Quantcast
Channel: de Moanne
Viewing all 1690 articles
Browse latest View live

Gefaar

$
0
0

KAREN BIES -

Oait wie it myn dream de opfolger te wurden fan Peter d’Hamecourt, NOS-korrespondint yn Ruslân. De Kâlde Oarloch wie al wat lij wurden, Gorbatsjov hie it oer glasnost en perestrojka en ik studearre Russysk. De kearen dat ik Moskou besocht, wie der in coup-poging, belâne ik yn demonstraasjes en seach ik lege sokkels fan âlde Sovjethelden. Spanning en gefaar, wat wol in sjoernalist noch mear.

Troch omstannichheden, dy’t ik allegear net neame sil, is it net Ruslân wurden mar Fryslân. Mei itselde tal ynwenners as in beskieden bûtenwyk fan Moskou. Spanning en gefaar is hjir meastal fier te sykjen. It slimste dat dy gebeure kin, is datst troch it iis sakkest. Mar sels dát risiko ha iismasters, rayonhaden en Piet Paulusma al ta in minumum beheind. Kinst dy eins nergens in bult oan falle. Moatst allinnich in bytsje hoeden mei dyn wurden omgean, omdat elkenien yn Fryslân famylje fan elkoar is.

In coup hoege wy hjir net te ferwachtsjen. De lêste oprop ta revolúsje is hast hûndert jier lyn en blykte ‘it fersin fan Troelstra’. Oarloch is fier fuort. En ás dy ris wat tichterby komt, omdat wy oarlochsflechtlingen opheine moatte, prate wy it leafst oer ús eigen feilichheid en wat in asylsikersintrum betsjut foar de wearde fan ús hûs. Rykdom sprekt fansels. Wy lûke de gerdinen ticht, stekke in kearske oan en driuwe fierder yn ús fet.

Ik tocht dêroan doe’t ik lekkens stie te striken. Yn de sporthal fan ús doarp soene 150 flechtlingen opfongen wurde en se hiene skjin bêdeguod nedich. Ik stryk hast noait en seker gjin hoeslekkens. M. wie dan ek stomferbaasd doe’t er my stean seach achter de strykplanke. ‘Moatst earst hielendal út Syrië komme, om hjir in kear ûnder in strutsen dekbêd te lizzen?’ Mar ik hie it sjoernaal oanstean en tocht oan dy ellindige lange reis fan dy minsken om hjir te kommen en wat se allegear meimakke hawwe yn Aleppo of wit-ik-wêr. Dyn lêste sinten útjaan oan in seereis yn in wiffe rubberboat. Dagenlang rinne troch de East-Europeeske drek, mei dyn bern op ‘e earm. It soe harren miskien niks útmeitsje, mar it wie krekt of holp it mysels wól wat, as ik it gleonhjitte strykizer oer de knûkels helle.

Ik wie de iennichste net. It doarp brocht steapels lekkens, tekkens, klean en boartersguod, der kaam gjin ein oan. Safolle frijwilligers hiene oanbean om te helpen yn de sporthal, de flechtlingen koene hast ien-op-ien begelieding krije. Fiif dagen krisisopfang waard úteinlik in wike, om it organisearre aktiviteiteprogramma mei spultsjes, dûns en muzyk ôfwurkje te kinnen. Nee hear, dat is flau. It is moai dat it hjir yn Oerterp sa oars gie as yn bygelyks Steenbergen of Woerden. Ik bin suver grutsk op myn doarp.

Doe’t de flechtlingen wer fuort moasten, waard der gûld by it ôfskie. De bus gong nei Hulst yn Seelân. In heale dei riden. Underweis nei de safolste Nederlânske sporthal, dêr’t se de kommende dagen wer bivakkearje sille op in fjildbedsje fan it Reade Krús. Sûnder gefaar, dat wol. Hopelik ûnder friswosken, glêde, sêfte lekkens.

Het bericht Gefaar verscheen eerst op de Moanne.


Nei it Park, in sublime novelle

$
0
0

HENK VAN DER VEER – 

Noch altyd koester ik de novelle ‘Nei it Park’ fan Hylkje Goïnga (1930-2001), de 100ste útjefte yn ’e Gurbe Rige dy’t yn 1992 ferskynde. Ik mocht dizze novelle, lykas folle mear wurk fan dizze skriuwster, yn manuskript lêze. Dy manuskripten tikte Hylkje faak út op de achterkant fan in A-4 mei foarop de ‘Schijf van Vijf’. Hylkje har lesmateriaal wannear’t se op skoallen kaam as konsulente bij de Basisgezondheidsdienst Zuidwesthoek.

 

It is de humoristise mar tagelyk de oangripende wize fan beskriuwen dy’t dizze novelle sa sublym makket.

 

“Makket mem har bêd net mear op? Ik sei: Nee, dat docht mem net mear. En ferskjinnet mem de lekkens noch wol en it sloop? Nee, sei ik, dat docht mem ek net mear. Is it smoarch? It wie noch net sa smoarch, sei se en se rûkte der oan, mar it moat wol. It heart wol sa. En hoe sit it mei it ûnderguod? Docht mem alle dagen in skjinne ûnderbroek oan? Nee, sei ik, dêr bin ik ôfstapt. Ik kear him om, dat kin likegoed.”

Sa’n dialooch as hjirboppe kin ik noch altyd intins fan genietsje, de hilaritas dy’t hjir fan út giet. Dy humor oerwint in soad, sels by soks dat Alzheimer hjit of op syn Frysk ‘yn ’e bernskes reitsje’. Kearn fan de novelle foarmet de striid fan Martha, de haadfiguur, om út it hûs fan âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan har dochters Janna en Geeske om har no krekt wol yn dat sintrum te krijen. Brike setten en fiten wurde (be-) skreaun út it perspektyf fan Martha wei en hjirtroch liket it dat elkenien gek is, allinne Martha net.

“Ik mocht net yn de kofjeseal komme, as ik dêr sa flokte. Mar ik krige it dêr benaud tusken al dy âlde minsken, dy’t neat mear sizze koene, dêr kaam it fan. It wie foar mysels ek folslein wat nijs, dat ik sa mâl die. Ik woe wier wol yn goedens, bûn my in sjaaltsje foar de mûle, mar dan koe ik gfd wer net myn kofje opdrinke. Se sieten my allegear ek mei sokke glêzige eagen oan te gapjen. ‘Sjoch ris in oare kant út!’, skreaude ik iderkear.”

It is de humoristise mar tagelyk de oangripende wize fan beskriuwen dy’t dizze novelle sa sublym makket. It slagget Goïnga de karakters fan de haadfiguren sterk nei foaren komme te litten troch de treflike dialogen. It Frysk dat dizze skriuwster brûkt is modern, sûnder te ferfallen ta taalsleauwens.

Martha ferhúzet yntern nei in oare ôfdieling fan it fersoargingshûs. “Kom mei, wy ferhúzje. Nei it park, sei Janna en naam my by de hân. Wy ha alles. Net sa flokke, dat soene wy no net mear dwaan. Wy begjinne no oan in nij libben. It kin wier net oars en wy moatte in bytsje flink wêze.”

No 23 jier letter lês ik dizze novelle op’e nij mei in soad nocht en ik mis Hylkje noch elke dei!

 

Het bericht Nei it Park, in sublime novelle verscheen eerst op de Moanne.

“The sparkle of your China, the shine of your Japan”

$
0
0

ARJAN HUT – 

 

ik bin Berlyn

ik bin in boskje reade bommen

 

Twa willekeurige rigels út in willekeurich gedicht fan Sytse Jansma, te lêzen yn syn nije bondel ‘as nomaden yn tinten te plak’. It makket diel út fan de trijedielige iepener ‘oprop oan alle friezen’. Jansma komponearret mei yndrukken fan Dútslan (Berlyn, Prussysk blau, Tagesschau), berneprogramma’s (Sesamstrasse, Bear Boeloe) en de echo fan Douwe Kalma, poëzy dy’t jin as in tsunami (“ik dompelje alle friezen ûnder yn / prusysk blau”) oer it mat komt. It is in earlike iepener, in sinjatuerfers.

 

Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

 

Yn it folgende skift ‘de dûanier útskeakelje’ falle guon bylden (grinsoergong, ynternasjonalisme, bern wêze, kapitalisme en de poezy sels) te plak of wurde fierder ferwurke. Dy ferwurking giet op basis fan yntuïsje; in byld stapt nei in folgend byld, somtiden is it ienfâldichwei de klank fan in wurd dy’t de folgende stap bepaalt. ‘fabryk fan bylden’ hjit in gedicht en yn in oar fers út dit skift, as ‘nomaden’, fine dy bylden yn (ús) eagen ûnderdak, ‘as nomaden yn tinten te plak’.

It is in twatalige bondel, Frysk – Nederlânsk. De dichter hat sels de oersettings makke. Meidat de oersettings aardich frij binne, krijt de lêzer yndrukken mei fan hoe’t Jansma te wurk giet. Somtiden sil earst de Nederlânsktalige ferzje ûntstien wêze. Ik kin my bygelyks net foarstelle dat Jansma earst ‘har skientme yn tategejammer’ (It Fenusfeest) skreaun hat en dêrnei op de oersetting ‘haar melkmuilende schoonheid’ (Het Venusfeest) kommen is. Mar wa wit?

Dat men in fers net yn al syn nuanses en assosjaasjes hoecht oer te setten, lit it slotfers ‘op ien mêst kinst gjin seeën oer sjen’. De Fryske ferzje boartet mei de klanken fan de wurden mem, heit, omke en muoike. Dy boarterijen falle yn ‘op een mast overbrug je geen zeeën’ hielendal fuort, mar it smyt likegoed in nijsgjirrich fers op, in hiel oars en nij fers hast.

De lêste trije skiften hjitte ‘Landscapes’, ‘Bodyscapes’ en ‘Seascapes’. Jansma stroffelet akrobatysk troch de taal (“hoera de sneinsfytser troch it hubba-bubbaboulân”). Somtiden liket it as hat ien him in stik krante jûn en sein fan: skriuw in leafdesgedicht en brûk dêrby allinne wurden dy’t yn dit artikeltsje oer ‘korrupsje yn Botswana’ foarkomme. En hy rêdt him dermei!

Toponimen wurde kreatyf brûkt. Ik moast dêrby gauris tinke oan de rigel “Won’t you show me / the shine of your Japan / the sparkle of your china” út it ferske Bodhisatva fan Steely Dan:

 

macht fan myn blanke appalachen / ûntbleatet him (s. 61)

lit my gekke fratsen (…) as botswana’s brûke (s. 64)

 

Underwerpen út de aktualiteit komt op in soad plakken werom, mar de wurden binne isolearre en yn in oar ferbân plakt. Nomaden, moskeeën, taliban, Guantanamo, ‘arabysk is ús heitelân’, ‘it drama-islam fan jim gejammer’, bygelyks, soene by elke oare skriuwer warskynlik nei flechtlingen en de oarloch tsjin it terreur ferwize, by Jansma binne it gewoan boublokken fan taal dy’t passe yn in fersen dêr’t likegoed frisbees fleane, amtners slampamperje of in krekt troud stel brune bôle yt yn har wite wiken.

Guon fersen binne wûnderlik grappich (‘fallussimmernachten‘, ‘de ballen fan de bolle’) en oaren boartlik mysterieus (‘binnen de kontoeren fan it model’, ‘minne slaven’). Soms wol in wurdbouwsel net rjocht in gedicht wurde (‘de hellepoarten fan de see’ bygelyks, stoart yn fan de byldedrokte). Krekt wat krampachtiger wurdt it neffens my ek as Jansma syn fynsten en wurdbouwwurken yn fêstere foarmen trôpet. Sa binne de gedichten yn landscapes allegear opboud út fiif kear twa rigels. Rigels rinne dan yninoar oer en sa ûntsteane nije ferbannen, dat wol, mar it makket it lêzen wer wat taaier en dat liket my ûnnedich. Dêrfandinne fyn ik it te priizgjen dat er fierder de gedichten har eigen, ferrassende en fernuverjende foarmen fine lit.

 

Sytse Jansma, as nomaden yn tinten teplak. Utjouwerij Afûk, 2015. €17,50

Het bericht “The sparkle of your China, the shine of your Japan” verscheen eerst op de Moanne.

Waterbolk en de Drintske Friezen

$
0
0

GERBEN DE VRIES – 

(Harm) Tjalling Waterbolk (Havelte, 1924) jildt as ien fan de foarnaamste argeologen fan Nederlân. Hy studearre biology oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurke in tiid as assistint fan de ek al sa ferneamde Albert Egges van Giffen. H.T. Waterbolk promovearre yn 1954 en yn datselde jier waard er heechlearaar-direkteur oan wat doe noch it Biologisch-Archeologisch Instrituut (B.A.I.) fan de Grinzer universiteit wie. Hij is benammen bekend wurden om syn opgravings yn Drinte. Hjir die er yn it foarste plak ‘nederzettingenonderzoek’ en publisearre ek in soad oer prehistoaryske en midiuwske húsplattegrûnen. Yn de simmer fan 2015 ferskynde ‘Werk van eeuwen. Gesprekken met Tjalling Waterbolk’, wêryn’t er oan Jos Bazelmans en Jan Kolen oer libben en wurk fertelt.

Hoewol’t Waterbolk ek wol argeologysk ûndersyk die yn Fryslân, hy liet Fryslân benammen troch oaren ûndersykje. Under oaren troch Herre Halbertsma, mar ek troch de wat nuvere Assien Bohmers. Bohmers hie in bepaalde konneksje mei de legendaryske oplichter Tjerk Vermaning, mar de ferhalen dêroer stean wer yn in oar boek fan Waterbolk, ‘Scherpe stenen op mijn pad. deining rond het onderzoek van de steentijd in Nederland, 2003′. Dochs hat Waterbolk foar frijwat wat opskuor yn Fryslân soarge.

 

Nei de lêzing fan Waterbolk kopte in Fryske krante, ‘Friezen zijn verstoven Drenten’.

 

Yn syn begjintiid as direkteur joech Waterbolk lieding oan in argeologyske opgraving fan de terp fan Tritsum, tusken Kubaard en Tsjom. It moast de tsjinhinger wurde fan de fameuze opgraving fan Van Giffen yn Ezinge yn Grinslân, mar de resultaten foelen bot ôf. Wol waard der in soad ierdewurk út de foar-Romeinske tiid fûn. Dat sette Waterbolk op in nij spoar. Hy wist dat yn it Fries Museum in soad fergelykber ierdewurk opslein lei, ôfkomstich fan opgravings fan terpen as dy fan Wommels. Guon van dy potten hiene typyske geometryske motiven en de fan oarsprong Drintske argeolooch waard ynienen troffen troch de foarmoerienkomst mei potten dy’t er yn 1958 sels opgroeven hie yn Ruinen. Dit brocht him ta it definiearjen fan it ierdewurktype Ruinen-Wommels, mei de trije subtypen RW I, RW II en RW III. RW I wie it âldste, RW III it jongste type.

