Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all 1709 articles
Browse latest View live

Tsjimk Scarse: ‘De froulju yn myn tekenwurk, dat bin ik sels.’

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Tsjimk Scarse, yn 2005 ôfstudearre oan ArtEZ, de akademy foar Art & Design yn Swol as illustrator, seit in stok achter de doar nedich te hawwen om te tekenjen. As sy earne mei sit, kin dat in oantrún foarmje, in deadline wurket as sadanich likegoed. Twa jier ferlyn wie dat de keunstrûte yn Mantgum, dit jier makke sy tekeningen nei oanlieding fan it tema brieven foar Swalk (Frysk op toernee) en takom jier hopet sy wurk sjen litte te kinnen tidens de keunstmoanne op it Amelân. Har deistich brea, lykwols, fertsjinnet sy as skriuwtolk foar dôven.

Tsjimk Scarse wennet yn Kampen, it measte fan har wurk leit yn Mantgum, dat wy prate ôf yn har âldershûs, in pleats, set yn de 19e iuw en sûnt yn de famylje bleaun. Har pake wie boer, mar it boerebedriuw wie amper of noait ûnderwerp fan petear. Tsjimk har mem, Lys, kin har der noch oer ferwûnderje: kaam sy by oare boeren, dan hie men it oer kij … Pake wist in soad fan keunst en naam de bernsbern mei nei musea en sa kaam it, dat Tsjimk, as famke fan in jier as acht, fertelle koe dat sy de ‘Bolle fan Paulusma’ sjoen hie, in ferhaspeling tusken Paulus Potter en Pyt Paulusma. “As bern wie ik fan fan Alma Tadema”, seit se. Fansels sil sy meikoarten nei de útstalling yn it Fries Museum. “Mar letter wie ik minder fan. It binne krekt posters, sa flak, sjochst it materiaalgebrûk net.”

 

“Ik bin fan de arsering”, in bewurklike technyk dy’t wiken ferget foar’t in tekening klear is.

 

Sels tekenet sy meast mei grafyt, folpotlead of pinne. “Ik bin fan de arsering”, in bewurklike technyk dy’t wiken ferget foar’t in tekening klear is. Yn it, meast swart-wite wurk figurearje minsken, benammen froulju, dan wer pin-upachtich, dan wer mei in hynsteholle of in tiger op skoat. Oare kearen passe se yn in teekopke. Op ien fan de wurken stekt in earm út it liif fan in frou dy’t sichtber swier is, in tillefoanhoarn yn ’e hân mei dêrby, yn in tekstwolk: ‘it’s a mistake’. Tsjintwurdich behellet sy der bisten by yn, lykas yn mearkes. Tegearre mei de minsken fertelle sy in ferhaal.

Mar komselden hat Tsjimk foar tiidskriften wurke. “It tema brieven, foar Swalk,” seit se, “is hiel breed. Ik bin ris frege foar in yllustraasje by in artikel oer Pim Fortuyn, dêr koe ik minder mei. Ik ha yts yn ’e holle, in film, dêr pak ik bylden út, stills, dan hast in basisidee. It giet om it gefoel datst deryn lizze wolst. Ik lis op bêd en dan wit ik: dit is it. Ik ha in ferhaal yn ’e achterholle. Sa rekke op in stuit de ferkearing út. Doe’t ik werom nei hûs ried, ried ik, op ’e dyk by Seewolde, in knyntsje dea. Dat idee, de leafde as in dea bist, ha ik al tekenjend ferwurke, al waard it, yn de tekening, in deade foks. Ik bin wei fan foksen, dy sjochst in soad by ús yn ’e omkriten. Us earste date hie op in bernebuorkerij west, dêr fotografearren wy de ezels.” Tsjimk set in ynliste tekening op de flier, dêrop ezels, ien derfan hat in kleedsje op ’e rêch, in oare ezel draacht in frou mei hoazen en sjarretels. “As ik oan him tink, tink ik oan in ezel.” As Tsjimk beseft wat sy seit, berstet se yn laitsjen út. “Ja, sa kinst it ek opfetsje …”

“Fan de foto’s dy’t ik meitsje, meitsje ik mei photoshop in kollaazje, as referinsjemateriaal. Ek sykje ik wol plaatsjes op it ynternet, want in tiger, dy kom ik net alle dagen tsjin. De kollaazjes printsje ik swart-wyt ôf yn in hege resolúsje sadatst it kontrast goed sjen kinst. De froulju yn myn wurk, dat bin ik sels. Op de akademy ha ik in soad dien mei selsportretten.” Tsjimk lit in map mei foto’s fan har gesicht sjen, foar in part bedutsen mei maskers fan lateks. “Ik fotografearje mysels, op dy manier krijt de figuer yn de tekening presys dy pose dy’t past by it ferhaal dat ik ha.”

“Doe’t ik hearde dat, foar Swalk, ‘brieven’ it tema wie, tocht ik: wat is de relaasje tusken brieven en keunst. Ik ha ris tolke by in kursus oer Vincent van Gogh, dy skreaun brieven, mar ik hie der niks mei. Hoe koe ik it tema nei mysels ta lûke? Sûnt twa jier bin ik ‘styfmem’ fan trije famkes, no fjouwer, acht en njoggen jier. Sels ha ik noait bern ha wollen, dat fan allinne libje nei in relaasje mei in man mei trije bern, dat fûn ik bêst muoilik. Dêr hie ik mei oare minsken yn deselde sitewaasje yn petear gean wollen en sa kaam ik op it idee fan in berjocht oan oare styfmemmen.” Op de iene tekening stiet in ielgoes – symboal foar ‘gefoel’ – dy’t út de yngewanten wei ekplodearret. It hat wat akelichs, tagelyk stiet de ielgoes dy’t loskomt ek foar frijheid. Op de oare sjochst dyselde ielgoes, lizzend, mei dêrop trije hermelinen, symboal foar suverheid en frijheid. “Ik hie in ferske fan The Asteroid Galaxy Tour yn ’e holle: ‘Suburban space invaders, They suck your soul, They’ll be messing with your brain.’ Bern binne leuk, mar, fan de iene op ’e oare dei yn ’e wykeinen trije drokke famkes oer de flier is ek muoilik en it is dat dûbele dat yn beide tekeningen ta útdrukking komt.”

Tsjimk, dy’t, ynspirearre troch de film Children of a lesser God mei dêryn de dôve aktrise Marlee Matlin, hie alris tsien lessen gebaretaal folge. Doe’t sy der, healwei de akademyjierren, achter kaam dat it goed wie om, foar har takomst, in Plan B te hawwen, folge se in oplieding ta skriuwtolk. Mei in Ingelske heit is sy trijetalich grutbrocht, dat sy tolket ek yn it Ingelsk. “Fia staazjes”, seit se, “bin ik it wurk ynknald.” Tagelyk is sy fan doel har tekenwurk sjen te litten yn in galery yn Swol. Dêrfoar sil sy nij wurk meitsje: Tsjimk har stok efter de doar.

 

Sjoch foar mear op: http://www.mybizarredesign.nl/ of https://www.flickr.com/photos/mybizarredesign/

Het bericht Tsjimk Scarse: ‘De froulju yn myn tekenwurk, dat bin ik sels.’ verscheen eerst op de Moanne.


De kruikenruiker

$
0
0

SJOERD BOTTEMA – 

De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn it haadstik ‘Huis en haard’ it Tomado-rek foarby, dy tinne, lichte boekerekjes mei metalen plankjes yn itselde read, giel, blau en swart as by Dick Bruna, Gerrit Rietveld en Piet Mondriaan. Oant fier yn de jierren sechstich seagen je se oeral, se joegen in ‘moderne’ toan oan de ynrjochting fan it hûs. En de flesseslikker fansels, ek fan Tomado, om de lêste bytsjes yochert en fla út ‘e flesse te skraabjen, nergens sa’n súkses as yn ús lân, of eins allinne dêr mar en dat sil wol gjin tafal wêze.

 

Ien ding út De bedrijven die ons land groot maakten sil my lykwols bybliuwe, it ûnderskrift by in foto út 1951 fan in wurknimmer fan de Bols-fabriken.

 

En sa binne der mear dingen dy’t doe deagewoan wiene, mar dy’t men hjoed de dei amper of hielendal net mear sjocht. De Eau de Cologne, yn it Hollânsk en Frysk sa prachtich ferbastere ta ‘odeklonje’ en ‘âldeklonje’ en ek wol ienfâldichwei ‘klonje’, dat rûkersguod dêr’t ús memmen en beppes altyd in fleske fan yn harren taske hiene. De stripboekjes oer Flipje út Tiel, it reklame-ikoan fan de De Betuwe sjem, in fintsje mei in wite koksmûtse op, earmen en skonken en in liif fan reade beien. Repen fan Kwatta, buskes Buisman om de kofje wat mear smaak te jaan en gean sa mar troch. Al dy redens dy’t yn Fryslân makke waarden, fan Frisia en Nauta en Nooitgedagt yn Drylts, Batavus en Nijdam en Vonk yn en om It Hearrefean, Hoekstra en Ruiter en Zandstra út Wergea, Akkrum en De Jouwer. En al dy sigaren dêr’t wy de bantsjes fan sparren: Senator, Karel I, Velasques, Hofnar, Willem II, Uiltje, Panter en Ritmeester.

