Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all 1693 articles
Browse latest View live

Nei de Filistijnen

$
0
0

SJOUKJE DE BOER – 

Op nûmer 34 yn de Doarpsstrjitte stiet de televyzje oan. It sjoernaal lit bylden sjen fan minksen op de flecht. Flechtlingen dy’t de grins oer komme. Opfangtehuzen dy’t op knappen steane. De bylden wikselje mekoar ôf. Foar de telefyzje sit een heit ûnderút sakke yn in stoel mei de fuotten op in spesjaal dêrfoar makke bankje en in ôfstânsbetsjinning yn de hân.

Op de grûn yn de hoeke sit in famke te boartsjen mei har Barbies. Se boarstelet it hier en smyt har stim omheech at se de poppen prate lit. Se slacht gjin acht op it skerm, se sit yn har eigen wrâld. Dochs nimt se sûnder dat se dat sels yn de gaten hat de wurden fan de nijslêzer oer.

De heit nimt nog in swolch fan syn pilske wylst er skodhollet en lâns oare stjoerders zapt. “Wy geane nei de Filistijnen”, ropt er troch de wenkeamer.

As er in pear stjoerders fjirder de ôfstânsbetsjinning op de tafel smyt, ropt de mem fanút de keuken dat it iten klear is. De panne mei gehakballen komt op tafel. It famke boartet nog mei har poppen, hat neat fan mem har boadskip meikrigen. De heit komt oerein út de stoel en baltet: “Do hast dochs gjin stront yn de earen?” Wêrop’t it famke slikt fan net en op aaien nei de keukentafel rint.

Oan tafel blike de gehakballen te lyts, lykas de keamer dêr’t se mei har trijen sitte. Elke dei op ‘e nij.

Op moandeitemoarn sitte de beukers fan groep 2 mei elkoar yn de rûnte. De juf freget wa’t der aanst ek op fakânsje giet. It famke fan Doarpsstrjitte 34 stekt de finger op. “Wy geane nei de Filistijnen”, seit se grutsk.

Het bericht Nei de Filistijnen verscheen eerst op de Moanne.


Midwinterkeunst yn Nij Beets

$
0
0

TSJOMME DIJKSTRA –

‘Te plak’. Binne je oan de ein fan in reis op it einpunt oankommen dan is dat wat je faak sizze. Dan binne je te plak. Dat is net itselde as thúskomme. Ek yn in frjemd lân, tusken ûnbekende minsken, dêr’t je nea earder west hawwe, kinne je ommers dochs ‘te plak’ wêze, bygelyks as je op je fakânsjebestimming belâne binne.

 

Te plak wêze is in gefoel, in gefoel yn jesels, tocht se. En dêr ha je sels ynfloed op.

 

Yn sokke situaasjes is dúdlik wat je doel is en wêr’t je hinne gean. Der binne ek situaasjes dat dat doel ûnbekend is, dat immen net wit wêr’t hy of sy te plak is. Tink oan immen dy’t op de flecht is. As je op syk binne nei in nij ûnderkommen. Wannear witte je oft je earne te plak binne?

Keunstners út it hiele lân hawwe nei in oprop fan de wurkgroep Kunst in Opsterland oer dy fragen neitocht. Har ôffrege hokker faktoaren útmeitsje oft je je earne te plak fiele. Fjirtjin fan harren ha der in keunstprojekt fan makke dat dizze moanne twa dagen te sjen is yn iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets. Der is in skilderprojekt by, fan Jelle Schotanus, mar der binne ek projekten fan ynstallaasjekeunst en performancekeunst by.

Ferskate binne te sjen yn ien fan de feanarbeidershúskes, guon op op oare lokaasje op it terrein fan It Damshûs. Besikers kinne in gong oer it museumterrein meitsje en de projekten by delgean. De húskes binne ferljochte en der is muzyk fan Bennie Huisman (freed) en folkgroep Sa4 (sneon) en winterske kost by, sadat it yn it tsjuster fan desimber in sfearfol belibjen belooft te wurden.

Ek Tjitske Langhout út Drachten en Yvette de Koning út Grou, dy’t inoar kenne fan de Kunstacademie yn Ljouwert, hawwe in projekt realisearre. Se waarden op in spoar set doe’t se it museumterrein mei de turfgravershúskes beseagen. Tjitske: “Wy krigen doe ek in rûnlieding by It Damshûs. En dy man koe der moai oer fertelle. Op in gegeven momint sei hy: ik soe leau ik op elk plak gelokkich wêze kinne. Dat wie wol yts dat my ynspirearre.”

Te plak wêze is in gefoel, in gefoel yn jesels, tocht se. En dêr ha je sels ynfloed op. Je te plak ‘fiele’ hat wol deeglik ek te krijen mei je thúsfiele en mei ta rêst komme, tinkt Yvette. “Want as je ferhúzje moatte, sjitte je yn de stress.”

Mar oft je je bestimming fine, hinget ek likegoed fan it lot ôf, betochten se: wêr en yn hokker omstannichheden je berne wurde, dêr ha je gjin inkelde ynfloed op. Sa redenearjend kamen de froulju op it idee foar in spultsje Russyske roulette: minsken lûke in nûmer, gean sitten en leare dan ‘har lot’ kennen. Yvette: “Wêr’tst ek terjoche komme silst, úteinlik bliuwt dat in lotterij.”

 

 

 ‘Te plak’. Op 28 en 29 desimber fan 14.00-21.00 oere. Entree 2,00 euro. It Damshûs, Nij Beets.

Het bericht Midwinterkeunst yn Nij Beets verscheen eerst op de Moanne.

Al dy hesjes

$
0
0

BOUKE VAN DER HEM – 

De jierfergadering fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elfsteden hat tagelyks altyd wat wei fan in toochdei. Inkelen dy’t it foar ‘t sizzen ha achter de lange tafel en de seal grôtfol believers. Dat is benammen sa sûnt nei de lêstholden tocht (1997) it lidmaatskip en de tagong fan riders op it iis sekuer regele waard, dat is te sizzen: it tochtriden is keppele oan it lidmaatskip en it ledetal is beheind. ‘Rijdende leden’ (it bestjoer kommunisearret fansels yn de boppetaal) wurde automatysk de nije adeldom sadree’t it werris heve sil.

 

Ferfolgens eamelt it troch oer diploma’s-by-fiif-folbrochte-tochten, oer taalflaterkes, ynskriuwproseduere, gebrûk fan plestik en wêrom dy liuw yn ’e flagge sit?

 

De jiergearkomst is dizze kear foar ‘t earst út ‘e luie stoel wei of sterker noch fan ‘e hometrainer ôf te folgjen fia in live stream. Mar evensagoed sit de grutte seal fan it Ljouwerter WTC Hotel allike fol as oare jierren; dit leauwen sit ommers nét yn de nederklits. Nettsjinsteande dat de agenda der ien is as te ferwachtsjen falle soe by in jiergearkomst fan De Laatste Eer: opening – notulen – ingekomen stukken en mededelingen – jaarstukken – rapport financiële commissie – verkiezing leden financiële commissie – begroting verenigingsjaar – verkiezing bestuursleden – ijsmeet app – rondvraag – pauze – gastspreker Maarten van der Weijden – sluiting.

De foarsitter streket der met flair, gemak, gepaste humor en nu en dan in wurdsje natuerlik Frysk oerhinne. Al by de notulen en oars wol wachtsjend oant de rondvraag slaan guon leden (gauris residivisten) harren slach, fansels neidat se harren namme én ledenûmer neamd hawwe, ommers foar de goeie oarder heart dat by dizze klup sa. Ferfolgens eamelt it troch oer diploma’s-by-fiif-folbrochte-tochten, oer taalflaterkes, ynskriuwproseduere, gebrûk fan plestik en wêrom dy liuw yn ‘e flagge sit?, oer sneue Jan Roelof Kruidhof, ferieningsstipe by partikuliere reüny’s enz., etcetera, ensafuorthinne.

Lykwols wie der dit jier – faaks ûnbedoeld wat weidrukt yn ferslach en ledebrief – in heikel punt: het hesje!, benammen yn kombinaasje mei noch sa’n issue: de passage yn Snits!

Alle tochtriders sille by de earstfolgjende tocht in unifoarm hesje krije mei persoanlik startnûmer. Se krije dat pas by it betrêdzjen fan it bewuste startfak, om ferhanneljen, sismar swartriderij foar te kommen. Mar…, is it in uni-maat? en dochs wol sportmodern, fan ademende stof?, want we sitte ek al fêst oan in ferplichte helm wêrfoar’t mar in beheind tal merken goedkard is…; allegear swit- en knyppunten!

En no komt it: út simulaasjes dy’t it bestjoer entamearre – wêrfoar op ‘m sels hulde út de seal – die bliken dat der by Snits in harmoanika-effekt optrede sil: de tochtriders mei in leech nûmer op it heske sille just by Snits achteropriden en wawit foarbystreke wurde troch de oer’t generaal (relatyf) jonge mei in heger heske! Mei fangefolgen dat de organisaasje om files, triuwerij en ûngelokken foar te kommen dêre in parallelbaan skeppe sil as dûbele passaazje.

Mar dat soarge tagelyks foar ûnstjoer, al yn it WTC en alsa by live streamers: famyljeleden, kammeraten, sponsorploechgenoaten sille tusken al dy unifoarm lykjende heskes just op dy separate banen wachtsje, weromride of oansette, roppend of razend, om mar foaral harren beëage resp. nedige tochtgenoaten te finen! Lykwols, de oare kant oer: altefolle tiid falt der fansels ek wer net te fergriemen by soksoart pandemonium yn sa’n once-in-a-lifetime-event. Ommers, letter op dy winterdei sil it betiid wer tsjuster wurde…

It sil foarfêst emo-tv opleverje: fine de maten inoar yn it tsjuster – behyplik byljochte troch organisaasje, media en eigen bûslampen – of ride se fierder, ferweesd oer de Sleatemermar fierder dwalend?

En toch, persoanlik haw ik net safolle mei hesjes ensa, mar dizze soe ik toedanmar noch wolris oanlûke wolle…

 

Bouke van der Hem/lidnr. 001532

Het bericht Al dy hesjes verscheen eerst op de Moanne.

Grasduinen in de Friese kunstgeschiedenis

$
0
0

DIRK VAN GINKEL – 

Traditioneel, modern, figuratief, abstract, braaf, confronterend… De tentoonstelling ‘Frysk’ in Museum Belvédère in Heerenveen biedt een gevarieerd overzicht van 100 jaar schilderkunst in Friesland. Een ontdekkingsreis.

 

Steenbruggen: ‘Frysk is een tentoonstelling die al grasduinend en associërend tot stand is gekomen.’

 

In zijn openingswoord vertelde directeur Han Steenbruggen hoe hij kort na zijn aanstelling bij MB het werk van Harmen Abma ontdekte. Een kunstenaar die basale materialen als ijzermatten, behangerslinnen, elektriciteitsdraad en golfplaat combineerde en vervolgens beschilderde met acrylverf. ‘Hij verbond de ratio van het raster met het expressieve schildersgebaar’. Evenveel indruk maakte het werk van de Harlinger Jan Roos op hem. ‘Een neo-expressionist die zowel kracht als een ontroerende gevoeligheid wist te leggen in elke verfstreek’. Deze twee kunstenaars vertegenwoordigen voor Steenbruggen alles wat hij zoekt en waardeert in de Friese schilderkunst. ‘Een bewustzijn van internationale stijlen in combinatie met een emotionele betrokkenheid bij het onderwerp en de eigen omgeving.’

 

Kwaliteit
Maar voor sommige kunstenaars speelt de eigen omgeving nauwelijks een rol. Naast de abstracten zijn dat bijvoorbeeld Zoltin Peeter en André de Jong, die zich vooral laten inspireren door Groenland en IJsland. Anderen hebben zich ontwikkeld los van internationale bewegingen. De populaire Ids Wiersma ging met zijn landschappelijke beelden gewoon zijn eigen realistische gangetje. Ouderwetse pastorale landschappen, alsof er niets gebeurd was in de kunst. Thijs Rinsema daarentegen werd in diezelfde tijd aangeraakt door de luidruchtige tegendraadsheid van Dada en begon driftig te experimenteren met steeds abstracter wordend werk.

Dan vraag je je toch af: wat hebben deze kunstenaars met elkaar gemeen? Wat is hier zo typisch ‘Frysk’ aan. Misschien is het enige dat al deze kunstenaars verbindt gewoon het feit dat ze in Friesland geboren zijn dan wel dat ze er gewoond en gewerkt hebben. Maar wat geeft het? Het gaat uiteindelijk toch om de kwaliteit van het werk. En daarover valt bij dit aanbod nauwelijks te twisten.

 

Grabbelton
Volgens Steenbruggen is ‘Frysk’ een tentoonstelling zonder al te veel pretenties en wetenschappelijkheden. Hij zei: ‘We pretenderen zeker ook geen volledigheid. Het is een tentoonstelling die al grasduinend en associërend tot stand is gekomen. Daar hebben wijzelf veel plezier aan beleefd en we hopen dat u evenveel plezier ervaart in het kijken en ontdekken.’

Dat lukt best. ‘Frysk’ is één grote grabbelton van namen, stijlen en thema’s. Je vindt er de ‘usual suspects’ die met werk uit de MB-collectie zijn vertegenwoordigd. Jan Mankes, Gerrit Benner, Sjoerd de Vries, Willem van Althuis, Krin Rinsema, Marije Bouman enz. Maar gelukkig is er ook veel prachtig werk van mensen die je maar zelden in MB ziet. Jentsje Popma, Eddy Sikma, Barteld, Gea Koevoets, Jeanne Oosting, Bartle Laverman, Kaneli & Smit om er een paar te noemen.

Hoewel volledigheid niet geclaimd wordt, mis je sommige kunstenaars wel. Abe Gerlsma bijvoorbeeld. Gedurende zijn lange leven was hij een zeer populaire, op en top Friese kunstenaar. Iemand die het Friese landschap en dorpsleven altijd als onderwerp had. ‘Frysker’ kun je het niet hebben, zou je denken.

Al met al is ‘Frysk’ een zeer gevarieerde expositie waar genoeg te ontdekken valt, ook voor regelmatige MB-gangers.

 

De tentoanstelling ‘Frysk’ is noch te sjen o/m 14 april 2019

 

Het bericht Grasduinen in de Friese kunstgeschiedenis verscheen eerst op de Moanne.