In protte fan it geometrysk fersierde ierdewurk dat yn de Fryske terpen opdolle waard, hearde ta it type RW III. By in lêzing yn Ljouwert yn 1959 ponearre Waterbolk doe de stelling dat de âldste bewenners fan it terpengebiet út Drinte kamen. Oant dy tiid wie de gongbare opfetting dat de Friezen earne út in eastlik kustgebiet nei Westergoa migrearre wiene, faaks fanút Sleeswyk-Holstein. Doe’t de argeolooch yn Drinte ek noch in tal fossiele sânferstowingen út de lette Izertiid ûntduts, ûnderboude dat syn teory. De ikkers fan Havelte en oare plakken yn Drinte wiene ferstood en in part fan de bewenners teach nei it Waadgebiet. Nei de lêzing fan Waterbolk kopte in Fryske krante, ‘Friezen zijn verstoven Drenten’.

Dat wie wol eefkes skrikken en in soad minsken woene dêr earst net oan. Goed dat de Friezen net fan Trojanen of Atlantiërs ôfstammen, sa’t bygelyks it Oera Lindaboek hawwe woe. In Herre Halbertsma fan it Rijksbureau voor Oudheidkundig Bodemonderzoek yn Amersfoort, wie lywols net fuortdaliks oertsjûge dat de oer-Friezen eins oer-Drinten wiene. Hy hold dat jier noch fêst oan it idee dat dy earste Friezen fan oer see nei it wiete Waadgebiet kommen wiene. By in oare gelegenheid frege Halbertsma him lûdop ôf oft de ‘tichte en wide feanen’ de Drinten dan net opkeard hiene op har wei nei Westergoa. Hja koene fansels ek de feanrivierkes bylâns, waard doe opmurken. Ek dr. Pieter Sipma wie net daalks om.

Lang duorre de kontroferse oars net en ein jierren sechtich wie it elkenien dy’t der mar in bytjse ferstân fan hie – ek Halbertsma – wol dúdlik dat de foarste Friezen yndied út it hjoeddeistige Drinte kamen. Mei tank oan Harm Tjalling Waterbolk.

Het bericht Waterbolk en de Drintske Friezen verscheen eerst op de Moanne.

Meiwurkje oan teater as in spin yn it web

$
0
0

INEKE RIENKS – 

Diel útmeitsje fan in kreatyf proses en mei-inoar moaie dingen meitsje, dat fynt Grietje Deinum, publisiteitsmeiwurker by Tryater, it moaiste oan wurkje by it Frysk teaterselskip. De foarstelling Medea wie de earste foarstelling fan Tryater dy’t Grietje seach. “Ik wist doe fuort: dit wol ik ek.” De sfear om de foarstelling hinne en alles wat der by komt sjen sprutsen Grietje tige oan. “Ik woe meiwurkje oan alles wat der komt sjen by teater, as in spin yn it web.”

Dochs wist se net fuortdaalk wat se nei de middelbere skoalle studearje soe. It waard úteinlik kommunikaasje en sa kaam se as staazjerinner by Tryater telâne. De staazje befoel tige goed en nei har ôfstudearjen yn 2008 koe se fuort by Tryater oan ‘e gong as publisiteitsmeiwurker. Nei twa jier wie it wurk by Tryater dien, mar sûnt 2013 is se wer by Tryater oan it wurk, no as freelancer.

 

“Ik woe meiwurkje oan alles wat der komt sjen by teater, as in spin yn it web.”

 

Tryater as teaterselskip stiet har nei. “It is krekt ien grutte famylje. Je kinne net oars as hielendal yn it wurk en it selskip meigean.” Mei-inoar wurdt der wurke oan projekten en foarstellingen. “It is moai dat je mei elkoar wurkje oan in bysûndere ûnderfining fan minsken.”

Yn har funksje by Tryater is foaral it sichtber meitsjen fan Tryater en de foarstellings in wichtich doel. By alle foarstellings wurde der spesifike doelgroepen oansprutsen en nijsgjirrige gearwurkings betocht. Sa waard der yn de wiken dat Tryater mei De IIsfoarstin yn de Ljouwerter binnenstêd spile in unike Iisfoarstin-smaak ferkocht by iissalon Min12 en wiene tsientallen froulju yn it spier om te haken foar de iisblommen op de mantels fan it koar fan de iisfoarstin. “It jout in mienskipsgefoel dat ek oaren bûten Tryater meiwurkje oan in projekt”.

Yn it deistige publisiteitswurk siket Grietje nei nije fynsten dy’t minsken oansprekke. Lykas it programmaboekje, dit moat net standert wêze neffens Grietje. “Ik wol dat it programmaboekje by de minsken thús op it prikboerd of op de skoarstienmantel komt te stean. It moat net in boekje wêze dat minsken sa mar wer oan de kant lizze”. Lytse dingen hawwe faaks net drekt in grut effekt, mar hawwe wol wearde en meitsje Tryater bysûnder, sa fynt Grietje. “Ik wol graach dat minsken stil steane by it moaie”.

Neist it wurk by Tryater is Grietje ek wurksum by it Iepenloftspul Jorwert en by de Slachtemarathon. Se docht hjir net allinnich publisiteitswurk, mar hâldt har ek dwaande mei oare saken lykas programmaynhâld en rekwisiten. Foar de takomst soe Grietje har rol yn it kreative proses fan teater wol útwreidzje wolle, faaks as oersetter of skriuwer, mar op it stuit is dat noch net oan de oarder. “Ik ha it tige nei myn sin mei it wurk dat ik no doch.”

Het bericht Meiwurkje oan teater as in spin yn it web verscheen eerst op de Moanne.

San Sebastian siket Fryske keunstner

$
0
0

De Kulturele Haadstêd fan 2016 San Sebastian / Donostia siket in Fryske keunstner foar it ynternasjonaal útwikselingsprojekt TOSTA. Op basis fan in publike oprop kinne keunstners út hiel Fryslân harren plan yntsjinje om yn de perioade maart – april 2016 te wurkjen yn ien fan de sân útwikselingsregio’s binnen it TOSTA-projekt. De oprop is benammen rjochte op keunstners dy’t graach yn ‘e bûtenloft wurkje. Yn it bysûnder binne projekten wolkom dy’t rjochtstreeks in ferbining lizze mei de minderheidstalen dy’t mei de keunster, de gastmienskip en it TOSTA-projekt anneks binne.

It beskie fan de beoardielingskommisje wurdt bekend makke fanôf 13 febrewaris 2016 op de webside fan it TOSTA-projekt op www.tosta2016.eu en op de webside fan de Moanne. Plannen ynstjoere kin oant 10 jannewaris 2016. It formulier mei beoardielingskritearia om te sollisitearjen foar it residinsjeprogramma kin opfrege wurde fia dizze link downloaden wurde.

De Afûk wurket yn it TOSTA-projekt gear mei kulturele ienheden oan de Atlantyske kust fan Europa.  It projekt kombinearret de promoasje fan artistike kreaasje, it earbetoan oan taalkundich en kultureel ferskaat, it lykwichtich omgean mei talen yn in ynternasjonaal projekt en in fernijende kommunikaasjestrategy.

It TOSTA-projekt is ien fan de grutste projekten fan San Sebastian as Kulturele Haadstêd 2016 wêrby’t it fieren fan it taalferskaat en de kulturele diversiteit foarop stean. Mear ynformaasje oer it TOSTA-projekt op www.tosta2016.eu en fia mail info@tosta2016.eu.

Het bericht San Sebastian siket Fryske keunstner verscheen eerst op de Moanne.

Ofstân nimme mar net ôfstannelik 

$
0
0

SJOERD BOTTEMA – 

Henk van der Veer skriuwt yn trije talen: Snitsers, Frysk en Nederlânsk. It Snitsers is de taal fan syn hert. “Als ik emotioneel word, ga ik over in het Snekers.” It Frysk hat er oanleard. “Fries is voor mij een werktaal, die ik op school gebruik en tijdens het interviewen van schippers en plattelanders.” It Nederlânsk is foar him de ôfstannelikste taal. “Als ik ergens boven wil staan, dan ga ik over in het Nederlands.”

 

Hjir en dêr rint it dus út ‘e hân, mar dy net te stuitsjen oerdwealskens hat ek wol wat sympatyks en jout it boek fleur en faasje nettsjinsteande de soms (letterlik) pynlike, benearjende en tryste sitewaasjes.

 

Blauwe engel over mijn borst is skreaun yn it Nederlânsk, dus we meie oannimme dat Henk van der Veer dêrmei ôfstân nimme woe fan wat him yn de ôfrûne jierren oerkommen is: in bypass-operaasje en dêrnei de revalidaasje en de re-yntegraasjeproseduere op syn wurk. Ferfelende en yngripende foarfallen yn syn libben dy’t er fan him ôfskriuwe woe. Ofstân nimme, mar dat wol net sizze dat de toan fan it boek ôfstannelik is, krekt oarsom, Henk uteret him graach yn superlativen, brûkt gauris de ‘overtreffende trap’ en struit royaal mei útroptekens. Bytiden leit er it der wol ris wat te dik op. As der bygelyks ien laket, dan skuort dy him meastal de bûsen út: “Hij schatert het uit en de tranen biggelen over zijn wangen van het lachen.” Soms hat dat útfergrutsjen in omkeard effekt: “(ze) laat haar tranen de vrije loop. Liters! Spontaan beginnen de andere aanwezige vrouwen ook te snikken.” De oerdriuwing docht ôfbrek oan it gefoel dat de skriuwer oerbringe wol: hoe oandien as syn dochter wie, doe’t er foar it earst wer by har yn ‘e winkel kaam.

Hoewol’t de skriuwer fynt dat men flyt dwaan moat op jins taal – “Als je een taal spreekt, moet je in ieder geval proberen dat zo goed mogelijk te doen.” – giet er dêr sels wolris wat ûnberet mei om: “Het is sinds twee jaar dat ik onbewust in mijn onderbewuste constant met mijn eigen lijf bezig ben.” Onbewust in mijn onderbewuste? Dat is raar dûbeldop. Boppedat kin in minske net witte wêr’t er ûnbewust mei dwaande is, Henk van der Veer ek net.

Hjir en dêr rint it dus út ‘e hân, mar dy net te stuitsjen oerdwealskens hat ek wol wat sympatyks en jout it boek fleur en faasje nettsjinsteande de soms (letterlik) pynlike, benearjende en tryste sitewaasjes. Yn it lêste part fan it boek, as Henk te meitsjen krijt mei in yngripende reorganisaasje op syn wurk en in muoisum en net altyd botte relevant re-yntegraasjetrajekt, slacht de toan om en wurdt skerper en agressiver.

Yn earste ynstânsje wurdt der net botte adekwaat reagearre as Henk nei de dokter bellet mei in knipende, sangerjende pine op syn boarst dy’t hyltyd heftiger wurdt. “Het is net alsof de Blauwe Engel, een trein uit mijn jongensjaren, over mijn borst dendert.” Dokter kin net komme, Henk moat sels mar sjen dat er de praktyk hellet. Mar as er dêr oanbelâne is, komt de medyske masjinery daliks op gong en krijt er alle tiid en oandacht. Henk fertelt entûsjast oer syn wurk, ûnderwizer yn it spesjaal ûnderwiis. Hy draacht syn learlingen in waarm hert ta. Yn de revalidaasjeperioade ûndergiet er tankber de oandacht en stipe fan famylje en freonen.

Tefolle superlativen en útroptekens? Steurende flaters? Ach wat, een kniesoor die daarop let. Henk van der Veer is no ienris in flotte prater en dan moat men wolris wat oersljochtsje. Blauwe engel over mijn borst is yn ’t foarste plak in meinimmend ferhaal. Benammen it lêste part, oer de re-yntegraasje op it wurk, is fermaaklik. Hoe tryst ek, de skriuwer kin der (grimmitich) om laitsje en nimt de lêzer dêryn mei.

 

Henk van der Veer ‘Blauwe engel over mijn borst’ Uitgeverij Louise, Grou 2015. €15,00

Het bericht Ofstân nimme mar net ôfstannelik  verscheen eerst op de Moanne.

Spinroc

$
0
0

JOSSE DE HAAN – 

 

Guus Middag, ‘Met een bevroren jas en een geleend tientje’

Herinneringen van Thérèse Cornips, Van Oorschot (2015), 232 siden

 

Sûnt in jier bin ik dwaande mei in roman dy’t foar in part yn Bergen (NH) spilet – wurktitel In winter oan see mei Colleen (frij nei A. Roland Holst syn bondel Een winter aan zee – 1937). Dichters, skriuwers, skilders, groepys en oar literêr folk fleane oer de siden fan de roman.

Yn dat boek (autofiksje) spilet Chris van Geel in bysûndere rol, èn de oersetster Thérèse Cornips. Sij kaam yn 1952 by de dichter Chris van Geel yn Groet en besleat dêr te bliuwen. Se wie 26, hy 35. Yn de bondel Spinroc en andere verzen (1958) spilet Cornips = Spinroc in haadrol. My fassinearre dat daalk – de muze Spinroc dy’t yn in bondel foarkomt. En dan ferskynt der yn april l.l. in boek oer dat frommeske dêr’t se fertelt oer har libben (se is no 89).

Chris van Geel hat my fanôf syn earste bondel yn ’58 fassinearre. Net allinne syn fersen, mar ek syn surrealistyske objekten en tekeninkjes/kollaazjes (dikdoeners) sprutsen my oan. Hy hat publisearre yn WO-II yn De Schone Zakdoek fan Theo van Baaren en Gertrude Pape – in surrealistysk blêd foar in grut part.

Ik wist dat Spinroc omdraaid de namme fan Therèse Cornips wie, mar mear ek net. It klonk magysk en geheimsinnich yn myn earen, ek surrealistysk, ferwizend nei ûnbewuste wrâlden. Doe’t ik yn Schagen wurke en wenne haw ik in soad omslein yn Groet, Camperduin, Bergen en omkriten. Dy wrâld ynspirearre my. Nescio, Roland Holst, Lucebert en en Van Geel wennen dêre.

De essayist/kritikus Guus Middag hat yn 1993 it Sammele wurk fan Chris van Geel besoarge. No hat er nei in 25 praatsessys mei Thérèse Cornips – foar in grut part oer har libben mei Van Geel fan 1952 oant 1962 – in boek mei herinneringen fan Cornips skreaun. Ik hie al in wat ‘fantastysk’ byld fan dizze frou dy’t it tsien jier úthâlde yn de earmoedige sitewaasje fan Van Geel yn Groet. Dat moast óf in grutte leafde west hawwe, óf in fassinaasje foar de letteren, óf beide. Dat lêste hat it gefal west. Spinroc (soms mei in k) is yndied ien fan de seldsume froulju dy’t folslein frij yn de wrâld stean, op in natuerlike wize leaf hawwe, dat allegearre ferbine mei de poëzy en dêrtroch út, mei en yn literêre taal besteane.