Op de foto’s fan de wurkflier sjocht men yn de sigarefabriken allinne mar manlju, mar fierder is it, ôfgeande op de foto’s yn dit boek, opfallend hoefolle froulje der yn de earste helte fan de 20e iuw en yn de jierren fyftich yn de fabryk wurken.

It tilt op fan ditsoarte fotoboeken: Het jaren 40 boek, Het jaren 50 boek, Gouden Jaren, Het dagelijks leven in de jaren 50, De jaren 50 ensfh ensfh. Men blêdet se troch en is it measte gau wer ferjitten. Ien ding út De bedrijven die ons land groot maakten sil my lykwols bybliuwe, it ûnderskrift by in foto út 1951 fan in wurknimmer fan de Bols-fabriken, in man yn in overal, mei in bolskrúk yn ’e hân, in samling lege kruken om him hinne: “De kruikenruiker bepaalt of de Bols-kruikjes nog een keer gebruikt kunnen worden.” Wa’t en wat ús lân grutmakke: de krukerûker en de flesseslikker.

Het bericht De kruikenruiker verscheen eerst op de Moanne.

Achterlik Fryslân

$
0
0

EELKE LOK – 

It is eins net earlik dat Ernst Bruinsma my frege hat in resinsje te skriuwen fan Douwe Koostra syn nijste boekje Achterlik Fryslân. Allegearre kollums …

… Hea. Douwe skriuwt foar op syn boekje yn it Frysk ‘columns’.  It is dochs kollums? Op ‘it each fan eelke’ hiene we it oer kollums. Mar nee, de staveringshifker wiist út dat as je kollums skriuwe, dan soenen je kollum-ist wêze. En da’s ûnsin. Je bin columnist. Dan skriuw je dus ek columns …

… oer it fryske gea yn opdracht fan it Fryske Gea. Eartiids hie Douwe Kootstra, en trouwens ek Johan Veenstra, in column foar Omrop Fryslân radio. Tusken de middei. Dêr hâlde de redaksje nei in tydsje wer mei op, yn de langst om hieltyd programma’s te wizigjen. Doe ha ’k yngrepen en beide yn ‘it Wapen fan Fryslân’ setten, it politike radioprogramma op de freedtejûns. Rjochtstreeks. In pôle publyk elke kear. Johan en Douwe diene om de wike. Mar it ferskilde net, se wiene beide sa senuweftich as de pest. Fregen faak: wolst dy column earst ek efkes hearre? Nee. Jim bin ferantwurdlik foar jim eigen ferhaal. Johan wie en is leaf, mar by Douwe ha guon lju wolris mei taknypte kont nei de column harke. Mar se seine neat. Want de columnisten krigen gol applaus fan dat publyk. Dy fine de columns altyd moaier as de lju dy’t bepraat wurde.

 

‘Wat ha je oan ‘moderne duurzame’ wenningen yn in doarp, dêr’t de minsken geregeld lêst ha fan lânskipspine.’

 

Fan Johan en Douwe ha ’k leard hoe’t je dat yn inoar skriuwe. En hoe’t je se foardrage moatte. Dat is in apart keunstke. Ien fan de bêste columnisten fan Fryslân, Bonne Stienstra, kin se bygelyks net foardrage. Hy hat gelyk, want in column is in skreaun stikje. Mar minsken kin no ienris better harkje as lêze. Douwe is foar it oare master yn skriuwen én foardragen. Myn learmaster. Hoe kin je dan objektyf wêze

Boppedat, ik fret altyd graach lytse koekjes. Dêr wie Paulus Akkerman al mei begûn doe’t ik noch amper berne wie. Syn ‘Piper en sâlt’- stikjes fan Frysk en Frij bin ek bondele. At je dy liezen, hiene je wille. ‘Hy gappe him de mûle út de heakken’, in útdrukking dy’t je nea ferjitte. Rink van der Velde hat it ek dien. Eins wiene dy syn Bokwerder ferhaaltsjes al wer folle mear in oanfal op dy ferfelende oerheid. Dat die Paulus noch net, dat hearde doe noch net sa.

Douwe Kootstra docht it wol. Fan 1999 ôf hat hy columns skreaun foar it magazine (al wer sa’n lillik Frysk wurd) fan it Fryske Gea. Dy columns bin no sammele yn in boekje. Mei as titel Achterlik Fryslân. Dat bringt je wol wat op de doele. Want Douwe fynt Fryslân net altyd efterlik, it is inkeld de titel fan ien columnke. Oer dat de deputearre hjir tinkt dat at je rôffûgels ôfsjitte, dat dêrmei de ljippestân rêden is. Douwe hâldt net fan deputearren, aaisikers en jagers. Dat blykt aloan mar wer yn dy column-kes. Se komme oan sýn natuer.

Douwe syn natuer leit foar it oare oer de hiele wrâld hinne. Hy reizget hiel wat ôf. Dêr skriuwt hy oare boeken oer. Mar hy lit de minsken fan it Fryske Gea hieltyd wol merkbite dat der folle mear is, as inkeld dy natuer fan Fryslân. Dy’t hy wol moai fynt, mar se klauwe der te bot oan om. Je soenen sizze dat rint as in preek yn in âlderling by de Fryske Gea leden, mar dat is net altyd sa. Se ha dêr sels wol wat leden ferlern fanwegen Douwe syn ‘geseur’. Sa neame dy fuortgeande leden dat, wylst wy it ha oer Douwe syn miening.

Oan de oare kant hat hy fansels ek in soad kredyt. Om’t hy sa goed wit en goed en moai beskriuwe kin, hoe’t de natuer yn inoar sit en wat dêr moai oan is. Hy sjocht sa’n soad ferskate dingen, dy’t de measte lju net iens merkbite. Floara en fauna yn de natuer, elanden yn National Parks of de katten thús, hy bringt se yn lytse sintsjes ta libben. Sa no en dan wie ’k suver nijsgjirrich en dan socht ik yn de fûgelboekjes op hoe’t de hoarnûle der ek al wer útsjocht.

Boppedat reizget Douwe in soad, mar hy hat in hekel oan auto’s. Dêrmei is hy him mear bewust fan it miljeu as de measte Fryske Gea-leden. Hy rint, hy fytst. En hy nimt it iepenbier ferfier. Mar dan rint Douwe dus wer oan tsjin de oerheid, dy’t mar net soargje kin dat soks in bytsje goed en foldwaande is. Wis yn Fryslân net. Dy selde oerheid dy’t aaisikers, jagers en boeren mar ek natuerorganisaasjes mar har gong gean lit. At hy dat beskriuwt, en hy docht dat alle geduerigen, wurdt hy wer in grimmitich wâldmantsje. Sokken sizze net ‘dat is djoer’. Nee dy sizze en skriuwe: ‘dat is rottekrûddjoer’. Sa krij je dan dochs wer in glimke wille as lêzer. Moai dat dy 17 jier columns skriuwen yn in boekje set is. Je komme saken tsjin dy’t je net iens mear wisten, mar dy’t yndertiid wol deeglik opskuor joegen. Yn elk gefal by Douwe. Mar ek wol by ús.

Douwe Kootstra beskriuwt yn syn eigen stavering achterlik Fryslân as in werklik skitterjende wrâld, wêryn lykwols minsken libje dy’t wol wat better kinnen hiene. De alderlêste rigel út syn absolute wierheid fan 17 jier column-kes skriuwen yn it magazine fan it Fryske Gea. En dy is al hiel âld mar ek wer altyd nij:

Wat ha je oan ‘moderne duurzame’ wenningen yn in doarp, dêr’t de minsken geregeld lêst ha fan lânskipspine.

 

Douwe Kootstra, Achterlik Fryslân. It Fryske Gea, Beetstersweach 2016. € 7,50. Sjoch ek: http://www.douwekootstra.nl.

Het bericht Achterlik Fryslân verscheen eerst op de Moanne.

Fryske keunstlokaasjes toane grafyk

$
0
0

TSJOMME DIJKSTRA –

Oktober is de moanne fan de Grafyk. Alteast, frijwilligers, keunstners en stipers fan grafyske keunst hawwe de moanne dêr ûnder oanfiering fan grafiekplatform VOG mei-inoar ta útroppen om grafyk ûnder de oandacht te bringen. Yn it hiele lân toane musea, ateliers, galerys dat grafyk anno 2016 fernijende keunst bringt en dat keunstners wiidweidich eksperimintearje mei alle mooglike druktechniken en nije kombinaasjes fan techniken.

Nei in earste edysje yn 2013 is it de twadde kear dat it evenemint organisearre wurdt. Yn Fryslân docht der ek in grut oantal lokaasjes oan mei. By in protte galerys hinget oars ek wol grafyske keunst. Dat is faak betelbere keunst dy’t in soad en op ferskate wizen makke wurdt. Foar de gelegenheid is der yn in soad gefallen noch folle mear te sjen (en keapjen). Bygelyks by Galerie de Vereeniging yn Warkum. De galery iepene yn 2010 de doarren yn it ryksmonumint oan ’t Súd.

“We hebben schilderijen en textiel gehad, maar zijn uiteindelijk gevallen voor grafiek”, fertelt Hélène van de Vijver. By de Vereeniging is dizze moanne ek in protte oare grafyske keunst as oars, it giet ûnder mear om portretten fan Erik Bosma út Maarssen, dy’t gebrûk makket fan karborundumdruk – in hurd slypmiddel – en wurk fan Joyce Ennik út Noard-Hollân (gomdrukken).