‘In echt boek jout rêst’

$
0
0

ARJANNE NIJP –

Eddy van der Noord hat it drok. Mei syn útjouwerij Louise bringt er gewoanwei seis boeken yn it jier út. Mar no ferskine der fjouwer yn twa wiken tiid. ‘Dat is net sa handich pland, nee.’ It betsjut neist in protte feestlikheden ek in hûs fol boeken en in soad autoriden, want de distribúsje fersoarget Van der Noord ek sels. En dan is er ek noch alle sneinen yn ’t spier as koster fan de Sint-Pitertsjerke yn syn wenplak Grou.

 

Ik sjoch it as in plicht, mar ek as in foarrjocht, om moaie boeken te meitsjen. Ik wol elk boek sa meitsje dat minsken dy’t it lizzen sjogge, tinke: dat wol ik hawwe.

 

‘As koster bist eins de gasthear fan de tsjerke. Ik bin net gelovig, mar ik soargje wol dat alles rint sa’t it moat op snein. Dat it kloppet. Ik set de mikrofoan klear, skriuw de ferskes op ’e buorden en lis it goeie liturgykleed oer de tafel. En ik hâld it gebou skjin. Dat is wol even wurk mar dat jout neat, ûnder it stofsûgjen kin ik goed neitinke.’

Hy hat grutte plannen mei de tsjerke. ‘De tsjerkerintmasters en ik wolle graach mear minsken yn tsjerke ha. En dan net sasear op snein, mar alle dagen, foar alle Grousters.’ Dêrfoar moat der wol it ien en oar barre. Sa moatte der mear húskes komme, mar wol sa dat it past yn de monumintale sfear. ‘Dy fernijïng, dêr sit foar my de útdaging. En dat ik wurkje mei yn sa’n prachtich gebou, dat ik dêr de kaaien fan ha en de flage útstekke mei. Dan fiel ik my echt in befoarrjochte mins.’

 

Grutte skok
Doe’t hast tsien jier lyn syn frou Hetty ferstoar, lei dat wol even oars. ‘Ast sa’n grutte skok te ferwurkjen krijst, safolle fertriet, dan makket dat dy folle bewuster. Ik libje no puer om gelokkich te wêzen. En dat betsjut foar my: gjin dingen dwaan dy’tst net leuk fynst.’ Dat wie ek de oanlieding foar Van der Noord om yn 2010 Uitgeverij Louise op te rjochtsjen. Voor boeken met een lichtend hart, stiet derby. ‘Hetty har geast sit yn de boeken dy’t ik útbring. It binne allegear, stik foar stik, boeken dy’t derta dogge.’

It beslút oft hy in boek al as net útjaan wol, nimt Van der Noord op gefoel. ‘Ik moat in bepaalde klik fiele mei de skriuwer, en mei it ûnderwerp. En op grûn fan myn erfaring kin ik al gau útrekkenje wat it kostet en wat it opbringe kin. Ik hoef ek net op elk boek winst te meitsjen. Ik wurd der net ryk fan, mar ik kin der wol fan libje. Dat is moai.’

Yn guon gefallen groeit de klik mei de skriuwer út ta in freonskip. ‘De biografy fan Joost Halbertsma stiet op dit stuit op nûmer 1 fan myn rychje moaiste boeken dy’t ik útbrocht ha. Foaral fanwege de gearwurking mei Alpita de Jong. Sy is hast in freondinne wurden. Fierder is it ynhâldlik in skitterjend boek. Joost Halbertsma wie echt in fisjonêr. In Grouster, in Fries mar foaral in wrâldboarger. Alpita en ik hawwe in pear lêzingen oer him organisearre. Dan geane we nei de minsken ta, dan wurdt der oer it boek praat. Soks jout my enerzjy en gelok. Oft we der no 5 of 15 fan ferkeapje.’

By it útkommen fan it boek Stimd Slik fan Hein Jaap Hilarides en Hendrik Elings betochten de trije manlju in kulinêre toer. ‘Krigen minsken in 3- of 4-gongemenu en tuskentroch fertelden we oer it boek, lies Hein Jaap gedichten foar, joech Hendrik in workshop skilderjen en makken Hein Jaap en Hendrik muzyk.’ De oantinkens dêroan en de freonskip dy’t dêrút ûntstie, meitsje Stimd Slik ek ien fan de moaiste boeken foar Van der Noord. ‘En it sjocht der ek sa moai út. It linnen omslach mei de titel yn reliëf derop. En it gedicht “lichtgat” is sa foarmjûn dat der in “gat” yn sit. Yn in oar gedicht sjochst de wjukken fan in mûne yn tekst. Doe’t Hendrik foar it earst syn wurk yn it boek seach, sei er: “Eddy, dit binne myn skilderijen.” De kwaliteit fan de foto’s, it drukken en it soart papier binne dan ek hiel belangryk.’

 

Plicht en foarrjocht
‘Ik sjoch it as in plicht, mar ek as in foarrjocht, om moaie boeken te meitsjen. Ik wol elk boek sa meitsje dat minsken dy’t it lizzen sjogge, tinke: dat wol ik hawwe. En dat sit ’m dan foaral yn de foarmjouwing. Ik wurkje gear mei Monique Vogelsang en dêr bin ik tige bliid mei. Ik fyn har hiel goed en, ek wichtich, we ha in goeie bân, we fiele inoar oan.’ En dêrby tinke Van der Noord en Vogelsang sels oan de lytste details. Lykas de kleur fan it lêslint en it kapitaalbantsje.

‘Ik kin ek wol in boek oer keamerplanten meitsje, mar dan wol ik dêr wol in bysûnder boek fan meitsje. Ik ha ek it boek oer eco-coaching fan Tjalling en Berber van den Berg útjûn. Dat is earder útkaam by in oare útjouwerij, mar Tjalling en Berber woenen in fernijde útjefte. It moast in oar managementboek wurde as dat it wie. Ik krige dêr mei Monique fierder de frije hân yn. It is no echt in boek wurden dat him ûnderskiedt fan de gewoane managementboeken.’

‘Boeken fan it type “Gijp” fyn ik ferskriklik. Opdikt papier, in grut lettertype. Der wurdt letterlik lucht ferkocht. Ik neam dat “wegwerpboeken”. Ik wol dêr net te badinearjend oer dwaan, want kommersjeel sjoen begryp ik it wol. Myn boek oer Henk de Jong wie folle djoerder om te meitsjen, en ik ferkeapje it foar minder. Mar it is wol folle moaier!’  

‘Ik bin ek wol wat eigenwiis’, jout de útjouwer ta. ‘Ik wol alles yn eigen hân hawwe. Dan wit ik seker dat alles goed giet. Of yn elk gefal sa’t ik it wol. Ik wurkje ek noait mei kontrakten, in boek meitsje is in proses. Ik oerlis alles yn it foar mei de skriuwer. Dat fyn ik ek sa moai oan it fak: fan idee nei pdf oant it der echt is. Faak sjoch ik by de earste gesprekken al de foarmjouwing foar my. As de cover klear is en de earste stikken binne opmakke, dat fyn ik it moaiste momint.’

Digitaal publisearje, dêr docht Uitgeverij Louise net oan. Resolút: ‘Ik meitsje papier. Ik wol in boek yn ’e hannen hawwe. Yn in e-reader lês ik tekst. Dat kin miskien by in simpele roman, mar net by de boeken dy’t ik meitsje. Kinst ek net blêdzje, digitaal. En hoefolle oeren sjogge we deis al net nei in skerm? In echt boek jout rêst.’

 

Thús op Skiermûntseach
Rêst fynt Van der Noord ek op Skiermûntseach. ‘Ik fiel my dêr thús. Ien dei op it eilân fielt al as fakânsje. Ik kom dêr al hast 40 jier. Mei Hetty en ús dochter kaam ik der trije of fjouwer kear yn ’t jier, en no mei myn nije partner Henriët ek noch altyd.’ Dy rêst siket er bewust. ‘Ik bin in drok persoan, ha in soad sosjale kontakten. It libben is bedoeld om gelokkich te wêzen, en der binne fierstente folle minsken dy’t dat yn alle drokte ferjitte. It is miskyn nayf, mar ik tink echt dat it sa wurket. Ik kin my wol hiel drok meitsje oer de Rabobank, mar dat helpt net. En dus ergerje ik my dêr net mear oan. Dêr ha ik mysels yn traind. Ik bin no hiel gelokkich. Ek mei Henriët. Wy fiele elkoar hiel goed oan. Ik hie noait tocht dat ik wer sa gelokkich wurde soe as mei Hetty, mar dat is wol sa.’

Gelok sit ’m foar Van der Noord dus yn rêst fine, mar ek yn bewust libje. ‘Ik wol goed mei de ierde omgean. En dat begjint by dysels. Ik yt gjin plofhin of lisbatterij-aaien. Ek as koster besykje ik dat bewust te dwaan. We brûke gjin plestik bekerkes mear, mar kartonnen of noch leaver porsleinen kopkes. Ik lis dat út yn de nijsbrief en prebearje dan ek mei te jaan: we dogge it no sa yn tsjerke, mar besykje it thús ek te dwaan.’

Sa’t er yn tsjerke in goeie gasthear wêze wol, minsken ferbine wol, sa wol Eddy van der Noord ek moaie boeken útbringe, dêr’t minsken wat oan hawwe. ‘Ik wol in goed mins wêze. En ik tink eins dat my dat best wol aardich slagget.’

Het bericht ‘In echt boek jout rêst’ verscheen eerst op de Moanne.

‘Myn komposysjes sloegen yn as in bom’

$
0
0

Op strjitte sil er net gau werkend wurde, ek al is komponist Jacob de Haan (1959) ien fan de ferneamdste komponisten fan Nederlân. De wurken fan de yn It Hearrenfean berne Fries wurde oer de hiele wrâld spile troch brassbands, harmony- en fanfarekorpsen. Hy wûn ûnder mear yn 2003 de MuzykMaskelyn Trofee fan Omrop Fryslân en dit jier krige er sawol de Buma Classical Award as de Buma Blaasmuzyk Award. ‘It wie noait myn dream om as profesjoneel komponist troch it libben te gean, mar myn komposysjes sloegen yn as in bom.’

 

It dirigearjen is hurd wurkjen, mar op in gegeven momint komt der in omslach en sjochst dat it wurket, watst besikest út te lizzen oan it orkest.

 

Yn ’e gong fan syn hûs yn it Grinslânske Sellingen stiet in noch net útpakte reiskoffer. De Haan is koartlyn weromkommen fan in reis nei Spanje, dêr’t er in orkest dirigearre. Syn eigen muzyk wol te ferstean, want der binne oer de hiele wrâld in protte orkesten dy’t it ferneamde wurk graach troch de master sels útfierd sjen wolle. Dat barde al sûnt de trochbraak fan de komponist ein jierren tachtich, mar nei de opkomst fan it ynternet en de lêste jierren Facebook is it oantal oanfragen eksplosyf tanommen.

Hoewol’t it soms lestich is om it komponearjen en dirigearjen meielkoar te kombinearjen, seker fanwege al it reizgjen, leveret it De Haan dochs in soad foldwaning op. Net allinnich om’t er fan reizgjen hâldt. ‘It dirigearjen is hurd wurkjen, mar op in gegeven momint komt der in omslach en sjochst dat it wurket, watst besikest út te lizzen oan it orkest.’ Sa’n momint is yn ’e regel needsaaklik, om’t de komponist altyd in hiel dúdlik byld hat oer hoe’t syn eigen wurk útfierd wurde moat.

Faak hawwe de, meastal amateur-, orkesten wikenlang dwaande west mei it repetearjen fan de muzyk ûnder lieding fan harren eigen dirigint. En dan komt De Haan, dy’t meastal in pear dagen hat om mei it orkest te wurkjen. ‘Ik druk behoarlik myn eigen stimpel op it stik, wêrtroch’t it totaal oars klinkt.’ Hast altyd is de kearn fan de feroaringsdrift deselde: ‘Ik haw in symfoanyske benadering. Ik wol dat de blazers de noat trochlûke. By strikers giet dat faak fansels, mar dat fielt foar blazers net logysk.’

De Haan imitearret in tuba. Hy set oan en lit de noat stadich ferfleane. ‘Dat wol ik dus net. Ik wol dat de noat just tanimt. De noat moat trochlutsen wurde nei de folgjende noat. Dêr bin ik hieltyd mei oan ’e gong.’ As dat slagget, dan is it de perfekte ienwurding fan it skriuwen fan de muzyk en it lieden fan de útfierders. Krektlyn noch, yn Spanje, kaam nei ôfrin fan in konsert ien fan de muzikanten nei De Haan ta. ‘Hy sei dat it net folle skeelde of hy wie begûn te gûlen. Dat fyn ik it moaiste om te hearren.’

 

Trochsneed muzikantebestean
Komponearjen en dirigearjen; hoewol’t De Haan fan jongs ôf oan wist dat er wat mei muzyk dwaan woe, wienen dy twa rjochtingen net spesjaal de dingen dêr’t er fan dreamde. Einliks stelde er him in mear trochsneed muzikantebestean foar. De jongste fan trije jonges kaam al betiid yn oanrekking mei muzyk. Syn heit spile tromboane by brassband Pro Rege yn It Hearrenfean en wurke as ynstrumintebouwer by Van der Glas yn itselde doarp. Mar foaral syn acht jier âldere broer Jan waard syn muzikale foarbyld.

‘Hy learde my de earste kneepkes fan de muzyk.’ Earst op ’e kornet, letter op ’e flugelhorn en trompet. Mei de kornet kaam De Haan ek by Pro Rege te spyljen, dêr’t syn broer him letter sels dirigearre. Mar ek de toetsen hienen in behoarlike oanlûkingskrêft op De Haan. Fan syn sande ôf spile er piano. ‘En twa omkes fan my oargelspilen. Dat makke echt in grutte yndruk. Doe’t ik sechstjin wie, seach ik dat se by in tsjerke yn It Hearrenfean in organist sochten. Ik tocht: ik probearje it gewoan.’

It slagget him om it ynstrument sadanich ûnder de knibbel te krijen dat er in pear jier letter nei syn oplieding skoalmuzyk oan it konservatoarium yn Ljouwert ek noch oargel as haadstúdzje kiest.

De toanen fan de oargelpipen blike, lang nei’t er se bespile hat, noch fan grut belang foar it komponearjen. ‘Ik ha dêr in soad fan leard. De registers fan in oargel, dat binne einliks de ferskillende ynstrumintegroepen fan in orkest. Dat brûk ik om kombinaasjes fan klankkleuren meitsje te kinnen. Ik bin dêr by it komponearjen net bewust mei dwaande, mar it wurket dêr wol yn troch.’