Guus Middag hat in delslach fan Cornips’ leafdes en libben skreaun, sa’t Chris van Geel mei de bondel Spinroc syn ferslach fan in leafde mei Thérèse skreaun hat. Middag fertelt de ferhalen fan Cornips op in wize dat dizze frou de ferpersoanliking wurdt fan in tiidperk, mei de klam op de literatuer – orizjineel wurk en oersetten.

Thérèse Cornips hat jierrenlang oersetster west fan wichtige skriuwers, neidat se tsien jier lang Van Geel holpen hie mei syn fersen en de fariaasjes fan dy fersen. Ik tink dat je mei rjocht en reden sizze kinne dat Thérèse Cornips mei har prachtige oersettings fan bgl. Leduc, Capote, Clézio, Duras, Bataille en benammen fan Proust, én mei har literêre leafdes, in echte Femme de Lettres is (hjir posityf bedoeld).

Thérèse Cornips hat gjin maklik libben hân, mar wol in fassinearjend libben yn en mei de literatuer. Michaël Zeeman skreau oer in Proust-oersetting: ‘Het is opnieuw taalles krijgen, omdat het Nederlands een nieuw aanzien krijgt door haar vertaling’.

As je fan literatuer hâlde, fan oersettings én fan literatuermuzen dy’t wat oandoare, dan is dit boek in must. Roland Holst skreau Een winter aan zee, Chris van Geel makke ûndersteand fers oer en foar Thérèse:

 

DAME AAN ZEE

Zij doet haar borsten uit haar bloes,

de een en twee.

Zij liggen nu als los op haar geklede lijf.

Een zonechtpaar.

De tepel als een anjer,

de zogenaamde roos.

Haar voeten spelen met elkaar,

rusten in het zand.

De zee is niet groen, niet grijs

(út: Spinroc,1958)

Het bericht Spinroc verscheen eerst op de Moanne.


Tûmba or not Tûmba

$
0
0

Achte frou Ottjes,

Wylst de studio fan Omrop Fryslân stadichoan it oansjoch krijt fan in distribúsjesintrum yn oarlochstiid, sjoch ik oeral om my hinne – it is allegear prachtich te folgjen op radio en televyzje – bliere gesichten. Grutske presintatoaren, opteine frijwilligers en stoere besoargers. Allegear fiele se har goed by de nommele bydrage dy’t se leverje oan it wolwêzen fan de minsken dy’t it minder hawwe.

Soms moat ik eefkes yn gefjocht mei myn eigen synisme. Is it net wat maklik, om sa flak foar de fette krystdagen noch hurd eefkes ús gewisse op te fluffen mei in ekstra pot blikbeantsjes en in pak droege rys? Is it net wat goedkeap, om as omrop de minsken oan jo te binen oer de holle fan earmelju? Is it net wat egoïstysk om de help te beheinen ta it behoeftige folk út eigen regio?

 

Net oardiele, mar nijsgjirrich wêze nei it frjemde. Net ôfslute, mar iepenstelle. Net nei it gefaar fan oaren sjen, mar nei de bydrage dy’tst sels leverje kinst. Dat moat.

 

Mar nee, synisme sil it net winne fan my. It is prachtich dat der sa manmachtich fuortjûn en ynsammele wurdt foar minsken dy’t it goed brûke kinne. Prima, moai, klear, punt. Bliid dat der safolle goeie minsken binne. Dat luchtet op, want dat gefoel wie’k wat kwytrekke, de ôfrûne dagen. Ik hearde de oanstjitlike útspraken fan FNP en Gemeentebelangen Achtkarspelen om ‘it folk earst rieplachtsje te wollen’ oer de komst fan in AZC yn dy gemeente. Dat betsjut: ‘We wolle dy bûtenlanners hjir net, mar wy litte it in oar lekker sizze’.

Op twitter die ik eefkes in hashtagje #rijksmuseum, nei it moedige beslút om it museum te suverjen fan stigmatisearjende wurden as ‘neger’ en ‘hottentot’. Binnen fiif minuten hie’k hûndert reaksjes garre dy’t der allegear op delkamen dat we tsjintwurdich ek neat mear sizze meie omdat dy bûtenlanners sokke lange teannen hawwe. En dat wie noch mar in pear dagen neidat Sylvana Simons op televyzje yn in glêsheldere en waarme rede útlei wêrom’t Swarte Piet wól kwetsend is foar in soad minsken – sy waard dêrnei op social media yn de meast rassistyske en seksistyske bewurdings ôfslachte. Gelokkich die eurocommissaris Frans Timmermans fannewike in prachtige oprop om ús iepen te stellen foar it frjemde, oft dat no keunstners of flechtlingen binne. It ûnbekende is de soerstof dêr’t ús flam op baarnt, sa fertelde Timmermans mei fjoer. Hún en spot wienen syn diel. En ik hong ferslein yn ‘e touwen.

As lêste rêdmiddel om wer op ‘e lapen te kommen strúnde ik eefkes oer de webside fan Tûmba. Der is yn elts gefal noch ien organisaasje dy’t him ynspanne wol foar ferdraachsumens, ferbining mei oare kultueren en in iepen blik op de wrâld. En hoe hurder koartsichtige riedsleden roppe dat jim subsydzje ynlutsen wurde moat omdat jim te min rekken hâlde mei de miening fan de mearderheid, hoe sterker jim besteansrjocht oantoand wurdt.

Mar, ‘Tûmba’… ik fyn it in namme fan niks. It skynt ien of oare Karibyske dûns te wêzen ofsa. Sil bêst, mar dat rykt my fierstentefolle nei Max Havelaarkofje en Wereldwinkelwaaiers. Linksgrifformearde hobby’s foar idealistyske babyboompensionado’s. In namme dy’t net rekket oan wat wy nedich ha yn dizze tiid, wêryn’t we it leafst in hikke om ús lân hinne sette, om ús tradysjes hinne, om ússels hinne. Want we binne bang wurden. Fannewike waard it ús wer ferteld troch it Centraal Planbureau: we binne gelokkich, mar hawwe eangst foar de takomst. Foar it ûnbekende.

We binne op ‘e doele as maatskippij. Neidat we al yn de foarige iuw de tsjerke ôfskreaun ha, sûnt Fortuyn de polityk fan aureool ûntdien ha, en dêrnei noch sjoernalisten, ûndernimmers, keunstners, rjochtspraak, bankiers en soarch- en alle oare soarten bestjoerders ôfservearre ha, ha we gjin paadwizers mear en doarmje we mei de eagen ticht troch in tsjustere nacht. Sa fielt it. En dat makket bang en ûnwis. En ûnwisse minsken slute har ôf foar it ûnbekende en klampe har krampeftich fêst oan besteande tradysjes en gebrûken. Wurde synysk.

En tsjin synisme bestiet mar ien medisyn: in iepen hâlding. Net oardiele, mar nijsgjirrich wêze nei it frjemde. Net ôfslute, mar iepenstelle. Net nei it gefaar fan oaren sjen, mar nei de bydrage dy’tst sels leverje kinst. Dat moat. Júst no, oars dûke we it swarte gat yn mei syn allen. Of sa’t Frans Timmermans seit: it is derop of derûnder foar de Europeeske kultuer.

Jim taak en belang is dus grutter as ea. Sûnder liedsmannen, religieus of profaan, binne jim de herdershûn dy’t de skiep yn de kuten byt as de kudde de ferkearde kant út rint. Mar dan moatte jim gau in oare namme ha. Net ien dy’t referearret oan in fiere wrâld en faach idealisme, mar ien dy’t ús hjir en no by de strôt krijt. Dy’t ús hjir en no oan it wurk set. Sadat we allegear yn de gaten krije dat it oan ússels is hoe’t wy de maatskippij hjir ynrjochtsje wolle.

Yntusken bouwe se by de Omrop steech fierder oan it kastiel fan doazen. It sil grif helpe. En salang’t jim dizze namme noch ha, kinne we ús allegear by it ynpakken fan de voedselpakketten de fraach stelle: Tûmba or not Tûmba. That’s the question.

 

Bart Kingma

Het bericht Tûmba or not Tûmba verscheen eerst op de Moanne.

Wij … jullie …

$
0
0

ELSKE SCHOTANUS – 

Ek ik haw it lykas safolle oaren oait foar de Nederlânske list lêzen, want it is sa’n lekker tin boekje, de yn 1948 ferskynde debútroman fan Hella S. Haasse oer de freonskip tusken in Nederlânske jonge, soan fan de administrateur fan in teeplantage en Oeroeg, it âldste jonkje fan harren Javaanske tsjinstfaam. De toanielbewurking – boartlik en muzikaal en yn in eigentiids jaske – makket dúdlik hoe aktueel de tematyk fan it boek, dat yn it Nederlânsk-Ynje fan de jierren tritich en fjirtich spilet, noch altiten is.

De beide spilers spylje elk net sasear in rol, mar fertelle tegearre in ferhaal. It spilet tsjin it achtergrûndekôr fan in breed, healrûn skerm dêr’t, as de foarstelling útein set, in enoarme rôffûgel op oanfleanen komt, dy’t, tegearre mei it byljen fan akteur Leopold Witte en akteur/muzikant/komponist Helge Slikker, de natoer en de mystyk ferbyldet fan it lân dêr’t de ik-figuer hikke en tein is. ‘Oeroeg was mijn vriend’, sa seit de ferneamde begjinrigel fan it boek en mei dy wurden begjint ek de teatermonolooch. In monolooch, want al spilet Helge Slikker, meast yn losse opmerkings de rol fan Oeroeg, is er de haadpersoan syn heit of oare persoanaazjes, it giet benammen om de rekonstruksje fan in freonskip ferteld út it perspektyf fan de haadpersoan wei.

Hy en Oeroeg groeie tegearre op. Jilde foar bern kultuerferskillen net, spylje status of komôf gjin inkelde rol, neigeraden de jonges âlder wurde, wurde sy har dêr stadichoan fan bewust. Dat jildt benammen foar Oeroeg dy’t yn de underdogposysje sit. De haadpersoan wit wol fan de ferskillen, mar al heart er syn âlden oer dy ‘inlandse jongen’ praten, hy beseft dy amper. ‘Oeroeg was mijn vriend’.

Op in libbengrut skerm is de driging fan kolkjend wetter te sjen, in foarútwizing nei de kaaisêne wêryn’t de administrateur en syn gasten yn in marke yn de buert swimme sille. Deppo, Oeroeg syn heit, wurdt ynskeakele om it selskip nei de midden fan de mar te bringen. Nei Deppo syn warskôging dat it bamboeflot fermôge is, wurdt, superieur men har fielt, net harke. As it flot út elkoar falt en de haadpersoan driget te fersûpen, is it Deppo dy’t it jonkje boppe wetter hellet, mar de rêding kostet himsels it libben. En dat hat as gefolch dat, mei it ferlies fan de kostwinner, de Javaanske húshâlding yn ’e bedelte rekket.

Dochs kin de flugge en linige Oeroeg, in goede tekener en yn it besit fan in goed stel harsens, mei tank oan in mesenas, in oplieding as arts dwaan. Poer is de haadpersoan as hy, nei syn HBS-jierren as ‘Europeaan’ achte wurdt yn Nederlân in stúdzje te folgjen. Hy is ommers thús yn Ynje en Oeroeg is, sjoen de ferhâlding mei de âlden, alles wat er hat. Al is de ôfstân tusken beide jonges stadich grutter en grutter wurden, de oarsaken dêrfan hâldt er him net mei dwaande, sterker noch: hy beseft se net iens. It is Oeroeg dy’t oer ‘wij’ en ‘jullie’ praat.

Nei acht jier komt er, ôfstudearre as yngenieur, werom. De Twadde Wrâldkriich is foarby en Japan hat kapitulearre. It binne de bylden op it skerm dy’t nei de skiednis ferwize: soldaten, stêden, liken, alderhande groepsportretten, alles fanút it perspektyf fan de Yndyske befolking dy’t de Nederlânske oerhearsking net langer akseptearret. It binne de jierren van de politionele aksjes en Oeroeg komt, polityk bewust as er yn de rin fan de jierren wurden is, as frijheidsstrider foar de haadpersoan oer te stean. Dy komt werom nei it lân dêr’t er him thús fielt, nei syn bertestreek op syk nei de jonge dêr’t er mei grutbrocht is, de freon dêr’t er fan hâldt. ‘Ga weg’, seit Oeroeg as de beide elkoar, by de mar dêr’t Deppo omkaam is, moetsje.

Der sit muzyk yn de foarstelling, dan wer dy fan de singer-songwriter Helge Slikker, dan wer dy fan de rockartyst mei deselde namme, dan wer binne der lûden dy’t in sfear werjouwe. Yn in fraachpetear seit er: ‘(…) de taal van Haasse is zo beeldend en zintuiglijk, je proeft Indonesië bijna. Als ik daar gamelan bij ga spelen, verf ik rode rozen rood. Dat zou zonde zijn. Ik probeer ándere dingen te vertellen met de muziek.’ Dat mei sa wêze en gamelan soe yn dizzen yndie klisjee wêze, mar, wat ál dien is wringt út en troch likegoed. Net om de kwaliteit, Helge Slikker is in baas muzikant en hat in goed sjonglûd, mar, as it om inkelde fan dizze songs giet dêr’t er himsels op ’e gitaar by begeliedt, passe se net, dizze Ingelsktalige teksten, net by it tiidrek – de jierren tritich en fjirtich – en net by de setting, Nederlânsk-Ynje.

Krijt de haadpersoan nearne in namme en is Oeroeg gjin besteande namme, it wurd is net sûnder betsjutting. De skriuwster skynt dêr ris oer sein te hawwen dat sy it earne oppikt hat, sûnder har fan in betsjutting bewust te wêzen. Pas folle letter, troch in brief, waard dy har dúdlik: Oeroeg betsjut ierdferskowing. En dat is dy fan de tinkwrâld van it naïve bern dat gjin ferskil tusken minsken sjocht nei dy fan de pine fan de folwoeksene dy’t it net langer slagget en oerbrêgje de kleau tusken kulturen en sosjale klassen.

 

Oeroeg, de Harmonie Ljouwert, 10 desimber 2015

Het bericht Wij … jullie … verscheen eerst op de Moanne.

In libben fan kleur en ienfâld

$
0
0

RYNK BOSMA – 

“Wie hy noch mar fyftich jier, dan hienen wy gjin probleem”, sa suchte Klaas van der Sluis as trou lid fan it Lemster Mannenkoor en ek koördinator fan de tarieding en logistyk fan it koar. Dy opmerking wie eins in earbetoan oan dirigint Harm van der Meer fan it Lemster Mannenkoor dy’t nei fjirtich jier der mei ophâldt. Syn lêste optreden sil wêze op it grutte krystkonsert op 19 desimber yn sporthal Hege Fonnen yn Lemmer.