“Het hele pand is open, ook het achterhuis. Er zijn veel nieuwe werken. Eigenlijk zijn alle technieken, met bepaalde grenzen, te zien. Alleen bij foto’s hebben wij wel een harde grens getrokken: er is discussie over of je zelfs fotografie tot grafiek kunt rekenen, omdat dat eigenlijk alles is dat herdrukbaar is. Wij hebben ervoor gekozen fotografie niet te exposeren.”

De Stichting Nobilis Centrum voor prentkunst yn Fochteloo en it Kunstlokaal №8 yn Jubbegea dogge ek mei yn de provinsje. En yn Ljouwert partisipearje leafst acht lokaasjes oan de Moanne fan de Grafyk. Dat binne Artemisia in kunstzaken, Galerie de Roos van Tudor, Galerie Doet, Grafisch Atelier Friesland, Kunsthandel & Galerie de Vries, NHL Galerij, Zi-zz-ART en as lêste de iepenbiere bibleteek.

Mear ynformaasje is te finen op: http://maandvandegrafiek.nl/

Het bericht Fryske keunstlokaasjes toane grafyk verscheen eerst op de Moanne.

Doek! Weagen fan libben en leafde

$
0
0

RYNK BOSMA – 

Eb en floed hearre by elkoar as see en lân, it gruttere gehiel fan de natoer dy’t de soarten oan elkoar keppele hat. Hoe oars is dat by de mins en de leafde. Wol mei in grutte leafde by elkoar hearre, net sûnder elkoar kinne en dochs net libje kinne yn ien romte. Dat is wat Lies en Richard oerkomt yn de foarstelling Doek! dy’t op 29 oktober yn premjêre giet yn Theater Sneek.

Twa akteurs dy’t spile wurde troch Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra mei regisseur Froukje van Houten as de persoan mei de leidsels yn hannen. Doek! is as foarstelling net nij, sterker noch, it troch Maria Goos yn 2010 skreaune stik wie yn 2011 mei Loes Luca en Peter Blok in grutte teaterhit. En no dus de Fryske ferzje, oerset troch Gurbe Dijkstra, en as fiifde produksje útbrocht troch Stichting Pier21.

 

“Ek al is der mar ien yn de seal dy’t troch myn rol neitinkt oer it libben en in oare kar makket, dan is de jûn al slagge.”

 

“Eins giet it oer in ûnmooglike leafde tusken twa akteurs dy’t net sûnder mar ek net mei elkoar libje kinne’”, sa seit Schoppert. Tink dan net fuort oan in dramatyk à la Shakespearre, mar mear oan de toan fan De ondraaglijke lichtheid van het bestaan yn it sa ferneamde boek fan Milan Kundera fan 1984. Eins dûnset it stik fan ferhaal nei ferhaal mei in ‘clevere’ struktuer sa’t Schoppert dat neamt. Van Houten: ,”It binne allegearre ferhalen binnen it gehiel fan ien ferhaal. En dat ferhaal is in moai ferhaal.”

Neffens Schoppert “Is it eins in hiel yngewikkelde artistike konstruksje fan allegearre ferhaallijnen en ferbiningen troch elkoar hinne, mar dochs ek hiel tagonklik.” Oer ferbiningen sprutsen, de ronfelige learen bank op it toaniel hat fiif jier lyn ek noch tsjinst dien by it Nederlânsktalige Doek! fan Blok en Luca. In fysike ferbining mei it ferline yn in ferhaal dat in soad ferbiningen leit tusken hjoed en juster.

Lies en Richard wienen ea in suksesfol twatal op it toaniel oant Lies in tsjien jier lyn keas foar in oare wei yn har libben. Net in wei dy’t Richard noaske. En no wurdt der wurke oan in nij stik dat in bytsje tinken docht oan Who’s afraid of Virginia Woolf. It slagjen fan dizze nije foarstelling hat in dûbele boaiem en betsjutting. Slacht de foarstelling oan, dan is de nije gearwurking tusken Lies en Richard ek slagge. Der stiet dus in soad, de takomst, op it spul. Mar gjin takomst sûnder ferline, gjin eb sûnder floed. Eins is Richard de man fan it hege wetter, hy hapt it libben fuort op alkoholise weagen en fynt syn wize fan libjen de juste.

Lies hat tsien jier lyn keazen foar in rêstige rûte: wenje yn Súd Frankryk mei in rike man op de bank. It libben justjes kabbeljend as it lege wetter fan eb en dat kin rekkenje op de ‘minachting’ fan Richard want “Mei likernôch kin ik net libje, dat is gjin libben of leafde, dat is allinne mar komfôr”, sa seit de akteur wylst hy Lies besiket los te weakjen fan har oare libben. Dochs is Richard net in drammerige man, earder in spannende man om mei te libjen. Dijkstra: “It is in sjarmante man fol humor dy’t leaut yn syn libbenswei. Hy is alhiel oprjochte yn syn missy, wrakselt mei de leafde, drinkt te folle en kin gjin libbensmaat fine.”

Ja Lies, de iennige dy’t him stiet, dy’t hy net fan it libbenstoaniel ôf feegje kin. En dêrom ek de iennige wêr’t hy mei spylje wol want hy fernearet gjin likernôch. Eins bedarret Richard op in autowei mei yn de rin fan de jierren hieltiten minder ferkear om him hinne. It libben rydt troch mar de oare auto’s nimme de ôfslach dy’t by harren past. En dêr giet it yn Doek! eins ek om, net de fraach wat dyn winsken fan it libben en de leafde binne is wichtich, mar de fraach hokker ôfslach past by myn libben, in kar meitsje dus. Lies hat it antwurd fûn, Richard doarmet in bytsje oandwaanlik troch it libben mei dy fraach, totaal oprjocht leauwend yn syn rol op it toaniel: “Ek al is der mar ien yn de seal dy’t troch myn rol neitinkt oer it libben en in oare kar makket, dan is de jûn al slagge.”

Dat alles yn in foarstelling wêr’t Schoppert it stimpel ‘speelbeestenstik’ op set fanwege it ferskaat oan rollen dy’t spile wurde. Mei oan de ein it doek as metafoar fan it libben, it kin samar falle, mar it kin ek omheech gean en nije fierten yn it libben sjen litte. Eb en floed as skaaimerken fan it ivige ferskynsel dat libben en leafde hjit.

 

Klik hjir foar kaarten en mear ynformaasje

Het bericht Doek! Weagen fan libben en leafde verscheen eerst op de Moanne.

Romantyk?

$
0
0

WILLEM WINTERS – 

Ik kaam eartiids yn Utert yn in antikwariaat dat foar my it summum wie. In lyts winkeltsje mei yn ‘e midden in grutte tafel mei steapels boeken. Ek yn de oare romten yn dat hûs hiene de boeken de oerhân krigen. Yn in hoekje oan in buro mei noch mear steapels, siet in âlde man mei in geweldige prúk griis-wyt hier, de antikêr.

Op wat gerûs fan omslaande blêdsiden nei wie it hjir stil. Ik wit noch dat ik hjir ea it boek ‘De Hel’ fan Henri Barbusse kocht. Dat is no sa’n 50 jier ferlyn.

 

De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.

 

Fannemiddei wiene wy tsjûge fan alwer de ein fan in antikwariaat, Atsee yn Dokkum. In heal miloen boeken yn in ûnbidige romte op it yndustryterrein Betterwird. Dat is al net mear sa romantysk, mar no, no’t de lêste wiken de helte ferkocht is, reitsje guon planken leech, lizze de boeken yn wanoarder troch inoar.

In âldere dame komt binnen en freget wêrt de Ingelske boeken steane. De antikêr wiest ûndúdlik de grutte hal yn.

‘Wat in stomme fraach,’ seit se.

In pear jonge famkes freechje wat oft der mei de boeken dy’t oerbliuwe bart.

‘Yn de konténer.’

‘Allegear?’

‘Allegear!’

‘Net nei de Omrin?’

‘Nee, net ien kin sa’n lawine ferwurkje.’

Bûten stean grutte rustbakken driigjend te wachtsjen. Al dy boeken ôffiert nei de it fjoer, de hel.

Wy keapje in tweintich frij, de man winsket ús in soad lêsplesier. De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.

 

Het bericht Romantyk? verscheen eerst op de Moanne.

Ernst Bruinsma yn Op en út

De Pennel edysje fan oktober

$
0
0

De nije Pennel edysje is út! Diskear wurk fan Nadie Hania, Lomme Schokker en J. de Boer. Lês, lústerje en beoardielje alle moannen fiif nije gedichten en ferhalen fia de Pennel-app. Of skriuw sels! De Pennel-app is fergees te downloaden foar iPad en Android tablets.

 

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten.

 

Lêzers fertsjinje skriuwers
Lêsto graach Frysktalige boeken? Komst graach yn oanrekking mei Fryske poëzij? Miskien soesto sels wolris in resinsje skriuwe wolle? De Pennel app biedt skreaune en sprutsen teksten fan skriuwers dy’t harren wurk (noch) net fia in útjouwer publisearje, mar wol graach harren wurk lêze litte wolle. Alle moannen stean der fiif nije tekstfragminten klear om lêzen, belústere en beoardield te wurden.