Dat komponearjen begjint by hast elk stik op ’e fleugel yn de wenkeamer fan it Grinslânske plattelânshûs. ‘Ik begjin faak op ’e fleugel mei it spyljen fan flarden muzyk, dy’t ik dan opnim mei de iPhone. Bepaalde ideeën nim ik dêrnei mei nei de studio, dêr’t ik se útwurkje op in keyboard mei in kompjûterprogramma.’

 

Frij ienfâldige melodyen
Fan hûs út krige De Haan uteraard in soad muzyk mei. ‘De kast stie fol mei lp’s fan Beethoven, Tsjaikovski en Bruckner.’ Benammen harren grutte symfonyen hawwe ynfloed op it wurk fan de komponist, mar ek de opera’s fan Wagner, Puccini en Verdi klinke dêryn troch. Wa’t De Haan syn muzyk beharket, kin ek ynfloeden fan filmkomponisten ûntdekke. Lykas fan John Williams, stimt er mei. ‘En miskien noch wol mear Ennio Morricone. Sy hawwe frij ienfâldige melodyen wêrfan’tst tinkst: dat kin elkenien wol. Mar dat is dus net sa.’

‘Op it earste gesicht klinkt it frij ienfâldich en logysk en dochs kin net elkenien se meitsje.’ De Haan núnderet it bekende deuntsje fan John Williams syn Indiana Jones-muzyk. ‘Sjoch, dat klinkt dus maklik betocht, mar sa’n melody fine falt net ta. Op himsels is it meloadyske finen net hiel hurd wurkjen, mar je moatte it wol sjen te finen.’

Yn ’e regel wurde de troch De Haan betochte melodyen oaninoar reaun. ‘Faak ûntsteane der meardere melodyen dy’t je meielkoar yn ferbân bringe.’ Ien kear slagge it De Haan om de melodyen oerelkoar hinne te lizzen. As er dêroer begjint, fearret er monter oerein en pakt er syn laptop derby om it hearre te litten: de Dakota – Indian Sketches. ‘Ik hie twa melodyen betocht foar dat stik, mar it wie seker net de bedoeling om se tagelyk klinke te litten. Dat kin ek einliks noait. Mar, ik wit net mear hoe’t it presys gong, ynienen betocht ik dat it hjir wol koe. Dat bliuwt foar my hiel bysûnder.’

 

Muzykútjouwerij
Noch wylst er mei syn konservatoariumstúdzje dwaande wie, naam it komponearjen fan De Haan al serieuzere proporsjes oan as skriuwen foar de pleatslike brassband. Nei’t syn broer yn 1983 in muzykútjouwerij opsette en De Haan frege om foar him te komponearjen, late dat der in pear jier letter ta dat De Haan it beslút naam om syn banen as dosint by it konservatoarium yn Ljouwert en by de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn Harns stop te setten. Want it wurkjen op de middelbere skoalle bliek dochs net te wêzen wat er dêrfan hope hie. ‘Ik fûn it behoarlik dreech.’

It momint wie feilich keazen. ‘Ik wie doe troud en myn doetiidske frou hie ek in karriêre. Boppedat siet der aardich groei yn myn komponearjen.’ Troch de útjouwerij fan broer Jan sipele de blêdmuzyk de grins oer. ‘En fanôf it momint dat dy distribúsje wrâldwiid gong, sloech it yn as in bom: Singapore, Amearika, Japan, Europa, oeral. Ik krige dêr in geweldich noflik gefoel fan, want wat kin der no leuker wêze as komponearjen en dêr dyn jild mei te fertsjinjen?’

Dat wûnder wie miskien net bard as broer Jan net healwei de jierren tachtich syn útjouwerij begûn wie. ‘Hy hat in geweldige kombinaasje fan muzikale knowhow en in sakeynstinkt.’ Boppedat siet de harmony-, fanfare- en brassbandwrâld te wachtsjen op ‘wat nijs’. ‘Utjouwerij Molenaar hie doe op dat gebiet it allinnerjocht. Sy hienen in uterst suksesfolle generaasje komponisten, mar dat wienen al jierrenlang deselden. Myn broer is doe yn dat gat sprongen.’

 

Reprodusearje
Behalve in nije namme wist De Haan ek noch wat oars nijs oan te bieden. Net allinnich de grutte komponisten fan eartiids hienen him fanút de lp-kast fan syn heit beynfloede, ek de moderne popmuzyk wie ta it muzikale brein fan de komponist trochkrongen. ‘Fan Bob Dylan learde ik bygelyks in soad oer ienfâld en styl.’ En yn funkband Gaddafunk út Ljouwert spile De Haan covers fan James Brown en Prince. Dat besoarge de komponist in breed palet oan noatekombinaasjes. ‘Komponearjen is net allinnich produsearjen, mar ek reprodusearjen. Je moatte ynfloeden fan bûten ôf meinimme nei je eigen muzyk.’

Dat makket de muzyk foar sommige minsken sa’t it liket ‘tagonklik’. ‘Te’n ûnrjochte tinke se dat dat de reden is dat myn muzyk harren oansprekt. Mar dat kin noait de reden wêze. It kin seker meispylje, mar ik tink dat it minsken foaral emosjonearret.’

Wyls fernimt De Haan dat it lestiger wurden is om syn nije muzyk oan ’e man te bringen. It wurdt wol goed ferkocht, mar it binne dochs foaral syn grutte wurken fan jierren ferlyn dy’t him de wrâld oer fleane litte om te dirigearjen: syn trochbraakstik Oregon (1989), Ammerland (2001) en it meast ferkochte wurk, Concerto d’Amore (1995). Dat dy noch altyd sa frekwint útfierd wurde, docht De Haan goed. ‘It is moai dat je evergreens – stikken dy’t bliuwe – skreaun blike te hawwen.’

De Haan wol it no wat rêstiger oan dwaan, benammen op it mêd fan komposysje-opdrachten, want op syn reizen oer de wrâld leveret er net yn. In bekroaning soe noch wol passe op syn wurk, jout er ta as him dêrnei frege wurdt: de muzyk foar in film. ‘Mar filmmuzyk komt net samar op je ôf. Dêr moatte je echt yn sitte. Je moatte echt kontakten ûnderhâlde. Ik ha dêr net safolle sin oan, mar filmmuzyk meitsje soe wol echt wolkom wêze, ja.’

Het bericht ‘Myn komposysjes sloegen yn as in bom’ verscheen eerst op de Moanne.

Fan

$
0
0

KAREN BIES –

Wy wiene fierstente betiid. In oere foardat it sinjearjen begjinne soe, stiene M. en ik al mei trije eksimplaren fan ‘Sterk Verdund’ yn de boekhannel. Dan mar earst nei it kafee? Mar dêr kaam Kees van Kooten al fanút de rein de winkel yn. Even letter siet hy, ek rom op tiid dus, mei kofje en sûkelaatsjes achter in steapel blauwe ‘gedundrukte’ boekjes.

 

‘Anders vraag je of hij je agenda ook wil signeren’, sei M.

 

M. stapte der op ôf. ‘Goedenmiddag meneer van Kooten, bent u al in functie?’, frege hy. ‘Ja hoor!’, sei Kees fleurich. Ik pakte der in stoel by en wy krigen in hân. Kees van Kooten fertelde dat er net sa faak mear troch it lân reizge, hy moast it rêstich oan dwaan nei in hertoperaasje en fiif bypasses. ‘Neem een chocolaatje!’, sei de skriuwer, wylst hy in moai boadskip skreau yn it boekje foar myn skoanâlders (‘Sterk verdund, maar tóch met dikke pret, voor Joop en Hermien’).

Ik frege him om ek noch wat te skriuwen yn it boekje dat bestimd wie foar ús heit en yn it eksimplaar foar M. en my. Doe wie hy klear en wist ik niks mear te freegjen. Mar omdat der noch gjin oare minsken stiene te wachtsjen woe ik noch net fuort. Ik bedoel: Kees van Kooten. Ik ha al syn boeken en ik ha se faak op ‘e nij lêzen. Ik moast sa laitsje om ferhaaltsjes as ‘De kaars’ en om ‘Poezen eigen deurtje’ en rekke ûntroerd troch ‘Willem’ en ‘Van de hoge’. Eartiids seagen wy alle wiken Koot en Bie op teevee, by ús hong de Bescheurkalender op it húske. Ja, ik bin grut wurden mei Kees van Kooten. En no siet ik neist him as in sprakeleaze fan. Ik wie starstruck. Ynienen sei ik: ‘Ik heb altijd zoveel van uw werk gehouden.’ (In freondinne dy’t ik dit letter fertelde, frege: ‘Moest hij blozen?’ ‘Nee, ik wel!’, sei ik.)

Wy betanken him en yn ‘e winkel kocht ik noch in nije aginda. Doe lies ik wat Kees van Kooten foaryn ús boek skreaun hie: ‘de beste wensen en een gezond en vooral leuk 2019!’ Niks mis mei, mar ek net hiel spesjaal. ‘Anders vraag je of hij je agenda ook wil signeren’, sei M. ‘Met vrolijke paasdagen, gefeliciteerd met je verjaardag, prettige vakantie, enzovoort.’

Mar ik bin hiel bliid mei myn boekje. ‘Alle goeds, Kees van Kooten’, stie der ek noch by. Yn it kafee haw ik ‘De kaars’ foar de safolste kear lêzen en it wie wer daverjend grappich.

Het bericht Fan verscheen eerst op de Moanne.

It hiem sûnder de heit

$
0
0

HIDDE BOERSMA – 

1.

Oan de râne fan it doarp stiet in grut frijsteand hûs yn it sinneljocht. Sûnder ôfremme te wurden troch wolkens baarne de sinnestrielen har in wei troch de gerdinen foar it sliepkeamersrút. It wyfke yn it twapersoansbêd wurdt wekker fan it ljocht en teart it lekken fan har lea. Sûnt har man twa jier lyn ferstoar, wennet se allinne yn it grutte hûs. Se stekt har fuotten yn ’e pantoffels dy’t neist it bêd stean, slacht de moarnsjas om ’e skouders en rint nei it rút. Se skoot de gerdinen iepen en eaget oer it greidelân mei de beammen, damen en buorkerijen dêr’t se al in jier as fjirtich oer útsjocht. Har man komt har yn’t sin, it hie hjoed syn trije-en-tachtichste jierdei west. Se set it rút op in kierke en giet nei ûnderen.

 

2.

Yn it klompehok leit de kat oprôle yn in kartonnen doaze op in âld handoek te sliepen. Alle dagen as it wyfke moarnsier troch de keukensdoar it klompehok ynstapt, begjint er fuortendaliks te spinnen, mar hjoed net.

‘Wat skeelt der oan, poes?,’ freget it wyfke.

De kat kin gjin minsketaal en seit neat werom. Hy bliuwt stil yn ’e doaze lizzen, mei de kop trystich op de lofter foarpoat.

‘Bist dochs net siik, wol?,’ freget it wyfke en se fielt oan syn liif.

Gewoanwei soe er dan fuort speakjend en snuorjend op ’e rêch rôlje. No net.

‘Mar,’ seit it wyfke, ‘do fielst op himsels net siik oan.’

De kat is no ek wekker en springt út ’e doaze.

‘Hearken,’ seit it wyfke, ‘do mankearst werklik neat. Faaks hast wat in min sin.’

Mei de earms yn ’e side sjocht se ta hoe’t de kat sleau nei de itensbakjes rint. Der sitte noch genôch brokjes yn it iene bakje en yn it oare stiet noch wat skjin wetter. Hy rint der mar wer by wei, want hy hat gjin honger en gjin toarst. Op ’e kont en mei de sturt om it liif slein giet er foar it wyfke oer sitten. Mei de earen wat plat sjocht er omheech.

‘Dyn eagen steane wat dof,’ seit it wyfke wylst se wat prakkesearderich mei de hân oer it kin wriuwt.

De kat knipperet in pear kear mei de eagen en hâldt de kop dan mar del.

‘No, no, no,’ skodhollet it wyfke en se kriget de kat fan ’e grûn en nimt him op ’e earm. Op syn snút drukt se in tútsje en se hopset him as in poppe op in del.

De kat lit mei him dwaan. Eins docht it him wol goed.

 

3.

‘Och, och, och,’ seit it wyfke, wylst se mei de kat troch de tún rint en him de blommen fan boppen sjen lit. It is in kleurepracht mei al dy blommen yn bloei. Flinters klapwjukje fan de iene blom nei de oare, wylst tusken de blêden it brommen fan de bijen klinkt.

‘Is ’t net in pracht, poes?,’ seit it wyfke.

De kat liket wrachtsjes in bytsje op te fleurjen. Mei de eagen folget er even in deipauweach, oant dy delstrykt op it keninginnekrûd. Hy hat, sa drôvich op ’e earm fan it wyfke, wol wat wei fan in bern mei opdroege triennen op ’e wangen. It aaien oer syn rêch en kop en it trochbrekkende sintsje bringe sa stadichoan wat waarmte yn syn liif. En wrammels, nei in skoftke begjint er wat ûnwennich te spinnen, lyk sa’t in bern wat teglûp laitsje moat om de grapkes dy’t it ta treast taflústere wurde.

‘Jaaah, poeske,’ seit it wyfke, ‘sjochst no wol. Jawol.’

Se steane no foar it perk mei de margrieten. Se bloeie, sa as se altyd diene op de jierdei fan it wyfke har man.

 

4.

De kat hat ferlet fan waarmte en fan rêst. Salang’t er mar gewoan in bytsje tusken de blommen yn ’e sinne leit, giet it wol. Nimmen dy’t der frjemd fan opsjocht as in kat op dizze wize de dei slyt. Lokkich begrypt it wyfke wol dat se de kat hjoed mar better wat gewurde litte kin.

Lykwols kipet se sa no en dan wol even om ’e hoeke fan de ligusterhage om te sjen hoe’t de kat derby leit. En in pear kear giet se even by him yn ’e hoksen sitten en aait him oer de rêch. De earste kear as er har hân fielt, speaket de kat him der hearlik by en lit him oer de búk wriuwe. De twadde kear bliuwt er lykwols stil lizzen, en dêrnei lit it wyfke him fierder mar mei rêst.

‘Sliep mar lekker,’ seit se.