It libben fan de no 75-jierrige Van der Meer is beitele yn ienfâld en dêr kinne je de kleuren fan de muzyk oan taheakje. It sil dêrom op dat konsert benammen draaie om de ivige noaten fan bygelyks Johann Sebastian Bach en oare krystmuzyk. It soe net passe by Van der Meer as alles om him draaie soe, want it is benammen in jûn fol muzyk. Sa is it ek mei dy foarbije fjirtich jier by it Lemster Mannenkoor gien en dat lit him eins net yn wurden fange. In tiid fan twa helten, de earste tiid wie fan desimber 1966 oant juny 1975. Tsien jier letter, yn desimber 1985, begûn Van der Meer oan de twadde helte. “It is as mei de leafde, je witte wol wat it is, mar eins is it net te beskriuwen.”

 

“Moatst wurk sykje, mei muzyk fertsjinnest neat.”

 

Van der Meer is hikke en tein yn Bantegea en it gesin fan Wytze van der Meer en Rinskje van der Meer-Snijder wie in muzikale famylje. Rom hienen se it allegearre net, mar Van der Meer wol net fan earmoede sprekke, it wie earder krap. “It keakeljen fan de kiepen wie as muzyk foar ús as bern, dat betsjutte dat der in aai op bôle lei en dat wie al hiel wat.” Mar dochs: “Ik ha in ryk libben hân ek al wie it gjin rykdom yn in oare betsjutting.”

Ek de kar fan Van der Meer om yn de muzyk troch te gean wie yn dy tiid net in takomst fan ‘gouden bergen’. “Moatst wurk sykje, mei muzyk fertsjinnest neat”, sa krige hy geregeldwei te hearren. It wie ek net de maklikste wei want dy kar foar muzyk makke it libben der betiden ek wol iensum op. Op de feestlike dvd ‘It Lemster Mannenkoor sjongt thús’ fan 2005 nei oanlieding fan it fjirtichjierrige bestean fan it mannenkoar seit Van der Meer: “Ik koe froeger mei gjinien oer muzyk prate, as je fan klassyk hâlde dan wienen je al gau ‘apart’. Ik ha net altiten even lokkich west, ik moast it allinne dwaan. Ik fielde my betiden in pionier, dêr ha’k wol trochsetten fan leard.”

Gelokkich kaam muzykpedagooch en dirigint Piebe Bakker yn syn libben en hy wie in stipe foar Van der Meer om troch te gean op it muzikale paad. Hy gie nei it konservatoarium yn Swol en dêrnei noch in pear jier nei Ljouwert. Piano, euphonium, tuba en oargel wienen syn byfakken, mar it hert lei by it dirigearen. “It moaiste fûn ik dirigearen en ik ha ek in soad mei Bakker op stap west nei konkoersen, ûnder oare yn it Kurhaus yn Skeveningen.”

Dy kar hat úteinlik de júste west, sa fynt Van der Meer. It paste him as in jas útfierd yn de kleuren fan it lânskip fan Fryslân. Dat alles prachtich yn byld brocht op de dvd as it Lemster Mannenkoar oer de seedyk komt, Van der Meer net foarop mar tusken de koarleden yn, om de earste noaten fan it tapaslike Heitelân yn te setten, it moaiste momint foar Van der Meer. “Ik ha oeral sitten yn Fryslân en nea fûn dat it wurk wie. De loften, it wetter, de minsken, alles is hjir, it is myn heitelân wêr’t ik my thús fiel.”

Lesjaan oan skoallen en muzykskoallen, it hearde der allegearre by, mar der is ien ding dat der útspringt en dat is de omgong mei minsken, publyk en koarleden. “Ik ha wat mei it publyk, ik fyn de reaksjes geweldich. Der wurdt wol fan my sein ‘Dit is dy dirigint dy’t ek wolris nei de minsken sjocht’. Ik kin my ek yniens omdraaie en in ferhaaltsje fertelle mei in ‘kwinkslag’. Sjoch eins is it liet dan al begûn foardat it ynsetten is.” Dat jildt ek foar de ferhâlding dirigint en koar. “It kacheltsje moat begjinne te brânen, it moat net te saaklik wurde.” Dy bân wurdt sichtber as der koarleden ferstjerre. “It minste wat fan my ferwachte wurde kin, is dat ik in oerke frij meitsje foar de lêste ear, foar minsken dy’t tidens har libben sa folle noaten foar my songen ha.”

It offisjele ôfskie is op 16 jannewaris yn de griffermearde tsjerke op de Lemmer, mar dat is allinne tagonklik foar útnoege minsken. Van der Meer bliuwt noch wol warber by it ‘Vriendenkoor’ as dirigint yn Drylts, wêr’t hy tegearre mei syn frou Nadia Meerstra wennet. Ek bliuwt hy noch warber by Mannenkoor Westerlauwers fan Bûtenpost. Mar op de Lemmer sille it oare jûnen wurde as Van der Meer aansens der net mear by is. Hy sil it misse: “Want as je earne lang binne dan smede je wat foar it libben, ek yn mindere tiden.”

 

Het bericht In libben fan kleur en ienfâld verscheen eerst op de Moanne.

Fan keunst nei kitsch en oarsom: it wurk fan Alma Tadema

$
0
0

EELTSJE HETTINGA – 

Oare jier oktober komt it Fries Museum mei in blockbuster-eksposysje oer de Nederlânsk-Britske skilder Sir Lawrence Alma Tadema (1836-1912). Op it hichtepunt fan syn loopbaan rûn syn rom fan Moskou oant New York, mar nei syn dea kaam de yn Dronryp berne skilder ûnder mear bekend te stean as ‘de slechtste schilder van de 19de eeuw’. Sawol yn Nederlân as yn Fryslân hat it koel klassisistyske wurk fan Alma Tadema noait net folle oanklang hân.

It Fries Museum, dat yn ús lân de grutste Alma Tadema-kolleksje hat, set heech op by de útstalling yn 2016. Begjin dit jier noch waard it skilderij Entrance to a Roman Theatre oankocht, in doek dêr’t 1,6 miljoen euro foar delteld waard. Under mear dit betide, út 1866 datearjende skilderij, dat sjoen wurdt as ien fan de kaaistikken yn it oeuvre fan Alma Tadema, moat de blockbuster-eksposysje ynternasjonaal wjukken jaan.


Sir Lawrence
‘De expositie bezegelt het eerherstel van de kunstenaar Alma Tadema in zijn geboortegewest,’ skriuwt Wio Joustra yn Kunst kleurt het leven: leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema, wêryn’t in sjoernalistike syktocht ûndernommen wurdt nei de fraach hoe’t it sa koe dat de oait wrâldferneamde keunstner Lourens Alma Tadema yn Nederlân, en benammen yn syn berteprovinsje, by libben eins net achtslaan waard en nei syn dea fierhinne yn it ferjitboek rekke. ‘Maar weinigen in Nederland weten wie Alma Tadema was.’

Joustra sketst in portret fan it libben en wurk fan de yn Dronryp berne notarissoan, dy’t op syn sechstjinde nei Flaanderen sette, dêr’t er oan de Koninklijke Academie (voor Schone Kunsten) yn Antwerpen syn oplieding as histoarjeskilder krige en dêr’t er him as learling fan de Flaamske taferiel- en kostúmskilder Louis de Taeye, teffens archeolooch, útlei op it skilderjen fan tafrielen út de Romeinske Aldheid.

Fia Antwerpen en Brussel bedarre de skilder yn Londen dêr’t er om 1870 hinne dé grutte jonge fan it Fiktoriaanske epoch wurdt. Twa jier nei it ferstjerren fan syn earste frou yn Brussel troude er opnij, diskear mei ien fan syn learlingen, in dochter fan in dokter út Londen. Hy skopte it ta lid fan de Royal Academy of Arts. De Queen herself – Victoria – sloech him ta ridder. Lourens waard Sir Lawrence, lid fan de Britske adelstân. By syn ferstjerren waard er byset yn St. Paul’s Cathedral yn de binnenstêd fan ‘the City’.

Der binne mindere loopbanen te betinken. En dan te witten dat de krekt útein settende keunstner oait wegere waard troch de keunstakademys yn Den Haach en Amsterdam. Ek al hie er op syn fiifentweintichste al de earepenning fan de stêd Amsterdam yn ’e bûs, de ôfwizing troch de beide akademy’s soe neffens Joustra mei in reden west hawwe foar ‘de moeizame relatie die hij de rest van zijn leven met zijn vaderland onderhoudt.’


‘Opportunistisch’
Alma Tadema wie in ambachtlik en technysk betûft skilder, in keunstner mei in rücksichtloze ambysje ek. Tekenjend is datoangeande it ferhaal oer de list wêrmei’t er as jonge, ûnbekende skilder de Belgyske keunsthanneler Ernest Gambart, healwei de 19de iuw de keizer fan de Europeeske keunstmerk, nei syn atelier yn Antwerpen wist te troaikjen.

‘Een vriend van hem geeft op een dag de koetsier van Gambart, die op weg is naar iemand anders, het verkeerde adres, namelijk dat van Alma Tadema. Dit blijkt een vruchtbare en lucratieve ontmoeting te worden. Gambart is onder de indruk van wat hij ziet, neemt hem onder contract en bestelt onmiddellijk 24 schilderijen voor de gewillige markt in Engeland.’ Om mear en better te profitearjen te kinnen fan de ynfloedrike Gambart ferhuze Alma Tadema, ‘opportunistisch als hij was’, nei Brussel.

Troch Gambart syn konneksjes kaam de keunstner yn Londen telâne. Ingelân gong it yn dy dagen, de twadde helte fan de 19de iuw, foar de wyn. It Britske Gemene Best belibbe syn heechtijdagen. It wie de tiid fan de grutte Foarútgong. Troch de ferkeap fan syn romantysk-klassike skilderijen rekke Alma Tadema yn goede dwaan. Hy joech de Ingelske aristokrasy en hegere boargerij ‘de ongestoord, idyllische droom- en schijnwereld die aan hun diepste gevoelens en angsten appeleert, in de geïdealiseerde gestalte van het oude Rome.’

Yn Amearika wie it William Henry Vander Bildt, destiids de rykste man yn ’e wrâld, dy’t de dreamfabriken fan Alma Tadema oankocht. Sels de tsaar fan Ruslân, op besite yn Londen, gie mei in ‘Alma Tademaatsje’ werom nei Moskou. Oer de ferhâlding fan de keunstner as artyst en sakeman sei Alma Tadema oait: ‘Zodra het [werk, e.h.] af is, ben ik geen kunstenaar meer. Dan ben ik handelaar.’


Dekadint
It wie alles lúkse en dekadinsje wat de klok sloech by de aristokrasy in the City, it hert fan Londen dêr’t de societyskilder himsels in kanjer fan in Romeinske villa sette litten hie. ‘Verkleedpartijen zijn in het decadente Victoriaanse tijdperk in de mode. Alma Tadema doet niets liever dan zich in fancy dress hullen en het allerliefst gaat hij (…) gekleed als Romeinse keizer.’

Dat Alma Tadema mei syn joie de vivre fier bûten de werklikheid stie fan bygelyks de miljoenen yn fabriken en koaleminen omearmoedzende bern en arbeiders, sa’t Charles Dickens harren beskreaun hie yn syn roman Great Expectations, hoecht gjin betooch. Foar dizze legere klassen jilde yn alle gefallen net de liifspreuk fan Alma Tadema: ‘As the sun coulours flowers, so art colours life.’

Oan it begjin fan de 20ste iuw begûn de keunstner syn ympearium te wankeljen. Nei syn ferstjerren wie it winliken staf-oer-nacht út mei syn idyllyske dream- en skynwrâld. De earste wrâldoarloch stie foar de doar. Hoe hurd de skilder syn rom ferrûn, lit Joustra sjen oan de prizen dy’t der foar syn wurk betelle waard. Yn 1874 telde men foar De Romeinse schilderijengalerij 100.000 gûne del. Trije dagen nei syn dea brocht datselde wurk net mear op as 15.000 gûne, wylst der yn 1931 net mear as 6000 gûne yn siet.

 

Delgong
Sa’t ek wol út Kunst kleur het leven dúdlik wurdt, ûntjoech him de opgong fan it modernisme yn de skilderkeunst, dat healwei de 19de iuw begûn mei de skilders fan Barbizon, sa’n bytsje omkeard evenredich oan de delgong fan de tradisjonele, klassisistyske keunst lykas dy fan Alma Tadema. Opkommende skilders lykas Vincent Van Gogh of Edvard Munch foarmen, bohémien as hja wienen, oer alle boegen it tsjindiel fan de dekadinte bourgousiekeunstner Alma Tadema.

De ‘Romeinske pottenbakker Alma Tadema’, sa’t skriuwer Lodewijk van Deyssel de skilder oait gâns spottend leechlein hie, rekke geandewei de 20ste iuw yn it ferjitboek. Net allinne yn Nederlân, mar ek yn Fryslân. ‘De bescheiden plaats die Alma Tadema yn de psyche van de Friezen inneemt, typeert de wijze waarop in de vorige eeuw tegen de verloren zoon en zijn ‘burgermanskunst’ wordt aangekeken.’

Om dy bewearing grûn te jaan, hellet Joustra in kritysk en in foar Alma Tadema wakker negatyf útfallend artikel fan ds. J.J. Kalma oan. It komt út Kalma syn searje Dat waren ook Friezen. It Frysk stelde artikel is, ynbegrepen in Nederlânske oersetting, yn syn hiele hear en fear oernommen. Dat in boek op dy manier gau omfang krijt, lit him riede, mar it doel fan dat ienige twatalige haadstik yn Kunst kleurt het leven bliuwt tsjuster.


‘Koektrommelschilder’
De ‘reade’ dominy J.J. Kalma wurdt fan moralisme betichte by syn stelling dat in keunstner dy’t ek sakeman is gjin goed keunstner wêze kin. Boppedat lit Joustra sjen dat Kalma syn negatyf oardiel oer Alma Tadema, dat net foar in lyts part bepaald wie troch de rook fan rykdom en dekadinsje dy’t der om de persoan Alma Tadema hinne hong, de befêstiging wie fan de lange tiid gongbere opfetting dat it wurk fan de skilder net mear wie as ‘de geparfumeerde zeep’ fan in ambachtlik betûfte ‘koektrommelschilder’.

Joustra rept yn syn boek fan ‘de ambivalente houding’ tusken Fryslân en de keunstner. Foar dy omskriuwing is wol wat te sizzen, al wie it mar omdat Alma Tadema by libben noait botte folle war dien hat foar in goede resepsje fan syn wurk yn Fryslân. De skriuwer wiist op it feit dat ‘als hij in 1903 beleefd wordt gevraagd om mee te werken aan de grote overzichtstentoonstelling Nederlandse Levende Meesters in het Fries Museum, hij botweg voor die eer bedankt.’

Yn de jierren tritich fan de foarige iuw skonk de yn Paris wenjende dochter fan Alma Tadema in part fan de neilittenskip fan har heit oan it Fries Genootschap. Notaris Nanne Ottema, de lettere konservator fan it Fries Musuem, die út namme fan dit selskip in pleit om de kolleksje ûnder te bringen by it Fries Museum yn Ljouwert, mar nettsjinsteande ‘het proza van Ottema dat bol staat van de bewondering voor den meester’ gong de deal net troch. ‘De schenking was ‘te min’ om in het Fries Museum te etaleren.’

