.”

De ondergrond voor Fjoer werd gelegd door Wytsma. “Je maakt het uit het niets en dan moet er iets zichtbaar worden”, vertelt ze. Als eerste besloot ze in grote lijnen een verhaal te verzinnen. “Pas daarna bedenk je de liederen.” Maar het stuk moest niet alleen over Kerstmis gaan. “Het gaat over de laatste dagen van het jaar.” Van der Veen: “Over Kerst zijn hele boekenkasten vol geschreven. Het unieke van dit werk is dat het ook andere thema’s behandelt.”

Zo’n thema is bijvoorbeeld vluchtelingen, zegt Wytsma. “Ik heb lesgegeven aan vluchtelingen in Grou. Dan voel je het alleen zijn van heel dichtbij. Dat je nergens meer naartoe kunt.” Ook de commercie rond de feestdagen is een onderwerp.

Toch zijn het niet alleen ‘loodzware’ maatschappelijke kwesties die in het stuk zijn verweven. “Het is geen maatschappelijk kritisch stuk”, zegt Van der Veen. “Meer een beschouwing.” En er zijn veel vrolijke momenten in verwerkt. “Je gaat als het goed is in feeststemming weg.” Onvermijdelijk was natuurlijk het verhaal over Jezus. “Ik ben niet kerkelijk”, aldus Wytsma. “Maar ik ging altijd wel naar de zondagsschool. Ik vond dat Jezus er wel in moest. Er is tenslotte maar een echt kerstverhaal. Daarom zit dat gedeelte ook in het midden.”

Nadat Wytsma het stuk in z’n geheel op papier had, las ze het voor aan Van der Veen. “Ik was meteen om. Het eerste wat ik deed was daarna lezen, lezen, lezen, totdat het diep in m’n ziel zat. Waar gaat het over? Wat is de essentie? Wat voor sfeer moet het hebben? Daarna heb ik geprobeerd om de grote lijn te vinden. Op een of andere manier kwam ik uit bij de vorm van een lemniscaat [symbool voor oneindigheid], de vorm van een krakeling. Het is een liederencyclus en dat moest de grote lijn zijn.”

Eenvoudig bleek het niet. “De muzikale spanningsboog is bij een stuk van vijf minuten is te overzien, maar hier moest ik dat echt vinden. Je zoekt steeds naar variaties, maar ook herhaling en verbindingen om eenheid erin te houden. Soms komt een motief daarom duidelijk hoorbaar terug, soms komt een motief minder herkenbaar terug. Je moet ook kijken hoe je van een intens verdrietig moment overgaat in een feeststemming. Het was voor mij een grote ontdekkingstocht.”

Tijdens het componeren liet Van der Veen het stuk meermaals horen aan Wytsma. “Soms wist ik bijvoorbeeld niet waar ik accenten moest leggen. Je moet het zo neerzetten dat de goede betekenis er staat. Als je de klemtoon verkeerd legt, kan de betekenis anders worden.” Wytsma: “Ik heb ook wel eens iets gehoord, waarvan ik dacht: daar moet even een rust tussen, dan komt dat gedeelte beter uit.”

Soms kan de betekenis van een woord niet goed begrepen worden, weet Wytsma uit ervaring. Zo kunnen de Friese woorden ‘hoed’ en ‘hûd’, die verschillende betekenissen hebben, maar dezelfde uitspraak, door diezelfde uitspraak verkeerd over komen. Of het hele woord kan net anders zijn. “Bij het meest simpele lied hoor ik soms fouten.’’ Ze noemt het voorbeeld van Bonkefeart, de Elfstedenkraker waarmee Anneke Douma in 1997 furore maakte en waarvoor Wytsma de tekst schreef. Ze zingt: ‘Klune oer de hege brêge, mei de knibbels oer de dyk’. “Maar eigenlijk had het moeten zijn: op de knibbels oer de dyk.”

Zulke misverstanden zullen in Fjoer niet voorkomen, zeggen Van der Veen en Wytsma. “Daarvoor hebben we voldoende kunnen sparren.”

 

Het stuk FJOER is een samenwerking van Stichting Calliope Concerten en BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen). De muziek wordt gespeeld door brassband Soli Brass en een projectkoor. Bij de muziek is dans van dansers van D’drive Artiest Dans. Voor meer informatie en kaartverkoop: www.buog.nl.

Het bericht Fjoer verscheen eerst op de Moanne.

Swan Lake: de skientme fan dûns giet út boppe it narrative

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn ‘Swan Lake’ wurket de Sweedske regisseur Jacob Ahlbom mei seis dûnsers fan it Amsterdamske dûnsselskip ICK en twa fan syn selskip. It ferhaal fan it ferneamde ballet waard omsmiten ta in surrealistysk mearke wêrby’t de prins net te krijen hat mei in swarte en in wite swan as twa betsjoende froulju, Odette en Odilia, mar mei ien. Oars as yn it orizjineel binne swart en wyt twa hjir kanten fan deselde frou, al ferbylde troch twa dûnseressen. De soundtrack wurdt live brocht troch de fjouwer muzikanten fan de rockband Alamo Race Track dy’t de muzyk fan Tsjaikovski op ’e nij komponearren ta har eigen styl, mei ynfloeden fan indie, folk en pop.