Se slacht oan it himmeljen. Nei de keuken docht se ek it klompehok. Faaks hat de kat ek niget oan in fris ferbliuw. Se feit it stof út alle hoeken, kloppet de matte út en smyt in pear âlde klompen fuort. Foar de kat set se in nije doaze del en leit der in skjinne handoek yn. Diskear net in hiele âlde, mar in frijwat nije dy’t se gewoanwei noch foar harsels yn ’e kast lizze soe. Ut ’e kelder hellet se in blik ferwenfretten foar katten en set dat klear op it oanrjocht, mei de blikiepener derneist.

Se skinkt harsels kofje yn en dêrmei, en mei it tsjerkekrantsje, jout se har del yn in stoel op it terras. Tefreden glimkjend speaket ek it wyfke har yn ’e sinne, al sit se noch hieltyd oer de kat yn. Even leit se it krantsje del om nochris om ’e hoeke fan ’e hage te sjen. De kat is in meterke mei de sinne opskood, mar leit der noch allyk sa by as in oere lyn. It wyfke skodhollet en giet wer sitten mei it krantsje. Se slacht it iepen op de side mei de berte-, sykte- en stjergefallen yn ’e tsjerkemienskip.

 

5.

Dan wurdt de kat wekker. Hy hat in pear oeren wei west yn in djippe sliep, en no hat er honger. Hy komt oerein en rekt de lea even lekker út. Wilens snúft er de reek fan de gehakballen dy’t it wyfke op it fjoer set hat happich yn. Foar even is syn soarch fergetten, mar krekt as er monter tusken de blommen wei springe sil, komt it him wer yn it sin. Hy sakket wer op ’e kont en stoareaget foar him út nei de sleat. Dêryn en lâns de wâlen sitte de kikkerts te kweakjen. Op in bettere dei soe er der hinne slûpe en besykje sa’n springerich bist te fangen. No heart er se wol, mar it makket neat kateftichs yn him wekker. It wyfke sit op it terras te jirpelskilen en kin tusken de blommestâlen troch syn kop krekt sjen.

‘Hee poes, wiest wekker?,’ ropt se en se set de jirpels even neist har op ’e grûn.

De kat draait de holle yn har rjochting en slút de eagen. De earen hat er al wer del.

‘Och, poes,’ seit it wyfke, ‘bist no noch hieltyd sa fertrietlik?’

Se bôget foaroer en aait him oer de kop. Dat docht him wol goed en hy fynt de krêft om tusken de blommen wei te kommen.

‘Kom mar mei,’ seit it wyfke, ‘dan krijst wat lekkers fan my.’

De kat rint mei har mei nei de achterdoar en giet by de frettensbakjes stean te wachtsjen. Hy sjocht dat syn bakjes blinkend oppoetst binne en rûkt ek syn âld doaze net mear. It wyfke makket it blik iepen en skept in pear bêste skeppen fretten yn in skaaltsje dat se sels ek wol brûkt om yoghurt út te iten.

‘Sa,’ seit se en set it foar de kat del. De kat fernimt dat er licht begjint te spinnen, en as er begjint te iten, bromt er. Mar no en dan krijt er sok lekker fretten fan it wyfke. Tankber sjocht er even nei har omheech en wylst er fierder yt, aait se him oer syn skrokkend liif.

‘Fynst it sa lekker!,’ seit it wyfke.

 

6.

‘Memke, ik bin der,’ klinkt it ynienen efter har. Se skrikt der lichtsjes fan.

‘Ach, jonge,’ seit se, ‘lit my net skrikke. Mar wat moai dast der bist.’

Se draait har om nei har soan en knypt him even yn ’e hannen.

‘Ik ha de poes hjoed mar even wat fretten út blik jûn, want hy liket wat fan slach.’

‘O,’ seit de soan, ‘No ja, dan hat er even wat ekstra’s nedich.’

‘Ja, do silst it grif net leauwe,’ seit it wyfke, ‘mar alle dagen as ik moarns de doar iepen doch om de poes te begroetsjen, begjint er fuort te spinnen en stapt er op my ta. Mar fan ‘e moarn bleau er yn ’e doaze lizzen. Pas doe’t ik him op ’e earm naam en de blommen sjen liet, begûn er wat op te fleurjen.’

‘De blommen?,’ freget de soan.

‘No ja, ik aaide him en it sintsje kaam der moai troch,’ leit se út, ‘en dêrnei hat er de hiele dei yn ’e sinne lein, tusken de blommen. It like wer aardich goed, mar niiskrekt – ik siet op it terras de jirpels te skilen –  siet er der ynienen wer sa ferslein by. Hy stoareage mar wat rjochting it sleatsje foar him út.’

‘En nei de kikkerts taalde er ek net om?’

‘Nee,’ seit it wyfke, ‘mar no moat sein wurde dat de kat de lêste jierren hieltyd minder omsjoch jûn hat oan de kikkerts, of oan de mosken of oan de mûzen. Foarhinne lei er alle wiken wol in dea bist by de doar; lykas ik wurdt ek de kat sa njonkelytsen wat âlder.’

‘No ja,’ seit de soan wylst er tasjocht hoe’t de kat it bakje leechslikket, ‘hy yt yn alle gefallen noch bêst.’

‘Ja, dat wol,’ seit it wyfke.

‘Wolst kofje, myn jonge?,’ freget se.

 

7.

De soan giet op it terras sitten en pakt it meske op en hellet de lêste jirpels út ’e skyl. Hy sjocht ris om him hinne. In moai plak dochs. As bern wie it allegearre mar fanselssprekkend foar him, dizze omjouwing. No pas sjocht er hoe moai oft it der eins is. Yn it lân oan de oare kant fan de sleat weidet in keppel kij. Op it stuit kin er se lykwols net sjen, mar guon binne tichtby. Hy kin se hearre achter de âld treurwylch fan ’e buorman. Hy heart it snuven, it stappen, it losskuorren fan it gers en it fnaskjen. Aanst komme se om it hoekje en sille se nei him opsjen. De ien wat langer as de oar, mar dêrnei sille se like rêstich fierder weidzje mei de snút tusken de pôlen, de soerstâlen en de hynsteblommen, wylst se de lange rôze tongen sa no en dan even troch de noastergatten helje en mei de sturt de miggen fan it liif hâlde. Grappich fynt de soan it, dat er sokke bylden sa maklik foar de geast krijt, wylst er niiskrekt noch it idee hie dat er de skientme fan dit plak no pas sjocht.

Oant de kym ta sjocht er neat as greidelân ûnder de wide himel. As lyts jonkje wûn it him yn ‘e hjersttiid altyd op as er nei it hearren fan in skot yn ’e fierte de jager gewachwaard oan it eachein. Spannender wie it noch as er de jager op ’e rêch sjoen it lân yn rinnen seach. Dan wachte er in skoftke oft er ek in skot hearre soe, mar om’t it te lang duorre, gie er mar fierder mei boartsjen. En dan ynienen klonk it skot. Pang!

‘Sa,’ heart er syn mem de hûs útkommen. It servys rinkelet op it blêd en dampe stiigt op fan de kofjepot.

De soan makket de terrastafel frij en syn mem set it tsjinblêd del.

‘Moai plakje, net,’ seit se.

‘Ik siet der krekt oan te tinken,’ seit de soan.

Efter yn it lân drave trije hazzen boartlik efterinoar oan.

‘Komt hjir ek noch hieltyd in jager?’

‘Selden, ik hear eins nea in skot, wol ’k leauwe,’ seit it wyfke, ‘mar ja, myn earen…’

Se sjocht har soan even oan. Hy knikt. Dat har earen minder wurden binne, kamen se efter doe’t de soan ferline simmer sei dat er it sa noflik fûn hoe’t de bijen bromden tusken de blommen.

‘Hearsto dy?,’ hie it wyfke sein.

 

8.

De kat hat him yntusken op in hoeke fan it terras oprôle yn it sakjende sinneljocht.

‘Wat kin der no oan sa’n bist skele?,’ seit it wyfke.

‘De kat?,’ seit de soan, ‘tja…’

‘Hy soe dochs net witte dat…,’ seit de mem wylst se in tear tusken de wynbrauwen lûkt.

‘Wat?,’ freget de soan.

‘No ja, dat heit hjoed twa jier lyn ferstoarn is.’

Se swije, elk kôgjend op de fraach oft in kat sa yninoar stekke kin. En elk ek sels tinkend oan de heit. Dat hy der net mear is, telt mei. Alles giet troch, mar it hiem is eins allinne mar folslein as men him der by betinkt. Soe de kat dat ek sa ûndergean? Soe er de heit sa út en troch ek misse? Hy siet der altyd op kop en earen by as de heit in put oanpakte yn de tún. By it hekkeljen fan it sleatsje lei er op ’e loer en moast er hieltyd oan kant springe foar de drippen, as wie it in soarte fan spultsje. En by it jirpeldollen siet er op ’e kant fan it ekerke om te jeien op de tuorren dy’t mei de jirpels boppe de grûn kamen.

‘Je witte it net,’ seit de soan en hy sjocht nochris nei de kat, dy’t him krekt omrôlet. Hy komt oerein en giet by it bist yn ’e hoksen sitten.

‘Miauw,’ begroetet de kat de soan en lit him aaie.

Op in peal njonken in jonge beam lâns de sleatswâl strykt in kraai del. Hy hâldt de wjukken noch in bytsje wiid en raast in tal kearen sa lûd dat it liket as oft er wat te sizzen hat. Dêrnei fljocht er op en wjukslacht it fjild oer. De soan sjocht oer it skouder nei syn mem, mar dy hat it krassen net heard. Hy komt oerein en skinkt harren in twadde kopke kofje yn.

‘Op heit,’ seit er.

Het bericht It hiem sûnder de heit verscheen eerst op de Moanne.


In lyts taalmystearje op in terras

$
0
0

HENK WOLF – 

Okkerdeis siet ik op in terras te lêzen. Oan in taffeltsje deunby sieten fjouwer jonge froulju. Se hienen it drok praten en it petear makke my nijsgjirrich troch de talen dy’t se brûkten.

 

It ferwûndere my dat ik dat net earder foar it ferstân krigen hie. Ik frege my ôf hoe’t dat kaam.

 

It petear wie begûn yn it Nederlânsk. Dat praten se alle fjouwer goed, mar it wie dúdlik dat it foar trije fan ‘e fjouwer net de memmetaal wie. Se bestelden har drankjes yn it Nederlânsk en doe’t de ober by it bringen spontaan yn it Ingelsk fan ein gong, antwurden se yn it Nederlânsk.

Ien fan ‘e fjouwer hie neffens my Amerikaansk Ingelsk as earste taal. Sy sei út en troch wat yn dy taal en krige der dan ek antwurd yn. Fierder tocht ik dat ik twa Romaanske talen hearde. De Nederlânske en it tredde frommeske praten meast Spaansk. De fjirde frou prate in taal dy’t it hele selskip blykber goed ferstie. Ik koe ek wol sawat neikomme wat se sei, mar ik koe foar de weareld net útmeitsje wat foar taal oft se no prate. Earst tocht ik fan Italjaansk, doe Portugeesk, doe gokte ik dat it faaks Galisysk of in oare regionale taal út Spanje wie.

Pas nei in goed oere krong it ta my troch dat se al dy tiid Spaansk praat hie. Yn heech tempo, flot, mar ûnfolslein en mei in sterk net-Spaansk aksint. Italjaansk, gokte ik.

It ferwûndere my dat ik dat net earder foar it ferstân krigen hie. Ik frege my ôf hoe’t dat kaam. Nei alle gedachten hie ik my troch de snelheid en de skynbere muoiteleazens fan it praten foar de gek hâlde litten. Ik tocht dêrtroch dat se har memmetaal prate. Mar der wie noch wat. Hoewol’t ik fansels wol wit dat it Spaansk ek yn it ynternasjonale ferkear in wichtige ferkearstaal is, kom ik mar selden situaasjes tsjin dat dy taal ek wier sa brûkt wurdt. As ik ris Spaansk hear, dan is dat meastal út de mûle fan Spaansktaligen of fan Nederlanners dy’t mei Spaansktaligen prate. Kom ik meartalige groepen tsjin dy’t foar ien gesprekstaal keazen ha, dan is dat meastentiids Nederlânsk of Ingelsk, en soms Dútsk. It idee dat in Italjaanske yn Nederlân derfoar kieze koe om mei in Nederlânske en in Amerikaanske (en noch in tredde persoan) Spaansk te praten, kaam gewoan net by my op.

Het bericht In lyts taalmystearje op in terras verscheen eerst op de Moanne.

Nij elan foar Fryske kultuer

$
0
0

BERT DE JONG – 

Safolle minsken dy’t op De Reuzen ôfkaam binne doe’t se de strjitten fan Ljouwert lyts makken. Safolle oare minsken dy’t yn ’e kunde kaam binne mei wat Fryslân en de Friezen te bieden hawwe. It Fryske boechbyld fan kultuer, deputearre Sietske Poepjes, is út ’e skroeven.

 

Fryslan hat goud yn hannen, fynt deputearre Sietske Poepjes. Noch mear wurdt der ynset op kultuertoerisme. Kulturele Haadstêd 2018 is it begjin.

 

It falt har maklik om optein te wêzen, ‘optimisme sit yn it karakter’. Dêr is alle reden ta, want Kulturele Haadstêd 2018 is ta in moai sukses wurden. ‘Wat kinne wy hjir grutsk op wêze! Wy ha it wiermakke dit jier.’ Fryslân hat yn oansjen wûn, ek ynternasjonaal. De wrâld wit fan Fryslân. In tredde plak op de list fan Lonely Planet is yn lingte fan jierren fan wearde.

It jier 2018 is noch net iens foarby en it giet oer hoe fierder. ‘Wy ha goud yn hannen’, seit Poepjes. Der is nij elan ûnder de Friezen, der binne bysûndere gearwurkingen ûntstien. De provinsje hat 2 miljoen euro oan kant lein om hjirmei troch te gean. ‘It mei net as in skomtaart yninoar ploffe. Wy moatte dizze enerzjy fêsthâlde.’

It joechei oer Kulturele Haadstêd 2018 wie yn de earste jierren nei de útferkiezing yn 2013 sa grut dat net folle minsken neitochten oer ‘legacy’, de neilittenskip fan wat de Friezen no yn sa’n 150 projekten opbrocht ha. Elkenien wie folop dwaande mei 2018, tiid foar pypskoft is der net. Yn de jierren oant 2028 ta wurdt tocht oan in saneamde Biënnale of Triënnale, in periodike pyk yn de programmearring mei in wikseljend haadtema. ‘Wy moatte keihurd oan ’e gong. Yn novimber is der in re-opening om foarút te sjen, want it feest moat trochgean.’