Ek al wie de keunstner yn 1935 beneamd ta bûtengewoan lid fan it Fries Genootschap , de Paryske skinking dêr’t skilderijen as Gezicht in de kerk van San Clemente te Rome (1863) en Gezicht uit atelierraam (1872) by sieten, bedarre yn 1936, tegearre mei alderhande selsportretten, antikwiteiten en meubels, op in boppekeamerke yn Stania-State yn Oentsjerk, in dochter-ynstelling fan it Fries Museum, dêr’t it grutte publyk yn alle gefallen net op ôfkaam en dêr’t de saak stadichwei fertutearze.


Kletspraat
Yn de jierren santich fan de foarige iuw is der sprake fan in beskate herwurdearring fan Alma Tadema. Der is ûnder mear de grutte eksposysje yn 1974 yn it Princessehof yn Ljouwert. Joustra hellet in hiele trits oan ‘autoriteiten’ oan dy’t de rehabilitaasje mei kasjet jûn hawwe soene. Jack Nicholson, dy’t in pear Alma Tadema’s yn ’e hûs hat, komt foarby. De namme fan filmregisseur Stanley Kubrick falt. Gerrit Komrij wurdt nei foaren helle as dejinge dy’t ein foarige iuw dúdlik makke hat dat ‘Alma Tadema zwarte-piet af is, en een moderne curiositeit.’

Wio Joustra wol ha dat ‘de Friezen’ Alma Tadema net kenne of te min kenne omdat it om in keunstner giet en net om in topsporter as Sven Kramer of in Marco van Basten, waans mem út Fryslân kaam. Yn it foaropwurd fan Kunst kleurt het leven wurdt wakker beard fan Fryslân’s ‘rijke eigen literatuur en cultuur’, fan it wurd ‘mienskip’ en dat Ljouwert dêrtroch Kulturele Haadstêd fan Europa wurden is. It is de opmaat foar nochal wat kletspraat: ‘Dat, en nog veel meer maakt it bêste lân fan ierde, vooral in de ogen van de Friezen zelf, uniek en maakt iedere Fries ‘een van ons’.

De skriuwer is patetysk as er it hat oer ‘de verloren zoon in Friesland’ dy’t ‘ien fan ús’ is. Folkloristysk wurdt er dêr’t de lêzer alderhande stereotypen om ‘e earen kletst krijt. Sa hat Joustra it oer ‘de Friese eigenzinnigheid’ en ‘de Friese trots’ van de schilder of ‘de koppige en trotse Fries Alma Tadema staat de samenwerking niet toe.’ As alle súksessen yn Ingelân opneamd wurde, dan folgje ditsoarte dubieuze passaazjes: ‘Dat dit nagenoeg compleet aan Nederland en Friesland voorbij is gegaan heeft ongetwijfeld [sic, e.h.] ook te maken met de typisch Friese onhebbelijkheid dat provinciegenoten de kop niet te ver boven het maaiveld dienen uit te steken. Dan denken wij dat (…)’ Wij? Hokker wij?


Monografy
Of de blockbuster-tentoanstelling fan oare jier werklik ‘het eerherstel van de kunstenaar Alma Tadema in zijn geboortegewest’ besegelje sil, sa’t Wio Joustra hawwe wol, dat is de fraach. Yn de resepsje fan it wurk is der noch altiten in spultsje fan ‘you love it or hate it.’ Guon dogge it of as klearebare kitsch, oare neame it keunst mei in himelhege K. It hat yn alle gefallen gjin doel en set Sir Lawrence Alma Tadema njonken Rembrandt en Van Gogh as it om harren ferneamdens giet. Jouwe Rembrandt en Van Gogh op Google resp. 29.000 miljoen en 50.600 miljoen resultaten, Alma Tadema komt foarearst net fierder as 650.000 items.

It is spitich dat fan it op himsels flot ferteld sjoernalistike ferhaal oer Alma Tadema gjin monografy makke is, mei in krekte annotaasje. It hie de objektiviteit fan Kunst kleurt het leven: leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema te’n goede komme kinnen. It boek stiet no tefolle yn tsjinst fan in rehabilitaasje fan de skilder en keunstner, tagelyk ek ien fan de doelen dy’t it Fries Museum mei har ynternasjonale blockbuster neistribbet. Bytiden jout Joustra de yndruk dat syn skriuwen yn opdracht dien is fan dat Fries Museum, mar dat kin net sa wêze, oars hie it wol fermelde west yn it kolofon.

Wio Joustra, Kunst kleur het leven: Leven en werk van Sir Lawrence Alma Tadema, Bornmeer, De Gerdyk, 2015.

Amo te, ama me, by Lawrence Alma-Tadema

Amo te, ama me (1881)

Het bericht Fan keunst nei kitsch en oarsom: it wurk fan Alma Tadema verscheen eerst op de Moanne.

Hee hoo hee hoo

$
0
0

ARJAN HUT – 

Dyn lêste bondel ferskynde yn 1999. Hast gjin ferlet om in nijen gear te stallen? “Ja. Der is ek wol fraach nei, gek genôch, mar ik kom der mar net ta.” Sei Tsjisse Hettinga yn in ynterview op Doar.nl sa’n tsien jier lyn.

Fan’t simmer ferskynde einlings wer ris in nije bondel fan Tsjisse Hettema. Hoewol, bondel? It is in rige gedichten dy’t meimekoar noch gjin tweintich siden besette. De titel, lykwols, is lang genôch foar twa en dêrby tige sprekkend: “Hee hoo hee hoo, de leafde is as de mage fan in ko.”

 

“Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree.”

 

By guon dichters komt it as it komt en it wurk lit him net driuwe. “Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree”, fertelde Hettema my ris doe’t ik him trof op de Bûterhoeke yn Ljouwert. It begryp ‘bondeltsjediarree’ is my altiten bybleaun. Alle jierren in nije bondel, dat is faaks net hielendal fris.

Hettema nimt de tiid en de romte, lit it each weidzje en de taal sjocht mei him mei. It earste gedicht, in trijelûk, skildert in stel op in skip, mei romantyske, waarmbloedige rigels as ‘út it roefke reauntet ljocht / tsjin de kaaimuorre’ en ‘it roer driuwt / willich / op ‘e rein nei de wyn’.

It twadde fers, ek in triptyk, hjit ‘De See’ en yn it tredde trio stappe wy ‘Oan Lân’ en doarmje mei toeriste-eagen troch de haven. De titel ropt yn it ramt fan see en havens by my it mankelike lûd fan seemanslieten op.

In dichteresse dy’t ik in eksimplaar fan ‘Hee hoo’ joech, moast gychelje om de titel. Net allinne om de wurden sels, mar ek om it ritme, dêr’t men in bytsje seesiik fan wurdt. Fierder roppe rigels in sfear op dy’t weaget fan erotyk nei relaasjespanning en wer werom.

Yn ‘De See’ leit ‘in moai ovaal achterwurk’ op de baren en leit oan de ein ‘it moaie akkoard / lamslein tusken de snaren’. Somtiden komst wurden tsjin dy’t miskien wol net iens besteane (Ferloevje? Ferploffe? Fammensrakken?) of miskien steane se wol yn ien as oar poëtysk skippersalmanak.

“Kinne wy sa sile / mei de motor oan?”

Ut ‘e rakken fan it wibeljen op see komt men oan lân en dan hakt Hettema der as dichter efkes lekker ‘hardcore’ yn, troch sitaten út Aldfryske wetsteksten – De fiif kaaien fan de wysheid, dêr’t it wurd kaai (“sleutel”, mar ek “kade”) yn al syn betsjuttings skittert – te kombinearjen mei syn eigen wetten.

Nei it koarte slotfers ‘Hoe no fierder’ leit it paad der lykwols iensum hinne. Seesiik fan de leafde moat men dochs fierder. Of nochris werom nei it begjin? ‘Hee hoo hee hoo, de leafde is as de mage fan in ko’ is útbrocht by útjouwerij Frysk en Frij en kostet fiif euro.

 

Het bericht Hee hoo hee hoo verscheen eerst op de Moanne.

It plak fan Jaap Krol

$
0
0

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is in drokte fan belang yn Kwalitaria Walk Inn yn Drachten. Paul en ik sitte as twa ferdwaalde figuranten yn in set út in Fellinni film oan ús bakje kofje tusken bolderige en drokke bern die hjoed fierstente folle sûker yn it liif krije. Wanhopige âlders prebearje de bedoarne jeugd yn de stokken te hâlden. Wy sjogge dit tafereel swijend oan en wachtsje op Jaap Krol, de skriuwer fan bygelyks ‘Wettersek’, ‘Nûmers’, ‘M/F’ en ‘It Fûgelgebed’.

Jaap, wer steane we hjir?
“We binne hjir op it krúspunt fan de Leidyk en Raai yn de âlde nijbou fan Drachten.”

 

Ik fyn it in útdaging om grutte saken lyts te meitsjen. Dat hat alles te krijen mei dizze strjitte.

 

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
“Ik bin min ofte mear fiksearre troch dizze strjitte, alles giet hjir nei werom. Mei ‘alles’ bedoel ik ek alles. As ik my bygelyks in dekor fan in Amerikaanse roman foarstelle moat, dan is dat yn ’e fierte altyd in fariaasje op dizze strjitte. Wierskynlik komt it om’t ik op myn tredde ferhuze bin nei Beetstersweach. Dêrtroch koe ik dy earste trije jier goed konservearje. Hiel frjemd, mar it is net oars.”

Hokfoar muzyk hearst hjir?
“Ik hear hjir net echt muzyk. Wy hiene thús wol platen fan Louis van Dijk – dy’t him ek wol Louis van Dyke nimme liet – dy past hjir wol goed by. Mei syn pianotrio spile er de grutte ynternasjonale hits fan doe, lykas ‘Cent mille chansons’ en ‘The windmills of your mind’. Ien fan dyn platen hjit ‘Triologie’, wat fansels in hiel tapaslike titel is. Louis van Dijk makke eins kalvinistyske jazz: it wie net echt eksperiminteel of rûch en paste dêrom perfekt by de nije wolfeart – dy fan oranje teemûtsen, izeren brearoasters en designmeubels dêr’t je letter trochsakken. As ik hjir wol muzyk hearre soe, dan is dat it skraabjen fan de krekt roastere bôle.

Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ik fyn it in útdaging om grutte saken lyts te meitsjen. Dat hat alles te krijen mei dizze strjitte. Yn de nijbou gebeurde no ienris net sa’n soad: gjin earmoed of oarloch, alles oersichtlik en lyts. Wat der yn de wrâld te keap wie, waard meidield fia de telefyzje en fierder stie alles yn grutte fotoboeken – fan ‘De geschiedenis van de autobus’ oant ‘Mee met de KNZHRM’. It frjemde fan nijbou is fansels datst nergens hinne kinst. Wa’t lulk is, kin heechút in blokje om drave en wa’t emigrearje wol, komt net fier. Do wurdtst as in suertsje berne en dat bliuwst foar de rêst fan dyn libben. Ik bin my hiel bewust fan dizze status en hâld dêrom de romte altyd lyts.”

In grutte frachtwein riid ús hast fan de sokken. Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
“Ik soe wolle dat hjir wat minder ferkear wie. It is no fierstente te drok.” Jaap stoarret nei de grûn. “De strjitfluorring is net feroare. Doe’t ik lyts wie, wiene auto’s noch folle smoarger. Oeral leine grutte oaljeplakken op it asfalt. Ik miende altyd dat dêr dan ien oerriden wie, bygelyks de bakker mei syn bakbrommer. Hy brocht de bôle foar it brearoaster en hie syn jild yn in grutte tas. De buorlju fan doe wenje der no noch, dus ergens is der net sa hiel folle feroare. Ik surf trouwens ek wolris nei Funda om in hûs dat te keap stiet fan binnen te besjen.”

Wy nimme ôfskied, Jaap rint nei syn âlden en wy sette de auto yn de achterút en kinne mar krekt in botsing foarkomme mei in jonkje mei in klodder softiis yn it hier.

Het bericht It plak fan Jaap Krol verscheen eerst op de Moanne.

Tjibbe Hooghiemstra rjochtet him no foaral op fotografy

$
0
0

RYNK BOSMA – 

Leafst njoggen meter breed en sân meter heech is it keunstwurk fan Tjibbe Hooghiemstra dat hy makke hat foar de middenseal yn de fernijde Lawei yn Drachten. ‘Sterrenhemel in oktober’ sa is de namme fan it wurk dat neffens Hooghiemstra yn it YouTube-filmke dat der makke is, “Een groot raster is waarbij de sterrenbeelden zijn uitvergroot.” Hy hat it makke yn in ‘roes van strepen trekken’ en de wize fan wurkjen is in skaaimerk fan syn wize fan wurkjen: “Ik werk op de muziek van één cd die wekenlang wordt gedraaid. Wat ik maak zijn geen verkeersborden waarvan je direct ziet wat het is.”

Hooghiemstra neamt it in hiel stil byld dat de minsken oan it tinken set, ek al is it allinnich mar om út de Lawei wei dochs efkes nei boppe te sjen, nei de echte stjerren. Hooghiemstra is net in man dy’t lyts tinkt as je sjogge nei de tema’s yn syn wurk, ûnder oare de see, de stjerrehimel of de Oerknal.

Yn syn atelier yn Lieveren is alles strak ynrjochte, der is net in soad te sjen dat de tinzen ferdwale lit troch oerstallige dingen as boeken of cd’s. Hooghiemstra is in bytsje ferslaafd rekke oan de jazzmuzyk en wikenlang hat hy de klanken fan Miles Davis yn de earen. Bûtenút troch de grutte ruten in lânskip wêr’t beammen en griene greiden elkoar ôfwikselje, it liket de Trynwâlden hjir wol, soene je hast sizze.

Foar de yn 1957 yn Tytsjerk berne Hooghiemstra in fertroud lânskip dus. De lúkse fan no stiet fier ôf fan de tiid dat Hooghiemstra oan it Flokhernepaad yn Mûnein om húsmanne yn in wenning wêr’t neffens de wet it buordsje ‘Onbewoonbaar’ op stie. Ek yn jierren is it mei rom fjirtich gâns in skoft lyn. “Wy hienen noch in húsketonne en op sneons sutele ik foar Bakker Beetstra yn Hurdegaryp bôle út.” Troch de wike reizge Hooghiemstra fan 1976 ôf nei Grins, nei Minerva, de akademy foar byldende keunst.