Skriuwers fertsjinje lêzers
Hasto wolris wat yn it Frysk oan it papier of it byldskerm tabetroud? Tinksto der wolris oan om it op te stjoeren nei in útjouwer of sels te publisearjen? Dan soe it ynstjoeren fan dyn tekst nei de Pennel app in moaie earste stap wêze kinne. De app biedt (aspirant) skriuwers en dichters in poadium en bringt harren wurk ûnder de oandacht fan lêzers en útjouwers.

De Pennel app wol op in tagonklike wize in grutter publyk yn ’e kunde komme litte mei Frysktalige boeken, ferhalen en gedichten. De app is in ynisjatyf fan Buro KLEI, yn gearwurking mei kultureel opinyblêd de Moanne en is ta stân kommen mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân.

Mear witte? Sjoch op Pennel.frl.

Het bericht De Pennel edysje fan oktober verscheen eerst op de Moanne.


Fan ‘do ek!’ nei it doek

$
0
0

RYNK BOSMA – 

Echt maklik wurdt it de taskôgers fan Doek! net makke, mar ja, it is in stik oer it libben sels en wa sil sizze dat it libben maklik is. Sa’t de tiid foarby fleant yn in libben, giet dat eins ek op foar Doek!. Yn ‘e achtbaan op wei nei it doek, dit kear yn de betsjutting fan it ein of just net. It giet allegearre tige rap, je sitte noch net op de iene hichte of it karke fleant al wer nei beneden en ien kear dêr bedarre is der hast gjin tiid om efkes syk te heljen, djip ynasemje en dan wer omheech. En eltse kear dat nuvere gefoel yn de mage. Foar guon minsken wie dat wol wennen.

 

Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje harren rol mei de alluere fan in pronkjende parrebeam yn de betide maaitiid.

 

De ferrassing fan it teaterdoek stiet op it spul foar twa akteurs. Giet it iepen of giet it foargoed ticht. Mei in bytsje taalgefoel kin je yn it Frysk ek sizze fan do ek! En dan ha je de bril opsetten fan Richard dy’t minsken eins brûkt as rekwisiten fan in toanielfoarstelling, ien kear brûkt binne it deade dingen sûnder funksje krekt as de ynhâld fan de swarte kontener op moandeitemoarn. Want eins draait de wrâld om akteur Richard en syn grutte leafde fan eartiids Lies dy’t nei tsien jier wer tegearre op it toaniel steane. Richard wegeret yn te sjen dat minsken ek in oare kar yn it libben meitsje kinne lykas Lies dien hat.

It is de kar tusken ‘emoasjonele elite’ of ‘dressearde aapkes’ wêze. Do as akteur hast macht oer hoe’st ‘minsken nei hûs ta’ bringst, sa stelt Richard oan de ein teatraal. Do as akteur kinst de ‘hekken om de berneherten’ fan de besikers ôfbrekke sadat sy nei in foarstelling it bern wer yn harren sels talitte of fiele.

Prachtich sein fansels, want oan skerpe en sterke dialogen gjin brek yn dizze moaie troch Gurbe Dijkstra oersetten foarstelling. It bakje fan de achtbaan wurdt yn de ferve setten troch Richard yn de kleuren fan ‘froeger wie miskien wol alles spannender en echter’. Fervekleuren fertind troch de dampen fan wodka. Mar de ûnderlizzende boadskip fan Richard is eins: do ek! Do moatst foar my en myn wize fan libjen kieze, sa is syn boadskip yn in libben dat faker as ien kear in ein fynt op de stretsjer yn de fêste kroech fan Wim en Annie. Gjin inkel each foar it dochs lokkige libben fan Lies. Dochs jouwe de bakjes fan de achtbaan op harren heechste punt moaie en foaral humoristyske bylden fan hoe’t harren libben der ea útseach. Oan de nachten kaam gjin ein, it libben as in parrebeam en de parren wienen foar it gripen, sa like it… en dy beam soe nea útbloeid reitsje, sa like it ek.

Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje harren rol mei de alluere fan in pronkjende parrebeam yn de betide maaitiid. Se ha it harren sels ek net maklik makke mei dit ‘akteursferhaal’. Formidabel aktearwurk fan Schoppert en Dijkstra dy’t beiden op prachtige wize, en mei gefoel foar timing de nuvere ‘haarspeldbochten’ fan harren stimmingsfolle rollen witte te nimmen. Miskien hie de sjarme fan Richard wat swierder oansetten wurde moatten, want no siet der yn elk aardich bedoeld ‘verbaal’ blomstik wat hy útdielde wol in brânnettel. It is in lyts feal hjerstbledsje yn it prachtige hjerstbosk dat Doek! hjit. In spannende teaterreis dy’t fan ‘do ek!’ nei it doek reizget.

Het bericht Fan ‘do ek!’ nei it doek verscheen eerst op de Moanne.

Wrâldwiid Frysk

$
0
0

GERBRICH DE JONG – 

‘Online cursus Fries internationaal in trek’, skreau de Telegraaf op 8 augustus 2016. ‘Tot in Colombia en China willen ze Fries leren’, skreau Metro Nieuws op 21 september 2016. It is dúdlik: fan’t hjerst is der wat bysûnders bard. Oer de hiele wrâld ha minsken dwaande west mei it learen fan de Fryske taal. De 6500 dielnimmers kamen út alle hoeken fan ‘e wrâld, fan Kameroen oant Kambodja en fan Kanada oant Kroatië.

De learders dienen mei oan de âlderearste Fryske MOOC. MOOC stiet foar Massive Open Online Course, in kursus dy’t troch elkenien (massive) fergees (open) en op internet (online) te folgjen is. De MOOC hjit Introduction to Frisian en is fan 4 july ôf iepen foar ynskriuwings. Al gau wienen der tûzenen ynskriuwings. Dat ropt fansels fragen op. Wêrom is der wrâldwiid safolle belangstelling foar it Frysk?

 

De ynskriuwings komme fan oer de hiele wrâld. By it begjin fan de kursus, ein septimber, wienen der 5900 oanmeldingen, meast út it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Kanada.

 

De Fryske MOOC is in inisjatyf fan de ôfdieling Frysk fan de Ryksuniversiteit Grins om temjitte te kommen oan in ferlet fan har ynternasjonale studinten. Yn 2008 is it âlde stúdzjeprogramma Fryske taal en kultuer omfoarme ta in ynternasjonaal programma dat net allinnich it Frysk, mar ek oare minderheidstalen sintraal stelt: de bachelor Minorities and multilingualism. De nije bachelor lûkt ynternasjonale studinten oan, dy’t ynteressearre binne yn minderheidstalen en dus ek yn it Frysk. Mar foar harren wie der noait in Ingelsktalige kursus Frysk beskikber.

Uteinlik binne it net allinnich ynternasjonale studinten yn Grins dy’t meidien ha oan de kursus. De ynskriuwings komme fan oer de hiele wrâld. By it begjin fan de kursus, ein septimber, wienen der 5900 oanmeldingen, meast út it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Kanada. Doe’t de kursus neamd waard yn de lanlike kranten en op de belangrike radiostjoerders, kamen der ek in hiel soad Nederlânske ynskriuwings by. Fierders binne der 161 oanmeldings yn Dútslân, 118 yn Ruslân, 111 yn Brazilië, 60 yn Frankryk, 55 yn Poalen, 39 yn Yndonesië, 30 yn Sina, 23 yn Noarwegen en Japan, 18 yn Saûdi-Arabië, 5 yn Ekwador, 3 yn Libië, 1 yn Mongoalië en sa kinne we noch in hiel skoft trochgean.

De dielnimmers komme net allinnich út sawat alle lannen, mar binne ek ferdield yn sawat alle leeftydskategoryen. In fyfde part fan de minsken dy’t meidogge falt yn de leeftydskategory 56-65. In oare grutte groep sit yn de de kategory 26-35. Mar ek folle jongere minsken dogge mei, sa as Marte fan fjirtjin út Soest, en júst folle âldere, sa as Neville, fan 86, út it Feriene Keninkryk.

De redenen dy’t minsken ha om oan de kursus te begjinnen, binne hiel ferskillend. As earste binne der minsken dy’t de taal leare wolle omdat se graach yn it Frysk kontakt ha wolle mei famylje en freonen. In foarbyld is Indira út Zaandam, dy’t it moai liket om Frysk te praten mei har freonen út Fryslân. Fierders binne der net-Friezen dy’t yn Fryslân wenje en graach witte wolle wêr’t harren Fryske freonen it mei-inoar oer hawwe.

Neist de minsken dy’t om sokke praktyske redenen de kursus folgje, binne der minsken dy’t Fryske leare wolle, omdat it in taal is dy’t fan persoanlike betsjutting is foar harren. Foarbylden fan sokke learders binne Foekje en Geurt, dy’t beide op harren seisde fan Fryslân nei in oare provinsje ferhûze binne en benijd binne nei de taal fan harren bernejierren. Dat jildt ek foar genealogen sa as Lucille út Kalifornië, dy’t witte wol hoe’t de taal fan har foarâlden klonk. In oar foarbyld is Leif út Oslo dy’t graach wat witte wol fan de memmetaal fan syn Fryske freon.