 

Kultuertoerisme
‘De stip op de hoarizon is dat wy ynvestearje yn it kultuertoerisme’, seit Poepjes. ‘Dêr lizze foar Fryslân kânsen. It kin noch grutter as it no al is. Der is ek romte foar eksperiminten.’ It is oan Provinsjale Steaten om dêr dit neijier rjochting oan te jaan. Yn eardere ynstânsje ha dy al oanjûn dat fan grut belang te finen en is dêr troch de provinsje 2 miljoen euro foar útlutsen. ‘It is nei de ferkiezingen oan de nije steaten om dêrmei fierder te gean. Wy kinne dêr net op foarútrinne.’ Har ferwachting is dat der dan nochris 2 miljoen euro bykomt.

De deputearre sjocht it as fersterking fan it regulier kultuerbelied fan de provinsje, dêr’t yn 2018 15,6 miljoen euro foar útlutsen wurdt. Dêroerhinne is der oanfoljend hast 6,7 miljoen euro beskikber, wêrfan 5,5 miljoen euro as bydrage oan Kulturele Haadstêd 2018. De krêft foar de takomst moat komme út de dwersferbannen. It giet om it ferbinen fan kultuer oan oare maatskiplike fraachstikken, lykas natuer, krimp, ynnovaasje en duorsumens.

It projekt Kening fan ’e Greide is dêrfan in moai foarbyld, wêrby’t muzyk en natuer inoar fûn ha yn de Conference of the Birds, in spektakel mei tûzen muzikanten. ‘De winst fan Kulturele Haadstêd is dat der folle mear gearwurke wurdt. It wurdt multydissiplinêr. Dat is moai, wy libje yn in nije tiid.’

 

Fryske taal
It projekt Lân fan Taal yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 is neffens har ek in wichtige ympuls. Se wol ynvestearje yn eksperiminten en yn better en meartalich taalûnderwiis. ‘En minder frijbliuwend’, seit se driigjend. Op guon skoallen hat it ferplichte oere Frysk yn ’e wike in hiel lytse prioriteit of stelt it ynhâldlik neat foar, of binne der gjin masters of juffen dy’t it Frysk machtich binne.

De Fryske taal is in wichtich ûnderdiel as it giet om wat Fryslân en de Friezen bysûnder makket, fynt de deputearre fan kultuer. ‘It hat mei ús identiteit te krijen.’ It rekket Poepjes as it troch minsken net mear gewoan fûn wurdt om it Frysk te brûken. ‘Ik soe it ferskriklik fine as it Frysk útstjerre soe. Wy moatte der fol foar gean om dat foar te kommen.’

It giet om de sosjale status fan it Frysk. Dêryn sit de grutste bedriging foar de Fryske taal. Op it skoalplein praat de jongerein minder faak Frysk as yn it ferline. ‘Dêrtsjinoer wurdt it Frysk in protte brûkt op social media.’ Soks fynt Poepjes in opstekker, ‘mar ik lit my de eagen net tichtgrieme, wy moatte oan ’e slach.’

 

Subsydzjes
‘It is in allesbepalend jier’, fynt Poepjes. ‘It bringt partijen byinoar, it makket kreatyf, der komme ûnferwachte nije saken op tafel.’ It blykt boppedat hiel ferfrissend te wêzen foar it kulturele klimaat yn Fryslân. Nettsjinsteande dat der mear provinsjaal jild beskikber is, is der dochs eangst dat dat foar de takomst minder wurdt. Ein 2017 wie de kulturele sektor breinroer.

‘It is in grut misferstân dat der minder jild beskikber komt’, reagearret de deputearre. ‘It doel is om it opnij te hifkjen en ek nijkommers yn de kulturele sektor kânsen te jaan.’ De provinsjale polityk sil fan ’t hjerst opnij te set oer dy hifking. ‘Miskien hat de polityk noch mear jild oer foar kultuer. Grutte winst is dat de sektor sels mei-inoar yn petear is oer de takomst.’

 

Fries Museum
It Fries Museum kriget it measte fan de provinsje. Alle jierren stiet der 2,8 miljoen euro oan subsydzje op de begrutting. Poepjes sjocht ek dat it museum goede saken dien hat troch him mei blockbusters oer Mata Hari en Escher yn it ljocht te setten. Mata Hari hat 90.000 besikers lutsen, Escher sit al boppe de 100.000. Yn de oanrin nei 2018 hie it museum al in grut sukses mei de tentoanstelling fan wurken fan de skilder Sir Lawrence Alma-Tadema. Mei 158.000 besikers liet it museum doe al sjen dat de minsken wol nei Ljouwert komme wolle. Twa tredde komt fan bûten de provinsje.

It is in meifaller foar it Fries Museum, want it levert allegear ekstra ynkomsten op. Dat kin it museum brûke. It is noch mar foar minder as de helte ôfhinklik fan subsydzje. Poepjes is dêr net ûngelokkich mei. ‘Dêrmei wurdt it fûnemint folle steviger. Dat is better foar de takomst.’

 

Ekonomy
Wichtich is de betsjutting foar de Fryske ekonomy, benammen foar de hoareka. It Fries Museum hat it trochrekkene foar it jier 2017. De 143.035 museumbesikers fan 2017 binne goed foar in kapitaalynjeksje fan 4,1 miljoen euro yn de regionale ekonomy en it hat sa’n 25.000 oernachtingen opsmiten. Elk kin fan tinken wol hawwe dat yn 2018 de bûter jild jilde sil.

De Fryslân-faktor lit him yn it jier fan Kulturele Haadstêd 2018 dûbel en dwers útbetelje, al is it opnij de hoarekasektor dy’t dêr it measte fan profitearret. De brette einfûgels waaie de kastleins en hotelbazen om samar te sizzen yn ’e bek. It stribjen yn it bidbook is om 4 miljoen besikers by de eveneminten te krijen en sa’n 79 miljoen euro oan bestegingen binnen te heljen.

 

Op syn moaist
Deputearre Sietske Poepjes hat har twifels oan kant sette moatten. Ek sy moast oertsjûge wurde troch har foargonger en gongmakker Jannewietske de Vries oer de wearde fan Kulturele Haadstêd 2018. No sjocht se dat der in nij elan yn de provinsje is. ‘Dit is Fryslân op syn moaist.’

In grutske Poepjes rint oer fan de jubel oer de grutte rige fan slagge aktiviteiten en eveneminten dy’t yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 ta stân kommen binne. ‘Wy ha sjen litten dat wy in iepen mienskip binne.’

Ek de deputearre is optein oer De Reuzen. Likernôch 425.000 taskôgers stienen yn Ljouwert om dêr in glimp fan op te fangen. ‘Fansels ha ik wolris tocht: hoe sil dit útpakke? Dan is it moai om te sjen dat Fryslân him hjirmei op ’e kaart set hat.’

De marketing om Kulturele Haadstêd hinne brocht it omtinken foaral nei de grutte manifestaasjes, lykas it wrâldferneamde strjitteäter fan Royal de Luxe mei de reuseftige marionetten. It hat Poepjes deugd dien dat regisseur Jean-Luc Courcoult de ferbining makke hat mei Fryslân. De striid tsjin it wetter en it riden op it wetter mei de Alvestêdetocht hat by him fassinaasje oproppen en him ynspirearre.

 

Stormruiter
It spektakelstik De Stormruiter hat al krekt sa’n soad omtinken lutsen. Mar leafst 100.000 kaarten binne derfan ferkocht. It is eins de ôfsluting fan it jubeljier mei in lange rige foarstellingen oer de striid fan minsken tsjin it wetter. Hûndert Fryske hynders ha in bysûndere rol yn de rezjy fan Jos Thie.

De Stormruiter is yllustratyf foar hoe’t de opmaat foar Kulturele Haadstêd 2018 ferrûn is. De Friezen sjogge earst de kat út de beam. It wie foar produsint Aswin Laheij lang wrakseljen om de skepsis te oerwinnen en de 2,7 miljoen euro byinoar te krijen. Doe’t de kûgel troch de tsjerke wie, gong it dat it slydjage. Sân ekstra foarstellingen binne oan de oarspronklike fyftjin tafoege. It opboude garânsjefûns wurdt no brûkt foar de takomst, om sa nije produksjes mooglik te meitsjen.

 

Foar de Friezen
It doel wie om mei it spektakelstik ek ynternasjonaal oan de wei te timmerjen en tûzenen besikers út it Dútske Noard- en East-Fryslân nei Ljouwert te krijen, om se sjen te litten hokker ferbylding oft der makke is fan de novelle Der Schimmelreiter fan Theodor Storm. Der wie mar in bytsje flecht op ’e koai. Mear as 10.000 kaarten wienen der beskikber foar de reisburo’s en foar relaasjes fan bedriuwen. Se binne foar de simmer yn de gewoane ferkeap gien, de Friezen sels woenen se mar al te graach ha.

It is in feestjier, mar foaral foar de Friezen sels, ek Poepjes moat dat tajaan. Mear as ea binne der lykwols gasten út oare dielen fan it lân en it bûtenlân nei Fryslân kommen. Op it gehiel fan de ferwachte 4 miljoen besikers bliuwt it mar in fraksje. As referinsje jildt it jier 2017, doe’t fan de 1,8 miljoen toeristyske besikers der 315.000 fan oer de grins kamen, foaral Dútske fakânsjegongers. Sil dat fanôf 2018 oars wêze? ‘De grutte wearde is dat Fryslân him sjen lit. Der is elan. Wy slaan mear op ’e trommel.’

 

Ferslingere oan polityk en woartele yn Fryslân

It libben fan Sietske Poepjes (1979) is dat fan polityk en iepenbier bestjoer wurden. Nei har stúdzje steats- en bestjoersrjocht yn de stêd Grins wie der wurk op it gemeentehûs fan Lemsterlân. Polityk aktyf waard se yn 2004, foar it CDA. ‘Ik die myn wurk, mar der moast wat by, fûn ik.’

‘Polityk is prachtich wurk’, fynt Poepjes. De provinsjale polityk yn Fryslân is net te fergelykjen mei oare provinsjes. It bestjoer stiet folle tichter by de minsken. Tsjin har sin stiet de polityk oer it generaal op te grutte ôfstân. ‘Ik wol benaderbaar wêze. Ik sykje de minsken op. Ik wol net hingjen bliuwe yn it Provinsjehûs.’

Thús waard der altyd in protte oer polityk praten. ‘Mei in iepen blik, ek nei oare partijen.’ Har âlden leinen yn 2004 1000 euro op tafel foar in CDA-simmerkamp foar politike foarming by it Piet Steenkamp Instituut. ‘Ik fûn it geweldich.’

Dêrnei krige Poepjes yn 2007 in sit yn Provinsjale Steaten en yn 2011 waard se mei har 31 jierren de jongste deputearre fan Nederlân. ‘Ik fyn it moai om oan de knoppen te sitten.’

Sietske Poepjes fielt har ferbûn mei Fryslân en de Friezen. De dochter fan in Makkumer fiskerman reizget nei oare lannen om de kultuer en de mienskipssin te priuwen, mar fielt har noch hieltyd it beste thús yn it doarp dêr’t se opgroeid is en wennet. It is neffens har ‘the best of both worlds’.

Kin de deputearre gewoan Sietske Poepjes wêze?
‘Je hawwe in ferantwurdlikheid. Moatst altyd op dyn wurden passe. Yn Makkum bin ik Makkumer ûnder de Makkumers. Ik kin dêr gewoan Sietske Poepjes wêze, yn myn âldste spikerbroek rinne. Dan bin ik net de deputearre. Ik hâld fan Makkum. De minsken binne autonoom, mei de noas yn de wyn. Mei-inoar rêde se harren sels. Tagelyk binne se nei bûten rjochte, soks hat grif te krijen mei in plak oan see, it wetter.’

Wol se in powerfrou wêze?
‘Net as it giet om dwers troch alles hinne in doel te berikken. Wol om saken foarinoar te krijen, inisjativen te nimmen.’ Se fynt it wichtich dat froulju deputearre binne en ferantwurdlikheid hawwe – salang is it noch net lyn dat it Fryske bestjoerlike bolwurk fan manlju trochbrutsen is. Mei achting sjocht se werom op Hannie Bruinsma-Kleijwegt, dy’t yn 1981 de earste froulike deputearre fan Fryslân waard, en op oare foargongers lykas Johanneke Liemburg, Anita Andriesen en Akke Brandenburg-Vogelzang. Dy wie ek dochter fan in fiskerman. It set har ta neitinken: ‘De rol fan de frou yn fiskersfamyljes is selsstanniger. Dy nimme besluten, de mannen binne meast op see.’

Hoe wichtich is imago foar har?
‘Fansels hâldst dat wol yn ’e gaten. It soe raar wêze as ik sis dat dat net sa is. Do wolst datst posityf by minsken oerkomst. Ik wol ek entûsjast wêze, en fierders in deputearre dy’t tagonklik is en in frou mei empaty.’

Is der in libben bûten Fryslân foar har tinkber?
‘Dan soe it om myn wurk wêze. Mar leaver net, ik ha it hjir nei it sin. Ik fiel my hjir woartele.’ Foar har wurk as deputearre is se geregeldwei yn de Rânestêd. Se is dan bliid om werom te kommen yn it Heitelân, dêr’t de sosjale en kulturele mienskipssin sa dúdlik oanwêzich is. ‘It is my dêr te drok en it is dêr rauwer en opperflakkiger.’ Makkum is har thús, de wenning út 1670 har plak fan weromkommen. ‘It siicht oan alle kanten, mar ik hâld derfan, ik hâld fan skiednis. Dan sjoch ik it âlde bonkerak fan it hûs, it set my ta neitinken. It bepaalt dy by dyn eigen einichheid.’

Het bericht Nij elan foar Fryske kultuer verscheen eerst op de Moanne.

Scherpe beweeglijkheid aan de rand van de afgrond

$
0
0

KARLIJN VERMEIJ – 

Een trefzekere lijn markeert een onbekende horizon in de verte en splitst de staalblauwe watermassa en de betrekkende lucht in tweeën. Rechts op de voorgrond een vrouwfiguur gekleed in het rood, het hoofd opzijgedraaid naar de toeschouwer. Naast haar cyaankleurige waterbloemen die doen denken aan vegetatie of refracties van het licht. In de waterpartij drijft een schip, de witte mast strak in de wind: ligt het gevaarte stil of beweegt het richting het land waarboven de wolken zich samenpakken? En dan de uitdrukking op het gezicht van de figuur op de voorgrond – is het een verstarde blik? Verveeld, uitdagend, versteend? Die volle, rode lippen en blauwe strepen onder haar indringende ogen maken haar nog mysterieuzer. Wat doet deze figuur hier aan de kant van de diepe, eindeloze zee?