Yn 1982 wie it klear by Minerva, Hooghiemstra hie doe in skoft nuvere baantsjes, konsjerzje by it Arbeidsbureau yn Ljouwert bygelyks, “Moarns tusken sân en njoggen oere moast ik de kofje klear ha en dat wie it, en fan tsien oere ôf oan it wurk yn myn atelier yn it suvelfabryk yn Gytsjerk.” Sa’n tritich jier hat Hooghiemstra syn atelier op de souder fan it fabryk oanhâlden. De tontsjes fan it Flokhernepaad waarden ferruile foar fiif jier wenjen yn de stêd Grins en ek de kofje en bôle fan Beetstra makken plak foar wurk by de Stichting Moderne Architectuur Friesland. “Dêr ha ik in soad leard wat ûntwerpen oanbelanget. Wy moasten ûnder oare boekjes útjaan en sels ûntwerpe. Nei twa jier koe ik selsstannich wurde mei ferkeap en opdrachten, ûnder oare foar in arbeidsburo yn Easterwâlde en in skoalle yn Winschoten.”

De lêste fiif jier stiet de fotografy sintraal by Hooghiemstra mei in haadrol foar de see yn al syn foarmen. “Dat hat my altiten yn de besnijing hân, yn 2010 ha ik myn master helle yn Gent en dêr krige ik de kâns om mei in skip troch it iis. Sjoch as jonkje al woe nei it Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge.” Hooghiemstra krige de kâns op in Dúts koopvaardijskip yn Emden om trije wike op reis te gean. “Ik hie echt myn plak op dat skip, ik wie de keunstner en ik trof it mei in aparte kapitein dy’t piano spile en ek sels tekene. Sa krigest mei de echte see te meitsjen. Net mei liende erfaringen wurkje is foar my wichtich. It Waad is neat foar my, in ‘modderpoel’ sûnder echte golven.”

Ek hat Hooghiemstra tegearre mei syn frou Hiltje van der Wal in hûske yn Zeeuws Vlaanderen, “Geregeldwei gean ik fia dat hûske nei Ierlân of Ingelân.” Sa hat it bedriuw Ahold twa foto’s fan oardel meter fan de Noardsee yn harren keunstkolleksje. “Ik meitsje ek foto’s fan ûnder oare tekeningen dy’t ik meitsje. Eins meitsje ik foto’s as skilderijen, dus gjin technise foto’s om it sa mar te sizzen.”

Oan omtinken hat Hooghiemstra gjin brek, foaral oer de grinzen fan Nederlân is syn wurk te sjen. Tokio, Belfast en Miami, neam mar op. “Sjoch ik bin ek al hiel lang dwaande en wurd folge troch bygelyks Akzo Nobel Chemicals en it Teylers Museum yn Haarlem. Dy ha al wurk fan my mar wolle wol graach op de hichte bliuwe fan wat ik meitsje.”

Yn 2016 sil der fan 2 july ôf in grutte fototentoanstelling te sjen wêze yn trije sealen fan it Fries Museum. “It tema is fan grut nei lyts, fan Oerknal nei no. Ik kaam in jier lyn yn Ingelân in soad yn in hûs wêr’t de Ingelske lânskips- en seeskilder William Turner (1775-1851) ek kaam. Dêr hingje tolve ‘Turners’ sûnder glês en dat is unyk. Dêr ha’k foto’s ticht op de ferve fan makke. Eddy Marsman sil de teksten skriuwe.”

Ek de Fryske seeskilder Wigerus Vitringa (1657-1725) krijt in plak mei in eigen skilderij op dy tentoanstelling. “Vitringa hat de see sa ticht skildere, dy stuit hast werom fan it doek. Ik ha foto’s fan details fan dat skilderij makke, ast dy foto’s sjochst liket it as wiene it bylden fan ûnderwetter.”

De sângrûn en de beamwâlen fan Lieveren komme tichte by it lânskip fan de Trynwâlden. Fryslân ticht om hûs hinne, nuver genôch hat Hooghiemstra noch nea in tentoanstelling makke mei Fryslân as tema. “Ik tocht ik ha noch nea wat mei Fryslân dien.” Dat sil dus oars, yn it ramt fan KH 2018 sil der in tentoanstelling yn Museum Belvédère komme mei de Fryske Wâlden as tema. “Mei foto’s, bylden en skilderijen wêrby’t de Fryske Wâlden sintraal stean. Dêrnei giet de tentoanstelling nei Keulen, Tokio en Belfast.” Dus úteinlik yn tinzen dochs efkes werom op it Flokhernepaad yn Mûnein mei in tentoanstelling dy’t toant hoe grut de wrâld ûnderwilens wurden is foar Hooghiemstra.

Het bericht Tjibbe Hooghiemstra rjochtet him no foaral op fotografy verscheen eerst op de Moanne.


Skuldich en ûnskuldich lânskip

$
0
0

MARRE SLOOTS – 

Filmkolleksje Brouwer jout dûbel byld fan Dokkum yn de lêste oarlochswinter
Seis wike lyn kaam Ewoud Brouwer út Leiden nei it Fries Fersetsmuseum. Mei in tas fol âlde 8 mm films. En in ferhaal.


Fusillearing
Ewoud Brouwer is de soan fan Oeds Andries Brouwer (1909-1977), fersetsman en de makker fan ien fan de meast bysûndere stikjes oarlochsfilm yn Nederlân: de bekisting fan de slachtoffers fan de fusillearing oan de Wâldwei yn Dokkum, op 22 jannewaris 1945. In fragmint dat lang taskreaun waard oan de bekinde fersetsman Piet Oberman. De ferklearring fan soan Ewoud dat it dus syn heit wie dy’t dat filmpke makke hat, wie genôch om de nijsgjirrichheid te wekken fan de saakkundigen by it Fries Filmarchief en it Fersetsmuseum. Ek de skinker sels hie it materiaal sûnt syn jeugd net wer sjoen.


Fette kij
De nij opdûkte films jouwe in byld fan in bysûnder rêstich Dokkum yn oarlochstiid. We sjogge fette kij, gnizende bern en winterwille. In man riidt op in foar syn postuer fierst te lyts fytske op rubberen bannen, bern ite in gebakje, heit Brouwer dielt sigaretten út. Opfallend, fynt Hans Groeneweg fan it Fersetsmuseum. ‘Als je dit vergelijkt met beelden uit deze periode in Amsterdam, lijkt het schokkend welvarend.’ De bylden foarmje in skril kontrast mei it bekistingsfilmpke, dat miskyn mar in pear dagen earder of letter makke is op sawat itselde plak. ‘It makket ús byld fan de oarloch yn Dokkum kompleet’, seit Syds Wiersma, koördinator by it Fries Filmarchief. ‘Brouwer hat it ‘skuldige en ûnskuldige lânskip’ foar ús fêstlein.’


Mear as allinnich oarloch
Mar de filmkolleksje is breder as allinnich de oarlochsperioade. Der binne ek ôfreizgjende Ynjegongers te sjen en famylje-‘uitjes’ fan de Brouwers. Om it ferhaal kompleet te meitsjen is no ek de dochter fan Brouwer nei it Fries Filmarchief ta stapt mei nóch in doaze fol films fan har heit, dy’t ek wer in skat oan materiaal befetsje. Der binne bylden by fan de finish fan de Alvestêdetocht fan 1947, de TT yn Assen yn de jierren ’50 en ’60 en materiaal út de mobilisaasjeperioade. Sa blykt in man fan wa’t wy earst amper wat wisten yn ien kear ferantwurdlik te wezen foar ien fan de grutste filmkolleksjes oer Fryslân yn de jierren ’40, ’50 en ’60.


Tsjûgen socht
No sneon wurde de films de hiele dei fertoand yn de Bibleteek yn Dokkum. Om’t der ek in soad Dokkumers te sjen binne op de films, hopet it Fries Filmarchief op in soad belangstelling fan minsken dy’t miskyn mear ynformaasje ha oer de bylden. Ek wurde de films folslein digitalisearre en sille se meikoarten te sjen wêze op de webside fan it Fries Filmarchief.

Het bericht Skuldich en ûnskuldich lânskip verscheen eerst op de Moanne.

Jiergong 2015

$
0
0

Jiergong 2015 is ôfsluten op papier, mar op ynternet gean wy sels gewoan troch. En de tariedingen foar it earste nûmer fan 2016 binne yn folle gong. Dat nûmer sil begjin takom jier alwer by de abonnees troch de brievebus falle. Ek in abonnemint? In abonnemint kado jaan in proefabonnemint nimme? Sjoch hjir foar de mooglikheden.

Ynhâld nûmer 1 – 2015
Ynhâld nûmer 2 – 2015
Ynhâld nûmer 3 – 2015
Ynhâld nûmer 4 – 2015, Dit is mijn plek
Ynhâld nûmer 5 – 2015
Ynhâld nûmer 6 – 2015, Winterjounenocht
Ynhâld nûmer 7 – 2015, It museum fan binnenút

de Moanne 1 2015 de Moanne 2 2015 de Moanne 3 2015 de Moanne 4 2015 de Moanne 5 2015 de Moanne 6 2015 de Moanne 7 2015

Het bericht Jiergong 2015 verscheen eerst op de Moanne.

De woede van Teresa – Alejandro Jodorowsky

$
0
0

JAN KLEEFSTRA –  

Zodra mensen weten dat je schrijft, kijken ze je meewarig en een beetje minachtend aan als je vertelt dat je ieder jaar met ongeveer dertig romans van de boekenmarkt in Deventer terugkeert. Alsof een schrijver, wil deze maar van enige betekenis zijn, op zijn minst ter onderscheiding van de gewone lezer onbekende boeken moet lezen. Maar ik schaar mij graag in het kielzog van Borges, die van zichzelf zegt dat hij enkel en alleen leest vanwege de esthetische emotie. Ik lees literaire romans enkel omdat ik op zoek ben naar mooie verhalen, wonderlijke verbeelding, prachtige zinnen. Meer heb ik voor het al lezende schrijven niet nodig om te overleven. De commentaren en kritieken laat ik evenals Borges voor wat ze zijn.

 

Het stimulerende middel van een onwaarschijnlijk verhaal dat met een hek in de rug en het zicht op de altijd wijkende einder even werkelijk wordt als de veldleeuwerik die stiekem een draadje om mijn nek heeft gegooid en nu probeert mij dichter naar de zon te dragen.

 

Een van de mooiste boeken die ik tot dusver heb gelezen en die aan voornoemde voorwaarden voldoet is De woede van Teresa van Alejandro Jodorowsky. Op iedere bladzijde van dit boek heeft de magie zich geworteld, staat een woord of zin die verwonderd, wordt de fantasie tot een aards uiterste geprikkeld. Als lezer wordt je meegezogen in de verbazingwekkende wereld van Chileense steden en dorpen en het eigenzinnige land waarin het verhaal van Teresa en haar familie zich afspeelt. Het boek leeft zolang Teresa leeft. En op iedere pagina sprankelt dat leven ook al is het van diepe ellende.

Het boek vertoont sterke gelijkenis met Honderd jaar eenzaamheid van Garcia Marquez. Als twee aanvoerders van een zeer omvangrijk peloton belangwekkende Zuid-Amerikaanse schrijvers hebben zij twee boeken geschreven die zich boven de werkelijkheid in een briljante verhalenwereld als in gierennesten hebben genesteld, op een rots uitziend over alles wat er is geweest en op alles wat er na hun komt. Nergens anders wordt je zo intens verbijsterd en verwonderd door de prachtige zang en magie veroorzaakt door het waanzinnige landschap en klimaat van dat continent en de hulpeloze maar telkenmale overlevende mens daarin. Ondanks alles zou je een Zuid-Amerikaans mens willen zijn, de onwaarschijnlijke intensiteit van dat leven willen leven.

En dat brengt het boek via mij naar Friesland. Ook daar nestelt het zich in het moeizaam in uitgewoonde landerijen gedraaide kuiltje van mijn schrijven. Met een strootje in de mond klapwiekt het een beetje, werpt een rag uit en tilt mij verwonderd boven mijn eigen kunnen uit om de langs mijn wegen spaarzaam bloeiende zwanenbloemen of de in troepen bijeen geschaarde kolganzen te verbazen. Dat is wat ik als schrijvende lezer zoek. Het stimulerende middel van een onwaarschijnlijk verhaal dat met een hek in de rug en het zicht op de altijd wijkende einder even werkelijk wordt als de veldleeuwerik die stiekem een draadje om mijn nek heeft gegooid en nu probeert mij dichter naar de zon te dragen.

 

Het bericht De woede van Teresa – Alejandro Jodorowsky verscheen eerst op de Moanne.

Kanteling van kijken

$
0
0

DIRK VAN GINKEL – 

Hij bouwt een groot tijdmechaniek in Dordrecht en werkt aan een reusachtige camera obscura voor het strand van Terschelling. Tijdens Oerol is deze installatie te beklimmen en te beleven. Kunstenaar Arjen Boerstra houdt van ontregelende projecten. Te midden van de metalen en houten schaalmodellen van huidige en toekomstige installaties vertelt hij over zijn werk: ‘Ik hou er enorm van om de dingen uit hun context te halen en ze vanuit een ander perspectief te tonen’.

Zelden kunst gezien die zo humoristisch is als die van Arjen Boerstra. Op de dvd die is bijgesloten bij zijn boek ‘Waarnemingen en gebeurtenissen’ staat het filmpje ‘Fietsen’. Uit de schaduwen die door de laagstaande zon gemaakt worden, kun je afleiden wat er gebeurt.

 

‘Door nadrukkelijk de werkelijkheid te betrekken in de dingen die ik maak, kunnen mensen mijn werk makkelijk beleven.’

 

Er is een fietser, Boerstra, die door een kaal winterlandschap fietst en een karretje voorttrekt. Op dat karretje staat een hoge paal waaraan een camera is bevestigd. De fietser en het landschap worden van bovenaf gefilmd. Omdat de camera een fisheye lens heeft, wordt het geheel sterk vertekend. Het landschap heeft de vorm gekregen van een globe waarin de fietser in verhouding enorm groot aanwezig is. Hij fietst niet door het landschap, hij fietst over de wereldbol, waarbij de wereld samenvalt met de kale akkers links en rechts van de weg. Er wordt niets gezegd, er is geen muziekje, er is alleen het geluid van de wind en van de fietsbanden op de weg. Twee minuten en veertig seconden duurt het. Het had net zo goed korter als langer kunnen duren. Het heeft geen begin of einde en er is geen aanleiding. Ook de titel helpt je niet het geheel te duiden. Het is wat het is en als kijker zoek je het maar uit. Heerlijk.

 

Oeroud maar actueel
Boerstra’s boek heet ‘Waarnemingen en gebeurtenissen’. Dat klinkt alsof het een verzameling registraties is van wat de kunstenaar om zich heen heeft zien plaatsvinden. Als was hij een buitenstaander. Maar zoals het filmpje ‘Fietsen’ al laat zien, creëert Boerstra de gebeurtenissen zelf. Hij ensceneert ook de waarneming. Tegelijkertijd is hij als maker een decorstuk in de gebeurtenis. En dan is er nog de vervorming van de wereld waarin de handeling zich afspeelt. Het is één groot spel met de verwachtingspatronen van de toeschouwer.