 

As gehiel is ‘Swan Lake’ al like opswypkjend as ferfrjemdzjend.

 

Ahlbom hat syn oplieding yn de mime. It ynstrumint fan dûnsers en mimespilers beide is it liif, it fysyk. Dêrby ferhâldt de dûnser him ta himsels, by mime dêrfoaroer brûkt it fysike om spanning yn de hanneling yn ferhâlding ta syn objekt te bringen. De wize fan sjen, in lyts hângebeart kin dan genôch wêze. Swan Lake begjint dansant. Yn de earste sêne sjochst wa swannen, wyt en swart yn in surreëel dreambosk. Op in stuit tinkst: hoe kinne de fuotten sa ûnder it liif sitte – anatomysk folslein ûnmoglik – en blike ûnder de fearren rokken fan beide figueren elk twa dûnsers aktyf. Geandewei de foarstelling wurdt it folle mear byldzjend. It ferhaal is lang net altyd helder, wol de sênes wêrby’t Odette, har wite kant, yn de wite, formele wrâld fan de prins komt. Dan binne de klean wyt, is de tafel wyt dekt, binne de servetten wyt.

It is in wrâld dêr’t it swart fan Odette net akseptearre wurdt, in wrâld fan noarmen en etikette, mar it is krekt de swarte kant fan Odette dy’t hjir op yn ynbrekt. En dy’t troch ‘wyt’ rau ferspijt en oanfallen wurdt. Dochs it ‘wyt’ fan de feestgongers kin samar omteare yn swart: manipulatyf en jaloersk en út op wraak. Dan is it net langer de swarte kant fan Odette dy’t it belije moat, mar de wite. Is it in foarstelling oer de leafde, dan is it oan de prins om sawol de swarte as de wite side fan syn breid te akseptearjen. Beide kanten ha elkoar nedich, as yin en yang. Alle minsken, ommers, ha harren tsjustere kant.

Yn Ahlbom syn wurk spilet it ûnderbewuste in wichtige rol: No en dan dûke Hiëronymus Bosch-achtige figueren mei bistekoppen yn de foarstelling op. Der is de man mei de kop fan in raaf – mei in enoarme krûme, swarte snaffel – en út en troch, op in trijetsjillerke, dûkt in figuer mei in bearekop op, miskien ferwizend nei it ûnderbewuste út de iere bernetiid. It yntrigearjende sit lykwols net sasear yn it narrative, it giet folle mear om in sfear as om it ferhaal, dat ek lang net altyd helder is.

‘Swan Lake’ is genietsje fan beweging, fan it elegante, it driigjende, it linige, in hângebeart, in spagaat, in moai liif, de skaden fan de dûnsers, sa’t dy oer de flier falle, it ljocht sa’t dat yn ien fan de sênes yn banen troch de beamstammen falt. Swart as it skaad fan wyt, swart dy’t wyt op de rêch sit. Swart en wyt as symbioaze, wêrby’t de puntsjes fan de tonge elkoar hiel even reitsje. Binne der mear dûnsers, dan sjochst it gehiel, mar is der ek altyd ien dy’t krekt wat faker jins omtinken lûkt as oaren. Dy dûnser sil net foar elkenien deselde wêze. Sa is der de slanke, linige Arad Inbar, mei in hiel eigen bewegingstaal. Kim Amankwaa is prachtich yn de solo dêr’t ‘Swan Lake’ mei einiget en dy’t wer mear de klassike kant útskaait. As gehiel is ‘Swan Lake’ al like opswypkjend as ferfrjemdzjend.

Het bericht Swan Lake: de skientme fan dûns giet út boppe it narrative verscheen eerst op de Moanne.

De lêzende mins

$
0
0

de Moanne wol koarte boekresinsjes online pleatse fan boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken alle kearen in nij besprek. Alle besprekken binne werom te finen yn it spesjaal dêrfoar oanmakke dossier ‘De lêzende mins’.

Ek bydragen fan ús lêzers binne fan herte wolkom. Hasto in boek lêzen dat foar dy ûnderskiedend west hat? In boek dat yndruk makke hat? Faaks omdatst der wizer troch wurden bist, om’t it dy op oare gedachten brocht hat, om’t it dy fernuvere hat of om’tst it kado krigen hast fan in bysûnder persoan? Dyn bydrage is fan herte wolkom op kopij@demoanne.nl.

Dyn resinsje, by foarkar Frysktalich, mei net langer wêze as 500 wurden. Wy fersoargje yn oerlis mei dy de korreksje en eventuele oersetting. Fierder wolle wy dyn bydrage graach yllustreare mei in ‘bookselfie’. Mochtest graach in djipgeander artikel skriuwe, is dat fansels ek tige wolkom.

 

Het bericht De lêzende mins verscheen eerst op de Moanne.

Viewing all 1712 articles
Browse latest View live