Dan is der noch in kategory dy’t belangstelling hat fanút taalkundich eachweid. Sokke learders binne bygelyks nijsgjirrich nei oerienkomsten en ferskillen tusken Frysk en Ingelsk. Of se binne benijd nei histoaryske relaasjes tusken Aldingelsk en Frysk. It binne benammen learders út Kanada, Australië en it Feriene Keninkryk dy’t om sokke redenen begjinne oan de kursus.

In lêste kategory wurdt foarme troch learders dy’t boeid binne troch (minderheids)talen yn it algemien. Suwicha út Tailân wol bygelyks safolle mooglik talen leare om de wrâld ûntdekke te kinnen. Der binne ek minsken sa as Hanane, dy’t yn Sina wennet en har as doel steld hat om tsien ferskillende talen te sprekken. Anne út East Anglia fynt it wichtich om minderheidstalen yn libben te hâlden (en is sljocht op Fryske hynders).

Wa’t de kursus docht, leart yn trije wiken de basis fan it Frysk. De klam leit op it lêzen en it ferstean, mar der is ek oandacht foar praten en skriuwen. Wa’t de kursus hielendal folget, kin himsels yn it Frysk foarstelle, wat fertelle oer syn deistich libben en wat fertelle oer syn famylje en freonen.

Alle lessen binne opboud yn stappen. In kursist jout sels oan wannear’t er in stap dien hat en hâldt sa by hoefier oft er is. De lessen begjinne mei it harkjen nei in Fryske dialooch, dêr’t de measten yn earsten noch net in soad fan begripe. Dêrnei wurde grammatikale aspekten útlein, dy’t kontrolearre wurde mei kwisfragen. De wurdskat wurdt opboud mei behelp fan wurdlisten. Dêr sit ek audio by: wa’t op in wurd klikt, heart hoe’t it klinkt. Under elke stap kinne reaksjes pleatst wurde of fragen steld wurde, dy’t beäntwurde wurde troch oare learders of troch de dosint. Oan’e ein fan in les wurdt de dialooch werhelle en falt alles te plak. As ôfsluter krijt de learder in artikel te lêzen oer Fryslân en syn kultuer. Yn totaal binne der trije lessen, mei elk in eigen tema.

Foar elk dy’t him binnen de kursusperioade oanmeld hat, bliuwt it materiaal noch in hiel skoft beskikber (ek no’t de kursus dien is). Wa’t de kursus mist hat, kin him foar in folgjende ‘run’ oanmelde. Moaie bykomstichheid: wa’t him oanmeldt, hat direkt tagong ta alle oare MOOCs op Future Learn. Miskien wurdt online kolleezje folgje wol jo nije hobby!

Het bericht Wrâldwiid Frysk verscheen eerst op de Moanne.

It font foarby

$
0
0

PAUL VAN DIJK – 

Ik hie in falske start. Ik tocht dat de útstalling ‘It Font’ fan dichter Eeltsje Hettinga en fideokeunstner Lotte Middendorp yn it Fries Museum wie. Mar, sa die bliken, it projekt wie al ferhuze nei museum Belvédère, yn Oranjewâld. Dat hie ik fansels even better lêze moatten, mar Hettinga en Middendorp binne ek hast net by te hâlden. Hja wienen noch mar krekt werom fan de Buchmesse yn Frankfurt en in dei letter stie ‘It Font’ al wer yn it Fries Museum (mei dichter-essayist Martin Reints en byldzjend keunstner Machiel Braaksma) en no hat it projekt oant desimber in plakje yn Oranjewâld.

 

Net in praatje by in plaatje, mar wurden dy’t personaazjes wurde, in eigen libben liede.

 

Yn ‘e rjochterfleugel fan it museum, njonken de ‘vrij naar Mankes’ eksposysje, kaam de donkere sonoare stim fan Hettinga my al temjitte. Hettinga waarmet syn hannen en sjocht út op it waad. ‘Der wie in see, in lân, in lichem,’ mompelet er. We sjogge in fisk dy’t fongen wurdt en troch de dichter achter syn kateder fan alle kanten besjoen wurdt. Dat is ek it lêste wat we fan Hettinga sjogge. Yn de film draait it net om him, mar om syn wurden. En in spul mei wurden is it: letters dy’t ûnder wetter driuwe, sinnen dy’t yn in feart foarby lutsen wurde en wurden dy’t noch krekt net fersûpe (yn it gedicht ‘Sliepend’ bygelyks). Wurden as metafoar foar it libben. Ek it wetter, de see, hat in wichtige rol yn de gedichten en de bylden.

 

In prachtige poezijfilm
Fan ferskate koarte films is foar dizze utstalling ien lange poëzijfilm makke. Lotte Middendorp kiest har plaatsjes soarchfâldich. Se boartet geregeld mei de skerpte fan it byld, wêrtroch it gehiel in mysterieuze sfear krijt. Foaral de ûnderwetterbylden fan ‘driuw’ binne fassinearjend om nei te sjen. Ik wit noch hieltyd net wat ik sjoen haw. Hettinga deklamearret syn gedichten op syn eigen unike wize. Mysterieus en twingjend yn ‘Driuw’, mar ek kwetsber, benammen yn it gedicht ‘Sliepend’. Foar de net Fryske harkers folget der oan ‘e ein fan elk gedicht in Ingelske oersetting fan David Colmer.

De oersettings fan Colmer soargje der foar dat de twa Ingelsen dy’t njonken my op it bankje nei de film seagen, de hiele film sitten bleaun binne en harren fernuvere hawwe oer de ferrassende bylden en de klanken fan it Frysk.

Rutger Zuydervelt hat in sfearyske soundtrack komponearre dy’t foar in mankelike ûndertoan soarget. De iene kear hiel subtyl, mei strikers en piano – wat ‘minimal music’-eftich, de oare kear mijt er it eksperimint net en jout in kollaazje fan oanboazjende synthesizer en fûgel- en seelûden jo in ûnbehaachlik gefoel.

De leporello dy’t Gert Jan Slagter spesjaal foar de utstalling ûntworpen hat, bestiet út it twatalige gedicht ‘In spegel de see ‘ / ‘The sea a mirror’ en seis bylden út de koarte films. Ik hoopje dat de oare gedichten op in selde wize op papier ferskine sille!

Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp bringe ús mei ‘it Font’ wat nijs: net in praatje by in plaatje, mar wurden dy’t personaazjes wurde, in eigen libben liede. Wurden om hiel even yn te fersûpen.
‘It Font’ yn Museum Belvédère is noch te sjen oant 18 desimber. Ek te sjen op Explore the North. Sjoch foar mear op: www. itfont.nl

Het bericht It font foarby verscheen eerst op de Moanne.

Voor Sjoerd de Vries is Gent de hoofdstad van Friesland

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Vrijdag, 4 november 2016. Vandaag, ter gelegenheid van de 75verjaardag van de kunstenaar, wordt de onlangs opgerichte Stichting Sjoerd de Vries ten doop gehouden. De kunstenaar zet zijn vouwfiets op slot en stapt, de jas aan, de hoed op, het doopsgezinde kerkje van De Knipe binnen. Eens preekte hier, van 1911 tot 1915, Anne Zernike, Nederlands eerste vrouwelijke predikant. Op de kerkbanken, nu lichtgrijs geschilderd, zat toen de schilder Jan Mankes. Hij zou haar schilderen, als zijn vrouw, zoals ook Sjoerd de Vries jaren later zijn geliefden zou vastleggen. Hoe verschillend qua techniek ook, beiden vervaardigden landschappen: Jan Mankes, in de omgeving, het ondertussen verdwenen waterlandschap, Sjoerd de Vries de rietkragen van De Deelen. Mankes allerlei dieren om hem heen, Sjoerd de Vries is gefascineerd door paarden. In het kerkje, vlakbij de preekstoel, staan er drie. Drie prachtige ‘hynderkes’. ‘Wat moai dat se de stichting krekt hjir presintearje,’ zegt een van de gasten.

 

De bajan klinkt, Oleg Fateev zingt, een lied, vertaald als ‘Vermoeid door de zon’. Sjoerd de Vries staat op, licht zijn hoed en danst.

 

De ruimte stroomt vol: een bont gezelschap van familie, vrienden en mensen uit de kunst- en museumwereld. Op verzoek van de schilder zijn er deze middag ‘sa min mooglik wurden’ en veel muziek, met Oleg Fateev op bajan. Scarlatti, een tango, liederen uit zijn vaderland Moldavië. Sjoerd de Vries geniet zichtbaar. Nu en dan houdt iemand zijn hand vast, probeert hem te verleiden tot de dans. Van lange toespraken houdt hij niet.

“Wy binne hjir,” zegt Ernst Bruinsma, als nieuwbakken voorzitter van de stichting, “omdat wy fan dyn wurk hâlde.” Dat werk is momenteel te zien in Museum Belvédère op de overzichtstentoonstelling ‘Heimwee naar de toekomst’. Bij de voorbereiding ontdekte museummedewerkster Susan van den Berg, dat er nog veel onbekend is. De tentoonstellingscatalogus biedt dan ook nog lang geen compleet overzicht van het in zestig jaar kunstenaarschap opgebouwde oeuvre. Dat oeuvre volledig documenteren en vastleggen is dan ook een van de doelstellingen van de stichting. “Vandaag gaat de website de lucht in,” laat Ernst Bruinsma weten, “met dank aan de sponsoring van Douwe Huitema, BWH ontwerpers. Dat is ons verjaardagscadeau voor Sjoerd. Maar nog vóór wij de jarige iets konden geven, kregen wij een cadeau van hem.” En hij wijst op de drie werken die, bestemd voor verkoop, het startkapitaal van de stichting vormen.