‘Ik hou er enorm van om de dingen uit hun context te halen en ze vanuit een ander perspectief te tonen’, zegt Boerstra. ‘Humor is daarbij een middel dat je kunt inschakelen om mensen te interesseren voor dat andere perspectief. Het maakt dat ze mogelijk bereid zijn iets verder te denken dat ze normaal gesproken zouden doen. In dit geval ga je misschien toch anders naar een landschap kijken, ervaar je de schoonheid ervan op een nieuwe manier. En dan is er natuurlijk ook het absurdisme dat zo’n filmpje kenmerkt. Dat zou je kunnen zien als een commentaar op al die dingen die we dag in dag uit zo gedachteloos doen.’

 

‘Ik heb geen boodschap en ik heb niet de illusie dat ik de wereld kan verbeteren. Ik wil alleen graag dat mensen zich af en toe eens verwonderen, zich even bewust zijn van de wereld om hen heen: hun omgeving, het landschap, de manier waarop ze in het leven staan.’

 

Nog zo’n voorbeeld van een spel met contexten. Arjen Boerstra rijdt sinds kort in een auto waarop hij een bordje heeft geplakt met de tekst ‘Boerstra Engineering’.

‘Al heel snel stond er een vertegenwoordiger op de stoep die mij allerhande technische materialen wilde verkopen. Toen we hier in het zonnetje wat aan het praten waren, zagen we steeds meer auto’s langsrijden met eenzelfde soort bordje erop. Ik zei nog: misschien zijn dat allemaal kunstenaars die net als ik “undercover” zijn gegaan. Misschien speelt iedereen wel net zo’n toneelstukje als ik. Ik vind dat een soort kanteling van kijken die best interessant is. Zijn de dingen wel wat ze lijken? Een oeroud, maar uiterst actueel thema.’

 

Menselijke maat
Zo vreemd is het trouwens niet dat Boerstra zichzelf aanduidt als engineer. In zijn studio, die vooral een werkplaats is, herinnert alles aan bouwen, aan techniek, aan hameren, zagen en schroeven. Hij heeft zojuist een enorme verzameling meccano gekocht, met duizenden boutjes en moertjes, hoekstukken, tandwieltjes… En hij heeft er ook al een stel werkende machines mee gemaakt, soms modellen voor later uit te voeren projecten. Zulke modellen zijn er ook van hout, zoals dat van de toren die hij later dit jaar voor Oerol zal maken.

‘Ik vind ambachtelijkheid heel belangrijk. Het heeft voor mij te maken met het verlangen naar een tijd waarin de wereld nog was ingericht naar de menselijke maat. Een wereld waarin mensen nog in staat waren met wat hout en doek en touw hun huizen en boten en vliegdingen te bouwen. De zestiende tot de negentiende eeuw, zo’n beetje.

‘Ik ben niet dol op het nu. Ik vind het vreselijk dat je niet eens meer zelf de accu van je mobiele telefoon kunt vervangen en dat je voor een nieuwe koplamp naar de garage moet. Ik becommentarieer de moderne tijd door te laten zien dat het ook heel anders kan. Niet door om me heen te schoppen, maar door dingen te bouwen die mensen het gevoel geven dat ze die zelf ook kunnen maken. Ik wil daar eigenlijk mee zeggen, dat het aan de mensen zelf is om te bepalen hoe afhankelijk ze zich maken van de systemen om hen heen en hoe zelfredzaam ze zijn.’

 

De troost van het kerstbaleffect
Boerstra heeft verschillende boten gebouwd van triplex, hij bedacht een capsule waarmee hij het water op en de lucht in kon, en hij maakte een mobiele patatbakkerskraam waarmee hij op Oerol op het strand stond.

Dat laatste leverde een prachtig filmpje op: een van god en iedereen verlaten strand met die eenzame patatkraam en niemand die kwam. ‘Heel absurdistisch was dat’, zegt Boerstra. ‘Sta je daar tijdens een drukbezocht festival de eenzame patabakker te wezen. Dat had ik zo niet gepland, maar voor het filmpje was het prachtig.’

 

‘Dat ik mezelf als het ware op een vondst trakteer, is voor mij een belangrijke functie van kunst. Maar als toeschouwer kun je er ook wat aan hebben.’

 

Nu bouwt Boerstra weer voor Oerol, het model staat op de werktafel. Het doet in zijn vorm sterk denken aan Panorama Mesdag. Maar het visuele effect is heel anders, vertelt hij.

‘Van mijn filmpje “Fietsen” had ik geleerd dat een fisheye lens geen optimaal resultaat gaf. Als klassiek opgeleid landschapsschilder vind ik dat een landschap voor een derde uit land moet bestaan en voor twee derde uit lucht. Dat was in “Fietsen” omgekeerd. Ik ben toen verder gaan zoeken en kwam uit bij de kerstbalprent van de kunstenaar Escher: die kerstbal weerspiegelt alles. Toen ik dus een kerstbal monteerde boven de camera kreeg ik die klassieke indeling weer. Dat effect gebruik ik ook op Oerol.’

Op het Seinpaalduin van Terschelling, het hoogste punt van het eiland, wil Boerstra ‘een groots moment’ creëren in de geschiedenis van de landschapsbeleving. Hij gaat er een toren bouwen – de Proeftoren Camera Batavia, een soort voorstudie voor de definitieve Camera Batavia, die een reusachtige camera obscura zal zijn – waarin mensen zichzelf en het omringende landschap op een heel andere manier terugzien dan ze gewend zijn, namelijk als een bol spiegelbeeld. Maar wel een allesomvattend beeld. ‘Dat is het, meer niet. Het is een nieuw soort werkelijkheid waarvan ik misschien wel hoop dat het de mensen een beetje troost biedt. Zoals je ook getroost kunt worden door de landschappen van de Haagse School. Maar daar hoef je als kijker geen moeite voor te doen, hiervoor wel een beetje.

‘Ik heb geen boodschap, ik heb niet de illusie dat ik de wereld kan verbeteren, ik wil alleen graag dat mensen zich af en toe eens verwonderen, zich even bewust zijn van de wereld om hen heen: hun omgeving, het landschap, de dingen die ze gebruiken en de manier waarop ze dat doen.’

 

Aanhaken en loslaten
Verwondering zal ook het gevoel zijn dat mensen ervaren bij zijn nieuwe installatie in Dordrecht. In een grote voormalige fabriekshal heeft Boerstra een tijdmechaniek gemaakt dat een ronde tafel in beweging brengt. Op die tafel liggen brokstukken van magneten en daarboven hangt een naald, zoals die vroeger wel gebruikt werd om sokken mee te stoppen. Die naald wordt in beweging gebracht door de met de tafel mee bewegende magneten: aantrekking en afstoting, in een eindeloze omloop. En tussen die momenten van aantrekking en afstoting zwabbert ie wat heen en weer, zoekende.

‘Ik was laatst in een bejaardentehuis en dat stond vol met enorme grote klokken. Dat vind ik zo raar. Arme mensen, dacht ik. Maar het bracht me op het idee iets met tijd te doen. Ik heb eerst een klokmechaniek gemaakt van meccano – oud speelgoed en een klok, dan heb je de tijd wel te pakken – en dat model vervolgens vertaald naar een enorm ding van hout, dat er een beetje Eise Eisinga-achtig uitziet. Dat beweegt, gelukkig tot irritatie van menig bezoeker, heel langzaam. En dan is er nog die naald die daar maar wat rondwiebelt.

Ik verraste mezelf enorm met het idee van deze installatie. Dat is voor mij een belangrijke functie van kunst trouwens, dat ik mezelf als het ware op een vondst trakteer. Maar als toeschouwer kun je er ook wat aan hebben. Je kunt er veel aspecten van het leven aan vastknopen als je wilt: mensen die op zoek zijn naar houvast, steeds de weg kwijtraken, twijfelen, steeds maar weer hopen of juist vrolijk van gebeurtenis naar gebeurtenis hoppen… Maar je mag van mij helemaal zelf weten wat je er in ziet.’

 

Non-elitair
De kunst van Arjen Boerstra mag misschien een tikje ontregelend overkomen, ze is allesbehalve ontoegankelijk. Dat is bewust gedaan.

‘Ik ben nagenoeg cultuurloos opgegroeid, niemand heeft mij in mijn jeugd geleerd hoe ik naar kunst zou kunnen kijken of wat ik er aan zou kunnen beleven. Het heeft me aardig wat tijd en moeite gekost om dat te repareren. Daarom vind ik het belangrijk dat mijn werk toegankelijk is. Door nadrukkelijk de werkelijkheid te betrekken in de dingen die ik maak, kunnen mensen eenvoudig een brug slaan naar mijn kunst. Mijn werk is makkelijk te beleven, ook door mijzelf.’

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 3 (maaie), s. 6-11.

Het bericht Kanteling van kijken verscheen eerst op de Moanne.

Dichter Jelle de Jong (1933-2015)

$
0
0

EELTSJE HETTINGA-

De heit allinne, mei in soan ferlern en in begearen ûneinich.

Yn neifolging fan Lucebert, ‘de keizer der Vijftigers’, waard er yn literêre rûnten yn Fryslân ‘graaf’ of ‘greve’ Jelle de Jong neamd. As dichter makke De Jong syn debút mei de bondel Ut ’e pas, de earste as eksperiminteel beskôge bondeling poëzy yn Fryslân dy’t by syn ferskinen yn 1958 foar in protte ophef en in soad debat soarge. Fan de minor poet Jelle de Jong, dy’t as dominy ûnder oaren predikant wie yn Flaanderen, soenen mei in tuskenskoft fan respektivelik fjirtich en tolve jier noch twa bondels ferskine. Ferline wike, op 14 desimber, ferstoar ‘de graaf’ yn Zeist.

Jelle de Jong debutearre yn 1957 mei Ien doar wie iepen, in toanielstik wêryn’t de personaazjes allegeduerigen lâns inoar hinne prate en dat yn it spoar fan it absurdisme fan Camus útdrukking jaan woe oan de ferfrjemding fan wat ‘de iensume, moderne mins’ neamd waard. Tegearre mei de dichter en keunsthistoarikus Hessel Miedema, dy’t fan 1957 oant 1963 direkteur wie fan it museum Het Princessehof yn Ljouwert, wie De Jong ien fan ‘beeldbepalende redacteuren’ fan quatrebras, sa’t Inge Heslinga harren omskreau yn Leave abonnee, in noch altiten treflike skripsje oer it tydskrift quatrebras.

Healwei de jierren fyftich sette de yn Harich berne dichter nei Utrecht, dêr’t er oan in stúdzje teology begûn. It wie de tiid dat yn Paris, Amsterdam en oare Europeeske stêden it keunstnersdebat behearske waard troch it wurk fan Nietzsche, Sartre en Camus. God wie dea, it bestean leech, sinleas en absurd. De earste televyzjes makken opgong, de wrâld waard in iepen finster, yn de bioskopen gongen de films fan Antonioni, Fellini en Bergman om, wylst op ’e achtergrûn in begjin fan de Kâlde Oarloch klonk.

Yn Dútslân hie Theodor Adorno syn ferneamde sizzen ‘Nach Auschwitz ein gedicht zu schreiben, ist barbarisch’ dien. Fansels waard der troch skreaun en dichte, mar wol yn it besef dat ‘schoonheid haar gezicht heeft verbrand.’ Alde foarmen gongen oerboard. Dichters as Lucebert, Ingeborg Bachmann of Paul Célan wienen har der as gjin oar fan bewust dat poëzy net ien of oar ûnskuldich spultsje wie. Trochgean op it foaroarlochse paad soe in befêstiging wêze fan in fallite kultuer.

 

‘ôfwaaid praet’
Yn it literêre fermidden yn Fryslân makken Anne Wadman en de dichters fan quatrebras (1953-1964) koarte metten mei de Frysk kristlike ridders fan it god, folk en faderlân-tinken. Mei de poëzy fan de Vijftigers en it eksperimintele wurk fan Jan Walravens, Hugo Claus en Louis Paul Boon as foarbyld ‘songen’ ek de jonges fan quatrebras in modern atonaal liet. Jelle de Jong kaam mei in poëzy nei foaren dy’t foar Fryske begripen oars en nij wie, ierdsk, konkreet, lichaamlik, persoanlik en yn toan de opstannige kant neist. Syn debút Ut ’e pas (1958) hold ûnder mear dizze programmatyske rigels:

myn fersen binne smelle fiskersboaten fan rebelske geast
har mêsten lizze ûnder de kanonnen fan publike mienings
hja falle oan op skippen fan tradysjes

Gjinien dy’t hjoed-de-dei noch oer datsoarte rigels falt, rigels dy’t goed besjoen net mear binne as in wetterige fariant op Lucebert syn fers ‘ik draai een kleine revolutie af’. Dat lei oars by it ferskinen fan de bondel, want De Jong syn debút die in soad stof opwaaien. Hold Anne Wadman yn syn besprek foar de RONO (febrewaris, 1959) in entûsjast pleit foar De Jong syn eksperimintele poëzy, in moanne letter makke Lolle Nauta yn De Tsjerne it wurk mei de grûn gelyk. Hy repte fan in ‘pseudo-poëtyske tizeboel’.

De titel fan Nauta syn besprek sei: ‘Nekrologysk dokumint’. Op karbidbuskrêft waard steld: ‘De eksperimintéle poëzij is arrivé.’ Boem! Op karbidbuskrêft waard steld: ‘De eksperimintéle poëzij is arrivé.’ Boem! Nauta, destiids studint filosofy – hy soe promovearje op in proefskrift oer Albert Camus – naam yn syn skôging of better sein, syn filippika twa partijen op it harspit. Oan ’e iene kant de groep dy’t neat hawwe moast fan it ‘ûnbegryplik gedoch’ dat eksperiminteel neamd waard – de kristen-kritikus Fedde Schurer naam in foarpost yn en neamde De Jong in ‘psychoanalityske dweil’ – oan ’e oare kant de eksperimintelen sels, yn dit gefal De Jong waans poëzy neffens Nauta de bline neifolging wie fan wat al hast in desennium yn Nederlân yn ’e moade wie.

Sa’t de eksperimintele dichters harren stokhynderkes – it konkrete, it lichaamlike, it ierdske en it protest – foarm joegen, dat koe Nauta net mear bekoare. It nije wie der neffens him ôf, slimmer: it eksperimint sels wie tradysje wurden. Jelle de Jong woe nij lykje, woe oars wêze, mar ferkocht neffens Nauta ‘ôfwaaid praet’. Neat yn it wurk dat ‘binnen it troch de eksperimintéle poëzy skepen klimaet’ al net dien wie. ‘Pseudo-poëzij’ wie it, ‘neatsizzend’. It hong fan ‘goede bedoelings’ oan inoar, mar, stelde Nauta, goede bedoelings meitsje gjin poëzie!