In Poolkoorts | Arctic Fever, het boek van beeldend kunstenaar B.C. Epker en dichter Peter du Gardijn dat in juli 2018 verscheen, vind je geen antwoorden, maar val je in een nóg diepere zee vol onverklaarbaarheden en onzekerheden. Dat is hoe Epker het graag heeft: ‘Een tekening is af als-ie het onbekende verwelkomt en voortdurend nieuwe vragen oproept en nieuwe betekenissen genereert; op het scherpst van de snede, en abîme.’

 

Horrortocht
Poolkoorts | Arctic Fever is een ijzingwekkend avontuur, verstild in de beelden van Epker, die deining krijgen door de woorden van Du Gardijn. Het boek bevat tweeëntwintig tekeningen van Epker en twintig gedichten van Du Gardijn, en is geïnspireerd door een dagboek van de Amelander commandeur Hidde Dirks Kat dat 200 jaar geleden verscheen. Poolkoorts | Arctic Fever is geen historisch correcte registratie, maar een koortsachtige impressie van de wrede natuur en verhoogde alertheid die in het verhaal van Kat sluimerend aanwezig zijn.

‘Vanuit Hamburg vertrok Hidde Kat met een vloot van twintig schepen richting Groenland om op walvissen te jagen,’ vertelt Epker, die ter voorbereiding van het boek veel onderzoek deed naar de commandeur en het arctisch gebied. ‘De wind kwam uit de verkeerde hoek en de vloot raakte ingesloten door het ijs’. De rest is geschiedenis: de gehele vloot raakte verbrijzeld door kruiend ijs en de bemanning moest via ijsschotsen naar de kust van Groenland vluchten. De talloze ontberingen tijdens deze barre tocht zijn in het dagboek met akelige zakelijkheid geregistreerd. Epker: ‘Je kunt duidelijk merken dat Kat nog van voor de tijd van de Romantiek was, want hoewel de gebeurtenissen heftig zijn, beschrijft hij nauwelijks zijn emotie en eigen gevoel.’ Ten slotte worden Kat en slechts zeventien andere overlevenden door Inuit (‘Wilden’, aldus Kat) van de ijskoude rotsen gered.

 

Doorleefd verleden
Deze heldhaftige reis verzekerde Hidde Dirks Kat van een plaats in de Amelander geschiedenis – nog altijd is zijn standbeeld in geboortedorp Hollum te zien. Het is best vreemd dat helden voor hun daden beloond worden met een onbeweeglijk beeld van brons, juist omdat juist zij vaak zo levendig zijn, vindt Epker: ‘Kat was een levende mens bij uitstek. Hij ging eropuit, deed dingen die anderen nooit gedaan zouden hebben en wist daarbij in leven te blijven. Juist zijn leven wordt na afloop gereduceerd tot een reeks statische hoogtepunten, zodat het bijgeschreven kan worden in de onbeweeglijke canon van de vaderlandse geschiedenis.’ Een intentie van Poolkoorts | Arctic Fever staat beschreven in de laatste alinea van de inleiding: ‘Wat hieronder volgt is een reeks tekeningen en gedichten die Hidde Dirks Kat probeert te bevrijden uit zijn standbeeld, om het cliché te kraken en los te maken wat vastzit.’

Toch wil Epker zich in zijn werk niet afzetten tegen het verleden. De kunstenaar is opgegroeid op de knie van zijn Friese opa, die hem in geuren en kleuren verhalen vertelde over wat er in het verleden, in het uitgestrekte lege Friese landschap, allemaal voorgevallen was, waardoor de ogenschijnlijk lege plekken ineens zwanger raakten van betekenis. Tijdens zijn opleiding aan de academie (AKI, Enschede) raakte hij ontgoocheld door de manier waarop docenten het verleden juist meden als de pest: ‘Zij associeerden geschiedenis en traditie met spruitjeslucht. Zij wilden opnieuw beginnen en zelf geschiedenis schrijven.’ Door het ontsluiten en online zetten van archieven ontstond voor Epker meer vrijheid om wortels te onderzoeken. Epker merkte op dat de historische figuren uit de canon heel feitelijk werden weergegeven: ‘Door de opkomst van de digitale wereld en het internet waren we sterk geneigd om alles te categoriseren, te definiëren en af te bakenen en de rest buiten beschouwing te laten. Maar nu beseffen we steeds meer dat hetgene wat niet te categoriseren is een belangrijke rol speelt in ons bestaan. Historici als Simon Schama en Russell Shorto weten door hun verbeeldingskracht de kale feitelijke geschiedenis weer tot leven te wekken. Als feiten en fictie met elkaar versmelten kunnen zaken weer gaan stromen en kan er geleefd worden in en met de geschiedenis.’

 

Wanhoop en verlangen
Tijdens de totstandkoming van Poolkoorts | Arctic Fever kwamen Epker en Du Gardijn al gauw overeen om niet op het kale feitenrelaas terug te grijpen, maar het verhaal van commandeur Kat als aanleiding te gebruiken om diens verlangens, hallucinaties en de verhoogde staat van bewustzijn te onderzoeken. ‘Het ging ons er om die scherpe beweeglijkheid van Kat te grijpen, en het besef dat elk moment de laatste kan zijn.’

Wel besloot het duo afzonderlijk te werk te gaan, vertelt Epker: ‘Er was direct een klik met Du Gardijn, we zaten op één lijn. We werkten wel op aparte sporen, maar we hadden dezelfde state of mind. Uit het verhaal haalden wij allebei wanhoop en verlangen, met een sterke maritieme sfeer. Het is bruut en kwetsbaar, een betekenisveld vol uitersten.’ Die gedachte laat zich in het boek vangen met de herhaling van de zin: ‘Elke pool verlangt naar zijn antipode, elk verlangen wil een onaantastbaar nu.’ De weidsheid die bestaat tussen twee extremen zorgt volgens Epker voor ademruimte, een plek waar in vrijheid gedachten kunnen worden verkend in een staat van poolkoorts, verwijzend naar het fenomeen arctic fever, ook wel piblokto of arctic hysteria genoemd. Epker: ‘Wij zien waanzin als iets wat je moet vermijden. In arctische gemeenschappen kan een moment van waanzin ook als bevrijding werken. Tijdens het overwinteren kan een opbouwende depressie tot een koortsige uitbarsting komen, waarna men weer gereinigd is. De sfeer in het boek roept deze hyperactiviteit van gedachten op’.

 

Odysseus en de sirenen
Uit Epkers penceel vloeiden 35 aquarellen, waarvan een selectie in Poolkoorts | Arctic Fever is terechtgekomen. Het kleurige water, opgedroogd op papier, lijkt rechtstreeks uit de Arctische Oceaan afkomstig te zijn. Staalblauwe streken die de contouren van een landschap in de verte markeren lopen naadloos over in een eindeloze, grauwe zee. De grote leegten tussen zee en land worden bevolkt door de typische personages uit Epkers oeuvre – antropomorfe wezens, dier- en mensfiguren, soms monsterlijk, dan weer lieflijk, die bij de beschouwer een gevoel van onbehagen oproepen.

Epkers tekenstijl is even ongemakkelijk als onvoorspelbaar. Neem bijvoorbeeld het werk Pastorale (2017), één van de tekeningen in Poolkoorts | Arctic Fever, dat twee figuren toont tegen een achtergrond van ijzige rotsen en een betrokken lucht. Links een zittende man met hoge zwarte hoed, rechts een vrouwfiguur wier lichaam half is opgelost in het witte niets. Ze kijkt hem met liefdevolle aandacht aan, haar hoofd rustend op haar hand, terwijl hij met de handen gesticuleert. De blote benen onder het hemd zijn, in contrast met de rest van de tekening, hoekig, grof, plat maar ook ontzettend geheimzinnig. Waarom die hoge hoed? Waarom dat draaiende wieltje boven op de hoed? Hoe zijn deze figuren hier terechtgekomen? Epker is gespitst op serendipiteit, op het vinden van iets onverwachts en bruikbaars terwijl je op zoek bent naar iets anders. Ook het begeleidend gedicht van Du Gardijn lijkt hiernaar te verwijzen:

 

Uitverkoren zijn wij en voorzien van het teken,

met sloep en schots gered door alleen Gods genade,
zonder te weten waarom.

 

‘Een goed kunstwerk werkt. Het genereert voortdurend nieuwe betekenissen, staat in verbinding met het onbenoembare en stelt me in staat om, op de rand van de afgrond, vol vertrouwen, een open blik te werpen op het onbekende dat op me toekomt,’ vertelt Epker. ‘Ik nodig fascinaties en angsten uit op mijn papier. Fascinaties boeien en angsten doen je bevriezen, ze hebben beide een betoverende en immobiliserende werking. Door ze te aanschouwen en je er indirect en al tekenend mee uiteen te zetten (en tegelijkertijd rustig door te ademen) pacificeer je ze.’ De kunstenaar illustreert dit met het verhaal van Odysseus, die met zijn scheepsbemanning wist te ontkomen aan het zeer fascinerende maar tegelijkertijd ook dodelijke gezang van de Sirenen. Met Odysseus vastgebonden aan de mast en de zeelui met oren vol was koerste het schip zonder problemen langs de halfgodinnen. ‘Je ziet je fascinaties en je angsten onder ogen, maar het schip koerst door. Het verhaal van Kat is hier een illustratie van: na zijn schipbreuk is hij nog twintig jaar blijven varen. Tegenwoordig hebben wij vooral last van irrationele angsten en maken we onze angst niet productief. Kat liet zich echter niet van de wijs brengen. Hij bevroor niet door het lot en het lijden dat hem werd toebedeeld, omdat het hoort bij het leven – en hij koos voor het leven!’

 

 

B.C. Epker is beeldend kunstenaar. Hij had solotentoonstellingen in o.a. het Gemeentemuseum Den Haag, het Fries Museum in Leeuwarden en Galerie Hoch+Partner in Leipzig. Zijn werk is opgenomen in vele museale en particuliere kunstcollecties in binnen- en buitenland. In 2006 publiceerde hij Lucide Domeinen | Lucid Domains.

Peter du Gardijn is dichter en schrijver. Hij publiceerde een roman, Nachtzwemmen (2006), en twee dichtbundels, Onder de dieren (2007) en Wat huid is (2014).

Het bericht Scherpe beweeglijkheid aan de rand van de afgrond verscheen eerst op de Moanne.

Twa fingers werom

$
0
0

SJOUKJE DE BOER – 

By it safolste doarpke steane we stil. Ik wachtsje mei myn rêchpûde op skoat, hâld him mei beide earms beet. It is drok yn de coupé en de minsken mei wa’t ik in fjouwersits diele moat, hawwe al har bagaazje oer de fjouwerkante meter ferdield dêr’t ek noch ús skonken tusken passe moatte. It bern skean tsjin my oer hat syn skonken op de koffer set. “Mem…?”, freget er. “Hoefolle oeren duorret it noch foardat Sinteklaas komt?” De frou tsjin my oer sjocht net op of om mar inkeld út it finster. De jonge ropt nochris om syn mem en de frou jout mei in sucht ta dat hja it net wit. De jonge begjint dan mar op syn fingers te tellen. De jonge hat net fingers genôch.

 

Ik hie wollen dat ik it nea frege hie.

 

Ik sjoch nei bûten en tink oan ôfrûne wykein. De stoffige keamer dêr’t it altyd rûkt nei souder. It dekbêd dat by it omslaan stof opdwarrelje lit, myn bleate hûd dy’t fêstsit yn in klamboe. In klamboe dy’t dêr hinget foar de sier, net sasear tsjin de miggen. De teekopkes dêr’t wy wyn út drinke en de kearzen dy’t fet drippe op it âlde hout fan in selsmakke finsterbank. Ik soe wolle dat it altyd sa wie. Lizze yn dat bêd, mei syn hannen om my hinne. Oan it ein fan in lange nacht doar ik it te freegjen: oft er ek fan mý haldt. Syn tomme en wiisfinger falle noch net ien sintimeter útien. Mei myn hannen pak ik de klamboe en lûk dy oer myn liif. Net foar de sier, de skamte makket my waarm. Ik hie wollen dat ik it nea frege hie.

No’t ik it safolste Fryske doarpke binnenryd, tel ik de oeren sûnt ik de doar efter my ticht luts en syn strjitte út rûn. Oan twa fingers ha ik genôch. Ik sjoch nei de jonge mei syn skonken op de koffer. Dy telt noch hieltyd.

Ik wit krekt as de mem dat Sinteklaas nog lang net komt. En dat it noch wol tûzen fingers fuort is. En dat nei dy tûzen fingers it ris dúdlik wurdt dat Sinteklaas eins noch mear fingers fuort is as de jonge telle kin. It is in yllúzje. Sinteklaas bestiet net. Ik wol it wol sizze, de coupé yn roppe. Mar de wurden komme ek my net oer de lippen. Myn wrâld stoarte as famke yn. It wie in spegel foar de takomstige tiid.

Twa fingers lyn waard my wer op ‘e nij dúdlik dat Sinteklaas net bestiet.

Het bericht Twa fingers werom verscheen eerst op de Moanne.

No more Paulus de boskabouter

$
0
0

HENK WOLF – 

‘Iedereen kent Paulus de boskabouter’, las ik een tijdje terug op Tzum. En dat is in Nederland vermoedelijk grotendeels waar. Een Nederlandse schrijver kan met dat gegeven spelen en verwijzingen naar Eucalypta of Oehoeroeboeroe in z’n boeken opnemen. Een docent zal de figuren bekend veronderstellen in z’n colleges. Wie in Nederland voor een breed publiek schrijft of spreekt, kan ermee spelen dat Jip en Janneke, Doe maar, Max Havelaar en Pipo de clown gevestigde begrippen zijn.

 

Als veel mensen zich voortdurend ferbrekke, dan wordt hun taal er een die alleen in eilandjes binnen een gebied vanzelfsprekend is, zoals het vanzelfsprekende begrip van bijbelse verwijzingen ook alleen in christelijke subculturen vanzelsprekend meer is.

 

Wat een gevestigd begrip is, schuift natuurlijk weleens wat. Jongeren hebben misschien wat hulp nodig om een verwijzing naar Mammaloe te snappen, maar het simpele feit dat iemand in Nederland in de Nederlandse cultuur is gesocialiseerd, maakt dat ie deel uitmaakt van een groep waarbinnen mensen elkaars verwijzingen doorgaans begrijpen. Thuis is niet alleen waar je Douwe Egberts drinkt, maar ook waar iedereen weet wat Douwe Egberts is.