De stichting, met als medebestuurders journaliste Marita de Jong, secretaris en ‘sterke dieselmotor’, financieel specialist Geesje Mulder, penningmeester, Wim Anker en Paul Kluitenberg, kwam er op initiatief van Susan van den Berg. In 2005 haalde zij de redactie van het kunsttijdschrift Tableau over een artikel over Sjoerd te schrijven. “Met knikkende knieën probeerde ik een afspraak voor een atelierbezoek te maken”, vertelt zij. “Hij staat niet bepaald bekend als een gemakkelijke man. Nu had ik een kritisch stuk geschreven over een kunstenaar die hij niets vond. Dus het klikte meteen.” ‘De trein vertrekt om vijf uur’, zei hij, ‘dus spreken we om vier uur af.’ En ja, hoor, exact om vier uur in de ochtend ging de bel.” Onderweg, in de trein naar Heerenveen waar hij, vijftien hoog, zijn atelier heeft, kreeg zij een college over het landschap. Waarom, zo vroeg zij zich in het artikel af, wordt er in Friesland niet méér gedaan met zo’n grootheid in huis.

Ook gastspreekster Manuela Klerkx houdt het prettig kort. Klerkx International Art Management, maar zij komt hier als liefhebber. Haar man, uitgever Oscar van Gelderen, nam haar een paar jaar geleden mee naar Sjoerd de Vries. ‘Het werk, maar ook die man, dat ga jij leuk vinden’, had hij gezegd. Manuela Klerkx weet te vertellen dat Sjoerd de Vries Gent beschouwt als de hoofdstad van Friesland. Het werk is internationaal, want, al laat hij zich inspireren door De Deelen, rietkragen vind je immers overal. “Mijn wens is,” laat zij weten, “Sjoerds werk tonen in de Randstad, het podium dat ’ie verdient.” En in de richting van het bestuur: “Doe een beroep op mij.”

Om het werk eindelijk ook buiten Friesland stevig op de kaart te zetten, zullen dergelijke contacten voor de stichting inderdaad onontbeerlijk blijken. De kunstenaar ondertussen lijkt blij te zijn dat de toespraken, hoe kort ook, achter de rug zijn. De bajan klinkt, Oleg Fateev zingt, een lied, vertaald als ‘Vermoeid door de zon’. Sjoerd de Vries staat op, licht zijn hoed en danst.

Het bericht Voor Sjoerd de Vries is Gent de hoofdstad van Friesland verscheen eerst op de Moanne.

Tusken wite sjarretels en in swarte wale leit de alsidigens fan Tet Rozendal

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn de grutte seal fan Hotel Oostergo yn Grou sille sûnder mis tal fan trouresepsjes holden wêze. It is dêrmei in tapaslike lokaasje foar Tet Rozendal har foarstelling Nachtvlinder dêr’t de leafde sintraal yn stiet. ‘I need love’, sjongt sy by it opkommen, ûnder de muzikale begelieding fan Eric de Reus, dûnsjend op nullehakken, de wite wale op ’e holle. De foarstelling is trijetalich, ôfwikseljend Frysk en Nederlânsk, mei soms in yn projektearre tekst of in liet yn it Ingelsk. Oardel oere oanien wit sy te boeien mei persoanlike oantinkens en anekdoaten, ôfwiksele mei songs yn ferskillende stilen. Reade tried yn it ferhaal foarmet it houlik dat sy oangean sil.

 

In yntime one woman show, fan in sterke teaterpersoanlikheid.

 

‘Met wie,’ freget Tet har ôf as besjoen wurdt, wa’t al as net in kaart krije moat, ‘heb je eigenlijk echt wat?’ Der sitte tal fan sokke filosofytsjes yn de tekst, fragen dy’t elk himsels stelt en dêr’t miskien gjin antwurd op is. It giet om de leafde, mar dêrmei giet it likegoed oer teloarstelling en oer iensumens. De ‘coin of approval’ hat ommers as kearside ‘judgement.’ Der is de foute fint, der is de Gryk dy’t it útmakket mei in smk-ke. ‘Woorden zijn als dingen, ze kruipen in je kleren.’ En yn my, lit sy derop folgje. Moai …

Swiersettich is it allegear net, yn de seal wurdt geregeld lake. Want Tet is ek it famke fan tolve, trettjin jier, dat foar it earst troch in jonge om ferkearing frege wurdt. Mei de ûnferskillich fan in puber is it: ‘Ja, dat wol ik wol …’ Se realisearret har, dat der miskien wol tute wurde moat. En wat as je dat net kinne? Mei freondintsjes oefenet sy, in plestik pûdsje foar de mûle. En dan is it safier: sy en de jonge stean op it foetbalfjild, achter de goal. Har freondintsjes, syn freontsjes skandearje: ‘Tútsje, tútsje.’ It waard neat.

Naadleas skeakelt sy oer nei in liet, dan wyld en rûch, ‘ik raak in de ban, word gek van een man …’, dan wer soel. Hoe moai is it as sy dûnset en ûnder it wite, lichtsjes trochskinende wite jurkje, de sjarretels yn it sicht komme. Se krûpt werom yn de hûd fan de sechstjinjierrige: diskodûnsje yn Quatrebras en boppe de muzyk útskreauwe: ‘Hy seach nei my.’ Mei in jonge oan it bier, dat sy net iens lekker fûn, en doe ‘liet ik my op ‘e bek pakke.’ Mar de leafde, dat binne net allinne de jonges fan doe en de mannen fan letter, it is ek dy foar beppe, 97 en al mear as tritich jier allinne. ‘Jaap is by de heare,’ is it oandwaanlik, ‘dêr wachtet er op my.’ Of dy foar Nick, de man dy’t sy yn monologen oansprekt oansprekt as ‘Lieve Nick’, de man mei wa’t sy trouwe sil. De jurk hie se al, de earste ‘manloze trouwjurk’, kocht yn in Londonse antyksaak, noch foar’t sy him kennen learde. De parten dy’t begjinne mei ‘Lieve Nick’, klinke as lêst sy brieven foar.

‘You have courage, Tet’, seit de projeksje. As in nachtflinter kroep Tet Rozendal út de kokon, yn London, dêr’t sy net allinne it teloar gean fan in leafde ferwurke, mar ek de teksten foar de foarstelling skreaun. ‘Nachtvlinder’ einiget dermei dat sy, yn in lange swarte jurk, wite roazen yn de hân, de swarte wâle foar in ferheging op klimt. ‘Wij zouden alles samen doen, Nick …’

In yntime one woman show, fan in sterke teaterpersoanlikheid.

 

 

‘Nachtvlinder’ is yn 2016 noch in pear kear yn Fryslân te sjen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Het bericht Tusken wite sjarretels en in swarte wale leit de alsidigens fan Tet Rozendal verscheen eerst op de Moanne.

Ljerke siket ferstilling

$
0
0

PAUL VAN DIJK – 

Ik moetsje slachwurker ekstraordinaire Sytze Pruiksma as de seal fan Schouwburg de Lawei noch mar krekt iepen is. “We hawwe de oaren in oere lyn troffen,” fertelt er entûsjast. Mei ‘de oaren’ bedoelt er de Noaren Alexander Rishaug, bassist Michael Francis Duch, trompettist Hilde Marie Holsen en de IIslânske fideokeunstner Haraldur Karlsson mei wa’t er fannemiddei foar it earst muzyk meitsje sil. De trije Noarske muzikanten, Sytze Pruiksma en de bruorren Jan en Romke Kleefstra foarmje ‘Ljerke’, in kollektyf dat ‘klanklânskippen’ meitsje wol. As ik freegje oft se in setlist hawwe, skoddet Sytze de holle. “Der stiet neat op papier, der binne gjin ôfspraken. Sterker noch: wy witte net iens wa’t der daliks begjint.”

 

De stilte is suver even te folle. Ik skrik as ik by it ferlitten fan de seal troch de boksen fan de Lawei ynienen ‘de Beegees’ galmjen hear.

 

Dat klinkt wat achteleas, mar de mannen kinne blynwei fertrouwe op harren geweldige ymprovisaasjetechnyk. It is úteinlik Pruiksma sels dy’t begjint. Ut it arsenaal oan ark dat er om him hinne lizzen hat, kiest er foar de elektryske gitaar. Pruiksma bespilet de gitaar as slachynstrumint, mei in stokje. Letter hellet er mei in strykstok ek fioelelûden út it ynstrumint. Dat Pruiksma ympovisearre kin dat wisten we, mar ek trompettiste Holsen en Romke Kleefstra hawwe in grutte ynfloed op it úteinlike kluster fan lûden dat ûnststiet. Holsen tsjoent de wyn en de see út har trompet. Har trompettoan docht my oan Eric Vloeimans tinken. Se hie om my noch wol mear spylje mochten.

Firtuoze solo’s dy’t tawurkje nei in klimaks hoeche wy by ‘Ljerke’ net te ferwachtsjen. It kollektyf dichters en muzikanten spilet sober, mei it doel ferstilde kollaazjes te meitsjen fan klanken, resultearjend yn in lange soundtrack fan in oere. De kontrasten slûpe hiel keunstich de muzyk yn, stadich wurde de ‘echte’ ynstruminten ferfoarme en wurdt it gehiel hieltyd elektroanysker.