FLEANE OP IERDE
wy geane fierder yn in spikerbroek
dat is the progressive form
hja kinn’ ús net keare
hja binne to swier
hja kinne net fleane
har wjokken lizze yn ’e himel
of by de uno
koartwjokke strûzen binne hja
hja hawwe de kop op yn ’e groun
hja knipe de eagen ticht
wy binn’ it publyk en wy laitsje
wy fiere krystfeest yn in spikerbroek

Hoe is it mooglik dat sok spul útjûn wurdt, frege Nauta him ôf, en yn ien sucht dêr efteroan: Hoe kin it dat quatrebras-redakteur Marten Brouwer syn kollega-dichter Jelle de Jong ‘de greatste dichter fan nei ’45’ neamd? As dat sa is, dan kin dat inkeld mar it gefolch wêze fan ‘litteraire earmoed en poëtysk analfabetisme.’ Brouwer waard it leksum lêzen mei it sizzen dat de man ‘de greatste litteraire nul fan nei ‘45’ wie.
In mear algemiene ferklearring foar de heechstekkerij socht Lolle Nauta by it feit dat yn in literatuer, dy’t minder iepen stiet foar it nije en it oare ‘elke suggestje fan eksperimint al field wurdt as posityf’. Troch in surplus oan selsfoldienens, in tekoart oan selskrityk, mei dêrnjonken in te min oan kreativiteit wie it neffens him in kwestje fan tiid en skriuw in nekrology fan de Fryske literatuer.

anty-hiërargysk
Anne Wadman wie yn syn RONO-besprek gâns positiver. Hy neamde de bondel Ut ’e pas ‘ruw, stekelig, weerbarstig, tegendraads, zonder duidelijk verband, daarbij van een barbaarse primitieve inslag.’ Wadman wie sels sa optein oer it unike fan dizze poëzy dat er hawwe woe dat De Jong gjin foargongers of foarbylden hân hie, sels net by de Nederlânske eksperimentelen. ‘Hij begint in het niets, in de absolute leegte, die meteen de meest verstikkende en afschuwelijke chaos is.’

Bestand 21-12-15 10 25 28
Lit Wadman syn idee dat in dichter samar út it neat wei – tabula rasa – út de loft ploffen komt, de nayf-romantyske kant it neist wêze, hy makke de harker wol dúdlik wêr oft eksperimintele poëzy op delkaam. Wadman karakterisearre dy as anty-hiërargysk, anty-muzikaal, anty-idyllysk, mei fierders in griemmank fan magy en primitiviteit. De Jong waard priizge om syn eigen toan en syn folslein eigen wrâld: ‘metafysisch, neigende naar het buitentijdelijke, naar het bovennatuurlijke, maar op een in het oog van gerenommeerde volwassenen vaak kinderlijke en misschien zelfs kinderachtige wijze.’

Ut ’e pas revisited
Hoe lêst Ut ’e pas fyftich jier nei dato? Wat dan opfalt, is dat men jin amper yntinke kin dat guon har sa drok makken om dit wurk. De Jong syn poëzy is neffens it eksperimintele boekje, sis mar, moai yn ’e pas. Ferhevene taal komt men net tsjin. Ynterpunksje en haadletters binne der eins net. Konkrete byldspraak en deistige omgongstaal soargje foar in poëzy dy’t earder keal as barok is, earder bespegeljend as muzikaal.
Op falt ek it eksistinsjalistyske gehalte fan it wurk. Der is de (besteans)-eangst en twivel. De dichter leveret syn gefjocht mei god en goaden, mei de heit dus. Der bestiet allegeduerigen spanning tusken it himelske en it ierdske, it hegere en it legere, bygelyks yn it gedicht mei de wat mistribele titel ‘Twifelbeam’. (‘ik blaes in solo yn eangst en twifel // de twifelbeam sil waechse / en syn tûken yn ’e himel stekke //)

Mar wat makket út ‘e pas sa goed of sa bysûnder, sa’t ûnder oaren Anne Wadman hawwe woe? Dat sil foar in part te krijen hawwe mei de yntinsje, konkreet: it anty-karakter fan dizze poëzy. By it rychje fan de hjirboppe neamde anty’s hearre ek it anty-boargerlike en it anty-kalvinistyske. Fierders wie it De Jong dy’t lykas Hessel Miedema de bile oan de woartels fan de Fryske mite sette. Hy hie neat mei ‘het beeld van Friesland als een soort zuivere, reine, eenvoudige moeder’, sa’t er dat, letteroan, yn syn lêzing Schrijven buiten Friesland (1965) foar de RONO ferdútste. It gyng him derom dat ‘een schrijver zich de motieven waaruit hij schrijft, voor zo ver het hem mogelijk is, bewust moet maken.’

Fryslân
it is kâld op ’e dyk
dêr waeit it altiten
fan autooos en trekkers en fytsen
de dominy rydt yn in auto
de boer op ‘e trekker
de fékeapman fytst
de âlde beammen om ’e tsjerke
binne wei en jonge wurde plante
it is kâld op ’e dyk

Behalven gedichten as ‘in ferskining fan heit’, dêr’t Jelle de Jong ek mei antisipearre op Fryslân ‘als het land van de enigszins tirannike vader’, sa’t er dat sels sei, hat de rest fan de poëzy yn Ut ’e pas foar my lang net de macht, magy en betsjoening fan wat de hichtepunten fan de moderne, nei-oarlochske literatuer yn Fryslân (wurden) binne, te witten: de greate wrakseling en stadich brekke de foarmen út ’e skyl fan en Fan oer see en fierder fan Tsjêbbe Hettinga, poëzy dy’t én universeel én tiidleas is.

Dat lêste kin net daliks sein fan Ut ’e pas. In fers as it hjirboppe oanhelle ‘Fryslân’, dêr wurdt men hyt noch kâld fan. Ferset tsjin de ‘âlde’, lês: tradisjonele poëzy, sa’t dat ien fan de yntinsjes wie yn De Jong syn poëtika, kin in te loovjen stribjen wêze, mar dat wol noch net sizze dat de ‘nije’ poëzy ek by definysje goede poëzy jout. Of sa’t Lolle Nauta it sei: Goede bedoelings meitsje gjin goede poëzy! Dat blykt foar in part ek it euvel fan Jelle de Jong syn earste bondel. Syn realistysk-anekdoatyske poëzy dy’t destiids ûndergien waard as nij is troch de tiid ynhelle en achterhelle.

 

it tekoart
Yn 1996, fjirtich jier nei syn debút, kaam Jelle de Jong mei syn twadde bondel op ’e lappen: yn ’e spegel. De poëzy is mylder wurden, bespegeljender, minder iroanysk ek as yn Ut ’e pas. Yn it titelgedicht ‘yn ’e spegel’ docht it lyrysk subjekt alle war en spegelje himsels út ferskillende hoeken en stânpunten wei oan himsels, mar allegeduerigen fernimt er dêrby in tekoart oan each of in te min oan spegel. Misbegryp, iensumen en misferstean beskiede it minsklik tekoart. De Jong siket yn tal fan fersen syn honk en hâld by dichters en skilders lykas Manet en Picasso en Shelley en Baudelaire. Fierders wurdt yn hurde, bepaald net sentimintele taal de dea op it aljemint brocht, ûnder mear yn gedichten as ‘stjerrende frou’.

Yn ‘graaf Jelle’ syn tredde en lêste bondel ik ha fochten mei myn soan (2008) binne de foarm- en stylprosedees net folle oars as yn it eardere wurk. Ynterpunksje is sa goed as ôfwêzich. Haadletters komme net foar. It fersewurk sels is, nettsjinsteande de dichter syn iroanyske distânsje, wranger. De ynhâld fan de bondel lit him beflappe ûnder it sizzen: – De wrâld in treurspul, of in fergeze reis om ienheid en oarsprong.
Yn it spoar fan de âlde ‘pilgrimfathers’ set de heit – de dichter neamt himsels ‘in lette pylgerheit’ – nei Amearika (New England) om dêr syn soan op te sykjen, dy’t wilens ek heit is. Hy hat ferwachtings oer har wersjen, oer wat him fernijd en iepenbiere wurde sil. Dat beteart oars. De moeting krijt geandewei de bondel it karakter fan in konfrontaasje. Desepsje en ûnthilliging slagge foar master op.

Bestand 21-12-15 10 20 22

Fuortdaalks yn it iepeningsgedicht ‘Amearika’ is it al raak, as de pakesizzer de hiele   nacht lang te blêren leit, as woe de dichter sizze: de ferhâlding tusken in heit en in soan is fan it begjin ôf oan in spul fan razen en moardzjen. Yn ‘sneontejûn yn amearika’ krijt de heit in religieuze karakter tametten, as de famylje ‘de hillige kommuny fan de behâlden druven’ fiert. It trijelûk einiget mei ‘snein yn amearika’, in fers dêr’t de heit yn ferbân brocht wurdt mei it heitelân, soks nei oanlieding fan de Amearikaanske flagge en 9/11-oanslaggen, de alfde septimber 2001.

‘ferdjipje jim yn de islam’

Is it trochstrings de soan dy’t tsjin de heit rebelleart, yn dizze bondel is it omkearde it gefal. De heit fjochtet mei de soan. Hy sjocht syn wrâld, syn bestean en syn Amearikaanske kultuer, mar kin dy, útsein de natuer, it lânskip en alle fammen en froulju, wol dea sjen. It is syn kultuer net, ûntdekt er, sa’t er stadichwei ek gewaar wurdt dat syn soan syn soan net mear is. De wrâld hat him oan syn eigen oarsprong ûntlutsen. De heit wit him oan ’e ein fan syn pylgerreis ferslein en fernedere.

de lêste dei dat wy yn de nije wrâld wienen
hawwe wy wraak nommen
wy hawwe ús net langer yn de hoeke driuwe litten
wy binne assertyf oan de kokenstafel sitten gien
(…)
se seagen der raar fan op
dat wy sa bretaal wêze koenen sa mei iten
oan ‘e gong sa fretterich
mar doe’t wy op it fleanfjild kamen
wienen wy in dei te gau en moasten wy werom
en stienen efkes letter as bidlers by de foardoar
en gienen wy fernedere de lêste nacht yn

Jelle de Jong makket yn ik ha fochten mei myn soan in salút oan de Amearikaanske dichters Allen Ginsberg en William Carlos Williams. Mei Ginsberg dielt De Jong de maatskiplike belutsenens en it tinken oer ‘frede en geweldleas ferset’, tema’s sa’t dy bygelyks nei foaren komme yn ‘Fleanmasine’ (‘gjin oarloch mei saddam hoessein / ferdjipje jim yn de islam’). Al is in oprop as ‘ferdjipje jim yn de islam’ sympatyk, sterke poëzy smite dat soarte statemints net op.
‘Utsjoch op ‘e stêd’ (s.14), skreaun nei in fers fan Williams, kipet der yn dizze bondel oer alle boegen út. It gedicht, yn syn soarte lyrysk en evokatyf, set útein mei in klassyk âlderwetske ynverzje yn de earste, hast danteske rigel:

doe’t ik line tsjin in beam yn it wâld
bekommende fan myn troch mysels oproppen leafde
seach ik ôfwêzich nei de stjerren
krekt as socht ik troch de tûken wat oars yn de blauwe nacht
en in momint seach ik mysels lynjend tsjin in beam
(…)

Komt yn ik ha fochten mei myn soan de de leafde op ‘t aljemint, dan is dat gauris ferskuorrende yn de sin fan it wurd. Begearte en erotyk binne yn De Jong syn poëzy oan wierheid keppele. Yn ‘fryslân en amearika’ wurdt yn de foarm fan in brief ferslach dien fan in besite oan Harvard. De dichter is der foar ûndersyk nei de Frentsjerter teolooch Amesius en de yn Harich berne wiskundige Aenee dy’t beide oait ferbûn wiene oan Harvard University.
It wiene minsken, seit de dichter dy’t ‘de “wierheid” sochten yn de trije boeken fan / it âlde en nije ferbûn en it boek fan de skepping.’ Dêrnei springt de tiid nei it no, mei in strofe oer studintes yn de bieb fan Harvard dy’t, sa wurdt suggerearre, mear wierheid ynhawwe as alle boeken by inoar:

ik sit hjir midden tusken de studintes
se hawwe de bloeskes iepen fan boppen
fanwege de benaudens
ik sjoch har spierwite boarsten út ’e bústehâlders springen

Mei de wekker roppene begearte, neamd ‘de geast fan amearika’, hopet de dichter syn leafste yn Europa nochris ‘te bestoken’. Mar de geast fan it ferlangen blykt wat oars as de lang om let altyd lege werklikheid. Sa stiet ik ha fochten mei myn soan stiif fan de twadielings. Navenant binne de gefoelens fan spjalt. Allegeduerigen is der de spanning bringende kleau tusken de heit en soan, de man en de frou, it ferline en it hjoed, Amearika en Europa.

kleau
de kleau dêr’t ik nei safolle jierren troch spjalten bin
krij ik net mear ticht
ik bin ferfrjemde fan mysels, myn siele, myn eale ik,
myn ryk ferline en myn hielens
it is te let – de lêste kânsen haw ik mist
ik rik wanhopich nei in flechtsjend perspektyf
en bid en bid ek net
om ‘t ik my net bekeare wol en kin

By De Jong is de minske fan de minske ferfrjemde. Der is it bewitten fan de ûnmooglikheid om de Oare te berikken. It hat de dichter ta ‘in bûtensteander’ makke, in frjemdling, wêr oft er ek komt, oft it no Brugge, Ljouwert of eigen (sloopte) bertehûs is. Hy is de heit allinne, mei in soan ferlern en in begearen ûneinich. Wat oarsprong wie, hat syn sintrum en kearn ferlern. De tebrutsen ienheid. Goddeleas.

Wat de dichter (oer)bliuwt, is de natuer, mar sels dy is him frjemd. Yn ‘floara en fauna’ (s. 41), it lêste fers yn ik haw fochten mei myn soan, sit de ik-figuer ‘op ôfstân en wat skou’ mei de iikhoarntsjes te praten, dierkes dy’t earder (s. 24) opfierd waarden as metafoaren fan frijheid en ûnskuld.

(…)
ik skamje my sa – sis ik –
dat jimme noch mar mei in pear binne
en dat ik jimme soartgenoaten hieltiten
yn it floara en faunaboek opsykje moat

De skynber ienfâldige, mar feitliken djip skôgjende en yn wêzen tragyske poëzy, sa’t dy nei foaren komt yn ik ha fochten mei myn soan soe wolris mear kâns fan oerlibjen hawwe kinne as de oait as eksperiminteel bestimpele poëzy yn Ut ’e pas. Ek al is de ynhâld fan dy bondel bepaald net mear skokkend of nij, it feit dat it yn de jierren fyftich ien fan de wurken west hat dy’t foar in breuk mei it ferline soarge, rjochtfeardiget de dichter Jong syn adellike status as ‘graaf’ Jelle de Jong.

Ljouwert, 20 desimber

Het bericht Dichter Jelle de Jong (1933-2015) verscheen eerst op de Moanne.

Viewing all 1690 articles
Browse latest View live