Culturele canon
Die gedeelde kennis van begrippen is de culturele canon van het Nederlanderschap: niet in normatieve zin, maar de facto. De culturele socialisatie waarmee die canon in elke nieuwe generatie wordt heropgebouwd en in leven gehouden, vindt overal in Nederland plaats en zeker ook in het onderwijs. Doet het onderwijs z’n werk niet goed, dan vallen er in korte tijd een heleboel begrippen weg uit de culturele canon van het Nederlanderschap. Daardoor wordt wat vorige generaties zeiden en schreven voor jonge mensen onbegrijpelijk.

Dat is met de christelijke canon al gebeurd. Ik kan daarvan meepraten. Ik ben geen christen, ben er nooit een geweest en ben niet van plan er een te worden. Ik heb altijd op openbare scholen gezeten. Dat had veel voordelen, maar ook een nadeel. Nederland was een christelijke cultuurnatie. Bijbelse begrippen zitten in de cultuur verweven. Ik heb een stuk culturele socialisatie gemist dat het voor mij (en veel generatiegenoten) lastig maakt verwijzingen van vorige generaties te begrijpen. Wie nu christelijke verwijzingen gebruikt, schrijft of spreekt niet meer voor een breed Nederlands publiek, maar voor een christelijke niche.

Internationalisering
Internationalisering kan een verrijking zijn voor zowel de bewoners van het gastland als voor de bezoekers. Ieder van hen kan zich verbazen over de cultuur van de ander en het mooie en goede daarvan aan z’n eigen cultuur toevoegen. Maar dan moet er wel toegang tot die cultuur zijn. In het hoger onderwijs betekent internationaliseringdoorgaans dat het Engels als enige voertaal wordt gebruikt. Dat schermt zowel buitenlanders als Nederlanders af van de Nederlandse cultuur, omdat de taal en de cultuur nauw verweven zijn. ‘Jip-en-Janneketaal’ en ‘ik ben toch zeker Sinterklaas niet’ kun je alleen maar in het Nederlands zeggen. Ga je in het Engels schrijven en college geven, dan week je je los uit de culturele canon. Dat is geen ramp als je voor wiskundigen over priemgetallen schrijft, maar dat is het wel als je college geeft aan mensen die zich cultureel willen of moeten ontwikkelen.

Volgt iemand z’n volledige studie in het Engels, in multinationale groepen, dan krijgt ie natuurlijk snippertjes binnen van de culturen van z’n studiegenoten. Dat is prachtig. Tegelijk is de studie cultureel heel erg arm geworden. De culturele socialisatie van Nederlanders houdt bij de universiteit op, in plaats van er uit te dijen. Niet alleen zijn literatuur en colleges uitsluitend in het Engels, ook kan er in die literatuur en in die colleges haast niets meer bekend worden verondersteld. Er is geen culturele canon om uit te putten, omdat vrijwel elke culturele verwijzing bij een groot deel van de studenten tot net zoveel onbegrip zou leiden als christelijke verwijzingen bij jonge Nederlanders nu. Een Iraanse student weet namelijk niet wie Paulus de boskabouter is, een Duitser kent Jip en Janneke niet en een Chinees heeft nog nooit van Sinterklaas of Kinderen voor kinderen gehoord.

Er ontstaat daardoor een nieuwe, internationale, academische cultuur. Ook die heeft haar waarde, zonder meer, maar het is een veel oppervlakkiger cultuur, zonder inbedding in een maatschappij, zonder verleden, zonder stilzwijgend begrip van vorige generaties.

Jin ferbrekke en jin ferhâlde
Het Fries heeft twee werkwoorden die geen Nederlandse equivalenten kennen: ‘jin ferbrekke’ en ‘jin ferhâlde’. Wie zich ferbrekt, spreekt een andere taal dan ie eigenlijk graag zou willen. Meestal gaat het om iemand die Nederlands spreekt, terwijl het Fries ‘m nader aan het hart ligt. Wie zich ferhâldt, laat tegen z’n zin iets na wat voor hem gewoon is. In formele situaties ferhâldtbijna iedereen zich door bijvoorbeeld niet te gapen of door bepaalde gespreksonderwerpen uit de weg te gaan.

Als veel mensen zich voortdurend ferbrekke, dan wordt hun taal er een die alleen in eilandjes binnen een gebied vanzelfsprekend is, zoals het vanzelfsprekende begrip van bijbelse verwijzingen ook alleen in christelijke subculturen vanzelsprekend meer is. Moeten ze zich voortdurend ferhâlde door culturele verwijzingen uit de weg te gaan, dan verdwijnen die culturele verwijzingen ook uit de nationale culturele canon.

Kiezen de universiteiten voor volledig Engelstalige studieprogramma’s met uitsluitend multinationale groepen studenten, dan moeten Nederlandse studenten zich structureel ferbrekke en ferhâlde. Colleges en studiematerialen worden dan ‘cultuurloos’. De uitwisseling tussen canonieke Nederlandse cultuur en wetenschap houdt op. De culturele socialisatie van Nederlanders vindt dan niet meer plaats op universiteiten. Afgestudeerden ontberen een deel van de culturele bagage die tot nu toe voor hoogopgeleide Nederlanders vanzelfsprekend was. De student Nederlands weet dan misschien nog wie Multatuliis, maar geen student Art Historyof Hospitality Studies komt meer een docent tegen die tussen neus en lippen door een goed gehouden referaat met de rede tot de hoofden van Lebak vergelijkt. De Nederlanders die door intelligentie, belangstelling en opleiding meesterschap in de culturele canon zouden kunnen verwerven, worden van die canon afgeschermd en moeten in plaats daarvan voortdurend nadenken of ze wel Nederlands kunnen spreken en of hun gesprekspartner wel weet wie Paulus de boskabouter is.

Het bericht No more Paulus de boskabouter verscheen eerst op de Moanne.

Bisto al abonnee?

$
0
0

de Moanne biedt in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organisearret ‘live’-moetingen.

In proefabonnemint foar twa nûmers hawwe jo al foar €10,-. In los eksimplaar fan de Moanne kostet €6,50. In jierabonnemint op de Moanne hawwe jo al foar €40,- (bûtenlân €50,-).

Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. Nimme jo in jierabonnemint geandewei it jier, betelje jo nei rato.


Jou de Moanne kado!

Sykje jo in aardich presintsje? Tink dan ris oan in kado-proefabonnemint op de Moanne. Foar €10,- stjoere wy de twa earstfolgjende nûmers fan de Moanne nei de persoan oan wa’t jo dy kado jaan wolle. Jo krije dan wer in presintsje fan ús. Klik hjir foar de spesjale oanbieding.

Hawwe jo fragen oer in abonnemint op de Moanne, mail dan nei: abonnemint@demoanne.nl.

Het bericht Bisto al abonnee? verscheen eerst op de Moanne.

Tsead Bruinja Dichter des Vaderlands

$
0
0

Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Yn dit dossier in seleksje fan de bydragen dy’t earder mei en oer de nije Dichter des Vaderlands publiseard binne yn ‘de Moanne’.

Het bericht Tsead Bruinja Dichter des Vaderlands verscheen eerst op de Moanne.


Prachtige foarstelling oer bylages fan it libben

$
0
0

RYNK BOSMA – 

Miskien is it libben as it nei de ein rint wol lykas dy grap oer Sam en Moos  dy’t nei Parys geane. In formidabele Joke Tjalsma as de dementearende Wimmy besiket it yn de foarstelling It wie op in simmerjûn oant twa kear ta dy mop oan har man Daniël te fertellen, mar healweis bliuwt sy hingjen, wit net mear hoe’t it gie mar wol dat it tige grappich wie. Wimmy en Daniël oan ‘e ein fan it libben noch altiten yn ien hûs mar eins kin it net mear. Daniël kin sûnder rollator neat mear mar is yn ‘e holle noch skerp. Wimmy wit it rjochte paad en it juste plak yn ‘e hûs net mear te finen.

 

In foarstelling dy’t in plakje fertsjinnet yn de ivige dream fan it teater tusken De Feteranen en De Emigrant yn.

 

It libben dus as dy grap, je witte dat it moai wie, je witte dat je hiel wat ôfgniisd ha, je witte dat it miskien de muoite wurdich wie mei geloksmominten lykas it draaioargelnûmer It wie op in simmerjûn mar de essinsje fan de lêste jierren ûntgiet je. ’Der falt my sa no en dan wat út de holle’, sa seit Wimmy en dat is in moaie wize om te sizzen dat je net mear witte wêr’t alles heart. Dat de skjinne ûnderbroeken net opburgen wurde moatte yn de waskmasjine.

‘Ik ha it boek út en sit no yn ‘e bylages’, sa seit har man Daniël. Dochter Anneke hat in nije relaasje mei Theo en it kin wêze dat dit ek in bylage yn har eigen libben wie. En krekt dan, ûnder de klanken fan Ik geloof in jou fan Boudewijn de Groot krijt sy har âlden op ‘e noed. It libben fan guon generaasjes lykas in bekinde ansichtkaart want hast elts mins krijt der yn it libben op de ien of oare wize mei te meitsjen. Wat dogge wy mei de âlden no’t sy wat minder wurde, it probleem fan de generaasje fyftich plus. En wat dogge wy mei it lêste eintsje fan ús libben is de fraach fan de tachtichplussers.

Dat lêste is tsjintwurdich tige by de tiid, hat de mins it rjocht syn eigen ein oan te jaan, de eigen piketpealtsjes yn ‘e grûn te slaan of moatte wy dat oan oaren oerlitte. Leadswier wurdt it allegearre net yn de foarstelling fan oardel oere en dat kin fansels ek net. It is farvjen mei de kwaste fan de ympressy, yn koarte dialogen dy’t elke kear op prachtige wize yn de tiid wikselje oanstippe wat noch wichtich is yn it libben en hoe’t men der as mins ynstiet.

Sa’n momint fan in prachtige oergong wie der doe’t Theo as fyftiger nei de kast gie om in doaske te pakken en op it momint dat hy dat beet hie, feroaren de bewegings floeiend yn de trillerige hannen fan Daniël. De haadrolspilers gniisden harren net troch it libben, it publyk die dat wol en dat wie de krêft fan de foarstelling. ‘It libben is in moai ynstrumint mar moatst sels de muzyk meitsje’, sa seit Daniël op in momint. Mei op de eftergrûn it draaioargel, sa wichtich yn harren libben. ‘Ik ha fan in 48-toets in 72-toets makke’, sa seit Daniël grutsk wylst gjin mins wit wat it is en wat it betsjuttet.

En mei it libben is it net oars as mei de foarstelling, grutsk op eigen dingen wêrfan je tinke dat it foar de ivichheid is wylst in generaasje letter gjinien mear wit wat it wie of wa’sto biste. De foarstelling lit it fiele, Daniël ropt ‘Wimmy tee sette’, reaksjes by it publyk fan ‘oh dat kin dochs net’ wylst soks in pear generaasjes hiel gewoan wie sa’n kommando fan in man oan syn frou. Dat gie ek op foar de opmerking fan ien fan tsjerke tsjin Daniël en Wimmy: ‘Als jullie snel trouwen is vergeving nog mogelijk…’

It kin mei de foarstelling It wie op in simmerjûn net oars of de reprises sille der komme. Skriuwer Bouke Oldenhof hat mei Jos Thie stâl jûn oan teater sa’t it ea bedoeld wie yn Fryslân. Mei in geweldige,  humoristise haadrol foar Joke Tjalsma as dochter en mem, mei Jan Arendz oertsjûgjend as brekbere man en as goed bedoelende regelaar. In foarstelling dy’t in plakje fertsjinnet yn de ivige dream fan it teater tusken De Feteranen en De Emigrant yn.

Het bericht Prachtige foarstelling oer bylages fan it libben verscheen eerst op de Moanne.

Eksposysje Marboei-gedichten yn Obe

$
0
0

Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe.

In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien.

Op dizze eksposysje binne alle Marboei-gedichten mei-inoar te lêzen en te hearren yn it besikerssintrum Obe yn Ljouwert. De gedichten fan Ellen Deckwitz, Eeltsje Hettinga, Arjan Hut, Maarten Inghels, Elske Kampen, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Erik Lindner, Joost Oomen, Jacobus Smink, Saskia Stehouwer, Marjoleine de Vos en Syds Wiersma wurde eksposearre yn harren oarspronklike taal en yn in Ingelske oersetting.

De oersettingen binne makke troch David Colmer, David McKay, Michele Hutchison, Joel Thomas Katz, Robert Perry en Saskia Stehouwer. Mei tank oan Elske Schotanus, dy’t de Fryske gedichten nei it Nederlânsk oersetten hat.

Neist de eksposysje fan de Marboei-gedichten, binne ek de foto’s dy’t fotograaf Remco de Vries makke fan it Marboei-projekt te sjen yn de eksposysjeromte fan Obe. De eksposysje is alle dagen tagonklik foar publyk fan 11.00 – 17.00 oere.

 

Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
De Marboeien lizze op bysûndere plakken yn it Fryske wetter. Foar dichters in boarne fan ynspiraasje. Sa makke dichteres Ellen Deckwitz foar it earst yn har libben in boattochtsje, seach Elmar Kuiper nei it ferline op de Swarte Brekken, ferruile Maarten Inghels foar ien dei de Antwerpske binnenstêd foar de Alde Feanen en gie Jaap Krol nochal op en del op de Sleattemer Mar.

Foar mear ynformaasje oer dit projekt, sjoch: www.marboei.frl en www.demoanne.nl.

Het bericht Eksposysje Marboei-gedichten yn Obe verscheen eerst op de Moanne.

Fryske dichters op ‘roadtrip’ troch Denemarken

$
0
0

TSJOMME DIJKSTRA –

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen. 

 

“We meitsje in roadtrip troch Denemarken en it moast al in bytsje rock-’n-roll wêze.”

 

Foar in link tusken Fryslân en Aarhus hoege we net sa lang te sykjen, Ljouwert krige yn 2017 it stokje fan Kulturele Haadstêd oer fan Aarhus en de twa stêden folgen inoar dus op as de kultuerstêd fan Europa. Ofrûne jier wie de proazadichter Carsten René Nielsen, dy’t fan Deenske side by de takommende plannen belutsen is, al yn Ljouwert.