Dichter Jan Kleefstra hat in bysûndere rol yn it optreden. Syn gedichten soargje foar organyske oergongen en sfearwikselingen. Kleefstra draacht hiel yntens en mei de eagen ticht foar. Syn wurden lokje ús hieltyd fierder mei it lânskip yn.

De spanning fan it eksperimint
De fideokeunstners mikse harren biblioteken en effecten ta in eklektyske mjuks fan fertroude bylden (Fryske greiden, fûgels en Noarske fjorden) en bylden dy’t wat apokalyptysk binne. It lânskip wurdt mei digitale effekten ôfbrutsen. Breklinen en grize reek feroarje it lânskip yn in 3d model fan in frouljusgesicht, dêr’t stikken út misse. Ek fisueel boeit it optreden fan it begjin oant de ein.

Ynkoarten sil ‘Ljerke’ de studio yn. Under lieding fan Rutger Zuyderveldt sil der in plaat makke wurde.

‘God, ik sit noch hielendal yn in trance,’ seit in man njonken my as it optreden ôfrûn is. Ik fiel itselde. Myn holle sit fol fan de lûden en de bylden dy’t ik sjoen haw. De stilte is suver even te folle. Ik skrik as ik by it ferlitten fan de seal troch de boksen fan de Lawei ynienen ‘de Beegees’ galmjen hear. Ik haw in oere lang even earne oars west.

 

‘Ljerke’ is ek de kommende dagen noch te sjen en te hearren. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Het bericht Ljerke siket ferstilling verscheen eerst op de Moanne.

In memoriam Gunnar Daan

$
0
0

BAUKE TUINSTRA – 

Afgelopen donderdagmiddag reed een Landrover met daarin het lichaam van Gunnar Daan van zijn huis, de boerderij ‘Donia Sathe’ in Oosternijkerk naar het crematorium in Marsum. Dat gebeurde na een middag in een met familie, vrienden en collega’s gevulde schuur, waar het leven van Gunnar werd gevierd. Gunnar lag in zijn oude kajak, zijn Drascombe ‘Gig’ stond met vol tuig in de schuur. Er was roggebrood met spek, leverworst, pompoensoep en zelfgerookte vis voor iedereen. Er was muziek en er werd gesproken. Alles klopte.

 

Naast een aantal krachtige en persoonlijke gebouwen laat Gunnar iets misschien nog wel belangrijkers na: een ontwerphouding die door zijn leerlingen wordt gebruikt om te komen tot ontwerpen die passen in hun omgeving.

 

Zondagnacht 31 oktober overleed Gunnar. Samen met Abe Bonnema was hij de belangrijkste Friese architect van de afgelopen jaren. Niet alleen in het Noorden was hij bekend, landelijk gold hij als een van de meest beeldbepalende architecten van rond de millenniumwisseling. Gunnar was in de jaren negentig hoogleraar in Delft. Er zijn verschillende overzichtstentoonstellingen over zijn werk geweest, waarvan een in het Nederlands Architectuur Instituut. En bij architectuuruitgever 010 verscheen een monografie. Niet gering voor een – weliswaar eigenzinnige – dorpsarchitect uit de periferie van Friesland.

Zijn beste projecten zijn misschien juist wel de kleinere projecten, op een dorpse schaal. Hij brak halverwege de jaren tachtig door met het samen met Thon Karelse gemaakte ontwerp voor Galerie Waalkens in Finsterwolde, in het oosten van Groningen. De afgebrande voorname Groninger boerderij maakte hier plaats voor een eigentijdse interpretatie hier van, met vensters die meer verdiepingen suggereerden dan er waren en een witte grafiek op een rode Groninger steen. De plattegrond, bestaande uit twee driehoeken, was afgeleid van een villaplattegrond van Palladio. In dit ontwerp kwam alles al samen; het kijken naar de omgeving, het interpreteren van het bestaande, de voorliefde voor de klassieken en de waardering voor ambachtelijk vakmanschap.

‘Kritisch Regionalisme’ was de term die voor deze ontwerphouding werd gebruikt. Het was een stroming die met name buiten Nederland tot bloei kwam, met theoreticus Kenneth Frampton en in navolging van onder anderen Jørn Utzon en Alvar Aalto architecten als Mario Botta, Alvaro Siza en Glenn Murcutt. Gunnar was hier een soms eenzaam boegbeeld, maar kreeg wel veel navolging. Hij had zijn leerlingen, op het eigen bureau, maar ook op de HTS, de verschillende Academies van Bouwkunst en op de TU Delft. En ook in de publieke opinie en de politiek veranderde er veel. Anita Andriesen presenteerde het streekplan ‘Om de kwaliteit fan de romte’, waarin de liefde voor het landschap en de cultuurhistorie tot beleid werd gemaakt.

De ontwerpen van het bureau werden regelmatig opgenomen in het Architectuur Jaarboek. Kleinere projecten als de atelierwoning in Langezwaag, maar ook de grotere projecten waarvoor het gestaag groeiende bureau opdracht kreeg. Met ontwerpen voor bijvoorbeeld het Fries Museum, het stadhuis van Dokkum, Crystalic en het Aquaverium kwam ook het belang van het proces, regelgeving en een professioneel bureau aan de orde. Het bureau raakte ISO 9002 gecertificeerd, met uitzondering van Gunnar. Het stranden van plannen voor De Waagstraat in Groningen en de rechtbank in Zwolle betekenden een kras op zijn ziel.

Gunnar was geen makkelijk man, niet voor anderen en zeker ook niet voor zichzelf. In de laatste jaren bij zijn bureau en in de eerste jaren daarna raakte hij verbitterd en voelde zich soms miskend. In een interview in de Leeuwarder Courant uit die periode sprak hij over zichzelf als een ‘vergeten architect’. De aandacht die hij de afgelopen week kreeg toont aan dat dit niet terecht was. Op de noordelijke TV, radio en in de kranten werd er vanzelfsprekend uitgebreid over zijn betekenis gesproken, maar ook NRC Handelsblad, het Algemeen Dagblad en Trouw weidden columns en artikelen aan hem en aan zijn bijzonder afscheid.

Want naast een aantal krachtige en persoonlijke gebouwen laat Gunnar iets misschien nog wel belangrijkers na: een ontwerphouding die door zijn leerlingen – waaronder ikzelf – wordt gebruikt om te komen tot ontwerpen die passen in hun omgeving. En dat was in de jaren tachtig nog heel bijzonder, maar is mede dankzij Gunnar nu heel gewoon.

Het bericht In memoriam Gunnar Daan verscheen eerst op de Moanne.


Noordelijk Film Festival 2016

$
0
0

ERNST BRUINSMA – 

Noordelijk Film Festival 2016: de kop is eraf. De openingsfilm heb ik overgeslagen en ik liet me onderdompelen in de film ‘Mellow mud’ (‘Es esmu seit’) van de Letse regisseur Renars Vimba. De film draait om Raya, een meisje dat haar achttiende verjaardag in zicht heeft, en een jonger broertje Robis. Ze groeien op onder redelijk armoedige omstandigheden op het platteland en hun huis is alleen via allerlei modderpaden te bereiken. Deze kinderen zijn niet geboren voor het geluk, dat voel je al heel snel. De weg naar volwassenheid is een lange, opstandige en pijnlijke, met een vader die verdwenen is, een moeder die de kinderen ogenschijnlijk heeft verlaten en een weinig liefdevolle, vooral pragmatische grootmoeder. Maar Mededogen is er gelukkig ook.

 

Wat een personage, wat een rol ook. Elina Vaska. Onthou die naam.

De dagelijkse trage gang naar school door de modder, op blote voeten of slecht schoeisel, symboliseert de ondraaglijke zwaarte van het bestaan van deze kinderen. Dat de sferische film met dito muziek beslist geen larmoyante ‘tearjerker’ wordt, heeft vooral te maken met het ingetogen droge spel van Elina Vaska (een ‘wauw’ is hier wel op zijn plaats) in de rol van Raya. Haar gezicht is telkens zo neutraal mogelijk, ook verder gebruikt ze weinig expressieve gebaren. Er zit tenslotte ook heel weinig dialoog in deze bovendien zo sensitief gedraaide film. Raya haar verlatenheid, haar opstandigheid, haar moed, haar verdriet en haar verliefdheid, haar vindingrijkheid, haar doorzettingsvermogen, haar, ja wat al niet, komen heel direct binnen bij de kijker. Hoe dat kan? Omdat we het hele verhaal van deze film (en dramatisch is het) met name door haar ogen zien. Wat een personage, wat een rol ook. Elina Vaska. Onthou die naam.

Het bericht Noordelijk Film Festival 2016 verscheen eerst op de Moanne.

Een echte Rudolf van den Berg

$
0
0

ERNST BRUINSMA –

Als Han van Meegeren een kundig schilder was, dan is Rudolf van den Berg een kundig filmer. Maar net zomin als Han van Megeren een waardevolle bijdrage heeft geleverd aan de moderne kunst van de twintigste eeuw, kan Van den Berg een cineast genoemd worden die een bijzondere film heeft afgeleverd met ‘Een echte Vermeer’. Wat een ongelooflijke kitschfilm is me dit. Slechte grime (opgeplakte snorren en rare pruiken), slechte acteurs (veel geschreeuw, drukke gebaren, wijn die voortdurend over hemden vloeit, Jeroen Spitzenberger die in zijn hand schijt), goedkope decors, dialogen die enerzijds ongelooflijk clichématig zijn en anderzijds onwaarschijnlijk grof en eenentwintigste-eeuws.

 

Dit had een hele mooie film kunnen zijn over wrok en passie die om voorrang vechten in een verscheurde ziel.

 

Dit had een hele mooie film kunnen zijn over wrok en passie die om voorrang vechten in een verscheurde ziel, thema’s die sinds de verkiezingen van gisteren immers actueler zijn dan ooit. Wrok als katalysator van een zelfdestructieve, talentvolle schilder die zijn persoonlijkheid maar niet kan verbeelden en blijft zoeken. Een film over oprechtheid, authenticiteit. Maar wat we krijgen is een regisseur die veel te nadrukkelijk uit is op effectbejag, misschien al aan verkoop aan een Amerikaans publiek denkt. En Jeroen Spitzenberger komt in zijn vertolking van Han van Meegeren, ondanks de opgeplakte snorren, echt niet uit boven zijn povere prestatie als die immer misgrijpende makelaar uit de uitgemolken maar niet minder populaire televisieserie Divorced. Jammer jammer jammer.

Het bericht Een echte Rudolf van den Berg verscheen eerst op de Moanne.

Aan Tafel! ‘de Moanne Live’ mei Tryater

$
0
0

No moandei 14 novimber wer in hiele bysûndere Aan tafel! Diskear ‘de Moanne Live’ mei Tryater yn Lewinski yn Snits.

Tryater spilet op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De Wierheid fan Wylgeragea‘. It stik giet oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en ûnwissigens.

Tidens Aan tafel! snije wy dit tema, dat ek yn Snits en omjouwing spilet, alfêst oan mei in programme yn gearwurking mei ‘de Moanne’ en teaterselskip Tryater.

  • 18:00 – 19:00 oere Aan Tafel!
  • 19:00 – 19:45 wethâlder Súdwest Fryslân yn petear mei Kees Roorda, skriuwer fan ‘De Wierheid fan Wylgeragea’
  • 19:45 foardracht Arjan Hut

Mei-ite kin tusken 18:00 en 19:00 oere foar €10,00. Reservearje kin fia dizze link. Graach oant sjen!

Tryater jout romte om oars te tinken. It teaterselsskip fynt freegjen nijsgjirriger as antwurdzje. Tryater is altyd nijsgrjirrich en praat graach mei dy. Ek by De Wierheid fan Wylgeragea. Dêrom organisearje sy keukentafelpetearen, ynspiraasjejûnen, workshops en oare projekten. Mear ynformaasje op harren webside.

‘de Moanne’ wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. ‘de Moanne’ lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

Het bericht Aan Tafel! ‘de Moanne Live’ mei Tryater verscheen eerst op de Moanne.

All the beauty

$
0
0

ERNST BRUINSMA – 

Over de vorige films schreef ik zomaar wat op. Bij ‘All the beauty’ (‘Alt det vakre’) heb ik het lastiger.

Heb ik genoten? 
Jazeker!
Want?
Man, schrijver, is ongeneeslijk ziek en vraagt zijn ex-geliefde om hem te helpen bij het voltooien van zijn laatste werk: een toneelstuk over hun beider leven. Ik heb kortom een prachtig liefdesverhaal gezien.
Hou je daar van dan?
Nee, eigenlijk niet.
Dus?

 

Eros, been there, thanatos, done that. Toch ook niet een beetje gegaapt? Nee, echt niet.

 

Ja. Uh. Misschien was het de complexiteit van deze liefdesgeschiedenis die me geboeid deed kijken. De intensiteit waarmee twee ex-geliefden terugkijken op een alles verterende liefde die ze sedert hun jeugd voor elkaar voelen. Of dachten afgesloten te hebben, maar dat blijkt niet zo te zijn.
Goh, mmm, bijzonder. Niet, echt. Dus.

Ja, toch wel. Ik ben natuurlijk een romanticus (niet verder vertellen) en eigenlijk was het het mooist om te zien dat deze liefde niet kon bestaan in het vooruitzicht van een lang leven samen, maar tot een hoogtepunt kan komen in het aanzicht van de dood. Misschien omdat de liefde los komt van de lichamelijke passie die altijd verterend was tussen deze twee? Deze liefde blijkt toch voor eeuwig, maar niet in dit leven.

Eros, been there, thanatos, done that. Toch ook niet een beetje gegaapt? Nee, echt niet. En dat komt door de vertelvorm die redelijk complex is. Het toneelstuk waaraan de twee geliefden werken, wordt daadwerkelijk uitgevoerd. De personages uit dat stuk worden zo nu en dan getoond in de film, tijdens repetities over diverse periodes uit hun leven. Daarnaast wordt de verhaallijn nog eens doorsneden door flashbacks. Die periodes worden verschillend gefilmd, zo bevat de actuele situatie heel veel close-ups en worden, doordat de omgeving haast weggefilterd wordt, de dialogen heel intens. Ik denk ook steeds aan Ingmar Bergman, volgens mij zag ik niet geheel toevallig een filmposter van ‘Fanny en Alexander’ voorbijkomen.

Intussen heb ik ook ‘Waterboys’ gezien, nee echt, ‘All the beauty’ is een aanrader. Regie: Aasne Vaa Greibrokk.

Het bericht All the beauty verscheen eerst op de Moanne.

Byld, muzyk en ferhalen by SWALK-jûn yn Tresoar

$
0
0

MARRE SLOOTS – 

Wat moatte jo hjoeddedei dwaan om Fryske boeken oan de man te krijen? Gewoan âlderwetsk ferkeapje yn de winkel? Digitaal oanbiede yn de foarm fan e-books? Of mei de boeken yn de kroade by de doarren del? Neffens Wieke de Haan dogge je dat oars: organisearje in Frysk multymediaspektakel mei muzyk, gedichten en ferhalen.

 

We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep wer berikke, mar we soene ek sagraach in nij, jonger publyk lûke.

 

Woansdei 16 novimber organisearret Tresoar de saneamde SWALK-jûn. It is in inisjatyf dat trije jier lyn begûn is. Skriuwers, dichters en muzikanten lûke lans ferskate Fryske stêden en doarpen en biede in programma oan dat fol sit mei aktiviteiten wêryn’t de Fryske taal en kultuer sintraal stiet. Yn septimber wie der ek wer sa’n SWALK-toernee, mar troch it moaie neisimmerwaar foel de opkomst wat ôf.

Dêrom is no besletten it nochris oer te dwaan yn de foarm fan in multymediale literêre jûn by Tresoar. Foar de minsken dy’t it yn septimber mist hawwe. It tema fan de jûn is brieven. Der is ûnder oaren in ‘making of’ te sjen fan it kadoboek Neiskrift, wêryn’t skriuwsters Aggie van der Meer en Marga Claus brieven mei elkoar útwikselje.

Aktiviteiten as dizze binne in wichtige manier om Fryske boeken oan de man te bringen, seit projektlieder Wieke de Haan fan Tresoar. En dat is hurd nedich. It tradisjonele boek hat syn bêste tiid hân en dus moatte der oare manieren socht wurde om de belangstelling foar Fryske literatuer libjend te hâlden. “Skriuwers moatte net tinke: ‘ik ha it boek skreaun, no is it klear. No kin ik efteroer leune.’ Moatst dy sjen litte en nei eveneminten ta gean, soargje dat dyn boek bekindheid krijt,” seit De Haan.

De organisaasje hat flink har bêst dien, want de besiker hoecht him woansdeitejûn net te ferfelen. In lytse greep út it oardel oere duorjende programma: in muzykoptreden fan de band Wiebe, in foardracht fan dichter Arjan Hut út syn nij te ferskinen bondel Aurora bossanova en de bekindmakking fan de winner fan de wedstriid ‘sluvetugen’. Ek is der der in film te sjen oer it wurk fan Frysk-Ingelske keunstneresse Tjimsk Scarse en foar de jongsten is der in film oer it ta stân kommen fan ‘Wapper’, it aksjeboek foar bern, makke troch Yke Reeder.

De fraach is fansels altyd: lûke ditsoart eveneminten net krekt de minsken oan dy’t dochs al ynteresearre binne yn it Frysk? “We wolle graach dy âlde, fertroude doelgroep wer berikke dy’t it moai fynt om boeken te lêzen, dy’t bekind is mei it Fryske boek troch bygelyks de sútelaksje,” seit De Haan. “Mar we soene ek sa graach in nij, jonger publyk lûke. Dat is hiel dreech.” Oan it oanbod sil it yn elts gefal net lizze, tinkt De Haan. “We ha goed ús bêst dien.”

 

De SWALK-jûn is op woansdei 16 novimber yn Tresoar. It programma begjint om acht oere, de tagongspriis is 5 euro. Sjoch op www.swalk.nl en op harren Facebook-side foar mear ynformaasje en in wiidweidich programma.

Het bericht Byld, muzyk en ferhalen by SWALK-jûn yn Tresoar verscheen eerst op de Moanne.

Viewing all 1709 articles
Browse latest View live