Yn july joech de dichter in optreden op in ynternasjonale poëzymiddei yn it Talepaviljoen MeM, krekt as ûnder oaren Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper. Ekde dichters Leanne Ellul út Malta, AP Kivinen út Finlân en María Lado út Spanje wienen foar dy middei yn Ljouwert. Kontakt mei de Deenske dichter wie lein yn 2017 doe’t Geart Tigchelaar in fytstocht troch Denemarken makke.

“Twa jier lyn wie ik oan de ein fan it jier twa wiken yn Aarhus”, fertelt Tigchelaar. “Ik wist doe noch net folle fan de Deenske literatuer, om’t ik mear mei myn eigen skriuwerij dwaande wie, mar ik woe my wol wat mear ferdjipje yn de Deenske literatuer. Dêrom stjoerde ik in mail nei it Aarhus Litteraturcenter. Ik krige in mail werom fan Carsten René Nielsen en sa kamen wy yn kontakt.”

De Deenske dichter sei dat hy syn Fryske kollega wol yntrodusearje woe oan oare minsken yn it literêre fjild en de dichters makken ek al plannen om wurk fan elkoar oer te setten. “Sa rekke ik sels eins wat maklik yn it wrâldsje dêr aktyf en it like my moai as oaren dêr ek wat fan profitearje kinne soenen”, seit Tigchelaar. “Dêrom haw ik in oantal oare dichters frege om mei te dwaan.”

Har plan is om in wike troch Denemarken te reizgjen en mei Deenske dichters nij wurk te meitsjen en wurk fan elkoar oer te setten foar in dichtbondel en Tigchelaar wist al gau in oantal kollega’s dêr’t er it plan fierder mei besprekke en útstippelje koe. “We meitsje in roadtrip troch Denemarken en it moast al in bytsje rock-’n-roll wêze”, typearret hy de teamgeast. “En it moaie is ek, wy sitte allegear by útjouwerij Hispel, fan Piter Boersma.”

It kwartet komt op 11 maart mei de trein yn Aarhus oan. “Alle fjouwer meie wy graach mei de trein reizgje. Wy tochten, we kinne yn Denemarken altiten in auto hiere as it moat, mar sa’t it no liket hoecht dat net”, seit Tigchelaar. “Nielsen regelet it fierder, op woansdei sille we wat better mei-inoar yn de kunde komme, de dei dêrnei kinne we dêr optrede.”

Op 14 maart ha de Fryske dichters har earste optreden en sille se mei har Deenske kollega’s oersette – Annemette Kure Andersen, Tomas Dalgaard en Knud Steffen Nielsen binne de oare Deenske dichters. In dei letter stiet der noch in optreden yn it Aarhus Litteraturcenter plend. Dêrnei reizgje de dichters troch nei Kopenhagen dêr’t se in optreden jouwe yn it Poesiens Hus.

Fan de ynspiraasje dy’t de Fryske dichters ûnderweis opdogge, sil de dichtbondel tinkt Tigchelaar wol wat in ‘Aarhusiaansk tema’ krije. It oersetwurk foar de bondel sil fral troch himsels – hy behearsket ek it Deensk passyf en aktyf sels yntusken knap – en de dichter Nielsen dien wurde. “Yn septimber of oktober is Nielsen noch in goeie ta wiken yn Grins, dan hawwe we ek tiid om der oan te wurkjen.”

Yn maart 2020 binne de dichters fan doel om har bondel op de tredde edysje fan it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus te presintearjen. Dêr stean dy kear lytse talen en minderheidstalen sintraal.

Het bericht Fryske dichters op ‘roadtrip’ troch Denemarken verscheen eerst op de Moanne.

The Inheritance, poisoned fruit of the Kennedy assassination

$
0
0

ARJAN HUT – 

Wistest dat presidint Lincoln in sekretaresse hie dy’t Kennedy hjitte? En presidint Kennedy in sekretaresse dy’t Lincoln hjitte? En dat beide presidinten fermoarde waarden? En dat se beide opfolge waarden troch in Johnson? Fêst wol. It is in populêre ‘urban legend’ en sa der binne noch folle mear skynbere oerienkomsten. Guon fan dy oerienkomsten binne lykwols net sa bysûnder: Johnson, bygelyks, is in namme dy’t net al te seldsum is. En Lincoln hie hielendal net in sekretaresse dy’t Kennedy hjitte.

 

Dit boek pretindearret in soad, begjint nijsgjirrich, mar rint út op in paranoïde, anty-federaal komplotboek sa’t der yn de USA wol mear ferskynd binne.

 

Evelyn Lincoln wie lykwols wol de sekretaresse fan John F. Kennedy. Sy ferstoar yn 1995, en har neilittenskip spilet in foarname rol yn it spektakulêre boek The Inhertitance, dat novimber ferline jier útkaam en skreaun is troch de Kanadeeske Amerikaan Christopher Fulton. It boek is skreaun as in ‘thriller, basearre op wiere feiten’ en soe in soad nije ynformaasje biede dy’t de hiele resinte skiednis fan de USA en de wrâld op syn kop set. Omdat auteur Vince Palamara it op syn Facebook oanriede, ha ik in eksimplaar besteld. Palamara is in ekspert op it mêd fan de Secret Service, de presidinsjele garde, en skreau meardere nijsgjirrige, ynformative boeken.

Christopher Fulton is in bou-ûndernimmer dy’t yn Vancouver wurke en sawol in Amerikaansk as Kanadeesk paspoart hat. Hy kaam begjin jierren njoggentich yn it besit fan in bysûnder horloazje. It wie nammentlik it horloazje dat JFK om syn pols hie op 22 novimber 1963, de dei dat er fermoarde waard yn Dallas. Fulton hat it kocht fan in freon fan him, Robert White. White hat it op syn bar wer krigen fia Evelyn Lincoln, de âlde sekretaresse fan Kennedy. Hy rekke mei Lincoln befreone neidat er har yn de jierren santich brieven begong te skriuwen. As Lincoln yn 1995 komt te ferstjerren, lit se Robert White har erfenis nei.

It docht bliken dat Robert F. Kennedy, broer fan JFK en dy syn minister fan Justysje, bewiismateriaal omtrint de moard foar himsels hâlden hat. Medysk en forinsysk bewiismateriaal dêr’t er mei oantoane koe dat de moard op syn broer in binnenlânsk komplot wie. It horloazje dat Fulton kocht, hearde dêr ek by. Dat RFK bewiismateriaal yn syn besit hie, is bekend. Hy moast it fan de FBI binnen in jier oerdrage oan de oerheid en dat hat er (min-ofte-mear) ek dien. Grif net alles. En hy sil kopyen makke ha fan it ien en oar.

White wol mei de neilittenskip syn eigen Kennedy museum ynrjochtsje. Om jild dêrfoar bymekoar te garjen, ferkeapet er hjir en dêr wat. Mei Christopher Fulton is er fan doel om in fotoboek út te bringen, om mei as doel it museum te finansierjen. By einsluten giet it White net hurd genôch en hy beslút om fia in grutte feiling yn de Trump Tower yn 1998 syn slach te slaan. Underwilens hinget er yn de jern mei de famylje Kennedy, en kriget er de Federale oerheid op syn dak.

Oant safier is alles nei te gean: Robert White hat yn 1998 werklik dy feiling opsetten: “De Kennedy’s beschuldigen Lincoln er onder meer van een koffertje en een horloge te hebben achtergehouden, dat de president bij zich had toen hij in Dallas werd vermoord. In totaal heeft White meer dan 100.000 memorabilia, waarvan hij nu slechts een deel verkoopt.” (AP, NRC, 18 maart 1998). Mei de opbringsten makket White syn ambysje wier. Syn Kennedy-samling krijt in plak yn it Florida International Museum, te St. Petersburg, Florida

Yn Washington geane alle alaarmbellen ôf. White wurdt ûnder druk setten en by einsluten makket er in deal mei de oerheid. De FBI mei syn samling trochkjimme en útsykje wat nei de Nasjonale Argiven moat. It measte ferdwynt dan yn in swart gat. Fulton, ûnderwilens, krijt yn Kanada earst de Kanadeeske geheime tsjinst achter him oan. It giet om dat horloazje, en ek om bânopnamen fan tillefoanpetearen út it Wite Hûs út Kennedy syn tiid. It duorret net lang, of Fulton moat him melde yn Washington.

It begjin fan it boek is it meast boeiend en konkreet. Fulton besiket om it horloazje te autentisearjen. Hy komt sa yn kontakt mei âld-Secret Service-agint Robert Bouck. Bouck, dy’t tinkt dat Fulton foar John F. Kennedy Junior wurket, hat Robert Kennedy en Evelyn Lincoln holpen mei it foar de oerheid ferbergjen fan it bewiismateriaal. Sa komt Fulton derachter waat Robert Kennedy wist fan de wiere tadracht fan de moard op syn broer. Dat Evelyn Lincoln tocht dat Lyndon Johnson belutsen wie by de eksekúsje yn Johnson syn achtertún Dallas is net geheim. Wol dat RFK (sels fermoarde yn 1968) dêr yndied taastber bewiis fan hie. Fia brieven út de neilittenskip fan Lincoln en ynformaasje fia Bouck wurdt dat ferhaal yn The Inheritance helder, stap foar stap út de doeken dien.

Dat it hjir net giet om in dizige macht ‘achter de gerdinen’ dy’t fierder abstrakt bliuwt lykas yn in soad oare teksten, is ferfrissend, ek al giet it hjir om in ‘thriller’ en net om in non-fiksje boek. Ommers, in soad ynformaasje falt nei te gean en Fulton biedt achter yn it boek de nedige dokumintaasje, lykas korrespondinsje mei de oerheid. Fulton skriuwt presidint Bill Clinton in brief en freget him om stipe. Wilens komt er ek yn kontakt mei John F. Kennedy junior, dy’t it horloazje fan him keapje wol en, neffens Fulton, it brûke sil om fia de steat Texas it ûndersyk nei de moard op syn heit te weriepenjen. It beteart oars.

Fulton wurdt oerhelle Kanada te ferlitten en komt dochs yn de kloeren fan de Amerikaanske federale oerheid terjochte. Hy ferdwynt yn in jierrenlange Kafkaëske nachtmerje en de teneur fan it boek nimt in drastyske kear. Hoewol’t it ferhaal fan Fulton herinnerings opropt oan de skiednissen fan Abraham Bolden, de earste Afro-Amerikaanske Secret Service agint yn it Wite Hûs (“The Echo from Dealey Plaza”) en James Earl Ray, fertochte fan de moard op Martin Luther King (“Who killed MLK”), hat it foaral in soad fan in paranoïde, anty-oerheids psychoaze. Fulton is wol sa tûk om it hiele ferhaal yn de mûlen fan oaren te lizzen, benammen finzenen dy’t er yn it helske, nazi-achtige systeem tsjinkomt, hy ûndergiet it, de ynformaasje komt nei him ta. Sa is it net Fulton syn miening, hy heart it fan minsken dy’t it witte kinne.

It ferhaal dat sa konkreet begong, ûntspoard drastysk. Fulton is it slachtoffer fan in grut allesomfetsjend komplot dêr’t de achterlizzende machten wer dizich en abstrakt wurde. “The Feds”, CIA, Wall Street, de Eastkust Elite, Skull & Bones, Illuminati, Globalisten, de “Deep State”, alles komt foarby yn in twirre fan ûntheisterjende revelaasjes. Sels Nostradamus  en it bibelboek Iepenbierings wurde yn it ferhaal behelle. In Edward Snowden-achtige figuer foarseit de fal fan de Twin Towers. Alle noch libbene âld-presidinten wurkje gear om foar te kommen dat in Kennedy presidint wurdt: sa komt John F. Kennedy junior neffens dit boek om trochdat Clinton opdracht jout dy syn privee-fleantúch te sabotearjen.

Fan desimber 1963 ôf besteane al sokke útwrydske teoryen oer de Kennedy-moard. Se kamen doe út de hoeke fan radikale splintergroepen as de John Birch Society, de Ku Klux Klan en de Minutemen. Koartsein kamen de teoryen der op del dat der in grut, globalistysk komplot geande is om fan de wrâld ien Kommunistyske heilsteat te meitsjen. De moard op Kennedy fûn dan plak yn Dallas om rjochtse radikalen de skuld op de lea te plakken. Sokke ferhalen stekke dêrnei geregeldwei de kop op. Nei de kâlde oarloch feroarje de kommunisten yn ‘aliens’ of ‘globalisten’, mar altyd is der dat allesomfetsjend komplot fan in almachtige elite tsjin de lytse man.

‘Steatsfijân Fulton’ wurdt allegeduerigen fan de iene finzenis nei de oare oerpleatst. In advokaat dy’t earder foar de CIA wurke, mar út de graasje fallen, fertelt him wat er allegear witte moat. Fan de moard op Kennedy oant 9/11, alles wurdt oanmekoar rige. It docht dan noch dúdliker bliken dat men hjir typysk Amerikaanske, anti-federale sentiminten lêst. Ien ûnderdiel fan it komplot is bygelyks dit: “There are big plans that include false flag acts of terrorism within our borders and the weakening of the commitment of the American people to bear arms– which is one of the main things the elites are worried about.” It liket wol as hat de National Rifle Association it boek sponsere!

Gearfetsjend, dit boek pretindearret in soad, begjint nijsgjirrich, mar rint út op in paranoïde, anty-federaal komplotboek sa’t der yn de USA wol mear ferskynd binne. Krekt as de urban legend oer de oerienkomsten tusken presidinten Lincoln en Kennedy biedt it in nijsgjirrich, mar ferriveljend ferhaal, dat mear liket dan it is. The Inheritance is goed besjoen dêrmei krekt wat it pretindearret te wêzen: fiksje basearre op (guon) wiere feiten.

Wa’t ynteresearre is nei de achtergrûnen fan de moard op Kennedy, en wat dêr yn de rin fan de jierren mei it frijkommen fan ynformaasje oer bekend wurden is, hat oan The Inheritance fierder neat.

 

Christopher & Michelle Fulton, The Inheritance, Poisoned Fruit of JFK’s Assassination, TrineDay, 2018

Het bericht The Inheritance, poisoned fruit of the Kennedy assassination verscheen eerst op de Moanne.

Ernst Bruinsma yn Op en út

$
0
0

Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 26 jannewaris yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân:

  • Sjieuwe Borger – Pûlen-yn-de-pot, útjouwerij Elikser 2018, www.elikser.nl 
  • Jane Gardam – De dochter van Crusoe, uitgeverij Cossee, 2018, www.cossee.com

 

 

Viewing all 1693 articles
Browse latest View live